| |
| |
| |
Broer van der Hoek
De gaos oan 't keatling
Yn dit stik wol ik it hawwe oer de roman ‘Myksomatoze’ fan Tr. Riemersma. Ik wol besykje de roman yn in ramt te pleatsen, in ramt dat B.F. van Vlierden opset hat foar de Flaamske roman. Foar it earste boek ha ik de útjefte fan 1975 brûkt en ik sil de siden oanjaan mei R.nr. Foar it boek fan Van Vlierden Van ‘In't Wonderjaar’ tot ‘De Verwondering’, Een poëtica van de vlaamse roman, ha ik de twadde printinge fan 1974 brûkt, en dêrfan sil ik de siden oanjaan mei V.nr.
Dit stik is yn trijen ferdield. Earst jou ik yn it koart de ûntjouwing fan de roman wer sa as Van Vlierden dy sjocht. Dêrnei jou ik in yndruk fan it boek fan Riemersma oan de hân fan sitaten. Ta beslút jou ik in diel fan it ramt wer dat Van Vlierden opset hat foar de Flaamske roman en sil ik besykje oerienkomsten mei Riemersma oan te jaan en it eigene fan Riemersma syn boek oan te wizen.
| |
| |
| |
1. Untjouwing fan de Flaamske roman.
Van Vlierden beskriuwt dy ûntjouwing oan de hân fan de begripen wurklikheid-ferbylding. De roman set út ein yn it réalistyske tiidrek. De roman hoegde doe net foarmjaand te wêzen, se hoegde allinne mar in spegel fan de wurklikheid te wêzen. De foarmjouwing wie net problematysk want it moast de foarm fan de wurklikheid wjerspegelje. Dit alles wie in réaksje op de epyk wêryn't it om it wûnder gyng. Mei de roman wol men no werom nei de sinfolle wurklikheid.
Earst as der twivel komt oan dat réalisme wol men besykje sels sin te jaan oan de wurklikheid en der sels foarm oan te jaan. Dizze ûntjouwing soe ik sa yn in skema oanjaan kinne:
réalisme (ynhâld wichtich) → oanfretten troch ferfrjemding → sels as foarmjaande ynstânsje optrede (foarm wichtich)
‘In zijn geheel gezien is de nadrukkelijke en expliciete vormgeving waarop de moderne roman is uitgelopen, het antwoord op en de compensatie van het geleidelijke vormverlies van een steeds minder vanzelfsprekende realiteit’ (V 14).
De skriuwer kin net mear allinne de wurklikheid werjaan: dy is net mear mienskiplik en fanselssprekkend. De skriuwer leaut sels ek net mear yn dy wurklikheid. Hy moat foarmjaand yngripe. Der is dus in ûntjouwing fan krityk op de epyk (op it wûnder) nei krityk op réalisme (op de wurklikheid). Fan anti-epos nei anti-roman.
De skriuwer siket om in antwurd te jaan op de krisis fan de wurklikheidswearde. It antwurd mient er te finen yn it mear omtinken jaan oan de foarm.
Yn it begjin fan de roman wie it: ynhâld = foarm, de skriuwer hoegde net om in foarm te sykjen, de foarm lei al yn de wurklikheid, de ynhâld hie al foarm.
Dat wurdt no: foarm = ynhâld. It giet no om it foarm jaan. De gaos moat oardere wurde, moat in foarm krije en sa wurdt dat foarm jaan ta ynhâld fan it boek.
Neffens Van Vlierden begjint de ûntjouwing fan de roman by de wurklikheid as wûnderlik barren. Dêrnei ûntjout de wurklikheid him ta a) foarwerp b) objekt fan it subjekt c) probleem d) gaos.
Mei dizze ûntjouwing hinget gear in ûntjouwing yn it bewust wurden fan it eigene fan dy wurklikheid: ') as ûntwerp fan it ik b) as geastlike oefening c) as therapeutyske methoade d) as skeppende foarm.
Hoe mear de wurklikheid ta gaos wurdt hoe mear de selsstannichheid fan it romanskriuwen tanimt. It ein fan dizze ûntjouwing is dan ek: it erkennen fan it mystearje yn it skeppend skriuwen Troch it skriuwen
| |
| |
wurdt it bestean wer sinfol.
