| |
| |
| |
A. Feitsma
Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn
Ynlieding
Der is de lêste tiid gauwris óp wiisd dot Obe Postma syn wurk net te krytykleas besjoen wurde mat. Dot lyket myun frijwot oerstollige fermwanning ta. Der binne hielendol net safólle skôgingen oer Postma dêr't olles fon de dichter moai yn fûn wurdt. Gwón skôgers witte órnaris ek even te goed dot Postma un ôd mon en un ôdfeint wie dêr't nog wól ris un pear anekdoaten oer geane en dy't eins wot bûtten de wrôd stie fon de insiders dy't, lykos dy skôgers sels, yn it fólle libben steane en fwar fól oansjoen wurde matte.
Ek de skôging fon Geart van der Meer yn Trotwaer 1979, s. 209-256, hat my fondotoangeande de nedige argewaasje jûn. Op syde 229-230 skriuwt Van der Meer dot wy fon Postma ‘mei syn beheinde ûnderfining’ gjin fersen ferwachtsje kinne ‘oer grutte machtige dingen lykas wrâldoarloggen’. En Postma syn gedichten oer syn freonen dy hied er nedig ‘omdat er se net hie’, ómjerret Van der Meer (s. 235). Van der Meer kónklúdjerret jir wól hiel frijmoedig út it dichtwurk ta de persoan fon de dichter.
Un oar fwarbyld fon un wot hastige kónklúzje oer de persoan fon Obe Postma fyne wy yn Tamminga syn ópmerking yn syn ynlieding ta Postma syn samle fersen: ‘[...] hwant hoewol grif net sûnder jeften foar de mathesis en de fysika, sjoen ek syn publikaesjes as jongere learaer yn faktydskriften, moat er himsels by einbisiút tajaen dat er winlik gjin bysûndere oanliz hie foar de natuerwittenskippen.’ (Samle Fersen s. 11). Dy ópmerking fon Tamminga berêst net óp it dichtwurk fon Postma, mar óp un ópmerking fon Postma sels dy't Tamminga mei wot te min gefoel fwar kóntekst en núônses yn Postma syn eigen ópmerking dêroer fwórt mar oerset hat yn un ‘by einbisiút’ ûnfóldwaande rapportsyfer fwar Postma. (sjóg oer Postma syn ópmerking ek ûnder De jónge jirren fon Postma).
| |
| |
En wot matte wy oan mei Durk van der Ploeg os dy himsels neffens eigen sizzen (L.C. 25-11-1978) net los meitsje kin ‘fan de gedachte dat Postma yn guon opsichten in hwat ûnpraktysk hearke wie. Yn hâlden en dragen hwat âldfeintich en jong âld. Hy libbe hwat bisiden de werklikheit. En as er ai ris yn oanreitsing kaem mei dy foroarjende wrâld, dan skreau hy dêr oer mei in biwûndering dy't my soms tinken docht oan forfrjemding.’ Ja, de kronte mat ek fól, sille wy mar sizze. Postma kin it ek net helpe dot er ol moai ôd wie dû't Van der Ploeg syn namme fwar it earst jerde. Mar Postma os un mon fon regressy en réaksje tsjinoer de moderne wrôd, dot wurdt yn olle gefollen hiel dúdlik tsjinsprutsen tróg it wurk fon Postma sa't dot fwar us leit. Sjóg dêroer b.g. it sytaat fon Postma oer ôd en nij yn de lônbouw ut syn: De Friese boer toen en nu (1952), oanhelle yn FRYX jg. 1, (1980), nr. 2, s. 32. Ol fon it begjin ô wurde de wûnders fon de stêd pôsytyf skôge by Postma. Ik sil de fwarbylden net neame; dy lizze fwar it ópskeppen.
By safólle misbegryp oer de persoan Postma is it ljo ik goed óm inkelde byografyske feiten wot dúdliker nei foaren te heljen, benammen wot it geastlik klymaat oangiet dêr't er yn libbe en tróg beynfloede is. Dot is net sûnder belang fwar un better ynsicht yn de ûntjouwing fon de dichter en fwar de ynterpretaasje fon syn wurk. Fjirder wól ik benammen wot sizze oer de relaasje tusken Postma syn poëzij en syn skôgjend proaza, syn ferhôding ta it frysk, syn fysy óp poëzij yn it olgemien en fólksdichting yn it bysûnder, syn polemyk mei it nasjonaal-sosjalisme en it plak fon de homoseksúalyteit yn syn wurk. Ik ha besocht óm Postma sels sprekke te litten. Tróg it óp sa'n manier óprêden fon ôde en nije stereotypen oer Postma, kin de wei frijmakke wurde fwar sa reëel mooglike analises yn 'e takómst. It soe nammers wólris wêze kinne dot it bûkje Oer Obe Postma mei skôgingen fon ôdere skriuwers (Sierksma, Wadman, Brouwer) fwar nijere analises langer wearde hôdt os Van der Meer syn skôging yn Trotwaer.
It stik oer De jónge jirren fon Postma, dot no earst fólget, is wot langer wurden os ik oarsprónklik fon doel wie, mei't der nije en nijsgjirrige gegevens fwar it ljocht kamen út de olmenakken fon de Amsterdamsche Studenten-Bond. De oare byografyske gegevens dêr't gjin bwarne by neamd is, binne ûntliend oan Douwe Tamminga syn Ynlieding yn de Samle Fersen fon Obe Postma (s. 9-23), en yn inkelde gefollen oan ‘originele’ bwarnen.
| |
De jónge jirren fon Postma
Obe Postma (berne 1868) syn heit, de fryske boer Piter Obes Postma, hie niget oan skiednis en (hollônske en fryske) poëzij (b.g. J.J.L. ten Kate, P.A. de Genestet, H. Tollens, J.C.P. Salverda, J.G. van Blom), en makke sels ek wól fersen.
| |
| |
Obe Postma os stúdint.
Jan Lamvertus Rinia, neef fon Obe Postma, berne 23-8-1866 yn Kwarnwert, yn Haarns óp 'e HBS, fon 1886 ô stúdint yn Amsterdam, lid ASB en ‘Fryân’, ‘arts’ yn 1899, dokter óp Skylge.
Yn syn (legere) skwaltiid lêst Obe Postma un soad: yn de skwalklub Demosthenes fon it snitser gymnasium waard oan dichtsjen en wólsprekkendhyd dien, ‘wij setten Homeros oer en sa mear’ (Nieuw Friesland, 11 oktober 1947), mar, seit Postma sels oer it ûnderwiis dêr: ‘de doar fan de literatuer kaem by ús net sa fier iepen’ (Fan Snits (Heitelân 1956, s. 152) (Samle Fersen s. 329-330)). Yn syn snitser tiid hat Postma hollônske fersen makke mar ek un fryske oersetting fon un frônsk balla-de-eftig gedicht Christine (lykjend op Lenore fon Bürger). Yn syn gymnasiumtiid foel ek de striidskriuwerij tusken Troelstra, Wagenaar en Hepkema. De jónge Postma hat yn dy snwórje mei un skwallemaat, Gerryt Wagenaar, un broer fon Lútsen, ris un wykein op de posterij fon ds. Wagenaar yn Heeg west (Tsjerne 1953, s. 74).
Postma keas tsjin syn heite sin de bêta-kont óp it gymnasium. Tsjin ds. Kalma seit er letter: ‘Ik wie ta de wiskunde kommen, om't ik in andert socht op de fraech nei it wêzen fan de dingen. Ik wie fan ethyskorthodox komôf, mar yn it âlde leauwe foun ik it net mear. Mar de wiskunde
| |
| |
syde út it ALBUM DISCIPULORUM 1873-1884 fon it snitser gymnasium.
joech mij net, hwat ik der fan forwachte hie.’ (Nieuw Friesland, 11 oktober 1947). En tsjin Tamminga seit er oer syn kar fwar de wis- en natuerkunde doedestiids: ‘Ik tocht doe noch troch de mathematica it wêzen fan de dingen neijer to kommen. Dat foel ôf. Ik hie eins gjin bysûndere oanlêch foar de natuerwittenskippen.’ (Tsjerne 1953, s. 75).
Postma stúdjerret yn Amsterdam wis- en natuerkunde (1886-1892). Op 22 maaie 1889 dógt er syn kandydaatseksamen (cum laude) (Almanak ASB 1890, p. CXXXV), en óp 25 oktober 1892 syn doktoraal. Ut syn lettere fersen en út syn Brieven uit Amsterdam yn de L.C. fon óm 1890-1891 hinne is goed óp te meitsjen hû tige ot er meilibbe yn it amsterdamske libben en wot dêr kultúreel te sjen en te jerren wie.
Postma wurdt óp 18 oktober 1886 lid fon de Amsterdamsche Studentenbond, dy't op 10 desimber 1885 óprjóchte wie os réaksje óp de kónservatyve ‘mores’ fon it stúdintecorps. Un mwanne nei Postma syn ynaugúraasje os ASB-lid, óp 19 novimber 1886, wurdt it frysk stúdinteselskip Fryslân óprjóchte os erkinde ‘Bondsvereeniging’ fon de ASB.
| |
| |
Douwe de Witte (1868-1957), 1883-1887 óp snitser gymnasium, fon 1887 ô stúdint yn Amsterdam, lid ASB en ‘Fryslân’, ‘arts’ yn 1899, dokter yn Heeg.
Gerardus Wagenaar (1866-1941), broer fon Lútsen Wagenaar, 1880-1886 óp snitser gymnasium (eineksamen A), 1895-1907 dûmny yn Ljouwert.
