Tichelwurk
Jelle Kaspersma
Inkelde opmerkings oer ‘In folk dat dichtet kin net stjerre’ fan Ella Wassenaer.
Ik bin it oer it generaal wol aardich iens mei it stik dat Ella Wassenaer skreaun hat oer Peter Blue Cloud en syn wurk, mar in pear dingen binne net wier.
Op side 304 wurdt it pertret fan Apiatan (Houten Spear), in haadman fan de Kiowa-yndianen, oansjoen foar in foto fan Peter Blue Cloud.
Yndianen ha besocht oansluting te krijen by de Feriene Naasjes, mar dat ha se noch net krigen.
Op side 305 doocht it jiertal 1885 net. Dat moat wêze 1876.
Peter syn hantekening is
Op side 310 stiet ‘Redneck’. Rednecks binne Amearikanen dy't wol stjerre wolle foar de Amearikaanske flagge en boppedat tinke hja tige rasistysken faksistysk. Ella Wassenaer sil ‘Redskin’ bedoele. Yndianen wurde der nochal ris foar útmakke.
‘De Nevada’ moat wêze Nevada, of Sierre Nevada. ‘It lûd fan kreakjende tallen’ (side 312) moat wêze ‘it lûd fan it kreakjende fallen’.
Milkweed (side 314) is gjin stikelplant.
‘Little Big Horse’ op dyselde side moat wêze ‘Litte Big Horn’.
‘Ochre Iron’, ‘Dawn’ en ‘Untitled’ wiene tige slim om oer te setten. Boppedat fûn Peter se eins te persoanlik foar publikaasje.
Faaks kin de redaksje fan Trotwaer besprekken fan oersettings foar publikaasje better earst even nei de oersetter stjoere. It soe alteast net nedige flaters foarkomme kinne.