| |
| |
| |
[Nummer 3]
Eppie Dam
It braakmiddel
(tredde en lêste part)
Giet Hein noch werom nei it famyljefeest? |
Of kniipt er de kont der út mei it frommes yn it kafee? |
Komt de ûnderste stien noch boppe? |
Komt der überhaupt in stien boppe? |
Watfoar rol spilet Wilmyntsje, syn bloedeigen suster, noch yn syn prakkesaasjes? |
Spilet se überhaupt noch in rol? |
Smyt it tinken noch wat op? |
Komt er einlings dêr't er wêze wol? |
Wol er überhaupt earne wêze? |
Yn alle gefallen hat er in útsmiter besteld. |
In hiel beslút foar in man as hij is. |
Hein Polderman en de persoanlike oanfallen fan it harsenarsenaal. |
Diel trije fan ús famyljefeuilleton. |
‘Net tefolle drokte, gewoan in stikje bôle mei aai kin it my wol dwaan,’ sei er.
‘Lit Tryn dêr mar mei gewurde.’
Hy moast net te folle ite. Even foar de smaak. Miskien moast er aanst ek noch erges oer gear. Baukje makke wat waarms klear ommers. Soe no al wol klear wêze. Hiene se allegear al op. Der stiene noch twa waarme woarstjes foar him op it fjoer. Hy moast him de eagen út de kop skamje. Samar de kont der út te knipen. As elkenien sa soe. Wie foar Baukje ek
| |
| |
net aardich. Wêr hie pake dat oan fertsjinne? Hie dochs altyd bêst foar him west. Hoegde noait better. As dat syn tank wie. En Elske, hied er dan hielendal gjin gefoel yn de hûd. In goare egoïst, dat wied er. Hy moast mar gau syn woarstjes fan kant meitsje. En mar goed smakke. Sy koene him wol wat dwaan.
Hy koe oars wol even by har sitten gean. Gewoan even in praatsje meitsje. Hy hie noch wat yn it gleske. Proast! Moast it raar gean at se dan net dronk. Dat bytsje fatsoen hie se noch wol. Wat moast er allegear sizze. Se koe ek wol gjin bekfol werom sizze. Hy koe wol in klap foar de bek krije. Diene dy froulju ek altyd yn films. Klapte deroer! Wie in trúkje fansels. Dy keardels soene wol wizer wêze en lit har altyd foar de kop houwe. Moast ek wol in kear as tsien dien wurde, sa'n eintsje film, seine se altyd. Hied er in moaie reade postsegel op it lêst. Hie der suver in kop by. Koe noait fansels. Klapte gewoan even ien yn de hannen. Fernaam net ien wat fan. Hoe en wat krekt yn dy films, dêr krige gjinien hichte fan. Wie mar better ek fan net. Wie der ek neat mear oan. Je moasten net alles witte. It wie ommers allegear beduvelderij. Wie mei alles miskien wol sa, dat je net tefolle witte moasten. Net altyd wrotte en skuorre, gewoan in bytsje gewurde litte alles en mar sjen wat der fan kaam. Koe ek wol in grut kring wêze, dat frommes dêr. Wat wist hy dêrfan. Mar at er ek sa soe. Sa moast er ek net. Gewoan even hinne gean en even prate. Nea faker sjoen hjir. Wennest hjir? Gewoan hjir even lânskommen, o. No ja, joech ek neat. Oft se ek in útsmiter ha woe. Oars siet er allinne te iten. Koe fansels net. Wie bespotlik.
‘Dyn útsmiter komt der sa oan.’
‘Moai, wat sei Tryntsje,’ sei er.
‘Neat, jong. Dy is net sa praatsk, mar krekt hoe't it sin stiet. Ha wy allegear wolris lêst fan, is n't sa?’
Hie er ek nea wat fan murken doe, dat Tryntsje in min sin ha koe. Wie oan Tryntsje nea wat te fernimmen. Altys like fleurich. Soe doe ek wol ris in min sin hân ha. Koe ommers hast net oars. Elk hie wol ris in min sin. Hoegde net ien him foar te skamjen. Koe de bêsten gebeure. Gewoan in dei dat it net woe. Miskien wie se ek wol hiel oars, aanst at se deryn kaam mei de útsmiter. Koe se foar de klanten fansels ek net meitsje en rin hjir om mei in kop as in toarre. Spile him lykwols hiel wat ôf efter de skerms. Like altyd sa moai oan de bûtenkant. Mar ûndertus- | |
| |
ken. Wie ek wol te begripen ek. Soe doe ek wol sa west ha. Hied er doe allinne gjin gedachten op hân. Dat wie it ferskil.
‘Wa is dat frommes dat dêr sit,’ sei er.
‘Ik wit it net, jong. Komt hjir inkeld wol ris faker, net geregeld, hear, mar sa'n twa-trije kear yn 'e moanne, bytiden sjoch ik har ek hiele skoften net. Ik wit net wa't dat is, mar der komme hjir langer safolle dy't ik net ken. Ik bin no safier, ik kin my der no ek net mear drok om meitsje. Tryntsje wol, Tryn moat alles witte, mar dat kin fansels net, dat hâldt in kear op. Wat hjir yn de nijbou wennet, dat wit ik ek net. Kin bêst wêze dat dat frommeske hjir ek wennet, sil wol net, mar as it sa wie soe ík der net nuver fan ophearre.’
Se koe ek wol troud wêze. Hie gjin ring om, mar dat sei neat. Hie miskien wol rúzje hân mei dy fint. Hie him in faas stikken op de kop slein. Lei nou yn de keamer yn it bloed te baaien. Moast hurd wat oan dien wurde. Koe dêr net lizzen bliuwe. Koe wol deabliede. Koe it wol bestjerre. Wie ek al lang dea. It sei har ek neat, sa't se dêr siet. Wie in iiskâldenien. Hy moast wol witte wat er oanhelle. Koe wol in moardster wêze. Siet hy der ek mei yn. Want se woe mei him. Hie de plysje ek wol yn de gaten. It bearenburchje stie der noch. As dat net bewiis genôch wie. En hy hearde op it feest te wêzen ommers. Hy siet deryn. De plysje wie ek net ûnnoazel.
‘Dêr ha we Hein! Alles goed by jim dêr? Sjoch, ik ha der mar wat sâlt op dien. Moast dochs inkeld wêze, hen?’
‘Ja, hatstikke goed,’ sei er.
‘Hwat seist fan Hein syn kreaze pakje, Tryn? Stiet him goed, ha 'k al sein, fynst ek net?’
‘Ik miende datstou net mear drinke soest ûnder it wurk. Dat wiene wy goed ôfpraat, miende ik.’
Tryntsje toffele fuort. Se hie de skelk foar. Wie doe ek al sa. Rûn altyd mei de skelk foar. Nachts op bêd ek. Nea net by stilstien dat Abel en Tryntsje ek harsenskrabje koene. Hie doe ek net sa west. Net dat er no noch wist teminsten. Gie der ek net iens bot op yn, Abel net. Helle faaks ek neat út. Wist er sels ek wol, Abel wol. Hie him oars noch nea dronken sjoen. Dronk wol ris in slokje sa út en troch. Miskien doe wol minder, hear. Dat doarde er net to sizzen. Omdat Tryntsje dat no sa sei. Wie eins nea wat te fernimmen oan Abel.
| |
| |
‘Ik krij noch wol ris ien, snapst? Net dat ik der in moade fan meitsje, hear. Kin ek gjin kant út fansels. Mar lykas no, nosto hjir even sitst, dan drink ik even ien mei. Twa. En ik ha der ek gjin hinder fan, hen. Dan fyn ik, dan moat dat dochs kinne. Der is gjinien dy't oan my wat fernimme sil. En it is hjir ommers like rêstich as wat, dêr sjoch ik gjin bonken yn. As it hjir no drok west hie, dan moast net tinke.... mar is dát no sa slim? As ik aanst al minsken krij, hoe let is it no, jonge, dêr wurdt ik net oars fan. Ik hie der skjin wetter yn dwaan moatten, seker. Soest dy net fergrieme. Wy ha it goed tegearre, hear. Tryn en ik, mar dat binne fan dy dingen. Sa sil oeral ek wol wat wêze.’