Yn de olmenakken fwar 1888 en 1889 wurdt Postma neamd os ‘scriuwer’ en yn dot fwar 1890 os fwarsitter fon Fryslân. (Yn It olmenak fwar 1887 wurdt de bestjoersgearstolling net neamd). Neffens it olmenak fwar 1891 sit Postma net mear yn it bestjoer, mar wól binne hy, J.L. Rinia en D.J. de Witte karmasters fwar ‘'n prii(s)skriuwerije ûnder 'e lidden’. Yn it olmenak fwar 1892 wurde Postma en S.B. Prakken, dy't yn 'e rin fon it jier (1891) betanke hawwe, ‘twa iiverige leden’ neamd, ‘hwaens hert altiid foar “Fryslân” en hjar memmentaal gloeide’. Os bestjoersleden fon Fryslân wurde yn de olmenakken fon 1888-1892 bûtten Postma neamd: T.S. van der Ley, J.L Rinia, H. Reinink (dy't de olmenakredaksje fwar 1888 ‘van groot nut was bij de beoordeeling der Friesche stukken’ en dy't óp de ‘19e fen Wynmoanne’ 1891 earelid fon it selskip wurdt), D.J. de Witte, S.B. Prakken, J. van Haga en P.B. Hibma. Ek B.H. Nauta wurdt neamd os lid fon Fryslân (Alma Mater 2e jg. (1889), nr. 2). Neffens it olmenak fon 1889 (dus yn 1888-1889?) wenje Postma en D.J. de Witte óp itselde adres (Jan Steenstraat 203) (yn jerdere en lettere olmenakken
| |
| |
Bauke Harings Nauta, berne 6-12-1867 yn Snits, 1880-1886 óp snitser gymnasium (eineksamen B), fon 1886 ô stúdint yn Amsterdam, lid ASB en ‘Fryslân’, ‘arts’ yn 1902.
Sybe van der Leij, berne 17-3-1867 yn Haskerdyken, 1879-1886 óp snitser gymnasium (eineksamen B), fon 1886 ô studint yn Amsterdam, lid ASB (en) ‘Fryslân’? ‘arts’ yn 1899.
binne de adressen ferskillend). Postma hat it letter oer ‘myn kontubernael Douwe de Witte en ik’ dy't abonné wiene óp For Hûs en Hiem (Tsjerne 1953, s. 74). ( For Hûs en Hiem begûn yn 1888).
It stúdinteselskip Fryslân sil wól ‘ús Fryske studinteklub’ wêze dêr't Postma letter fon seit dat se dêr ‘om bar ek in Frysk dichtstik meitse’ mwasten (Tsjerne 1953, s. 74). D.J. de Witte, dy't dokter west hat yn Heeg, karakterysjerret yn un ynterview yn de L.C. fon 23 augustus 1952 (mei (Douwe) T(amminga)) dot ‘Frysk Studinteselskip’ os ‘sa'n nocht-en-wille-spultsje, dêr't min foroaring yn to krijen wie’. De Witte, dy't fon Skuzum kaam, koe Postma ol fon 'e Makkumer Mulo en fon it Snitser Stedsgymnasium, mar Postma siet ‘in klasmannich heger’. De Witte fertelt dêr ek oer syn kóntakten mei Postma: ‘Hy wie de primus fan 't gym, in útrinder, in echte biminlike stúdzje-keardel. Wy sieten to Snits yn itselde kosthûs en mei myn wiskunde hat er my wol gauris holpen. Mar soms moast ik sizze: hâld mar op, Postma jong, it is my net dúdlik! Dan socht er it my to djip, sjoch. Letter yn Amsterdam moeten wy inoar
| |
| |
wer as studint oan 'e Stêdsuniversiteit. Ik hie fansels in oare fakulteit, mar de kolleezjes fan 'e forneamde Van der Waals rounen hy en ik beide; wy ieten faek togearre en wiene beide ek lid fan it Frysk Studinteselskip.’
Yn de Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1887 (de earste jiergóng!) steane ol fryske bydragen: In Frysk liet fon O. en twa fryske varia út de Halbertsma's. De dichter O. (nei olle gedachten Obe Postma) draagt yn dot olmenak ek un hollônsk fers by: Lente-liefde. Yn it olmenak fwar 1888 steane ûnder mear twa fersen fon Memini: Stille boden en Hwet ik woe, en Hertespreak fon Bouke. Neffens my stiet ek de skûlnamme Memini fwar Obe Postma. Yn it olmenak fwar 1889 stiet wer un (hollônsk) fers fon O: De dichter. Oan fryske fersen steane der yn de olmenakken oant en mei 1892 fjirders nog: Winter fon Thialf (1889), Oan ***** (fon Blanco (= D.J. de Witte?)) (1890), Skiede (fon Bijke)(1891) en Rou-sang (wer fon Blanco) (1892). Der steane ek yn de jiergóngen nei 1887 gauwris (un pear) fryske ‘varia’.
Wot Postma syn fjirdere funksjes yn de ASB oangiet, hy wurdt op 28 febrewaris 1887 keazen os lid fon de olmenakredaksje en betanket dêr wer foar óp 10 septimber fon itselde jier. Yn it olmenak fwar 1890 is er praeses fon it fakulteitsbestjoer wis- en natuerkunde yn de ASB, keazen óp 30-1-1889, mei 9 fan de 16 stimmen (Alma Mater jg. 2 (1889), nr. 2). Op 3 maaie 1890 wurdt er yn de redaksje fon it blêd fon de ASB, Alma Mater, keazen (begjin oktober wurdt er praeses fon de redaksje; sjóg Alma Mater 3 (1890), nr. 14). Op 18 novimber 1890 wurdt de hiele redaksje wer keazen, mar don betanket Postma. Yn it nûmmer fon 16 desimber stiet er nog ol te bûk os redaksjefwarsitter. Yn it olmenak fwar 1891 ollyksa.
Yn Alma Mater fon 16 maaie 1890 (3e jg. nr. 8) stiet un artykel Over latijn en grieksch en nog wat (oer it nut fon de klassyke talen yn it ûnderwiis, ferlyke mei oare fakken), ûndertekene O. Postma. Faaks is ek it net ûndertekene artykel Goud of wat anders? (rjóchte tsjin de corpstradysje) yn Alma Mater fon 1 júlly 1890 (3de jg. nr. 11) fon Postma. Yn it FLMD-eksemplaar (ôkómstig fon Postma) stiet un krús mei blauw pwatlead tróg de tytel hinne. De reseensje fon Graaf Essex, treurspel in 5 bedrijven en 7 tafereelen, door Heinrich Laube, ûnderskreon P. (ek mei un blauw krús tróg it ópskrift hinne yn it FLMD-eksemplaar) yn Alma Mater fon 16 oktober 1890 (3de jg. nr. 14) sil grif fon Postma wêze. Dot jildt faaks ek fwar it net ûndertekene Bondsnieuws (mei blauw krús tróg de tytel hinne) yn itselde nûmmer.
Postma libbet mei mei de Nieuwe Gidsers: ‘Miskien hie myn wurk der oars útsjoen as '80 der net west hie’, seit er letter (Tsjerne 1953, s. 75). Hy lêst ek Piter Jelles syn For hûs en hiem, de stikken fon Trui Stellingwerf-Jentink yn it Friesch Volksblad en hy neamt letter de Rimen en Teltsjes en de Camera Obscura ‘de beide wurken dy't ik fierwei faekst troch west ha’ (Tsjerne 1953, s. 76). Tús spylet er yn de krystfekôn- | |
| |
sjes mei yn fryske stikken yn it kwarnwerter dwarpstoniel (Tsjerne 1953, s. 75).
Yn 1895 is Postma promovjerre óp de dissertaasje lets over uitstraling en opslorping. Yn syn byblyografy fyne wy ton 1903 oant 1918 públykaasjes oer wis- en natuerkundige ûnderwerpen. Prof. dr. O. Bottema skriuwt dêroer (Euclides 35 (1959/60), p. 230): ‘[...] en al zou hij naar eigen uitspraak “gjin bysûndere oanlêch foar de natuerwittenskippen” hebben gehad, dan staat daar het feit tegenover dat hij tot omstreeks zijn vijftigste levensjaar artikelen publiceerde over theoretische physica en over grondslagenleer, die voor zover zij in de verslagen van de Koninklijke Akademie van Wetenschappen verschenen, aangeboden werden en zorgvuldig gewogen door niemand minder dan Lorentz.’ En dy ferkljerring fon Bottema sil ik yn jersten mar fwar kar nimme bóppe it ûnfóldwaande rapportsyfer dot Tamminga jûn hat. Op 14 oktober 1908 is Obe Postma frege óm oan de RU yn Greens ad interim ‘enkele uren onderwijs te geven aan niet-candidaten, in hoogere algebra (1 uur per week) en differentiaal- en integraalrekening (3 uren per week)’, yn olle gefollen oant 1 jann. 1909. Ek dy útnûging (yn un tiid dû't inkeld de professoaren kolleezje jûggen) wiist deróp dot Postma un aardig goede namme hie by syn fakgenoaten.