Sa is der dus in ûntjouwing fan ekstreem réalisme (ynhâld = foarm) nei ekstreme kréativiteit (foarm = ynhâld). En sa bleau neffens Van Vlierden yn de ûntjouwing foarm + ynhâld altyd 1.
Gearfetsjend: de dévaluaasje fan de wurklikheid hat ta gefolch dat de skriuwer sels skeppend dwoande wêze moat. Sadat de skriuwer in sin en foarm skept dy't er yn de wurklikheid net mear ûntdekke kin.
| |
2. Myksomatoze.
Yn 2.1. wol ik sitaten jaan dy't te krijen hawwe mei de wurklikheid-roman problematyk. Yn 2.2. sitaten oer de wrâldskôging dy't út it boek fan Riemersma nei foaren komt.
| |
2.1.
It boek Myksomatoze is it boek oer de absurde wurklikheid. De wurklikheid is in gaos en dêrom ûnmooglik om wer te jaan.
‘Literatuer is gjin kopy fon 'e réalytijt, do matst ûntychlek ferienfôdegje en de dingen ópfervje en do matst dur vólrus vot bijhelje’ (R 23)
It is de taak fan de skriuwer om dy gaos te betwingen:
‘Do matst de gaos net reprodúsjerje - steld dotst ut koeste vont dêr hat gjin meens vot oan, do matst de gaos oervinne mai dyn vudden.’ (R 12)
Dat wol net sizze in wrâld skeppe dêr't de gaos gjin plak yn hat. It giet de skriuwer wol om dy gaos: hy wol net in gewoane roman
‘skwórt de gaos net mear oan syn kjetling, de gaos is deamakke en ynblikt’ (R 21)
Fan de réalistyske roman moat de skriuwer dan ek neat ha. Op side 34-43 lit de skriuwer dat sjen en op side 91 fersuchtet er: ‘nei de hel mai de réalistyske romon’.
Dochs moat de roman de hiele wurklikheid wjerspegelje (R 13). Hy sjocht dan ek sels dúdlik de twa utersten: de réaliteit werjaan (dat kin net) of opgean yn in dream (dat wol er net want dat is bedroch):
‘Ik mat eane tusken dusse twa klippen tróchsyle, ut kopyerjen fen 'e réalytijt en út fertellen fon un mearke’ (R 32)
De oplossing liket dan: skriuwe oer dy gaos fanút dy gaos:
‘ut sil en mat yn dit bûk lykegoed oer dy rotsooi gean en fon dy gemoedsstimming út vai skreon vudde’ (R 46)
De skriuwer fertelt dat er dwaande west hat mei in boek. Yn dat boek soe in haadpersoan de drager wurde fan syn ideeën en problemen. En dat is no krekt wat de skriuwer no net mear wol (R 25). Hy fertelt wat er tinkt leaver rjochtút en fielt him net mear ferantwurdlik foar de tinzen fan syn haadpersoanen (R 50). Hy fertelt noch wol in ferhaal oer mins- | |
| |
ken mar dêrtroch hinne is hieltyd de skriuwer oan it wurd (neffens my wurde de persoanen wol, lykas by LP. Boon, dragers fan syn ideeën). Syn kommintaar op it barren is wichtiger as it barren sels. Syn kommintaar giet faak oer it skriuwen sels. Oer de west-europeeske minske skriuwe wol en kin er net, en dêrom mar oer minsken om him hinne. Mar eigenlik skriuwt er allinne mar oer himsels. Op it ein fan it boek skriuwt er dan ek it prachtige paradoksale:
‘Wy wurde neat wizer fan harren. Se binne lyk as ús, wy skriuwe gjin boek oer harren.’ (R 195-196)
En eins hoecht er de minske ek gjin spegel foar te hâlden:
‘vêrom sil ik jimme un spegel fwarhôde, ut is sa preteensjeus, ik kin jim óp un heegsten vitte litte: sjóg sa tink ik duroer...... en elk ut dochs vól vit ómt ut yn jimme eagen te lêzen stjit: vij vudde ollegjerre tróch deselde twivel oanfretten en útholle.’ (R 33)
De skriuwer wit allinne mar wat oer himsels, kin allinne fanút himsels prate en dat docht er dan ek. In eigen wrâld skeppe wol en kin er net:
‘mar ik haf totaal gjin skeppende fontasy’; hy moat it earne sjoen hawwe. (R 23)
Wat der oer bliuwt is prate oer him sels, hoe't hy syn réaliteit belibbet. En sa komme wy by
| |
2.2. Wrâldskôging
It libben falt ôf, it is net wat de minske der fan ferwachte. Der sit in leechte yn elk libben:
‘Do matst dur mai leare te libjen, en aksepteare dot dyn easte en lêste fraag nea beöndere vud, dot is vier, mar matst net beveare dotst dy dur happy by fielst’ (R 48)
‘Mun mat fjidder, fwótbestean en fwótplantsje. Fjidder is dur neat’ (R 78)
It libben hat gjin inkelde sin en dat moat men dan ek net sykje (lykas Emmy). Dat is net maklik te akseptearjen mar de wierheid.