It smakke him min. Aai koe wol bedoarn wêze. Hie miskien al wiken yn de kelder lein. En dan, hoe lang yn de winkel. En dan by de hinneboer. Koe wol in healjier âld wêze, dat aai. Hied er gjin sizzen fan. Wie ek nea net mear nei te gean. Dy hin koe wol dea wêze. Lei al lang yn de frieskiste te blaubekjen. Hurd as in stien fansels. Wie miskien hast like âld as dat aai. Hie har lêste aai miskien wol west. Hy moast it dochs mar opite. In pear hapkes, wie it fuort. Fuort der mei. Soene se dêr wol stront fan meitsje. Koed er nea net neigean fansels wat him dêr allegearre ôfspile. Moaie binde soe 't dêr wêze. Ferrekte stjonkerij. Stonk noch mear as stront. Wie noch gjin stront ek. Moast noch stront wurde. Stront roek ek net lekker, mar krekt-noch-gjin-stront wie net om te hurdzjen. Wie noch minder as de skiterij. Kaam wol ris sa'n tinne skeet oanwaaien. Wist hy genôch. Hy slokte de lêste hap fuort. Moasten se mar mei rêdde dêr. Wist er ek mear net fan. Hy koe him ek net oeral drok om meitsje. Hied er ek neat oan as er al wist hoe en wat krekt dêr. Hy seach it wol. As er nei it húske moast. Dan seach er fansels wol wat se der wer fan bakt hiene. Soe wol net folle brets wêze. Koe him ek neat skille. Wiene syn saken ek net.
De doar waard iepenskood. Kaam in húshâlden ynrûgeljen, fjouwer-fiif bern. Keardel wiisde wêr't se sitte koene. Frommes woe by it rút, wie ek moaier foar de bern. Mochten wol twa taffeltsjes byinoar skowe net? Jawis, werom net. Hy krôke ynwindich. Koe it noch krekt foar him hâlde. Rare smaak yn 'e mûle. Dat ferrekte aai soe him noch lang heuge. Koe wol sa mislik wurde as in kat. En dan koed er noch wol in gleske bier nimme, mar dêr waard it faaks noch minder fan. Moast mar sjen. Wie sa al slim genôch. Aanst noch alles ûnderkoarje. Siet Tryntsje mei de brot.
| |
| |
Soed er him ek deaskamje. Foel ek wol wat ta. Moast even syn tiid ha. Soe aanst fansels wol oergean. It spul siet te plak. Wiene goed fatsoenlik, dy bern. Sieten moai op de stuoltsjes, seagen Abel syn kant út, dy keardel ek.
‘Ha 'k hjir ek noch noait sjoen, binne in dei fuort en wolle even wat drinke, sa giet it no. Kinne aanst noch wol trije fan sokke ploechjes sitte, hast der gjin ferstân fan. Sjoch, dat hiene wy doe minder, hen.’
It frommes treau de sjekpûde yn de bûse. Tocht er al, siet altyd yn de kontbûse. Sie se op. Dêrom wie dat pûdtsje ek sa knûkerich. Lekker poepertsje oars. Net sa'n grouwe hoelewoep teminsten. Se seach him net iens oan, rûn sa fuort. Hie de sinten op de tafel dellein. Moast der ek noch bykomme. Koe Abel fuort wol ophâlde. Rûn wol lekker, seker, dy touwen sandaaltsjes. Koe net oars, hie se wol wat oars oandien, oars. Se skode de doar ticht. De bearenburch stie der noch krekt sa. Hoegde him ek net lullich te fielen. Seach dat healwize ding dochs noait wer. Stiifharsens, tocht seker dat er erges op út wie. Koe se wol ferjitte. Hy rûn har ek net efter de kont oan. Soe se wol wolle. Dat er no oereinkaam en har efternei gie. Hy hâldde de ear oan himsels. Koed er elke tuttebol wol efternei fleane. As er sa soe. Abel naam de bestelling op. As dy keardel bearenburch ha woe koed er him dat gleskefol fan har wol jaan. Hie se dochs net oansitten. Rûn dy keardel miskien ek noch wol lekker. At sy der even oansitten hie mei har fûle lipkes. Hy moast hjir oars mar wei. Der wie ek net folle mear oan. Hy die de strik foar. Knoopke koe wol los bliuwe. Seach gjinien wat fan. Siet it ek net sa stiif. Hy krige it jaske. Hy lei sinten op de tafel. Soe sa wol genôch wêze, wie fierstentefolle fansels nei wat er hân hie. Abel wie de keuken ynstrûpt. Of siet de keamer der fuort efter? Koe ek likegoed. Hied er ek noch nea west dêr efter dy doar. Koe him ek net folle skille. Wiene syn saken net. Wie ek mar better fan net. Koe dêr wol allegear lijen en ellinde wêze dêr efter. It wie mar goed dat er alles net wist. Sa't it der hinne lei wie it allegear noch wol te fernearen. Wat djipper as er dolde wat mear't der boppe kaam. Abel soe it sa wol fine. Wie ek fierstenste raar. Mar hy hie it net lytser. En it kaam Abel ek ta.
Abel wie in goeie fint. Tryntsje ek, Tryntsje wie in poerbêst minske. It wie in moai span, dy beiden. Hy die de skodoar iepen. Hongen gjin jassen oan de heakken. Wie ek gjin kop dy't in jas oanhie hjoed.
| |
| |
Fierstenste hyt ommers. Hy rûn nei bûten. Moai betegele oars. Hie ek wol in pear sinten koste. Wie dochs wol in kreas weintsje, sa't er dêr stie. Koe 't him noch wol dwaan oars. Hy seach wol. Ale die al lang net mear yn auto's miskien. Hie dochs in pear yn de krante hân lêsten. Wie ek al in moai set lyn. Koed er al lang kwyt wêze. Wiene ek gebrûkte. Wie altyd oppassen mei gebrûkte weinen. Net dat Ale him bedonderje soe, mar der koe altyd wat mei sokke weinen komme. Wist Ale ek lang net altyd wêr't dy dingen weikamen. Stie in VW-buske njonken sinent. Soe wol fan dy minsken wêze. Wie oars ek gjin dwaan fansels mei sa'n Keppel bern.