Postma is fon 1894 oant 1933 learaar yn Greens. It leit yn 'e reden óm te tinken dot er yn Greens Heymans kinnen leard hat, dy wie dêr fon 1890 oant 1927 heeglearaar. Postma seit sels dot er Heymans persoanlik kend en ek fwar un gedeelte lêzen hat, mar dot er gjin kolleezje by him rûn hat.
| |
It psygysk monisme fon Heymans
Heymans hat yn 1905 un bûk públysjerre: Einführung in die Metaphysik auf Grundlage der Erfahrung (Leipzig). (De tredde printinge is fon 1921. Op dy edysje berêst de yn 1933 ferskynde nederlônske oersetting (by de Wereldbibliotheek yn Amsterdam): Inleiding in de metaphysica op grondslag der ervaring. It segsde haadstik is wijd oan Der psychische Monismus). J.A. Dèr Mouw skôget dot bûk yn krytysk-posytyve sin yn syn Kritische Studies over psychisch monisme en nieuw-Hegelianisme (Leiden, s.a. [1906]). Heymans réagjerret dêr wer óp yn it artykel Het ik en 't psychisch monisme yn it Tijdschrift voor Wijsbegeerte 1 (1907), p. 328-342. Yn novimber 1912 hôdt Heymans un lêzing oer it psygysk monisme fwar de Vereeniging voor Wijsbegeerte yn Amsterdam. Dy lêzing ferskynt ûnder de tytel Het psychisch monisme yn it Tijdschrift voor Wijsbegeerte 8 (1914), s. 213-239, en os apart bûkje (Baarn 1915, 29 pp.). Hy stiet ek nog yn it dútsk yn Heymans syn Gesammelte kleinere Schriften zur Philosophie und Psychologie I (Haag 1927), s. 438-463. Un psygysk-monistysk artykel fon fwar 1905 is Zur Parallelismusfrage (yn:
| |
| |
Zeitschrift für Psychologie, bd. 17 (1898), s. 62-105) (ek yn Ges. kl. Schriften I, s. 255-298).
It begrype-apparaat fon de natuerwittenskip slagt inkeld op de fysyske ferskynsels, órnjerret Heymans yn Het psychisch monisme, en it begrype-apparaat fon de psygology inkeld óp de psygyske ferskynsels. Mar de ‘wettelijke samenhang tusschen de psychische en zekere natuur- (n.l. de hersen-) verschijnselen (geeft) aanleiding tot vragen, die zoomin de psychologie als de natuurwetenschap kan beantwoorden, en die toch dringend een antwoord eischen.’ Der is dus ferlet fon ‘een empirische wetenschap, die zich tot natuurwetenschap en psychologie verhoudt als de physische chemie tot physica en chemie.’
Heymans makket dêróm ûnderskie tusken ‘de physische, de psychische en de psychophysische wettelijkheid’ (215). It is wierskynlik dot der un ‘alle stoffelijke verschijnselen omvattende, gesloten natuurwettelijkheid’ bestiet, lykefólle ot dy stoflike ferskynsels yn of bûtten it organisme binne (216). Mar ‘gelijk de opeenvolging van die [stoffelijke] hersenverschijnselen als noodzakelijk kan worden ingezien zonder bewustzijnsverschijnselen in aanmerking te nemen, kan ook de opeenvolging der bewustzijnsverschijnselen worden begrepen zonder rekening te houden met hersenverschijnselen’ (218), en don sitte wy yn de psygyske wetlikhyd. Heymans is fon betinken dot, ‘gelijk de natuurwetenschap naast de waargenomene slechts onwaarneembare stoffelijke [b.g. “moleculen en atomen, moleculaire bewegingen”], zoo ook de psychologie naast de waargenomene slechts onwaarneembare psychische verschijnselen [b.g. “onbewuste voorstellingen, oordeelen”] behoeft te onderstellen, om in beginsel al hare gegevens onder vaste wetten te kunnen ordenen’.
Wot dy psygofysyske wetlikhyd oangiet, it is wierskynlik ‘dat op ieder oogenblik datgene, wat in de hersenen van een individu valt waar te nemen, wettelijk samenhangt met wat dat individu in zijn bewustzijn doorleeft’ (219). ‘[...]: het ligt betrekkelijk voor de hand aan te nemen’, órnjerret Heymans, ‘dat beide reeksen van verschijnselen betrekking hebben op eene zelfde werkelijkheid, die zich op tweeërlei wijze aan onze waarneming openbaart’. Hy neamt by wize fon ferlyking twa wizerplaten fon ien oerwurk en it swakker wurden fon it lûûd by it ônimmen fon it triljen fon un snaar.
Dy stôn fon saken kin besjoen wurde út de hûkke fon it materyalisme, os men fon betinken is dot men ‘in de physische verschijnselen de ware werkelijkheid’ fwar jin hat, men kin de wei gean fon it psygysk monisme os men fon betinken is dot men ‘in het bewustzijn de eigenlijke werkelijkheid’ kin, en men kin de ûnderstelling fon it spinozisme fólgje dy't ‘zoowel het bewustzijn als de hersenverschijnselen’ ópfettet ‘als de bloote verschijningswijzen eener onbekende, aan beide gemeenschappelijk te gronde liggende werkelijkheid’ (221).
| |
| |
Hókker fon dy trije hypotesen matte wy no kieze? Heymans kiest fwar it psygysk monisme, ómdot ‘alleen de bewustzijnsprocessen direct, de stoffelijke (dus ook de hersenprocessen) daarentegen slechts indirect gegeven zijn’. It bestean fon ‘het stoffelijk verschijnsel zelf’ ‘wordt alleen op grond der in het bewustzijn gegeven waarneming aangenomen’ (222). Wot wy mei ús sintúgen waarnimme, is de ‘werking, die een realiteit buiten ons in ons bewustzijn uitoefent’ (223). Wot is no it ‘iets’ dot ‘in het bewustzijn van een beschouwer de waarneming van hersenverschijnselen kan te voorschijn roepen’? (224). Soene net ‘deze bewustzijnsprocessen zelve’ dot ‘iets’ wêze kinne, ‘dat wij als den verborgen grond voor onze eventueele hersenverschijnselwaarnemingen hebben gepostuleerd’?
Dot de kónklúzje fon it psygysk monisme fwar de meensken net sa fwar de hôn leit, kómt neffens Heymans ómdot ‘wij van kindsbeen af gewoon zijn naief-realistisch te denken, en nu wel ons genoodzaakt hebben gezien, van deze gewoonte successievelijk allerlei te laten vallen, maar er ons toch nooit geheel los van kunnen maken.’ (225). Mar ek yn de natuerwittenskip kómme sókke bótsingen foar ot wy jerre dot kleuren winliken aethertrillingen binne ensfh. Wy matte der oan wenne ‘dat iets als iets anders dan het is kan worden waargenomen’ (226).
Os no ‘de hersenverschijnselen zich van de overige natuurverschijnselen niet door aard of wettelijkheid, maar alleen door grooter complicatie onderscheiden’ en os ‘wat als menschelijke hersenverschijnselen wordt waargenomen, op zichzelf niets anders is dan menschelijk bewustzijn, dan zou ook datgene, wat als minder samengestelde natuurverschijnselen wordt waargenomen, op zichzelf moeilijk iets anders kunnen zijn dan eenvoudiger vormen van bewustzijn. Zoo voert dan het beperkte, anthropologische, noodzakelijk tot een algemeen, kosmologisch psychisch-monisme; derhalve tot de opvatting, dat de geheele voor ons kenbare werkelijkheid bewustzijn is, en dat alle in onze zinnelijke waarnemingen gegevene physische verschijnselen niet anders zijn dan de wijze waarop, door bepaalde tusschenschakels, het eene bewustzijn zich in het andere afspiegelt. (226-227). En de ‘allesomvattende samenhang’ yn dy wrôd liedt don ta ‘de gedachte aan een Wereldbewustzijn, waarvan alle individueele bewustzijnen op gelijke wijze deel zouden uitmaken’. Don ‘zouden alle individueele bewustzijnen niets anders zijn dan tijdelijk afgezonderde deelen van het Wereldbewustzijn, dat ze intusschen in denzelfden zin blijft omvatten, als waarin de voorstellingen, waaraan wij voor het oogenblik niet denken, toch blijven behooren tot ons geestelijk bezit.’ (227).
Wy sille Heymans syn fjirdere argúmintaasje fwar de ‘psychischmonistische hypothese’ fjirder rêste litte. It gie my der inkeld óm de sintrale gedachtegóng fon it psygysk monisme fon Heymans sjen te litten. De empieryske hôdberens is yn it ferbôn fon ús ferhaal fon minder be- | |
| |
lang en fonsels ek net beskiedend fwar de wearde fon poëzij yn 'e geast fon it psygysk monisme. It psygysk monisme wie, yn Heymans syn fysy, ien fon de trije monistyske hypotesen oer de wrôd.
It monisme wie fon ôds un bekinde fylosofyske streaming. Heymans neamt os fwargóngers ol de stoïcijnen, Spinoza, Schelling, Fechner, en yn syn eigen tiid ek Friedrich Paulsen en Strong (Het psychisch monisme, earste syde). Monistyske fylosofyske streamingen namen óm 1900 hinne grif un net ûnbelangryk plak yn yn de wittenskiplike diskusje.
| |
Postma en de fylosofy
Yn dit ferbôn matte ek de kóntakten fon Postma mei syn freon Tsjitse de Boer (út Wurdum) (1866-1942) neamd wurde. Yn syn taljochting út 1957 by de samling brieven fon De Boer oan him (P.B. hs. 945) skriuwt Postma ûnder mear:
‘Ik bin mei De Boer yn 'e kunde komd sahwat yn it midden fan myn studintetiid to Amsterdam (fan 1886 ôf oan 1892 ta).
Der wie doe to Amsterdam in studint yn de wis- en natûrkunde lykas ik mar in pear jier jonger, der't ik mei bifreone waerd. It wie Jacobus Kalma fan Wurdum, letter net ûnbikend as Mr. Jac. Kalma. Yn in fakânsje kaem ik der in pear dagen by útfanhûs op har pleats to Wurdum. Ien fan dy dagen kamen wy in dei “to-iten” by De Boer op dy syn pleats, [...]. Hy wie doe studearende yn Dútsklân en ek mei fakânsje thús. [...] Mar dit moeten mei de Boer hie gjin direkte gefolgen. It wie al in jiermannich letter dat ik him wer seach. Der wie doe in studint to Grins yn de medicynen der ik mei yn de kunde komd wie by hwa't ik ek yn de fakansje kaem, nou to Wargea mar op de grins fan Wurdum. Dit wie Benjamin Sybrandy en har pleats hjitte “hemrikseind”. Wy gounen de twade dei nei Ljouwert, hwer De Boer, in neef fan Sybrandy, doe tidelik conservator wie oan it Frysk Museum. Dêr seach ik him doe foar de twadde kear.