‘Bûtten dit libben is neat..... dot vot kont silst útflechtsje’ (R 139)
Gewoan genietsje liket de bêste wei om lokkich te wurden, mar maklik is dat net. De skriuwer fielt him frjemd yn it libben (wat doch ik hjir) en hat dat libben ek hielendal net wold.
It lok is dan ek net te finen of allinne yn de dea (R 132)
It lok sykje hat ek net folie doel want:
‘Va seit dot ut te fynen is utsain yn selsbedroch? (R 128)
En selsbedroch is it lêste wat de skriuwer wol.
Sa is it libben in gaos, der is gjin ienheid en de skriuwer is dat ek net. Hy wurdt hinne en wer skuord tusken: de wierheid ûnder eagen sjen, of opgean yn in leauwen. Eins soe er it lêste wol wolle mar hy wit dat it selsbedroch is.
| |
| |
‘do soest ver ljowe volle en hoop havve en betrauen’ (R 114)
‘Ut ferlenne parredys ópsykje grif.’ (R 134)
‘Un rotsfêst ljowe is better os un fjauerbaansdyk’ (R 139)
Mar it ferstân sit de skriuwer yn 'e wei om yn soks op te gean:
‘Immen dy't betraut en ljoot, samar yn ut vylde vai, dy is ryp fwar de psychyater’ (R 153)
Dêrom hat de skriuwer him ôfsletten foar yllúzjes en leauwen. Hy wol net flechtsje en syn eigen skynwrâld skeppe.
‘Do matst de dingen ûnder eagen sjen doarre’ (R 48)
Hy sjocht leaver it ferlies fan de falske ferwachtings ûnder eagen as wer nije yllúzjes op te bouwen.
Flechtsje is net mooglik. It hiele ferhaal dat de skriuwer dan ek optinkt is dêrfan in yllustraasje. Mar it is de skriuwer sels dy't it merkbite moat. It is net bygelyks Thomas dy't der efter komt. Dy is al nei hûs. It is de skriuwer sels dy't merkbyt dat der gjin útwei is. En eins net allinne de skriuwer, ek de lêzer.
Troch it perspektyf dat hieltiten feroaret giet it hjir ek oer de lêzer. Op it ein fan it boek giet it oer dy of eins dus oer ús. Wy hawwe allegearre deselde sykte. Sa wurde wy op side 205 noch tasprutsen:
‘vont jo kinne net flechtsje yn of fwar ut libben, jo kinne gjin kont út, de iede is rûn en mun komt oltyd ver óp utselde plak telône en vot ut libben oanbelanget, mun sit ópsletten tusken berte en dea, ut libben is un feenzenis dêr't vy net libben útkómme.’ (R 205)
Op side 208 sitte wy nêst de skriuwer op de boat. Do sist op de boat! En do sjochst mei de skriuwer gjin útwei. De lêste sin slacht dan ek op ús allegearre:
‘ja, vy kinne alle konten út, mar't komt ollegjer op 't selde del (R 209).
Ofslutend: De skriuwer hat gjin nocht om yn dizze gaos in eigen réaliteit te skeppen, hy sjocht it yrréele dêrfan yn. De skriuwer praat fanút himsels. Mar hy bliuwt praten oer de gaos om him hinne. Fan in nije réaliteit skeppe wurde wy neat wizer: wy hawwe allegearre deselde sykte.