Hy stapte yn. It lear wie gleonhyt oan de kont. De hiele reet koe him wol ferbaarne. Hy wie oars knap beroerd. Waard earder minder as better. Koe wol alles ûnderspuie moatte. Hy skeakele en joech gas. Hy koe better fuort weromgean. Moast dochs. Waard allinne mar minder, wat langer as er wachte. Soene him wol raar oansjen as er derynkaam. Elske de smoar yn. Hy koe fuort wol wer opkrosse. Hoegde ek net wer te kommen. Der wiene grinzen. Hy moast net tinke dat er him alles permitearje koe. Koed er net. Hy krôke. Kaam him op dat aai. Wie ek like fûl as de hel. Siet al in pykje yn. Foel net sa op miskien. Hie Tryntsje hwat platwreaun mei in leppel. Ferbeelde him ek al dat der bloedieren trochhinne rûnen. Wie ek gjin wûnder dat er sa beroerd wie. Stonk ek kringachtich, dat aai. Dat roek er wol as it him opkaam. Switte dat er die. As in sleat sa wiet wied er. Koene him aanst sa wol opkrije. Wie sa slop as in dweil as it even duorre. Wie in moai ferlechje oars. Hy wie al mislik doe't er fuort gie. Hy woe in oar net ta lêst wêze. Tocht: even in eintsje ride en dan soe it oer wêze. Hie in skoft oan de kant fan de wei stien. Koed er wol sa spylje. Oars krige er in gedonder fan komsa. Wie foar elk better as er it sa spile. En hy wíe ek beroerd. Mar hy hie it even sizze moatten. Hied er wol op bêd kind. Baukje hie wol in asperyntsje hân. Moast er ek net sa raar dwaan. Rare jonge! Elske soe him troch it hier strike. Elk koe sjen dat er net doogde. Syn boesgroen siet wol in bierglêsfol swit yn. Moasten se mar ris útknipe. Soene se it sels sjen kinne. Hy siet de saak net te ferlakken. Wat tochten se no wol! En Elske mar tinke dat er útpykt wie. Moast er har mar net kwea ôfnimme dat se sa tocht. Se hiene 't ek wol sjoen, sa't er dêr siet. Hy siet dêr ek mar wat. Hy sei ek al net safolle.
| |
| |
Doe wied er al net yn oarder. Bier wie oars ek net sa kâld. Mar koe gau wat komme mei dit waarme waar. En dy earme jonge mar omride en wy hjir mar sitte te feesten! Hiene wol begrutsjen mei him. Hy ried de auto it hiem op. De bern wiene der net mear. Miskien siet it spul wol te iten. Sop of sa. It griisde him oan. Hy stapte út. Koe wol spuie. Twa fingers yn de hals. Die Elske ek altyd. Waard it wat rommer fan, knapte in stik op altyd. Foar't er de doar iependie even twa fingers yn de hals. Wie der gjinien mear dy't twivele. Moasten se it allegear wol leauwe. Wie sa klear as in klûntsje. Dêr stied er te skombekjen. Fan dy lange triedden flibe. Harrejassus, nee, it hiele boesgroen derûnder. Stonk er jûn noch. En it wie al sa'n soerige stjonkerij. Moast mar net. Koe it ek wol ynhâlde. Hy die de doar iepen. Alle eagen seagen syn kant út. Sleten te iten. Tocht er al. Wy begjinne, hear! Koe noch wol in skoft duorje. Hy bleau tsjin de muorre oan hingjen. Hy fage him it swit fan de holle. Skeat fuort ien op him ta. Wie Doede. Pakte him beet mei syn fize hantsjes. Koed er neat oan dwaan. Moast er gewurde litte. Wat is der mei dy? Ja, wat wie der mei him, hy wist it ek net. Hy sei ek neat. Bytsje hymje mar. Hein! Wie Elske. Siet wol goed. Dy jonge is siik! Foel wol wat ta. Aaike wie him min bekommen, dat wie alles. Koed er net sizze fansels. It waarme waar. Sa hyt wie it hjir ek net. Siet dêr ek mar hwat. Klapte der wol even yn. Hy seach der ek alderbiroerdst út, koe net oars. As pake it mar wat maklik opnaam. In gleske wetter. Hy dronk in pear slokjes. Hy wie iderkear al net goed. Ja, dat woene se wol leauwe. Gie krekt moai allegear. Koe net better. Wie foar elk ek it bêste. Foar Elske likegoed. Hied er dochs útlizze kind. Hie se net
snapt. Of woe se it net snappe, joech ek neat. Sa wied er der ôf. En hy fielde him ek net lekker. Sa wie it ek wer. Hy stie hjir net hielendal te ligen. Moast mar even op bêd. Wie wol wat. Elske gie mei him nei boppen. Stie in twapersoansbêd. Wie net fan Doede en Baukje wol. Smoarge lekkens koed er wol fan spuie. Nee, wie útfanhuzerskeammerke.
‘Do bist hielendal wiet, man!’
Se wiske him it swit fan de foarholle mei in wiet washantsje. Hie Doede him net mei wosken, seker. Nee, wie skjin. No moast er mareven lizzen gean.
‘Hoe kin dit no, jonge?’
Hy wist it net. Hy soe har gjin skuld oanwriuwe. Hie se ek net. Prate wol
| |
| |
moai sa tsjin him. Se moast noch even bliuwe. Fûn er sa moai. Wie ek sa siik. Se gie by him sitten. Se hâlde syn hân fêst. Moast net deagean fansels. Wie it net wurdich. Dan koed er it better sizze. Hoegde ek gjin dokter te kommen. Gie sa wol wer oer. Koe better it boesgroen útdwaan. Wie hjir dochs waarm genôch. Se wreau him de rêch droech. Lekker gefoel wie dat. Hy fielde him ek al wat better.
‘Leave jonge fan my.’
Siet dochs wol goed mei Elske. As it der op oankaam. Miskien woe se wol even frije. Even op it útfanhuzersbêd. Sop koe wol even wachtsje. Wie dochs ferrekte hyt. Koe noait fansels. Krige er daliks in reis foar de harsens. Koed er wol opkrosse. Wie it noch minder as dat it oars west hie. Hy moast him ynbine. Moast mar even sjen oft er sliepe koe. Kaam se aanst wol even wer. Wie wol goed. Se gie de trep ôf. Hy hearde praten doe't de doar fan de keamer iepengie. Doe wie it stil. Hy koe ek wol even sliepe. Lei hjir dochs mar wat. Moast dochs wachtsje oant se him wer ophelle. Wat moast er ek útfrette allegear. Wied er ek te beroerd foar. Want hy wie dochs wat raar yn de hûd. Hy switte ek net om 'e nocht sa. Gewoan even de eagen tadwaan en dan mar ris sjen. Soe wol sliepe kinne. Hie ek al in pear hân fansels. Trije fleskes bier en twa jonkjes. Woe it wol op sliepe. Mar ris sjen wannear't er wer wekker waard. Hy die de eagen ta. Fielde it al oankommen. Dêr glied er al hinne. Koed er ek neat mear oan dwaan. Hoegde ek net. Moai gliidzje litte. Wie al in hiel ein fuort. Koe suver net iens mear tinke. Tocht miskien ek wol net mear. Tocht allinne noch mar dat er miskien wol net mear tocht. Nuvere tizeboel dêr. Krige er ek nea foarinoar allegear. Nou wied er mear wekker wer. Leine allegear kabels dêr en fine triedden. Rûn mar raar yninoar om. Wie gjin kop of sturt oan fêst te knoopjen. Wie ek gjin begjin en ein. Grouwe klute wjirms. En dêr moast hy mei tinke. Wie ek gjin wûnder dat er der net útkaam. Wie dêr ek in folsleine gaos ommers. Sakke al wer fuort. Hoegde him ek net drok te meitsjen. Der wie neat. En wat der al wie hie neat om hakken. Alles mar gewurde litte en dan mar ris wer sjen. Angelsnoer siet ek wol ris yn de tiis. Koed er ek wol oeren mei omgrieme fansels. Krige er dochs noait wer foarinoar. Koe der better in nij snoerke oansmite. Wied er
fuort klear. Hy wie wer aardich wekker. Moast ek net sa prakkesearje. Koed er noait sliepe. Koed er wol oan de gong bliuwe. En no mar deljaan. Alles mar even ferjitte. Even de stroom derôf. Wie it
| |
| |
fuort út.