Letter kaem De Boer yn bitrekking to Grins as assisint oan de Universiteitsbibliotheek. Doe kaem er al gau ris by my en wy waerden freonen. In jiermannich hawwe wy dêr middeis mienskiplik iten, mei noch ien of twa oaren, op in keamer oan it Martinitsjerkhôf. Nei iten makken wy dan in kuier, al folle in singel lâns, en kamen dan op de keamer fan ien fan ús beide to thédrinken en praten. Net allinne prate mar De Boer lies my b.g. ek wol foar út de brieven fan Goethe. Sneins makken wy al folle in greatere wandeling yn de omtrek fan de stêd ef ek wol ris hwat fierder fuort.
Dat hat duorre in tiidlang oant sa hwat tagelyk De Boer in bitrekking krige yn Den Haech oan de Koninklyke Bibliotheek en ik mei in suster in eigen húshâlden opsette. Doe kamen syn brieven út Den Haech; mar der wienen ek al earder brieven komd.
De earste brief, fan 1901, is yn de fakânsje skreaun doe't De Boer by syn broer, dy't boer wie, ynformaesjes naem oer it forhurdzjen fan in
| |
| |
RHBS yn Greens; rjóchts bóppe Obe Postma.
| |
| |
modderdyk.’
De Boer siet yn Ljouwert fon 1894 oant 1897 en yn Greens fon 1897 oant 1904. Hy wie yn gronologyske fólgwuarder théoloog, semytykus en fylosoof. Syn earste publykaasjes geane oer arabyske fylosofy (en theology) (de promoasje fon 1893, en yn 1901 syn Geschichte der Philosophie im Islam); óp syn stúdzjereis nei Rome yn 1902 is er óptein oer de byldhouwkeunst dêre; yn 1906 wurdt er oan de Unyversyteit fon Amsterdam heeglearaar yn de fylosofy. By it diner de jûûns fon de ynaugurele rede op 3 desimber 1906 wiene ek Postma en Heymans útnûge. Heymans mat De Boer mei Kant fertrouwd makke hawwe (yn syn greenzer peryoade meie wy oannimme) (T. van der Zee, Eat oer it libben fan prof. dr. Tj. de Boer (Ljouwert 1965), s. 7-24).
Yn de korrespóndeensje tusken De Boer en Postma kómme persoan en ópfettingen fon Heymans un kear of wot te praat, benammen óm 1910 hinne, en ien kear, yn un brief fon 19-12-1911, folt ek it wurd ‘monisme’. De Boer lyket gjin oanhinger fon it psygysk monisme te wêzen, en achtet Heymans, by olle wurdjerring fwar him ‘èn als mensch èn als wetenschappelijk man’ (brief fon 17-6-1910) te téoretysk (Van der Zee, s. 53). Olles wiist deróp dot Postma syn eksplysyt dwaande wêzen mei de téory fon it psygysk monisme óp syn lêst yn it begjin fon syn dichterlike wurksumhyd lizze mat (yn olle gefollen fwar ± 1910) en nei olle gedachten jerder.
Yn de rjóchting fon navenont iere beûffening fon de fylosofy wiist ek un ópmerking fon De Boer yn un brief oan Postma fon 9-1-1910: ‘Een dergelijke godsdienstfilosofie als je geeft, hebben we vroeger samen eens besproken, meen ik. Ik vind er veel waarschijnlijks in en heb me privaat in dezen zin ook wel uitgesproken.’ (V.d. Zee, s. 37, mei ferkearde datjerring). Ek Postma syn eigen útteringen wize yn dy rjóchting. Tsjin ds. Kalma seit er wól: ‘Letter [= ± nei de mathematyske en fysyske ópstellen?] haw ik mij mear op 'e filosofy ta lein. En doe bigoun de skiednisstúdzje ek to lûken.’ (Nieuw Friesland 11 okt. 1947). Mar óp un fraag fon Tamminga ot er fwar 1900 ek gjin dichtwurk skreon hie, onderet Postma: ‘Foar dy tiid haw ik gjin gedichten skreaun. Myn drok wurk en de filosofy hâldden my fêst.’ (Tsjerne 1953, s. 76). Postma syn kar fwar de stúdzje fon de wis- en natuerkunde om't er ‘in andert socht op de fraech nei it wêzen fan de dingen’ (sjóg ûnder De jónge jirren fon Postma), makket un iere datjerring fon syn fylosofy-beûffening namste wierskynliker.
De stúdzje fon de fylosofy mat dus ol fwar 1900 begûn wêze, yn un tiid dû't er ek nog wakker dwaande wie mei wis- en natuerkundige artykels. Postma neamt yn ferbôn mei syn stúdzje fon de fylosofy ‘Zeller's filosofyskiednis’ (bedoeld sil wêze: Eduard Zeller, Geschichte der deutschen Philosophie seit Leibniz. München 1873, twadde printinge yn 1875; Zeller hat ek un Grundriss der Geschichte der griechischen Philosophie
| |
| |
(Leipzig 1883) óp syn namme stean; yn 1928 kómt dêr de 13de printinge fon út, útjûn fon W. Nestle).
En don neamt er ek de memoires fon un oare monistyske fylosoof: Aus meinem Leben fon Friedrich Paulsen (1909), mar dêr giet it Postma sa't liket it measte óm ‘de oerienkomst yn folkslibben fan de Noardfriezen en ús’ dy't er dêryn fynt (Tsjerne 1953, s. 75). Oan dot bûk fon Paulsen hat Postma ek un fers wijd: By ‘Aus meinem Leben’ fan Friedrich Paulsen fan 1927 (Holder 1927, s. 164) (Samle fersen s. 148).
Van der Meer is dus mis, os er skriuwt dot Postma earst yn de tiid fon syn lettere fersen ‘ûnder ynfloed kommen is te stean fan filosofyske streamings’ (s. 233). Dot blykt dúdlikernôg út bóppeneamde kónkrete datjerringen. En wize ek rygels os b.g. dizze yn Simmer (Forjit my net 1913, s. 151) (Samle Fersen s. 75) net hiel dúdlik óp un monistyske tinkwrôd:
Wy fiele it lok: ien mei it great heelal,
En libje it libben mei fan plant en dier.
of b.g. yn Novimberdream (it Sjongende Fryslân 1915, s. 71) (Samle Fersen s. 79-80):
Ek myn koarte dagen driuwe
Sêftkes nei 't forline ta.
'k Sil út dizze kriten kliuwe
Dan allinne as byld noch bliuwe
En 't heelal ta wente ha.
| |
Postma en de hollônske lyteratoaren
De Boer hie gôns kóntakten mei nederlônske lyterêre rûnten. Yn 1895 is er ol meiwurker oan Verwey syn Tweemaandelijksch Tijdschrift, letter is er ek (mei ûnder mear Verwey) redakteur fon De Beweging (dot blêd hat bestien fon 1905-1919), en yn dy snwórje ha De Boer en Verwey un drókke briefwiksel hôn (V.d. Zee, s. 10). Yn syn haagske peryoade (1904-1906) kómt er yn 'e kunde mei skriuwers os Prins en Boutens en mat er Verwey yn Noardwyk oan See gauwris ópsocht ha. Ek nei syn pinsjoen treft De Boer ‘onze vriend Boutens’ nog wól yn Den Haag (V.d. Zee, s. 22, 44-45, 50). Ek Postma hat wól ris mei Boutens praat.
Postma syn gedicht Myn fersen (Forjit my net 1912, s. 219) (Samle Fersen s. 304) moat neffens de ynformaasje yn Tsjerne 1953, s. 71 en 76 slaan óp un petear tusken Postma en Boutens. Boutens mat dû fon syn eigen gedichten sein hawwe: ‘Als ze klaar zijn, gooi ik ze als vodden van mij af’, en dêr wie Postma it lang net mei iens. Yn un brief fon 9 oktober 1908 skriuwt De Boer: ‘Wat je kwestie met Boutens betreft, deze geeft je mooi gelijk door zijn vergeten liedjes af en toe te publiceeren (een beetje omgewerkt, 't is waar).’ Faaks hat dat petear mei Boutens yn
| |
| |
1908 west?
Yn it fers To-binnen-bringen oan de dichter Verwey (Heitelân 1937, s. 89) (Samle Fersen s. 196) beskriuwt Postma syn ópteinens ton destiids oer Verwey syn fers De schoone schijn, dot yn maart 1898 yn it Tweemaandelijksch Tijdschrift ferskynde (en yn itselde jier ek útjûn waard yn De Nieuwe Tuin). En nei dy earste iepenbiering fólgen Om het valkenhof te Nijmegen (yn: Het brandende braambosch (1899)) en Strijdbaar dichterschap (yn: Uit de lage landen bij de zee (1904)). ‘Hy wie in freon oer mannich jier’, skriuwt Postma. Dot meie wy yn dit ferbôn feilig oersette os: Postma hat oltyd tróg grutte wurdjerring hôn fwar it dichtwurk fon Verwey (en mooglikerwize ek briefwiksel mei him hôn of persoanlik kóntakt).
