Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 183] [p. 183] geart van der meer lang ljocht 't is waarm. gerdinen weevje hinne en wer yn 't lije wyntsje. lang ljocht gliidt hoeden de muorre op, fan 'e flier. fier, al fierder klapwjokket in flecht dowen, 't fjild oer, en in houdo rûkûkoeket monotoan. twa fytsers op fjurren speaken stjoere noch lange takomst yn. de doar is oan - en kraandrip knipt fan 't lêste triedsje tiid de lêste raffels ôf. hjoed sil 'k stjerre, of moarn. wat stjert mij oan? wat stjert mij ôf? 'k wit de jierren noch datsto der wiest, en ik licht foarútsjen woe, nei blauwe dagen, wite nachten, ferkuoljende moarnen. lykwicht. mar alles moat slite. lang skiede fjoer en wyn mij fan dij. myn lea bin swier. ticht, [pagina 184] [p. 184] o, tichtbij is de ein. aanst is alles oer fan wat earst hoopfol komme moast, en kaam, en kommen wie, en net mear is. en foar mij leit neat mear, en - amper noch in skaad - leit achter mij 't ferline, in plankje mei wat snústrige souvenirs, in laad mei wat knûklige fotoos. gjin sprankje fiel ik mear fan wat doe yn mij brânde, en faak waarme, en ek skroeide. harkje kin ik nei myn ûnthâld, mar fersâne is de reade bloedstream. blau tekenje ieren op myn hân, dy't oan dyn râne, dyn oerflak, socht hat de kearn. 'k wegere (te faak of: meast?) yn dyn djipten dij te sykjen. djipseedûker yn legere [pagina 185] [p. 185] ûndersee hie 'k wêze kind, om mij te widzjen op dyn draachstream, te ferwûnjen mei hieljend bloed oan dyn koaraal, dij te leavjen as it ljeppend ljocht yn wûndre kristallen. mar, l^andier, oerflakswimmer, gjin aan hie 'k fan it streamen dêr ûnder. ik socht, en fûn, mijsels, in ferliezer - dochs wit ik noch: doe - lang ljocht glied hoeden de muorre op, fan 'e flier. fier, al fierder klapwjokke in flecht dowen 't fjild oer en in houdo rûkûkoeke monotoan twa fytsers op fjurren speaken stjoerden in lange takomst yn ik wie it sân dat waait sa't de wyn it waait do it sân dat waait sa't de wyn it waait wij it sân Vorige Volgende