Oan de skriuwers
Wy binne der noch net, mar wy helje wat yn.
At nammentlik de foarskotten op de subsydzjes fan 1981 en de ôfrekkens fan de subsydzjes fan 1980 fan it ministearje fan K.R.M. en de provinsje Fryslân loskommen binne sil der, nei't der in part fan it jild reservearre is foar de printer, in begjin makke wurde mei it útbeteljen fan de skriuwersjilden fan 1979. Dat sil sa likernôch begjin maaie heve. (De skriuwersjilden fan 1978 waarden ferline jier earst yn novimber betelle). Fan it Fûns foar de Letteren krije wy ek dit jier wer in bedrach foar oanfoljende skriuwersjilden. Dat wurdt daliks trochbetelle (ein april).
Sawol K.R.M. as it Fûns hawwe har bydragen foar 1980 net ferhege: K.R.M. f 17,25 de standertside.
Fûn f 16,50 de standertside.
Eltse meiwurker, dy't noch jild te'n goede hat fan jiergongen fan foar dy fan 1979 moat efkes kontakt opnimme mei de administrateur.