Eppie Dam
Oera foar de Q
Wol wat oan de lette kant, mar it top-tsien-en-tweintich-wêzen hat dan dochs syn yntree dien yn de Fryske literatuer. My tinkt, Joop Boomsma en Jan Pieter Janzen hawwe ús om raak gerive, want mei de hitparade yn de hân witte wy no einlings wa't ús grutte skriuwers binne. In hiele soarch minder. Wy hoege ús de harsens ek net mear te brekken by it oanrissen fan in nij Frysk boek, want de kroaden daverje tenei mei opplakte best-sellers-listen troch it Fryske lân. Trije mei stip: DJ. Weening-Meijer en it Loslitte-trio. Noch mar ien stap fierder en der lizze allinne noch mar topnotearrings yn de kroaden. Underyn de steapels boeken dy't dochs net nei it folk ta wolle, sa't de boppestebêste noch wat heger komme te lizzen en justjes even better derút kypje.
At Jan Pieter Janzen (yn De Strikel 81-2) it hear fan 1980 oersjocht, ‘dan moat de konklúzje wol wêze dat de Frysk-lêzers ferlet ha fan nij wurk fan Speerstra en Van der Velde, fan poesy-albums (!?), geastlike lektuer, jierboekjes en -kalinders en fan oersettings fan klassike stripferhalen.’ En dat binne dan fansels krekt de skriuwers en de genres dy't yn dat kroadejier giene dat it slydjage. Ja ja, sa moatte je mar begjinne. Yn itselde nûmer fan De Strikel sjogge wy wat der fan komt. Krekt no't wy allegear op in nije Jan J. Bylsma sieten te wachtsjen, docht de man ús tynge fan syn foarnimmen om nea wer in roman te skriuwen, om't de ferkeapsifers dochs ôffalle. En dan foar ‘dy pear rotsinten’, gean wei. Sjoch, sa slane de sifers en de sinten no al foar master op, dat ús Jan J. it romanskriuwen deroan jout en tenei oerlit oan in oar. Mar earst set er noch al even alle literaire lijen en ellinde op in rychje, want Fryske boeken skriuwe, der is gjin minder. ‘Sjesja’, seit er dan foldien, ‘de jonge romanskriuwer wit wêr't er oan ta is, ik ha him warskôge. Lykwols, hy moat it der net om litte en miskien ferskine der yn 'e takomst wol prachtboeken, nijsgjirrige, asembesettende masterwurken, mar it is net ûnmooglik dat dy net ‘wolle’; noflike lêsboeken wol en dy binne der planteit.’
Boeken dy't net wolle, Bylsma? Nee, Bylsma. Bylsma's dy't net wolle! Selden haw ik fan in skriuwer sa'n beskamsum stikje ûnder eagen hân. Hoe is it yn de frede mooglik dat jo jo troch sifers, sinten en kritiken derfan wjerhâlde litte kinne en skriuw in roman. At jo der wis fan binne dat jo wat goeds meitsje kinne, wat kinne jo dan oars as: skriuwe! Oplaach as net, krityk as gjin krityk, skriuwe, deale! Bylsma, wêr is jo ropping, jo driuw, jo befleinens? Binne jo wol in skriuwer, Bylsma? Wat sitte jo no as in húshâldster yn de himmeldagen te eameljen dat skriuwen sa'n ‘hûd tol wurk’ is? Wat woene jo dan oars, Bylsma? Dat jo roman út de