Geart van der Meer.
Fan in grimmitich jonkje en literaire bledsjes.
It wie mij suver hast al wer fergetten, mar YN DE KOPEREN TUN brocht it mij okkerdeis wer yn it ûnthâld. Ditte:
Mar werris in roman skriuwe? It griist my oan en dan praat ik noch net iens oer al dy grimmitige jonkjes fan de literaire bledsjes, dy't der, sa liket it wol, op sitte te wachtsjen om dy wer in wâd ûnder de hûd te jaan as it boek, nei op syn minst in jier, útkommen is.
Wis, wis, as it min is, moat dat sein wurde, mar se helje der fan alles by wat wol sear docht, mar wat mei dyn boek neat út te stean hat.
en eefkes fierderop:
... ek gauris minne kritiken, meast fan lju dy't sels noait wat knaps skreaun ha en dat nei alle gedachten ek noait dwaan sille...
Sjesa, dat liket der op, sille grif in protte lêzers tocht ha, doe't se dizze wurden liezen yn Jan J. Bylsma syn stikje ‘Skriuw ris in roman’ yn ‘DE STRIKEL 1981, nr. 2. Ja, it is fansels wol moai sein, mar sa't wol faker it gefal is mei dingen dy't moai sein binne, dêr hâldt it dan ek wol mei op. It is wol o sa maklik om sokke swiere beskuldigingen De Strikel yn te slingerjen, mar Jan J. Bylsma meant hjir mei in ôfgryslik stompe seine, want man en peard neamt er net.
Fansels net.
Want dan moat er syn beskuldigingen wier meitsje.
En dat falt net ta.
Dus dan sa mar.
Mar beskuldigingen sûnder bewizen lykje wol wat raar op skellerij.
En dêr is DE STRIKEL te goed foar (nim ik oan).
En dochs... it hat in bulte fan ordinaire skellerij.
Tink mar ris oan ‘al dy grimmitige jonkjes’.
En: ‘de literaire bledsjes’.
En: se sitte der op te wachtsjen om dij in ensafuorthinne te jaan at it boek einlings ensafuorthinne is.
En dy ûndogenske jonkjes fan dy stoute bledsjes helje der dan ek noch in soad bij dat neat mei it boek út te stean hat.
Fuoi!
Wylst je sa je bêst dien ha op dat boek.
Fergémy noch ta!
It is dochs in FRYSK boek?