Hie dochs net bite wollen hjoed. Wie fierstente hyt om te fiskjen. Hie ek gjin fiskers sjoen by Abel. Hiene al gau har bekomst hân. Wiene al betiid wer op hús oangien. Hiene ek grut gelyk. Frommeske seach er ek noait wer fansels. Koed er wol ferjitte. Hoegde ek net yn it ûnthâld. It wie dêr al sa fol. Kop koe him wol barste. Hied er letter dochs neat oan. Frommeske wie al lang fuort. Wêrhinne koe ek neat skille. Hied er ek neat mei noadich. En no mar even kalm oan. Hiel moai gliidzje litte. Krekt in gliidbaan. Gied er al wer hinne. Gie wat op en del. Soe aanst sa wol sliepe. Koe samar ynienen. Wist er letter ek neat mear fan, hoe en wat krekt. It iene momint wie men der noch, ien tel letter wie men fuort. Soe no ek wol wer sa wêze. Wie altyd sa. Woed er wol ris ûnthâlde, hoe't er yn de sliep rekke. Bestie gewoan net. Koed er wol gek wurde. Died er ek nea wer in each ticht. Krige er gjin wink yn de eagen. Djip sykhelje, dan wie it gebeurd mei alle prakkesaasje. Waard tiid ek. Helle ek alles oeral. Hie fanalles by de ein. Krekt in fûstfol bami dêr yn dy âld kop fan him. Siet ek altyd yn de tiis. Woe ek sa ferrekte min ite. Koed er wol stapelidioat fan wurde. Spaketty wie noch minder. Hoegde er ek nea net wer. Koed er wol yn it gesticht reitsje as er dy rotsoai noch ien kear ite soe. Sakke no moai fuort, frij hurd. Wie ek wurch. Wie ek gjin wûnder. In los gefoel, even ûnthâlde en aanst noch witte as er wekker waard. Wist fan de wrâld al neat mear, seker. Wilmy.
‘Hein... Hein!’
Rôp ien oan him. Wat koe dat wêze. Stiene allinne mar beammen yn de bosk. Koene net prate, beammen net. Wolven al.
‘Hein!’
Moast thúskomme. Wie sa ôfpraat. Soene net te let wêze. Wie al sa let. Wie ek feest. Pake. Beppe? Elske wie der ek. Elske. Moast wekker wurde. Lei hjir ommers. Wist it al wer. Hie even net goed west. Hie der even foarwei west. Hy die de eagen iepen. Wie Elske, ja.
‘Hast sawat oardel oere sliept, man. Hoe giet it?’ ‘Giet wol,’ sei er. Hie wat pineholle. Wie net mislik mear. Koe der wol ôfkomme. Even bykomme. Koe wol fuort gean, Elske. Wie neat mear te rêden. Hy kaam sa yn de keamer. Feest gie gewoan troch. Alles okee. Se gie nei ûnderen. Hy gie sitten, fuotten by it bêd del. Moast wat bard wêze. Wie ek wat bard. Hie miskien wol dreamd. Hie dreamd, ja. Wie miskien noch wol nei te gean. Moast út te finen wêze. Wie krekt lyn. As er him goed konsin- | |
| |
trearre. Wie mei Wilmyntsje. Se hie in read mûtske op. Rûnen troch de bosk, hy en Wilmyntsje. Soene nei pake ta. Moasten net te let thúskomme. Hy moast goed op Wilmyntsje passe. Moai by it hantsje hâlde en nea wer loslitte. En foaral net te let thúskomme. De hiele kop die him sear. It wie suver net mear nei te gean. Wie gekkewurk. Hy koe wol ophâlde. Hy kaam der nea. Dreamen wie it minste. Waarden je suver nea wer wat fan gewaar. Hied er sa taak meimakke. Wie altyd it selde. Pear biten en brokken, mear net. Net dêr't it om gie. Wol wat neat om hakken hie. Hy kaam oerein. Koed er dochs wol fiele yn de holle. Kalm oan en net te folle prate. Bytsje rêstich sitte. Dat er sa sliept hie. Hy gie nei Onderen. Omke Jarich hie it grutste wurd. Doede hie de muzyk ek oan. Net al te lûd, bytsje op de eftergrûn. Koe ek net sa hurd op sa'n feest. Moast omke Jarich wol begripe kinne. Hie it wol nei it sin, omke. Hoe't it wie. Wol goed. Wie al wer oer. Even bekomme. Gie it wol wer. Koe elk oerkomme. Hy fielde him noch minder as doe't er nei boppen gie. Sa'n pineharsens. Hiene se hiel wat te lijen, dy harsens fan him. Hjoed teminsten. Hjoed wie it slim. Hiene ek in reis hân fan dat smoarge dreamen. Krigen se ek wol in tik fan mei. Kaam der op oan, dreame. Kaem de ûnderste stien boppe. Wie ek wol
ris goed miskien. Hy gie sitten. Moasten har mar net mei him bemuoie. Wie it alderbêste. Wied er op it gauste wer klear. Even gewurde litte. Snapten se ek wol. Fregen dochs even hoe't it gie. Gie wol wer. Nee, de muzyk hoegde net sachter. Soene nei pake ta. En rûnen troch de bosk. Wilmyntsje wie lyts en leaf. Lekkere sêfte hantsjes hie se. Wie moai om har hantsje fêst te hâlden. Moast er ek fan mem. Wie in wolf by. Ynienen wie der in wolf by. Hie in lyts sikje. Bytsje brún, bytsje pluzich. Wiene fansels gjin wolven mei sikjes. Wist er no ek wol. Hie in lyts brún sikje, dy wolf, en in bytsje pluzich. Woe Wilmyntsje har hantsje fêsthâlde. Mocht net. Mocht net heal. Fuort, wolf! Wolf wie fuort. Hied er goed dien. Moast ek goed op har passe. Wie sa moai, Wilmyntsje. Woed er even fiele. Hy wreau him oer de holle. It stiek him dêr. Koe wol barste. Wie krekt koartsluting, sokssawat. Triedden leine tsjininoar oan. Koe nea goed gean. Moasten ûngelokken fan komme. Doch dyn broekje even út, Wilmyntsje. Even pisje. Se moast even pisje. Se moast altyd even pisje. Hearde sa. It wie ek sa'n ein nei pake ta. Even efter in boskje. Rûze sa moai. Even syn hân dêr hâlde. Wie lekker waarm. Baarnde der oer.
| |
| |
Sa hie it net west fansels. Hy dreamde mar wat. Wie ek neat fan wier, dreamen net. Siet folle mear yn dy âld kop as goed foar him wie. Doogde ek lang net wat der allegear ynsiet. Sieten dingen yn dy't der net yn hearden. Hiene der ek nea yn sitten. Wiene der samar útkommen, nergens wei. Moai it broekje oandwaan. Pake lei op bêd. Fielde him net lekker. Beppe wie der net. Hie ek sa'n sikje, pake. Hy wie kâld, sei er. Moast Wilmyntsje mar even by him komme en him lekker oankrûpe. Koe net, mocht net, soe net gebeure. Wie pake net. Wie Sipke. Hy fleach troch de bosk en sleepte Wilmyntsje mei. Ynienen fuort, Wilmyntsje. Stiene allinne noch mar beammen. En soene net let thús wêze. En oeral sykje. Hy waard der gek fan. Hy fleach op de harsens tsjin de beammen oan. Waard fan Hein raesd. Wie Elske. Wist er no wol wer. Doogde gjin skeet fan. Se moast allinne mar even pisje. Mear wie it net. Hy hie har net oanrekke. Allinne even sjoen. Makken der altyd folle mear fan, dy ferrotte dreamen. Sochten oeral wat efter. Wie ek al sa lang lyn. Koed er oeral wol wat efter sykje. Wist Wilmyntsje sels net mear. Wie ek neat bard. Koe net. Wie ek bespotlik, dat er net iens dreame koe wat er woe. Dat dreamde en die dêr mar. Krekt as wie hy in fyslak. Wied er net. Soed er net wurde ek. Wied er de man net nei. Moasten har katoen hâlde, dy dreamfabriken. Fabriken wiene it. De produkten rûgelen fan de bân as wie it neat. Moasten fan him net freegje dat er it allegear leaude. Wie neat fan wier. Hy hie har allinne in kear kwyt west. Wie al sa'n skoft lyn ommers. Makke er him no noch drok om, koed er him no net mear drok om meitsje. Wie allegear goed beteard. Hy woe der wol wat om ferwedzje dat er har net oanrekke hie. Allinne even nei har sjoen. Hy doarde it wol te beswarren. Koene him alles wol wiismeitsje. Dat wie de ellinde mei dreamen, je wiene der sels nea by. Der koe fanalles
barre. Je koene efternei allinne sizze dat it net sa wie. Soe altyd wol wat fan wier wêze, mar makken it altyd moaier as dat it wie, dreamen. Koed er de helte wol ôfdwaan.