Ek de nammen Van Deyssel en Gorter neamt Postma yn ien fon syn ynterviews: ‘Foaral Van Deyssel makke op my in bysûndere yndruk’, en ‘De Mei fan Gorter achtsje ik noch altyd it moaiste gedicht út de Nederlânske litteratuer.’ (Tsjerne 1953, s. 75).
Postma hat faaks syn persoanlike kóntakten mei immen os Boutens (en ek mei oare hollônske lyteratoaren?) te tankjen oan De Boer.
| |
De nederlônske lyteratuer en it monisme
Nijsgjirrig is dot De Boer ferbôn sjógt tusken de fylosoof en de dichter. Fylosofy en dichterskip jerre byenwar (Van der Zee, s. 61). Gwón fylosofen ha ek keunstners west, en dot dichters fylosofy yn har wurk diene, is yn dy tiid perfwarst net ûngewoan. Van Deyssel wól der sels óp út dot keunst fylosofysk wêze mat: ‘alle kunst, die de bepaalde kunstgenieting te weeg brengt, die onzen géest genoegen doet, móét wijsgeerige kunst zijn, daar zij anders onzen geest niet zou bereiken’. Yn de nederlônske lyteratuer yn Postma syn tiid wie ien of oare fwarm fon monisme net ûngewoan. Wot ómblêdzjen yn Gerard Knuvelder syn Handboek tot de geschiedenis der Nederlandse letterkunde, deel IV ('s-Hertogenbosch 19612) jouwt ol gôns oanwizingen yn dy rjóchting (sytaat fon Van Deyssel óp p. 69, n. 1).
Verwey ûntjouwt him ta un spinozistysk pantheïst en sjógt de ‘Verbeelding’ os ‘het zien van de innerlijke, goddelijke samenhang der dingen, die hierin bestaat dat zij alle uiting zijn van het leven, individuele verschijningsvorm van de bovenpersoonlijke zijnsgrond. De dichter, zijn verbeelding neerschrijvende, verrijkt aldus de mensheid, ‘verzaligt’ haar door de macht van zijn schoonheid. Zo dient ook de dichter het Leven, dat hij door zijn verbeelding naar zijn eenheid en zijnsgrond begrijpt en geestelijk beheerst.’ (Knuvelder IV, p. 101-103).
Van Deyssel kómt by einbeslút óp de ‘syntetyske’ wjirhyd dy't de ópheffing betsjutte fon de tsjinstelling ierde-hymel, wrôd-paradys, werklikhyd-ydeaal. ‘De hoogste verheffingen van de menselijke geest [..] be- | |
| |
troffen juist, waren verenigd met, die wereld zelf.’ (Knuvelder IV, p. 63). Van Deyssel hie os wjirhyd fûn ‘dat de aarde de hemel is’ en hy wie mei dit hymelske libben óp ierde o sa tefreden. Hy órnjerre ‘dat wy toch niet in de eerste plaats aesthetici en archeologen mogen zijn, maar in de eerste plaats licht ontroerbare en door een nietsje tot hooger verrukking te brengen menschen-kinderen’ (Knuvelder IV, p. 71). ‘De mens: toppunt van het “natuurverschijnsel” mensheid, omdat zich in de mens het algemene leven bewust wordt.’ It heegste is ‘de ervaring van het hoogste van het algemene leven, [...] als het hoogste van de natuur-zelf, het immanent-goddelijke; ervaring van dat hoogste op ogenblikken van sublieme geestelijke verrukking en extase, ervaring ervan als een licht, “het licht van het onbereikbaar goddelijke” achter de geestesbewegingen, - en verder, want deze ervaring van het licht is zeldzaam, de bovenmenselijke worstelingen van de grote geest om dit “Absolute” te bereiken, de heroïsche poging om binnen te dringen in de ontzaglijkste van de ooit ontdekte geesteswerelden, vaak, als bij Rembrandt, in “het meest ordinaire, dagelijksche leven”. Om dit te bereiken is voorwaarde: de beschikking over die bijzondere gevoeligheid, “die grootsche, van leven en bloei innerlijk bevende, die zinnelijke-en-geestelijke gevoeligheid”.’ (Knuvelder IV, p. 69).
Boutens wie platonist, hy hat, órnjerret Knuvelder, ‘het schoonheidsideaal van Tachtig ingebouwd [...] in een, naar analogie van Plato's ideeënwereld, opgebouwde gedachten-architectuur.’ (Knuvelder IV, p. 165).
Dèr Mouw, dy't it psygysk monisme fon Heymans krytysjerre, lit letter olle théoretyske en wiisgearige systematyk los ‘om te worden tot het Brahman. Het Brahman uit de Indische Oepanishads is het Ene dat aan alles eigen is en er het wezen van uitmaakt; het is de ene ziel van mens en wereld, de eeuwige, onveranderlijke oergrond waaruit de wereld van de verschijnselen te voorschijn komt’. Hy jûg yn syn dichtwurk yn Brahman I en II úttering ‘aan wat, in de letterlijke zin, als een visioen over hem gekomen was en hem de eenheid van al het zijnde waarin zijn Zelf deel had, had geopenbaard. Al het zijnde: de sterrenwereld en het schijnbaar nietigste insekt, het oerverleden en dit sonnet, Orion en de hagedis, - alle tegenstellingen en verhoudingen van deze schijnwereld worden opgeheven in het Ene, in Brahman. Hij combineert ze als uitingen van de machtige Geest, zo goed het grootse en het nietige, als Toen en Nu, als het hoog-verheven en het laag-komieke’. ‘Mede door hem [= Dèr Mouw] werd de vrees voor het gewone woord overwonnen, én daarmee de vrees voor helderheid, duidelijkheid, eenvoud, het onretorische’ (Knuvelder IV, p. 277-280).
Dizze lytse karlêzing út Knuvelder makket wól dúdlik dot der hiel wot fon de dichterlike kosmos fon Postma by de tachtigers en wot dêrnei kaam, weróm te fynen is. De ópmerking fon Postma dot syn wurk der
| |
| |
(miskien!) oars útsjoen hie os '80 der net west hie, wurdt wot fylosofyske tendeenzen en ynhôd oangiet dúdlik befêstige. Yn hûfier ot der oerienkómst yn fwarmkenmerken is mei de tachtigers, ha ik net neigien.
It (ien of oar) monisme lyket yn dy tiid súver un part fon de dichterlike wrôd te wêzen. Dot Postma syn monisme is dus feitlik net sa bûttenwênstig. Dot dot der yn it ramt fon de fryske lyteratuer sa útspringt, leit him nei olle gedachten oan it grutte oandiel dot de réalistyske ‘streeklyteratuer’ yn it fryske lyterêre fermidden hat. Dû't de Jongfriezen yn 1915 wer oan de ‘grutte lyteratuer’ meidwaan woene, hat de monistyske moade dêr sa't lyket net safólle ynfloed mear óp hôn. Wie de krêft fon dy streaming dû dochs navenont lytser wurden os er oan de ein fon de foarige ieuw wie?
| |
Poëzij en proaza
Yn syn proaza-útteringen ferwiist Postma gauwris nei syn gedichten. Dot dot bart yn syn artykel De foarkar foar Slauerhoff (Tsjerne 1955, s. 270-273) leit yn 'e reden, wont dêr behonnelet er de oerienkómsten tusken Slauerhoff en himsels. Mar wól spesyfyk, of yn olle gefollen typearjend, fwar Postma is dot er syn proaza-útiensetting oer ferskil en oerienkómst tusken de beide dichters begjint mei twa oanhalen út syn eigen gedichten dy't oer dot ûnderwerp geane. En don wurket er dot yn it fjirdere ferhaal wot neier út.
Yn syn ferslag fon de Bewegingsdei fon 19 oktober 1940 (Fryslân 1940, s. 118-119) seit Postma dot er Folkertsma ‘persoanlik mei in bulte noft’ jerde; ‘ek al mei omdet er in pear tinkbylden oangriep en útwirke, dy't ik sels krekt yn in pear dichtstikjes forarbeide hie; (mar noch net publisearre).’ Bedoeld sil jir yn olle gefollen wêze ‘Binne jo wol folksk?’ (Heitelân 1940 (desimber) s. 277) (Samle Fersen s. 217), dêr't krekt os by Folkertsma it fólk yn beskreon wurdt os un mienskip dêr't wy net sels fwar keazen ha. Faaks ek Nimmen en jaen (Heitelân 1940 (desimber) s. 277) (Samle Fersen s. 218): it jaan fon de dichter, syn ‘oanbring yn har geastlik erf’ [= fon Fryslôn] dógt út 'e fjirte tinken oan Folkertsma syn lyteratuer ‘fen en for de Fryske minske sa't er bistiet’; de kóntekst is by Folkertsma oars (mear anty-yntellektúalistysk soe 'k hast sizze), mar der is wól un mienskiplike basis fwar Postma en Folkertsma yn it fryske libben os útgóngspunt en de fryske lêzers os doelgrûp. Un fers os Doarpke (Heitelân 1940, s. 206) soe der eventúeel ek by jerre kinne mei syn hulde oan de âlde geslachten, ‘dy't foar ús boud ha en it erflik oan ús oerdroegen!’, ek dot motyf kómt by Folkertsma foar, mar dot fers is públysjerre yn it septimbernûmmer en dus fwar de Bewegingsdei fon 19 oktober 1940. De rede fon Folkertsma is ôprinte yn Fryslôn ropt! De findels foar! (De wirden fen it Trijemanskip út de Fryske Biweging. Biwegingsdei 19 oktober 1940 to Ljouwert).
| |
| |
Soms jouwt Postma yn syn proaza oan wêr't syn eigen fersrygels óp slagge. Yn syn besprek fon Nije gedichten fon Tamminga (Heitelân 1947, s. 89-90) b.g. seit er oer de ‘koelens’ fon Tamminga dit: ‘Hy is it fansels dy't miend is mei de wurden yn myn gedicht “Fuortgean”, dêr't stiet: “En de jonge dichter, yn hwa de hertstocht fan Gysbert libbet, sil wer de plompen mei de fûsten oprôlle sjen as de Ivige de wjittering skjinnet.”’ (It gedicht Fuortgean stie yn it Frysk Jierboek 1946, s. 273 (Samle Fersen s. 228-229). Tamminga yn Feart:
myn plompen hawwe de lytse
giele fûst oprôlle en heve;)
| |
| |
En yn syn petear mei ds. Kalma (Nieuw Friesland 11 okt. 1947) seit Postma oer syn fersrygel: ‘As hja dêr yn Fryslân hwat keardeleftiger wienen’ hû't er dy rygel krekt bedoeld hat (sjóg fjirderóp ûnder Postma en it nationale).