Dy gaos begrypt er net en leit er net oan in keatling. De lêzer moat dan ek net in kausaal wurk mei sin en slot ferwachtsje. Wol it oer it libben gean sa as de skriuwer it waarnimt (en wêr soe it oars oer gean moatte as hy net flechtsje wol yn syn eigen skepping) dan sil it fragmintarysk wêze moatte. Ek yn de wurklikheid begjint neat en einiget neat.
De roman dy't giet oer de gaos los fan 't keatling ‘is in avventoer as ut libbens sels, ûnfolslain, fragmentarysk, tsjinstrideg, kameleontysk.’ (R 13).
| |
| |
| |
3. It eilân fan it skriuwerskip of de gaos fan de wurklikheid.
Werom nei it boek fan Van Vlierden. Hy beskriuwt de ûntjouwing fan de roman oan de hân fan in hiele protte foarbylden. Dy hiele ûntjouwing is foar ús net sa wichtich. De earste stadia en de foarbylden neam ik hjir net. Ik ha besocht der út te heljen wat mei it boek fan Riemersma te krijen hat. Ik set út ein mei wat Van Vlierden de problematyske wurklikheid neamt. Dat haadstik begjint op side 124.
De wurklikheid wurdt sa problematysk dat it ynderlik belibjen it gehiel net mear ta in ienheid meitsje kin.
‘Het ik, dat zich heeft leren gedragen als subject tegenover de werkelijkheid als object, ervaart zijn verhouding tot de werkelijkheid niet meer als de meest spontane en vanzelfsprekende situatie’ (V 125).
De wurklikheid ferwurdt dan fierder fan objekt ta probleem. Mar de wurklikheid wurdt noch altiten as selsstannichheid beskôge. Engaazjemint is dan ek noch mooglik (letter net mear) en komt fuort út in problematysk ûndergean fan de aktualiteit.
De grutte trochbraak fan dizze roman is nei de twadde wrâldoarloch en kaam ta stân ûnder ynfloed fan it eksistentialisme (Sartre, Camus). In skriuwer as Boon (dy't in bulte fan Riemersma hat) ûntjout him ek yn dizze rjochting. Yn dizze tiid engazjearret hy him, (it wurdt behelpen mei de wurklikheid).
By dit stadium heart: de roman as therapeutyske methoade. Net allinne de wurklikheid waard ta probleem ek de minske sels.
‘Het eigenlijke probleem was precies voor het existentialisme dat de mens leeft in een ‘gebroken wereld’, dat hij er niet thuis is, dat hij zich in de wereld ‘geworpen’ voelt als in een vreemde werkelijkheid’ (V 142).
Der ûntstiet in brek tusken minske en wurklikheid. De minske falt werom op syn eigen belibjen en dêrtroch wurdt de wurklikheid fan objekt ta probleem. Want yn dit belibjen wurdt er him bewust fan de problematyske sitewaasje fan dit isolemint.
Skriuwen wurdt dan in mooglikheid om te libjen. Der komme faak beskôgingen oer it skriuwen yn it boek foar. De skriuwer besiket in krisis troch it skriuwen te oerwinnen.
Oant safier dat earste stadium. As wy efkes nei haadstik twa sjogge fine we oerienkomsten en ferskillen mei it boek fan Riemersma:
Oerienkomsten:
- | de wurklikheid is problematysk |
- | is net in ienheid |
- | de wurklikheid is noch in selsstannichheid |
- | hy stelt der net in eigen skepping foar yn it plak. |
- | skriuwt faak oer it skriuwen sels |
- | fielt him frjemd yn it libben, hat dat ek net wold |
| |
| |
Ferskillen:
- | de roman is net in therapeutyske methoade |
- | it isolemint kriget gjin klam: wy hawwe allegearre deselde sykte |
- | hy besiket net troch it skriuwen in krisis te oerwinnen |
- | der is gjin engaazjemint |
De ferskillen binne hjir wichtiger. De oerienkomsten binne ek by it folgjende stadium yn te passen. Ien ding moatte wy goed yn omtinken hâlde: de wurklikheid is by Riemersma noch in selsstannichheid. Dit sille wy letter as it eigene fan Riemersma oanwize.