Hy wist net hoe fier't it feest wie. Wie de sfear kwyt. Hie ek sawat trije oeren mist fansels. Koe wol fan alles bard wêze. Soe wol net. Barde nea net folle op sa'n feest. Se hiene noch nea sa'n feest hân, mar soe wol neat barre. Hy koe aanst wol ride oars. Pineholle sakke wat ôf. Hood er him de lea dochs mar stikken, as Elske ried. Wie ek neat wurdich. As it moast, ja, mar oars. Gie neat foar de baas sels. Bedoelde er net sa fan- | |
| |
sels. Wist Elske ek wol. Aanst in kop kofje, dat wie de baas. Soene ek wol broadsjes wêze. Wiene hast altyd broadsjes. Soe al raar wêze as der gjin broadsjes wiene. Mei tsiis en mei ham. Hy hie leaver mei tsiis. Krige altyd ien mei ham. Mocht er ek wol. Wie ek gjin ramp. Wiene wol slimmer dingen. As er no aanst ien mei ham ha woe krige er miskien wol ien mei tsiis. Wie faak sa mei dy dingen. Hy wist sekuer dat er har net oanrekke hie. Moasten se ek net weagje en kom har oan. Dan kamen se oan him. Koe him neat skille wa't it wie. Dy Sipke koed er de kloaten ek wol ferrot skoppe as er it al perbearre. Hy moast it net weagje. Miskien wie it noch net oan kofje ta. Hy hie der ek gjin doel oer. Hy fielde it allegear ek oars oan as de oaren. Dy sieten der sa yn. Hy net. Hy moast mar ôfwachtsje wat der barre soe. Hie Pierke ek noch net frege wat er stimd hie. Koe him op dit stuit ek net ien barst skille. Hy rêde der mar mei. Foar syn part koed er de pôt op mei de godgânske rothannel. Hy socht it mar út. En oars mar net. Hy koe him oeral wol mei dwaande hâlde. Wat koe him it skille. Soe altyd wol erges goed foar wêze. Sa moast er mear! Dat alles altyd wol erges goed foar wie. Hie it wol op 't stuk, omke Jarich. Wie hielendal fan 't ket. Moast er sels ek witte. Siet hy mei aanst. Of net. Wist sels miskien net iens hoe't er him oanstelde. Moast muoike ek mar mei rêde. Soe him wol in bêst wân op 'e hûd jaan
as er thúskaam. Soed er piipje. Siet daliks yn it lyts himd as er thús wie. Sa lei it der wol hinne. Koe der bêst sa hinne lizze. Se moasten oars net te let fuort. Wie foar it jonkje ek better. Hiene de hiele dei der ek al west. Moast ek in kear dien wêze. Sa wie it moai. Hy krige in sigaret. Ynienen hied er sin oan in sigaret. Smakke him goed. Hy knapte echt wat op. Hearken, Lysbeth wie yn de bloei. De twadde al. Hie Elske him ek wol ris fertelle kind. Hy seach it no't se oerein kaam. Wie ek al in moai skoft hinne. En Elske mar seure dat hy har nea wat fertelde. Sy fertelde ek neat. Wie syn eigen skoansuster op it lêst. Koe ek net oeral nei freegje. Moast se ek mar ris wat út har sels sizze. Koe it ek net byhâlde, dy fokkerij allegear. Siet dêr wol noflik, dat bern. Fiif moanne miskien. Koe ek wol seis wêze. Lei dêr mar hwat te dobberjen yn dy grutte pûde mei wetter. Soe wol in moai gefoel wêze. Wist er ek neat mear fan. Soe wol wat wei ha fan in opblaasboatsje en lekker driuwe litte. Miskien hie Elske it him ek wol ferteld. Wist er neat mear fan. Moast er mar net sizze jûn. Koed er de hiele saak wer ferbruie. Hy harke ek noait at sy wat sei. Die no wol wer bliken. Koed er wer
| |
| |
opnij begjinne. Heareleven, sa'n berntsje. Wist it sels ek neat fan. Hie it gjin weet fan. Dat wie de beroerdichheid. Hie wol wat wei fan gewichtsleazens miskien. Bytsje sweve en sa. Koe him ek nea net in bult oan de kop falle. Keutele dêr mar wat om. Bytsje bobbeltsjeblaze en sa. Blabbere en die mar wat. Hearde ek moaie muzyk, seine se. Hie lêsten foar de tillefyzje west. Hiel aparte muzyk hearde sa'n bern. Sokke muzyk wie der hast net te finen. Wie wol te meitsjen fansels. Elektronika stie ek nerges foar hjoeddedei. Gie gjin see te heech. Hiene se in elpee fan makke. As it berntsje net sliepe koe, wie wol maklik. Tocht fansels dat er wer yn dy pûde siet. Hie ek gjin ferstân. Liet him samar ferlakke. Wie krekt rûzjen fan wetter. Net echt fansels, mar wie elektronys wol te dwaan. Wie dochs mar in bern. Wie ek fuort stil. Wie yn Amearika. Fûnen ek altyd wat út, dy idioaten dêr. Hiene fansels mei in mikrofoantsje yn sa'n frommes omwrot. Moasten sa noadich witte hoe't it dêr om en ta giet. Bytsje ferstân. Hie dat minske ferlet fan. Hie it liif al sa fol. Moasten se der ek noch in mikrefoan yntriuwe. Hiene der ek mei in kamera yn west. Hie ek noch foar de tillefyzje west. Wie nochal unyk doe. Wist er noch wol. Fûn er doe al bespotlik. Wie ek dwaasheid ommers. Koene se oeral wol sa'n ding yntriuwe. Hy fielde it al. Moasten se him net flikke. En dit binne dan de kikkertsjes dêr't lytse berntsjes fan komme! Swimme sa moai. Hiene ek fan dy leuke sturtsjes. Wiene sa fluch as wetter. Woene ek alles neigean, dy goare Amearikanen. Kamen der dochs net út. Wie ommers gjin begjinnen oan. Wist er sels wol. Wie net te dwaan. Snapte sa'n bern ek neat fan as it dy film letter seach. Koe gjin minske befetsje allegear. Wie de kop te lyts foar. Wiene de harsens ek net op berekkene. Koene no de ûnderste stien wol boppe ha wolle, mar der wie
dochs altyd mear. Snapten dy kloaten fansels net. Tochten dat se in hiele died diene. Koe it minskdom allinne mar better fan wurde. Wist de ^ald dûmny doe al fan net. Moasten net alles útplúzje wolle. Skepping wie skepping, moasten de minsken har by deljaan, wie it alderbêste. Kamen der dochs nea út. Mienden se wol. Mar der bleau altyd wat oer. Wie in grut geheim. Koe gjin minske by. Wie mar better ek fan net. Wist de Alwittende allinne. En by him wie it ek goed te plak. Moasten hielendal gjin minsken oer gear. Bleau der ek neat mear oer. Se koene oeral wol oan begjinne te skuorren. Koene se de âld bibel ek wol weidonderje at se sa woene. Koe gjin kant út. Soe wol dea wêze, de âld