Postma wie nammers fon betinken en skrjo dot ek oan ds. Kalma dy't frege hie wot de dichter mei syn wurk sizze woe: ‘Lês de gedichten mar, it stiet dêryn!’ En os er yn it petear mei Kalma syn betinken oer de fryske beweging jaan sil begjint er don ek mei de oanrin: ‘Sa't ik yn ûnderskate ferzen al sein haw: [...]’
Yn syn besprek fon de bóndel oersettingen fon sweedske poëzij tróg Marten Sikkema, Noarderljocht (Frysk en Frij 5-6-1953) ferwiist er ta ferlyking mei un pear oersette fersen nei syn eigen fers De hikke (en nei un fers fon R.P. Sybesma).
Ek yn it stik dot Postma oer syn gymnasiumtiid skriuwt yn it snitser gymnasiumblêd (Rostra gymnasii Snecani) yn 1956 (nr. 4 en 5), ferwiist er nei twa fon syn gedichten: Ik tink oan dy wei en Fan twa stêdden.
It stik Nei oanlieding fan twa Slauerhoff-Oktobernûmers (Heitelân 1946, s. 286-288) beslút er mei un nije oersetting fon himsels fon un ‘sjyneesk’ fers fon Slauerhoff Weromkommen. Mar it nijsgjirrigste is winliken de proaza-beskriuwing fon un foto ‘fan 1925, of om dy tiid, makke doe't Slauerhoff syn earste greate séreis meitsje soe: dêr stiet er op mei in ring fan dichterfreonen om him hinne. Hy sels foarenoan as in hwat nuver bern, in ‘enfant terrible’; flak foar him oer Roland Holst as in ‘wizer intimus’; dêr efter steande Marsman, in jonge ‘spring-in't-veld’ en Werumeus Buning, in stoere séman. De oaren sizze my net sa folle’. Dy tekst is súver un kwart proaza-kónsept fon it fers By in foto fan 1925, doe't Slauerhoff syn earste greate reis meitsje soe (Tsjerne 1951, s. 97) (Samle Fersen s. 266-267):
- Foarenoan de haedpersoan, in nuver bern,
Dan Holst, in wizere mei djip forstean,
Dan Marsman as op springen, flits en flam
Troch nacht en wacht.[...]
De oaren binn' sa nei my net; ik neam
De séman noch, op Grinzer coaster thús,
(Sjóg fwar de foto sels: H.J.M.F. Lodewick e.a., Ik probeer mijn pen (Amsterdam 1979), p. 137).
It fers Oer de ‘idé’ fan Koarnwert (Heitelân 1951, s. 27) wurdt wot yn un proaza-eftige sfear lutsen tróg un noat by it ‘piksjitten’: ‘Der wie noch sa'n spul; ik mien dat it ‘kokermynjen’ hjitte. Is der ien dy't dêr noch hwat fan ôf wit?’ (cf. Samle Fersen s. 266).
Yn it fers Yn Maert (Forjit my net 1913, s. 93) (Samle Fersen s. 50) lêze
| |
| |
wy yn de lêste strofe:
Hwer wie it dochs, dat sokken lucht my strielde
Yn 't jonge lok fan fleur'ge dei?
Fan leechste sinnen komt de djipste fieling,
Hwat binn' wy noch de ierde nei!
Yn it artykel Simboal of Skiente yn de Folkskunst (Heitelân 1949, s. 272-274) besyket Postma út te lizzen wot skiente winliken is: ‘Hja hat har oarsprong nomd yn de sinnen, mar is dêr ek bûten gien yn it geastlike, sadat it by somlike filosofen it heechste weardegebiet wurden is. As wy ús noch oan de sinnen hâlde, krije wy yn de earste pleats de primitive genieten fan gesicht, gehoar, gefoel, reuk en smaek. By de beide lêstneamde wurdt gewoanlik noch net fan moai of skien sprutsen; dat binne de saneamde legere sinnen. Mar foaral by de earste beide komt de skiente en ûntjowt har fierder yn it geastlike. [...] Der komt noch ûntsachlik folle by as wy mear it geastlike acht slane. Wy hawwe dan it ynfielen en meilibjen, de associaties mei herinneringen fan earder barren, de oerienkomst fan it uterlik mei hwat we dêr binnen ûnderstelle meije’. Postma syn proazatekst út 1949 soe tsjinje kinne os un taljochting by it fers út 1913, wot it plak fon de leegste sinnen oangiet en ek oer it ferbôn fon de sinnen mei it geastlike.
Sa ferwize poëzij en proaza fon Postma hyltyd wer nei enwar. Postma brûkt yn syn proaza syn fersen os argúmint of os gearfetting fon wot er bedoelt. En yn de fersen grypt de dichter gauwris tebek óp wot er sels jerder dichte hat. (Ek deselde persoanen kómme wólris yn mear os ien gedicht foar). Hiel eksplysyt bart dot werómgrypen b.g. yn un fers os ‘Al hwat ik skriuw dat is wier bard’ (Tsjerne 1962, s. 134) (Samle Fersen s. 337-338). De tytel is de earste rygel út De Jefte (Heitelân 1925, s. 251) (Samle Fersen s. 155-156) en yn it gedicht sels giet de dichter by ferskate fersen lôns en jouwt er oan wêr't dy yn de ‘werklikhyd’ óp slane.
Postma kómt mear os ien kear weróm óp it (net) dichtsjen oer God, heitelôn en leafde. Yn Hwer giet jins dichtsjen oer? (Heitelân 1940, s. 58) (Samle Fersen s. 211-212) wurdt yn de earste strofe de fraag steld:
‘Haww’ jo fan God wol dichte en fan leafde wol?
Dat is hwat djipst biweecht! Fan heitelân?
En fan natûr - hwat evenrediger -?
Sa hawwe hja fan âlds de skiften hawn.’
Yn de lêste strofe kómt it goed-monistyske ondert:
Sa mei it wêze dat in selde liet
Sjongt God en leafde, heitelân, natûr.
Yn syn besprek fon Tamminga syn Nije Gedichten (Heitelân 1947, s.
| |
| |
89-90) skriuwt Postma: ‘Mar alle hertstocht hoecht net nei in bipaeld wêzen út to gean, net nei God, net nei de leafste, net nei it heitelân; der is ek in hertstocht, dy't útgiet nei eat dat foar him as God, leafste en heitelân allegearre wêze kin. Dy kunstnershertstocht, dy't ek skeppingsdrift neamd wurde kin, treffe wy by Gysbert Japicx oan en ek by Tamminga; dy bisielet har kunst, tsjoent har de bylden foar eagen, jowt har de wurden to hearren.’
T(amminga) nimt de tried wer óp os er yn Frysk en Frij fon 27-11-1953 yn Reinder Brolsma is forstoarn seit: ‘Oer God en heitelân hat Brolsma, likemin as de dichter Obe Postma, nea net folle skreaun.’ En dêr réagjerret Postma don wer óp yn syn fers ‘Fan God en heitelân hat Brolsma, like min as de dichter Obe Postma, nea net folle skreaun’ (Heitelân 1954, s. 5) (Samle Fersen s. 274-275). It is formeel un réaksje óp un ópmerking fon bûtten, mar yn wêzen fólle mear it wer ópkrijen fon un ôd Postma-tema dêr't de dichter wer nije faryaasjes óp makket.
Postma sjógt ek un ferbôn tusken syn dichtsjen en syn stúdzje fon de fryske skiednis. Dot sprekt er út yn it fwarwurd fon syn bûk De Friesche kleihoeve (Leeuwarden 1934):
‘Stel u een klein dorpje voor in de friesche kleistreek. Van het dorp voert weer een groene landweg naar een paar boerenplaatsen op een hoogte gelegen. Het is een kleine, hooge terp. Steil loopt van de groote schuurdeur af de weg naar beneden door den yester, waar juist het vee is bijeengedreven, de weilanden in. Wij staan naast het eene, oude huis en in alle richtingen zien we dorpen, kerktorens, gehuchten als dit en afzonderlijke hoeven, misschien ook een enkel stadje. En op deze stille plek, naast dit oude binhuis, met deze steile ‘reed’ voor ons, voelen we ons als door vreemde krachten eenige eeuwen in den tijd teruggevoerd. Wij zien de oude boeren, het lang vergane geslacht, met de zwaar beladen hooiwagens moeizaam de hoogte beklimmen en een machtig gemeenschapsgevoel, dat heden en verleden als een eenheid omvat, vervult ons geheel. De dichterlijke geest vindt zijn bezieling.