It folgjende stadium neamt Van Vlierden ‘De chaos en de leegte’ (V 179). As it problematyske karakter fan de betrekking tusken it ik en de wurklikheid ynsjoen wurdt, hat it gjin doel mear en sykje in persoanlike genêzing. De wurklikheid is fan objekt ta probleem ta tsjinstân wurden. Dêr ûntstiet in anti-wurklikheid en gaos.
‘Kunst wordt een worsteling met wat de realiteit blijkt te zijn, een vormeloze gaos, die misschien, dankzij en in zijn werk een vorm en een zin kan krijgen’ (V 179)
Eins is dit al begûn by de dilettanten en dandyisten, de kultus fan it ik: de absurditeit oerwinne yn in superieur spul: it dekadintisme. Paul van Ostayen al pleatste de wrâld foar de frjemdste konsekwinsjes yn syn grotesken. Mar hy skept gjin nije wurklikheid en dat hat er mien mei Riemersma. Hy lit allinne de absurditeit sjen fan de algemien oanfurdige wurklikheid. It folgjende sitaat oer Van Ostayen liket dan ek in protte mien te hawwen mei Riemersma: ‘Hij tekent een anti-wereld, waarin de algemeen geaccepteerde wereld het binnenste buiten wordt gekeerd. Hij geeft geen nieuwe zin aan de werkelijkheid, wil slechts de onzin van deze werkelijkheid zichtbaar maken’ (V 128).
L.P. Boon ûntjout him no nei it nihilisme yn syn romans ‘De kapellekensbaan’ en ‘Zomer Ter Muren’. De wrâld is foar him no in gaos, in hieltyd wer begjinnen fan eat dat altyd itselde bliuwt. Skriuwen wurdt foar him in ‘aarzelend om zich heen tasten te midden de chaos’ (Zomer Ter Maren V 190).
‘Zelden of nooit geldt de moderne verhaalkunst de weergave van een reëel gebeuren, maar is het een symbool van een gebroken wereld of van de onvatbaarheid van het eigen ik.’ (V 193)
Immen as Paul De Wispelaere giet dan hielendal op yn in strukturearre romanwurklikheid. Yn Een eiland worden (1963) is it boek ‘het middel van de ik-schrijvende om zichzelf te worden, maar daardoor isoleert hij zich tot een eiland, tot een volstrekte, van alle realiteit kiemvrije wereld. Het schrijven schept een authentiek bestaan tegenover en tegen het inauthentische’ (V 201).
| |
| |
By dit stadium heart de roman as skeppende foarm. De skriuwer leit no syn foarmwil op oan de gaos.
Yn it earste stadium twong de ynhâld syn foarm op. No: foarm = ynhâld, de foarmjende krêft fan de roman is it dêr't it eigentlik om giet. De ienheid en de sin fan de réaliteit leit net yn de wurklikheid of yn de minske mar yn it wurk. De roman makket sels in wurklikheid en stelt dy tsjinoer de gaos.
‘De geleidelijke degradatie van de vanzelfsprekende zin van de werkelijkheid, n.l. van gegeven tot voorwerp tot objekt tot probleem tot chaos, werd in evenredig stijgende mate gecompenseerd door een bewustere aanwending van de romanvorm, na een moment van indistincte eenheid, als zelfontwerp, als geestelijkeoefening, als therapeutische methode, tenslotte als werkzame scheppende vorm’ (V 219).
Dit utert him yn in protte omtinken jaan oan de foarm fan de roman. In moai foarbyld hjir fan is tinkt my De Kapellekensbaan fan L.P. Boon. Dêr sjogge wy meiien noch in kant fan de nije roman. De personaazjes ferlieze har ienheid en wurde ôfsplitsingen fan de haadfiguer-skriuwer. Boon skriuwt in roman oer personaazjes en meiien ek in roman oer it skriuwen fan dy roman. De personaazjes yn syn roman fertsjintwurdigje allegearre in libbenshâlding fan de skriuwer (neffens my is dit by Riemersma ek it gefal, al seit er dat er dat net wol). De relaasje fan Boon mei syn personaazjes is dan eins ek sintraal. Hy sjocht hieltyd werom op syn skriuwen en jout kommintaar op syn personaazjes (dat docht Riemersma ek). It is in wrakseljen mei de foarm.