| |
| |
dûmny. Wie doe al net jong mear. Hied er oars nea gjin praat fan heard. Koe hjir ek noch wol wat omstappe. Preke al lang net mear. Kuiere hjir noch wat om en hie al lang gjin prakkesaasjes mear. It soe wol wat wei ha fan in skommelstoel as in hingelmatte, sa't er libbe. Soeike en die mar war. Wist ek fan de wrâld neat, sa'n bern. Wie mar goed ek. Soe noch wol fan de bok draeme. Kaam der noch wol efter wat it wie. Wie net sa maklik. It moast in jonkje wurde. Se hiene al in famke. Foel ek net ta, in jonkje wêze. Hy wist noch net wat makliker wie. Wie al in jonkje fansels, mar moast eins noch in jonkje wurde. En in keardel. Koed er nea wer foarwei. Soe syn master noch wol thús fine. Moast der noch mar moai fan genietsje no't it noch koe. Koe noch wol hiel wat belibje. Wie noch net klear. Moast noch mar moai hwat omflinterknippe en sa. Koe no noch. Wist noch net wat der yn de wrâld te keap wie. Koe him noch wol ris raar ôffalle. Siet no noch moai yn it waarmwetterrezerfwaar, hie maklik praten. Wist er ek neat mear fan fansels, hoe't it doe wie. Wie ek nea net in film fan makke wurden. Hy hie har net oanrekke. Bestie net. Soed er nea dwaan. Se dreamden him dêr mar wat foar. Hie miskien hiel even nei har sjoen. Mear net. Moast net healwizer. Moasten se him ek net wer flikke. Dan koed er duvels wurde. Moast even te pisjen. Hy kaam oerein. Waard er no wer net goed? Moast net wer fuortgean, hear. Nee, wie neat, allinne even te pisjen. Stonk yn it húske. Hie jan en alleman ek al op west hjoed. Wie ek gjin wûnder. Omke Jarich hie op 'e rane miigd. Sieten allegear spatten op. Wie ek te beroerd fansels en fei soks even skjin mei in stikje papier. Hy die de bril del. Hie Harm op sitten te stinnen. Died er altyd. Dêrom hied er ek sa'n grouwe reade kop. Hy stinde him altyd út de naden. Fizerik. En mar lekker rûke ûnder de earms. Ferrek, it die
him sear! Hy koe suver net pisje. Woe it ynhâlde, moast dochs. Koe wol glês yn sitte. Bliksem, flime deroer. Koe wol nierstiennen ha. Nea slim lêst fan hân. Koe samar gebeure. Koe elk oerkomme. Krastyjanus, wie ek net om te hurdzjen. Miigde bloed, ferdomme! Koe hjir wol deagean. Wied er moai klear mei as it nierstiennen wiene. Soe wol net. Soe wol wat oars wêze. Wie ek gjin bloed miskien. Hie allinne mar in raar kleurke. Soe wol fan it aai komme, dat fûle kloate-aai. Hied er ek net ha moatten. Wist er fan te foaren ek net. Wie neat oan te sjen. Bytsje bloed miskien, wie hast net te sjen. Hy wie bliid dat it dien wie. Gau de broek oan en net langer oer prakkesearje. Sieten gjin nierstiennen yn de
| |
| |
famylje, net dat er wist. Sieten allinne mar otterbulten yn. Koed er Elske net fertelle. Hied er alles wer bedoarn. Woed er ommers ek net. It wie noch sa moai. Koe noch sa moai bliuwe. Bytsje fleur yn it libben, wie noait wei. Pine wie ek al lang oer. Soed er wol nea wer wat fan fernimme. Gie sa mei sokke dingen. Wie mar goed ek. Soe no wol moaie wite slipkes oan ha, Wilmyntsjes. Wiene doe fan dy rare swarte ûnderbroekjes. Ek in bytsje te grut. Siet no wol aardich strak der omhinne. Soed er noch wol ris sjen wolle. Koe ek net, wie syn eigen suster. Diene je net, sokke dingen. Hiene je net iens gedachten op. Hy koe Wilmyntsje aanst wol in tút jaan at se fuort giene. Koe bêst. Die elkenien. Wie famylje. Bytsje drank op, dan mocht it ek. Wie der neat te rêden. Hy spielde troch. Hong ek sa'n spuitbus. Wiene ek ûndingen. Dat guod stonk noch mear as in poepke stront. As je oan dat tou loeken, no, dan mochten alle ruten wol iepen. Hy die de doar ticht. De ferklikker stie op wyt. Sei ek net alles. Guon fan dy idioaten diene de doar net op slot. Hie wol ien oantreffe kind niis. Wilmyntsje soe de doar wol op slot dwaan, sa goed koed er har noch wol. Hy koe noch wol even nei bûten. Nee, hy gie net fuort. Hy wie ek net mislik of beroerd. Even in pear stappen oer it hiem. Moasten mar gjin noed ha. Siet neat efter. Begûn al wat kâlder te wurden. Waard ek al wat letter ommers. Koe jûns noch aardich kâld wurde. Soe wol net sa lang mear duorje, it feest. Pake moast ek betiid op bêd. Wie ek gjin tweintich mear. Ferdomd, dêr siet Sipke! Moai op it bankje yn it gers. Siet mar wat allinne. Hie him al sjoen. Hy koe net werom. Moast wol even mei him prate. Even by him sitte. Wie ek wol goed miskien. Hie no de kâns. Wie krekt in grut bern, sa't er dêr siet.
‘Soa, Sipke,’ sei er.
‘Goeie.’
‘Even op 'e bank, jonge?’ sei er.
‘Jaha, jong, even op 'e bank, hen.’
‘Hoe is 't oars,’ sei er.
‘Wol goed, hen. Wol goed, jong.’
‘Foldocht it noch wat yn it sikenhús dêr?’ sei er.
‘Ja, giet bêst, jong.’
‘Ferkearing, Sipke?’ sei er.
‘Neehee, jong, de famkes wolle net mei my.’
‘Hoe kin dit sa!’ sei er
| |
| |
‘Wit ik net, jong. Hindert ek neat, wol?’
‘Fyn ik ek, hindert neat. Noait oan begjinne, jonge, nim dat no mar fan my oan,’ sei er.
‘Do kinst it witte, hen!’
Moast gjin grutte bek krije. Stied er net foar himsels yn. Koe him wol besoademiterje. Koe likegoed wol mei Wilmyntsje omslaan. Moast er al goed witte wat er die. Hied er noch net mei him rekkene. Hoegde net ien finger nei har út te stekken. As er dêr lucht fan krige, wie it mei him gebeurd. Soed er him de bealch iepensnije. Soed er him de hûd fol nierstiennen naaie. Soed er him yn de pôt donderje. Soed er him trochlûke. Siet er moai yn de stront. Fize poepsik!
‘Ek mar in burd, ha 'k al sjoen,’ sei er.
‘Bytsje groeie litte, hen.’
‘Jawis,’ sei er.