Maar er is nog een andere zijde van ons wezen, waarbij we ons niet verliezen in de aandoening der algeheele overgave, maar meer actief wat buiten ons is, hier het verleden, door het begrip tot het onze trachten te maken. Als zoodanig is het dat wij willen weten. Wij zouden willen weten, hoe het bestaan dezer terpgehuchten is geweest, hoe deze velden in grondstukken zijn verdeeld, hoe deze plaatsen zich gevormd hebben. Bij deze zijde van ons wezen behoort dit boek. Het richt zich tot den wetenschapsmensch in ons en handelt over de geschiedenis van den grond in zooverre hij door den mensch in gebruik werd genomen. Daar de cultuurgrond de hoeve als zijn voornaamste vorming heeft, is het dus ook een boek over de hoeve.’
It ferbôn dot Postma jir sa dúdlik leit tusken dichting en histoarysk ûndersyk, bringt my óp nog un oar ferbôn. Postma syn freon De Boer hat
| |
| |
fon 1897 oant 1904 yn Greens tahoden. De Boer en Postma sille it dû grif ek wól oer De Boer syn stúdzje fon de fryske skiednis hôn ha. Dochs kómme de earste stúdzjes oer frysk-histoaryske ûnderwerpen fon Postma syn hôn earst yn 1919 út. It lyket deróp dot Postma syn niget fwar it fryske ferlyne, grif fwórtsterke tróg de petearen mei De Boer, him earst kónsintrjerre hat óp de dichterlike kont fon de saak. Postma is óm 1900 hinne, dû't er nog midden yn syn wis- en natuerkundige aktyvyteiten siet en nei olle gedachten ek midden yn de stúdzje fon de fylosofy, begûn te dichtsjen oer it fryske lôn en it fryske libben. Syn skiednisstúdzje leit yn it ferlingde dêrfon.
Spahr van der Hoek hat yn de Tsjerne (1953, s. 67-71) un byld jûn fon Postma syn skiedkundig ûndersyk. Ik tink dot syn wurk en syn metoade fon wurkjen óp dot gebiet ús ek sa it ien en oar leare kinne oer de persoan Obe Postma, fwarsafier't dy don oan syn wurk kend wurde kin. Wy sille ús beheine ta de dichter Postma mar dêrby yn it bysûnder syn skôgjend proaza behelje. Dot fwarmet dúdlik ien gehiel mei syn poëzij, en it is oant no ta te min achtslein.
Os wy dot wurk neigien ha, don kinne wy dêrút fonsels nog gjin kónklúzjes lûkke oer Postma syn ol of net ‘beheinde ûnderfyning’ of un útputtend ondert jaan óp de fraag nei de freonen fon Postma. Dêrfwar jouwt de skriftlike oerlevering dy't ta ús beskikking stiet, te min oangeande de hiele persoan. Elk meenske nimt no ienkear mear of minder ‘geheimen’ mei yn it grêf. It giet jir nammers net óm un analise fon de persoan fon Postma, mar fon syn wurk.
| |
Dichter yn de fólkstaal
Postma is grut wurden yn un klymaat dêr't it monisme, os fylosofyske téory en os diel fon lyterêr wurk, gewoan by jerde. Dot Postma yn syn earste fersen it psygysk monisme net mei safólle wurden ‘neamt’, kómt neffens my fon syn ópfetting oer en beûffening fon fryske poëzij yn dy tiid en bewiist perfwarst net it ûntbrekken fon dy monistyske eftergrûn. (It monistyske libbensfielen kómt nammers yn gwón fon syn iere fersen ol dúdlik út).
De Obe Postma dy't yn 1900 syn earst frysk fers públysjerret is un mon fon goed 30 jier dy't tús is op it fryske boerelôn en yn Amsterdam. Hy is un kundig wis- en natuerkundige, hat him ferdjippe yn de eigentiidske lyterêre en fylosofyske streamingen, en fólget ek de keunst en it sosjale en polytyke barren fon syn tiid. Obe Postma hat syn earen en eagen goed de kost jûn. Hy is sa't lyket de jinnigste fryske lyterator dy't hielendol mei de tachtigers meilibbe hat, en qua erudysje en dielhawwen oan de grutte kultuer binne syn gelykens yn de fryske lyteratuer óp de fingers fon ien hôn te tellen.
Utrekkene dizze mon begjint óm 1900 hinne yn it frysk te skriuwen yn
| |
| |
‘fólksaardige’ tront. Postma hie o sa eag en ear fwar de poëzij fon syn tiid, ek yn syn ferhevene fwarm. Mar ik tink dot hy fwar wot er sels útterje woe, it frysk it gaadlikst achte. Hy dichte yn earste ópslag meast oer it ferlyne en de bernejirren. Ut ûnwennigens, wurdt gauwris sein. Dot is sûnder mis wier, os wy dot wurd net ol te dramatysk en te tragysk ópfetsje. Wont hy wie ek yn 'e stêd tús en os de jónge fon it boerelôn dy't er ús yn syn fersen tekenet, besjógt de dichter olles yn it libben os nij, fernúveret er him olle kearen wer, en wurdt er nea de ‘insider’ fwar wa't der gjin wûnders en geheimen mear binne. Ik tink dot it frysk fwar Postma un hiel gaadlike taal wie fwar dot oantinken en dy nayve ferwûndering.
De fólkstaal hat wot ‘nayfs’. Goethe brûkt it wurd ‘naiv’ yn ferbôn mei Hebel syn Allemannische Gedichte (1803). De dyalektdichting wie fwar Hebel net samar un spóntane fólksdichting, mar wól fwargoed un artistyke prestaasje fon un erúdyt mon, mei de nedige ferfrjemdingseffekten ómdot it dyalekt no ienkear net sa gebrûklik wie fwar lyteratuer yn dy tiid, en inkeld jerde by it deistig libben.
Sa is, by olle ferskil yn persoan, dichterskip, tiid en taalposysje tusken Hebel en Postma, ek Postma syn dichtwurk fon it begjin ô de artistyke prestaasje fon un erúdyt mon, en ek it frysk hat en hie lyterêr sjoen nog oltyd de ferfrjemdingseffekten fon un fólkstaal. Postma en Hebel wenje beide bûtten har eigen taalgebiet, beide binne se ûnwennig fon har lôn en har bernetiid. Mar it wurk fon ollebeide hat ek un olgemienere dymeensje, nog namste sterker en autentyker ómt ja yn 'e fólkstaal skriuwe. Yn ferbôn mei Hebel syn wurk seit Uli Däster: ‘Das Oberland ist sowohl das Tal seiner Kindheit, mit dem sich der südwestliche Schwarzwald auf den Rhein hin öffnet, als auch das Land oberhalb alles Irdisch-Zeitlichen.’ (Uli Däster, Johann Peter Hebel in Selbstzeugnissen und Bilddokumenten (Rowohlt 1973), s. 69). Stiet by Postma Fryslôn ek net withûfaak - en yn syn kónkretens krekt tige oertsjûûgjend - fwar ‘de kosmos’?
Postma lyket benammen yn syn begjintiid oertsjûge te wêzen fon de beheindens fon de aksjeradius fon it frysk:
- It giet net oan fan al to frjemd gewas
Yn sljochte folkstael 't nuver moai to sizzen,
Of fan it tinken, dat de wrâld omfet,
De jimmer wider rounten út to lizzen.
(It Frysk yn Forjit my net 1911, s. 58) (Samle fersen s. 45).
Dy oertsjûging sil gearhingje mei de ópfettingen oer it frysk fon dûdestiids. Mar it giet grif ek óm un soarte fon lyterêr program: mei it frysk os taal fon de beheinde rûnte kinne jo mear sizze en wêzentliker dingen dúdlik meitsje. En ek dot is wier, fwar Postma lykegoed os fwar Hebel.
| |
| |
| |
Obe Postma (1907) en Rudolphe Toepffer (1832) oer it dichterskip
Postma set it net óp un sêft sin mei de easken fon de poëzij. Hû krekt ot er it nimt, blykt ol út syn (posytyve) skôging oer Hof syn Klankboarne (Forjit my net 1907, s. 27-38). Dêr wurde rygels en wurden óp 'e tónge preon óm te sjen ot se it krektsa sizze os it mat. Yn dy skôging ómskriuwt Postma ek wot fwar him ‘de echte dichter’ is: ‘De dichter, dy't de fieling, dy't syn moed net bisletten hâlde kin, gean lit en syn meiminsken troch it ôfprint byld fen dy fieling de wearklank jowt. Dy fieling en dy gedichten habbe faek hjar ûntstean to tankjen, by dizze sa as ek by oare dichters, oan in tobinnenbringen fen in lokkich eagenblik, in blide dei út berne- ef feintetiid, hwerby it jinge, dat men op dat stuit foar yen hat, him forbynt mei it moaije út it forline, sadet it hjoed en it forline ta ien dream yn inoar skynt to rinnen. It lytse en bykomstige wirdt wei, de soargen en noeden fen it deistige libben binne weifage, oer 'e dichter is “de geest vaardig geworden”. [...]. Ho âlder men wirdt, út ho letter tiid sok in to binnen bringen dy bylden jaen kin; [...]’.
Yn un noat seit Postma: ‘Tinkbylden oer it ûntstean fen poezie, dy't hjir wol hwet fen ha, kin men fine yn it forhael “La Bibliothèque de mon oncle” út “Nouvelles Genevoises, par Rudolphe Toepffer”.’ La Bibliothèque de mon oncle is fon 1832; de bóndel Nouvelles genevoises is fwar it earst útkómmen yn 1840. De frônsk-switserske auteur Toepffer (de skriuwer fon Prikkebeen) libbe 1799-1846. Yn de Nouvelles genevoises (ik ha un printinge fon 1848 brûkt) ha ik óp syde 75-77 en óp syde 55-57 fragminten fûn oer de dichter.
