Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 66] [p. 66] geart van der meer skieding wyt fan koweblommen de polderdyk. de reiden grien. it wetter flûnkerjend en klear. en oer de stannen sûzeljend in suchtsje sudewyn. al sûzjend lei 'k, lyts jonkje doe, en 'k wie oars neat as sjen, en harkjen. de ljurk yn mij dy klom en song en klom. myn sjen wie wyt fan blommen - wie 't skom fan molke, brûzjend yn 'e tsjems; molke dy't ús heit mei fearjende gong de planke oerdroegen hie, de sleat oer, dêr't myn wêzen oan de loft en 't wetter net ûntkaam-: ik hong yn 't djip, ik ljurk dy't song, fan bining en fan skieding wist ik net - ik ha der wer west, mij jierren letter bûgd oer 't spegeljen yn 't stille wetter, mar 't skodholle: nee, nee, do bist it net. [pagina 67] [p. 67] iis hoe rieden wij tegearre oer 't swarte iis mei 't wite skraabsel waaiend fansiden! hoe seagen wij ús eigen byld gliden, manmoedich ús slaggen slaand, ûnder ús. hoe frij ha wij swalke op ús tochten, do nêst mij, licht foaroer, 't each op 'e kym, de wite lannen ljochtsjend en de skyn, fier, fan ljochte fierten dy't wy sochten en fûnen faak. 'k ha dij ek sjoen tsjin mear as mânselhege reiden, dy't, bûgend en rizend ferearing dij betsjûgjend, dij oanbeaën, prinsesse (fan alear, fan 'n blau, waarm ryk... of eigen fabelwrâld?) en 'k ha myn waarme hannen op it iis lein, en ynswart hat it winterskrift ús sein: tin is de grins, en de djipte kâld. Vorige Volgende