Wie ek noch mar in bern. Wie net iens in puber. Soe ek nea in puber wurde. Wie ynienen in âldkeardel. Foar't er it sels wist. Tocht er dat er in keardel wie, wied er dea. Hoegde him om sa'n sielich jonkje net drok te meitsjen. Koe him net iens hurd krije. Wie like impotint as in kastrearde mychammel. Koe wol yn de hús gean. Hoegde him net drok te meitsjen, len soarch minder. Hie ek al genôch oan de kop.
‘Giest mei Sipke? Even nei it feest, jonge,’ sei er.
De kofje wie klear. Wiene ek al broadsjes. Wist er ek wol. Hie net iens lang duorre al mei al. Wie eins bêst tafallen. Hie folle minder kind. Kop die him allinne wat sear. No wol wer. Hie ek wat ôfprakkesearre hjoed. Wie net moai waar mear. Wie eins fierstente gek. Koe winliken gjin kant út. Kaam ek altyd wer op itselde del. Wie in broadsje mei tsiis. Dêr hied er gelok mei. Hie likegoed ien mei ham wêze kind. Hied er wol faker meimakke. Hied er ek nea gjin sizzen fan. Smakke him wol wer. Kofje wie ek lekker hyt. Wie ek neat oan lije kofje. Pake hie it der goed ôfrukt. Hie it ek net yn de kop krije moatten en krij in hertoanfal op sa'n feest. Koed er net meitsje. Allinne spitich fan dat wicht. Moasten se mar even wer mei hinne gean. Lei miskien wol yn de winkel. Hiene se dêr ek al fernommen. Koe de âld man net folle skille fansels. Mar it moast goed. Wie ek foar betelle. Elske hie it jonkje al ûnder. Gie no hurd ynienen. Moast ek net te let op bêd, jonkje sliepte al sa min bytiden. Hie oars noch wol even sitte wollen. Noch even neiprate. Wie ek altyd wer itselde. As er fuort moast,
| |
| |
ja dan, dan moast er it noch even helje. Koene krekt net mear by ljocht thús. Miskien noch krekt. Siet der sawat. Baukje woe noch in kop kofje ynjitte. Moast mar net, sei Elske. Seach nei him. Ja, hy wie der klear foar. Hie net tocht dat it sa hurd gean soe. Waard no ek wol tiid oars. Hie moai west. Moast moai bliuwe. Koene noch wol langer sitte, hie gjin sin. Dat iene oerke. Oaren koene noch wol even sitten bliuwe. Hoegden sa fier ek net. Wie gau in pear oeren rieden. Hiene ek grut gelyk. En hiene der al sa lang west. Wiene de earsten. Hy koe al ôffûstkje. Pake mar earst. Hearde ek sa. Lake, de âld man. Koe net moaier. Joech it jonkje in tútsje. Hy gie it hiele stel bylâns. Oft er wol ride koe. Ja, gie no wol wer. Mankearde him neat. Moast de kop der goed byhâlde. Ja, kaam wol klear. Hie kostbere tracht. Ja, wist er. Bewarre Wylmyntsje foar it lêst. Hy joech har in tút. Se lake. Hie it net iens yn de gaten. Wat, dat wist er sels ek net. Wie ek neat om yn de gaten te hawwen. Wie gewoan in tút. Wie syn suster ommmers. Snapte elkenien. Neat fergetten? Neat fergetten. Koene der wol lâns? Ja, stie gjin auto foar. Hearken, omke Jarich. Hie de hiele omke Jarich fergetten. Gau hantsje jaan. Hie net fan dy fize hantsjes teminsten. Knypte ek altyd wol aardich ta. No ek wer.
‘Hein, jonge, it bêste! Hoe is it mei dyn skriuwen?’
‘Dat is gebeurd,’ sei er.
Wie ek sa. Hie yn gjin jierren in wurd op papier hân. Wie oerbettere. Wie stom miskien. Koed er wol ris wer mei úteinsette. Wie altyd wol erges goed foar. It waakse him dochs allegear mar boppe de holle. Koed er it miskien allegear wat begripe allegear. Dat sa'n omke Jarich dêrnei frege. Die him dochs wol goed. Siet noch wol wat kultuer yn dy man. Goed, wie wat in blaach, mar dêr moast er dan mar trochhinne sjen. Ja, hy soe foarsichtich ride. En even twa kear de tillefoan oergean litte at se thús wiene. Net ferjitte! Doede gie mei nei bûten. Se moasten mar ris in wykeintsje komme. Jawis, gesellich. Diene se dochs net. Hy moast Baukje betankje. Wie geweldich, wat sij allegear dien hie. Petsje ôf. Hie gjin petsje op. Mar oars? Petsje ôf. Jaske lei noch yn de auto, seker. Wist er ek net. Koe ek neat skille. Die it jaske dochs net wer oan. Pak koe ek wol wer yn de kast. Koe it jaske wol mei opsetsin ferlieze. Soe wol yn de auto lizze. Elske sette it jonkje yn de auto. Sliepte moai. Wie ek in wûnder. ‘Ast' noch hintsjes ha wolst...’
‘Nee, moat mar net,’ sei er.
| |
| |
Wie neat wurdich, hinnen. Krigen dochs gjin fretten by him. Koed er himsels wol foar. Hie ek wol kninen hân doe't er sa'n jonkje wie. Wie ek gjin skyt wurdich. Ferrekten fan de honger. Hy wie gjin knineman. Hy stapte yn. Wie hurd gien allegear. Foel him ta. Hie wol folle langer duorje kind. Hie ek noch al even sliept, hen. Skilde ek. Wie dochs bliid dat er noch even mei Abel praat hie. Hie Abel ek net iens dachsein. Hoegde ek net. Frege Abel ek net fan him. Abel koe him wol in bytsje, dat skilde in stik. Elske krige in tút fan Doede. Mocht har de mûle ôffeie. Fiis hantsje joech Doede altyd. Soe ek wol net sa'n fris tútsje jaan. Koe oars mei de bonken fan Wilmyntsje ôfbliuwe. Koed er him no yn de efterút krije of net! Hy joech gas. Doede bekjelûke en laitsje. Wer gas. Fuort. Hy ried it hiem ôf. Stiene ek noch guon foar it rút. Even toetsje, wie altyd wol aardich. Wie Wilmyntsje net by. Snapte ek neat! As er mar ien kear op de grutte dyk siet. Fjouwerbaans gie altyd hurd. En it woe noch wol aardich ride, sa't er no ried. Rûn noch as in trein, it moterke. Koe it him noch bêst dwaan.
‘No, gesellich, net?’
‘Bêst gesellich,’ sei er.
‘En dêr hast no sa op omkankere de hiele wike. Hoe is it oars.’
‘Giet bêst op it heden,’ sei er.
Wie miskien net iens ferkeard as er wer wat begûn te skriuwen. Koe wol in ferhaal skriuwe oer hjoed en sa. Moast wat yn in kader set wurde fansels, mar wie op himsels sa raar noch net. Hie him hiel wat ôfspile yn dy âld kop fan him. Moast er mar ris op in rychje sette allegear. Wie altyd wol erges goed foar. Snapte er der sels faaks ek wat mear fan. Dat hie skriuwen foar. Bêste keardel, dy omke Jarich. Moasten him even kenne, dat wie de hiele kloe. Wie in moai pertret as er it ienkear op stuk hie. Gers wie dochs wol ferrekte giel hjir. Wêrom't dy idioaten soks no deaspuiten. moasten dochs wat om hâns ha. Koed er him ek net drok om meitsje. Wie aanst op de grutte dyk. Dêr gie it hurd. Se wiene ek sa thús.