De spanning tusken gaos en oarder is werom te finen yn de spanning tusken wurklikheid-keunstwurk.
By in skriuwer as De Wispelaere wurdt it skriuwen sels wichtiger as wat der skreaun wurdt. It giet om de dynamyk, it hieltyd skeppend dwaande wêze. Skeppen wurdt in dwaande wêzen sûnder ein. It wurk mei nea ophâlde, want allinne dêryn bestiet de skriuwer. Op dat eilân fan skriuwerskip (Een eiland worden) bestiet de nije réaliteit. Dat is in suver esthetisme. It bewustwêzen is wichtiger as it libben. De skriuwer lûkt him werom yn syn isolemint, wêr't er nije sin en oarder skept.
Oant safier de ûntjouwing fan de roman. Neffens Van Vlierden komme de skriuwers dus út by it stellen fan de fiksy as selsstannich echt tsjinoer de gaos. Omdat de gaos foar harren leech is.
Wy sjogge dat Riemersma hiel earne oars bedarre is. Riemersma hat noch it measte fan Van Ostayen. Hy lit de absurditeit en it sinleaze fan it libben sjen. It antwurd fan de measte skriuwers hjirop is eigen réaliteit skeppe. It skriuwen sels wurdt de sin, yn it skriuwen ûntstiet in nije
| |
| |
wurklikheid.
Sadwaande komt Riemersma fier ôf te stean fan ien as De Wispelaere. Wat Riemersma wol is just net in eilân wurde. Net flechtsje yn in eigen isolearre wurklikheid. Nee it absurde en it sinleaze fan de wurklikheid oannimme. Hy hat it yn it boek besocht en skep in eigen réaliteit, mar hy sjocht de absurditeit en it sinleaze ek dêrfan yn.
Fan ien kant is dit in net fier genôch gean: ‘ik haf totaal gjin skeppende fontasy’ (R 23). Dus in eigen wurklikheid skeppe kin hy ek net.
Mar oan de oare kant is wat Riemersma docht it iennichst konsekwinte wat er dwaan kin. Ek dy wurklikheid is wer absurd en sinleas. It is in konsekwint trochtinken op ‘Mast de dingen ûnder eagen sjen en dyn fyzje net kleorje litte troch gefoeligheden, troch veensken en begearten’ (R 188). Hy kiest foar de wurklikheid en de gaos om him hinne. De selsstannichheid fan de selsmakke wurklikheid wiist er ôf, dan mar skriuwe oer de rotsooi om ús hinne. Dêrmei wiist er ek it isolemint ôf en kiest foar de wurklikheid dy't er mei oaren mien hat, al is dy dan absurd en sinleas. Dat jout yn alle gefallen it gefoel dat wy allegearre deselde sykte hawwe.
In flecht akseptearret er net.
‘Vont jo kinne net flechtsje yn of fwar it litten, jo kinne gjin kont út, de iede is rûn en mun komt oltyt ver óp utselde plak telône en vot ut libben oanbelanget, mun sit ópsletten tusken berte en dea, ut libben is un feenzenis dêr't vy net libben útkómme’ (R 205).
Ik hoopje sa Riemersma wat pleatst te hawwen yn de ûntjouwing fan de roman. It mei dúdlik wêze dat Riemersma in hiele eigen wei ynslein is trochdat hy trou bleaun is oan de wurklikheid, wat dat dan ek wêze mei. Hy wol net lyk as bygelyks De Wispeleare flechtsje yn it skriuwerskip. Fansels binne der ek oerienkomsten. Mar dy kin de lêzer faaks sels opsykje mei haadstik twa fan dit stik nêst haadstik trije te lizzen.
Allinne noch dit: neffens Van Vlierden bleau de ûntjouwing fan de roman foarm + ynhâld altiten 1. In konsekwint trochtinken oer de gaos om ús, mar ek yn ús, soarget der foar dat we by Riemersma te sjen krije: foarm + ynhâld = 0!
| |
Literatuer:
- | Riemersma, Tr., Myksomatoze; Ljouwert, 1974 |
- | Vlierden, B.F. van, Van ‘In't Wonderjaar’ tot ‘De verwondering’, ‘Een poëtica van
de Vlaamse roman’; Antwerpen, 1974. |
|
|