‘Sliept er?’ sei er.
‘Ja, hy hat hatstikke leaf west hjoed.’
Wie dochs wol in bytsje bespotlik dat se samar it boarst bleat makke foar de hiele santemeklyk. Koe dochs eins gjin kant út. Mocht se wol witte ek. Koed er net sizze. No better fan net. Wie sa moai. Moast se har
| |
| |
oars wol yntinke kinne. Wie dochs hiel normaal dat er dêr in hekel oan hie. Soe elke man sa gean. Koed er better net sizze. Wie better fan net. Wist er sels ek wol.
‘Wie foar pake ek in moaie dei.’
‘Jawis, dy man ferjit dit noait wer,’ sei er.
‘Hoe bedoelst!’
Nee, bedoelde er neat mei. Sa fier wiene se al. Hy moast altyd wat bedoele. Moast altyd mear efter sitte. Moast se net tinke. Wie in gewoane opmerking. Moai prate en moai nei hús ta ride. Wie gjin better plak as thús. Wiene mar ien goed plak noadich. Lekker op bêd en noch in bytsje frije.
‘Ik bin oars deawurch.’
‘Wêr moatsto wurch fan wêze,’ sei er.
Nee, sa net. Koe noch wol wat tafalle. Hy moast him net lulk meitsje. Waard it allinne mar minder fan. Bytsje meiprate. Bytsje bydraaie aanst. Kaam noch wol goed. Har net tsjin it hier ynstrike. Hie neat gjin sin. Wie nerges goed foar, kaam oars net as lijen en ellinde fan. It wie net drok. Hy koe sa de grutte dyk op. Soe aanst noch wol komme. Jongfeinten dy't nei de faam ta moasten. Wie altyd sa sneontejûns. Wie sa let ek noch net. Soene noch wol fan de bok dreame, dy knapen. Hong har noch hiel wat boppe de holle. Koene sy ek net witte. Wie ek mar better fan net. Hiene se ek gjin wille wer. Moast der dochs by, in bytsje wille. Gie lekker hurd no. Hie ek neat mei Ale noadich. Die al lang net mear yn auto's. Hied er ek gelyk oan fansels. Pierke stimde ek CDA fansels. Koe net oars. Stimden allegear CDA, dy't it wol goed fûnen, dy't it in soarch wie, dy't it wol seagen, dy't wol wisten wêr't se oan ta wiene. Dy Van Agt wie ek in pûdsjeplakker. Suertsje by de boatskippen. Dy Den Uyl wie ek gjin hier better. Miende sels fan al. Mar wie net ien reade stoer wurdich. Stie mar wat te razen yn syn suterich reinjaske. Koe oars wol in fatsoenlike jas betelje, soene je sizze. Fertsjinnen jild by de bult, dy mannen. En dan mar fakânsje halde yn in tintsje en strûpmûs ite. My hý trape der net yn, hy net. Wiegel ek mei syn bolknakbekje. En mar raze. Terlouw ek, boekjesskriuwer! Woe ek wat sizze. Koe him better stil hâlde. Allegear polityk. De Gaay Fortman ek mei dat rare bienderke ûnder de noas. Ria Beckers ek. Wie ek neat wurdich, froulju yn de polityk. PPR wie neat mear. Hie ek nea wat west. Marcus Bakker ek. Van der Lek ek. En Van der Spek
| |
| |
likegoed. Wiene allegear dweilen, stik foar stik. De wrâld hie ek ferlet fan dweilen. Soe oars ek mar in soepsoadsje wurde. Hy moast oars ek net sa raar. Miskien wiene se allegear wol poerbêst. En wát in dweil wie gau 2.25. Hy moast ek net altyd it negative nei foaren helje. Siet yn elk wol wat negatyfs. Wie op him ek wol wat oan te merken. Seach er miskien sels net. Mar wie wol sa. Koe wol de aldergrutste dweil wêze dy't hjir op twa poaten omrûn. Hy koe better net sa prakkesearje. Wie alles folle makliker. Hied er ek net sa gau in oardiel klear.
‘Witsto wol dat Lysbeth yn ferwachting wie,’ sei er.
‘Dat ha 'k dy ommers ferteld!’
‘Ja, dat is ek sa, ik wit it no noch wol, do hast it my ferteld, nosto dat sa seist, ja, no wit it it noch wol,’ sei er. Dat wie goed beteard. Se hie it him ek ferteld, koe net oars. Se fertelde him alles. Allinne, der ûntkaam him wol ris wat. Moast er allegear mar net sizze. Hy wist it ommers wol. Hy koe it witte teminsten. En hy wist it ek wol.
‘Jawis, hoe kin ik ek sa,’ sei er.
Wie miskien wol wier wat er dreamde. Koe bêst wier wêze. Miskien hied er har wol oamrekke. Wist er miskien net mear. Mar koe dêrom noch wol wier wêze. Hy dreamde net om 'e nocht. Seach er sels hoe min as er wie. Hied er ek nea fan himsels tocht. Moast ek net sa gau oer in oar prate. Hie genôch oan himsels. Lei der miskien hiel oars hinne allegear. Koe wol de grutste ûnnut wêze dy't hjir ea omstapt hie. Tocht dat er hiel wat wie. Wie neat. Dat wie de grap. Miskien moasten se har allegear wol deagnize no't er fuort wie. Leine se allegear plat. Hy koe him better mar wat ynbine. Hie neat te melden as it der op oankaam. En it kaam der op oan. Hiene him allegear wol troch, stik foar stik. Wisten allegear wol dat er him siik hâlden hie. Wie ûnder tsjinst ek al sa. Knypte er de kont der ek altyd al út. Moasten je yn de gaten hâlde, sokken. Wisten har plak ek net. Koene ek gjin ferantwurdlikheid drage. Wiene winliken nerges geskikt foar. Libben allinne mar op kosten fan de mienskip. Moasten ûnderhalden wurde. Sokken wiene it deaskoppen net wurdich. En dêrom libben se noch. Dat wie har gelok.
‘Harrekrammele, no leit dy kat dêr noch! Dat snap ik no net, dat der net ien is dy't sa'n poeske even fan de wei kriget.’
Lei der noch, dy kat. Wie al lang platriden. Harsens leine even apart. Wiene him út de kop riden, de harsens. Hoegde ek net mear te tinken.
| |
| |
Wie fan alles ôf. Lei dêr mar en liet mar wat oer him hinne ride. Wie wol maklik. Gjin harsens mear yn de kop. Harsens wiene ek al lang platjage. Wie neat mear fan oer, dy harsens. Koed er ek neat mear mei, wie dochs al dea. Hie gjin ferlet mear fan harsens. Harsens koene him stellen wurde. Hied er neat mear mei op. Hie ek al fierstente folle byinoar tocht, dy goare kat. Wie bliid dat er derôf wie. Koe ek wol oan it prakkesearjen bliuwe. Hie dy iene auto ôfwachte en wie der oergien. Hie der al lang genôch fan, dy ferrekte rotkat. Hy woe it wol bestjerre. Hie it ek wol besjoen. Kat wie ek net ûnnoazel.
‘Ha 'k noch net mei heit praat,’ sei er.
‘Wy komme dy kant noch wol ris wer út, sille wy hoopje.’
‘Jawis, wy komme dy kant wol ris wer út,’ sei er.
Wiene genôch dy't wol ruilje woene mei dy goare kat. Wiene by it soad dy't wol lykom woene. Wie wol maklik, harsens even platride litte. Wiene ek auto's by de rûs. Wie sneontejûn. Oardel oere, wiene se ek thús. Koed er him deljaan. Soe tiid wurde ek.
(1977)
|
|