It sytaat óp syde 75-77 giet oer de poétyske krêft fon it oantinken oan de jónkhyd os men ôder wurden is. Os men jóng is, don is men fól fon it moaie, it súvere, it poétyske yn 'e wrôd. By de moaie dingen út ús jónkhyd ferblikt it lók fon no. De goede dingen fon no binne moai, mar men giet der net mear yn óp, lykos yn jins jónge jirren. Dot tebekgean óp 'e jónkhyd sit yn elke poëzij. Un dichter hellet syn ynspyraasje net út it joed, mar giet weróm yn it ferlyne, en dot makket er don gauwris sa moai os it nea west hat.
De jónkhyd is de tiid fon de poëzij, dot wól sizze yn dy tiid wurde de skotten fon de poëzij garre, mar yn dy tiid kin der gjin poëzij fon makke wurde.
Dy poëzij kin dêr earst letter út helle wurde, de rykdóm fon de jónkhyd wurdt earst dúdlik tróg it ferlies. Earst don kin de ferbylding en de poëzij ûntstean.
Jónge dichters soene, os se wier dichter wiene, mear os genôg te dwaan ha óm mei har hiele wêzen it libben te ûndergean dêr't se earst letter fon jaan kinne yn har fersen. Homerus os 60-jirrige leit mearyn 'e reden os it bern La Fontaine. Dichters ûnder de tweintig binne net de echten en hôde it órnaris ek net lang út.
| |
| |
Op syde 55-57 hat Toepffer it oer it lijen en de smert fon de dichters. Dichters binne net lókkig. Ja meitsje harsels un bóppemeensklik lók dot olie dagen weroan misljerret. Omdot se dichter binne, ha se it sa swier, en ómdot se it sa swier ha, binne se dichter. Ut dy wrakseling kómt os un wjerljocht it ljocht yn har fersen fwórt. Net dot un dichter oltyd gûûlt yn syn fersen, nee, de machtigste ekstasen hôde bitter lijen bedutsen. Hy skilderet de sûnnens ómdot er siik is. De ûngelókkige hat un kwart skóftsje ton drónkenskip, en lit ús út syn beker drinke. Fwar ús de nektar, fwar him it besinksel.
Sjóg fwar de fólsleine frônske tekst fon de sytaten de Bylage óp syde 63.
| |
Taal en fólkskrêft (1907)
Yn Postma syn skôging fon 1907 oer de Klankboarne jerre wy ek wot oer syn fysy óp it frysk. Onno Sytstra hie yn Forjit my net 1905 oanstien óp jêrnstige krytyk óp ‘ús Fryske skriuwerij’, en op de Selskipsgearkómste fon 1906 wie wer oanstien óp ‘in bettere krityk oer it Frysk en den yn it Frysk. Hwet yn it Frysk skreaun is, hat rjucht op bioardieling yn dy tael’. Postma skriuwt don yn un noat: ‘Ik bigryp eigentlik net sa bêst, hwerom sa'n krityk opslút yn it Frysk opsteld wêze moat; it komt dochs foaral op 'e ynhâld oan en dy kin yn it Hollânsk like goed wêze as yn it Frysk.’
Postma is it net iens mei wot Jan fen 'e Gaestmar os de reden fon it frysk skriuwen jouwt yn it Iepen brief oan Dr. J.B. Schepers (1900), ntl. it bewarjen fon it frysk. Postma seit dêrfon: ‘Do't ik dit lies, tocht ik dochs al: dit bin ik net alhiel mei jo iens: yn 't algemien brûke de Fryske skriuwers it Frysk allinne, omdet hjar dit it bêste past foar hwet hja to sizzen habbe; ja, it is for de measten de ienichste tael, dy't se bihoarlik kinne.’ Yn it gedicht Oan 't jonge Fryslân (1903-1905) seit Jan fen 'e Gaestmar: ‘En is net eigen tael den 't bêst en brûksumst?’ Dêr is de reden jerder dot ‘ús sprake de wearklank is, de blom fen 't libben op dy groun!’ ‘Dat is in foarútgong’, órnjerret Postma.
Postma is (mei Schepers) fon betinken ‘det humor it sterke punt is fen 'e Fryske skriuwers yn 't algemien’. Hy kónstatjerret fjirder dot Jan fen 'e Gaestmar neier besibbe is oan Gysbert Japiks os oan Eeltsje Halbertsma: ‘beide binne mear wird-kinstners as dokter Eeltsje; dizze is ienfâldiger fen tael, hâldt him mear oan de tael fen it hiele folts. Dit hinget gear mei in djipper forskil twisken Gysbert Japiks en Jan fen 'e Gaestmar oan 'e iene side en dr. Eeltsje oan 'e oare. Dat is, det dr. Eeltsje mear mei it folts meilibbet, er ien mei is as de beide oaren. Hy is de stimme fen it folts dat yn him himsels jowt, wylst de beide oaren for sa fier se it folts biskriuwe dit mear fen bûten ôf dogge.’
Ek dizze alynéa is tekenjend fwar de ynstelling fon Postma: ‘Dizze
| |
| |
skriuwer hat mei greate ljeafde de tael fen it folts bistudearre; ik scoe him taroppe wolle: siikje, mear as jy dat oan dizze tiid ta dien hawwe, jou hâld ek by it Fryske folts sels. Mear as de tael is it libben; jy sizze it sels: ‘de sprake is wearklank fen it libben op dy groun’, ja, de wearklank, mar net it libben sels. It libben, dat is it bistean fen 'e minsken, fen binnen en fen bûten, hjar wrotten en hjar boartsjen, hjar laitsjen en skriemen. Hwet is ien man op him sels? It folts moat, om sa to sizzen, jo de stoffe oantoaije, jy binne de boumaster. Sa allinne kinne jy it wirk folhâlde; sa scil it folts yens wirk it heechste priizgje, hwent it hat it sels meimakke, it sjucht himsels der yn. It folts is hwet edelers om ljeaf to hawwen as in tael; mar men hat allinne ljeaf hwet men kin, (better: de ljeafde en de kinnisse wirde mei inoar great), dos gean nei it folts en bistudearje it. Is it folts gjin stúdzje, gjin ljeafde wirdich, den is it ek gjin dichter wirdich. En ta'n lêsten: in heger wyt as it bifoarderjen fen 'e Fryske tael is it stypjen fen 'e foltskrêft, it foredeljen fen 'e foltssin.’
| |
Fólksdichters (1916-1949)
By dy skôging slút de fysy óp de (beheinde) funksje fon de fryske lyteratuer yn it fers It Frysk fon 1911 goed oan. En it fernúveret ús yn dot ferbôn ek net os wy yn Douwe Kalma syn skôging oer Postma yn de L.C. fon 22 april 1916 lêze dot ‘ek de dichter fen “It Fryske lân en Fryske libben” my ienris by brief frege, ho't it dochs to forklearjen wêze mochte, det minsken, dy de folkskrêft stypje woene, sa aldertigenst opkamen tsjin de folkskinst’.
By de útrikking fon de Gysbert-Japicx-priis oan Fedde Schurer (yn: E.S. de Jong, In materna lingua (Boalsert 1949)) hôdt Postma un taspraak os lid fon de advyskómmisje. Fon Schurer syn psolmberymingen seit er dot se oer it olgemien wól aardig tsjin de hollônske beryming meunsterje kinne. ‘It sprekt hast fansels dat wy ús hwat frjemd fiele moatte tsjinoer de forfrysking fan dy psalmen dy't ús sa nei en hiem binne as b.g.: “Welzalig hij die in der bozen raad” of “'t Hijgend hert der jacht ontkomen”. Mar oare binne der wer dy't wy yn it Frysk moaijer fine as yn it Hollânsk; en it is nou dochs ek ús eigen tael.’
Piter Jelles en Fedde Schurer binne os dichter navenont ‘populairder en ek biminder’ yn Fryslôn os oaren. ‘Hwat is wol it geheim fan sa'n folksaerdich dichter? Ik wol it weagje dêr in andert op to jaen. Foarearst dan: hy seit hwat elts al wit, d.w.s. hwat elts bilibbe hat. Mar hy seit dat net allegearre: hy nimt dêr fan it greate en moaije en smyt dêr in nij ljocht oer. Hoe kin dat? Dat kin troch dat er it sels ek bilibbe hat, en sterker bilibbe. Men kin it ek sa sizze: hy seit hwat elts yn syn lokkichste eagenblikken bilibbe hat en makket sa it folts lokkiger.’
Postma nimt don Piter Jelles syn Oan de kant fan de mar os fwarbyld, ‘omdat it dêr sa dúdlik yn útkomt’ en hy sytjerret dêrfon de earste strofe:
| |
| |
Kenstou jlt, kenstou dat stille fjild,
[yn Piter Jelles syn Rispinge (19202) s. 111, stiet: Tinkstou yet, tinkstou yet oan det stille fjild,]
Mei blommen wyld bigroeid,
Der't moarns de ljurk yn de loften sjongt,
En jouns it fiskje djoeit?
Der metten wy elkoar foar 't earst,
Der naemstou my foar kar.
Yn de simmernacht, by stjerreljocht
Oan 'e kant fan de sulveren mar.
‘Yn dat fers stiet nou suver al it moaiste dat elts bilibbe hawwe kin, mar troch in eigen rithme byinoar hâlden. En dan it lêste couplet:
“As oer 't grêf, oer it grêf jit in libben bloeit
Fynst my wer op dyn paed...”
Dêr hawwe wy it lêste en greatste, en it heechste dat foar elts weilein is, it stjerren en de hope op in libben oan 'e oare kant. Op dy manear hast, en dan ek wer mei Jou eigen rithme en Jou brede wjokslach, moatte wy oannimme dat Jo Jou folk meinomd hawwe, al binne Jo dan wol sa folle kunstdichter as Piter Jelles’, seit Postma don oan it adres fon Schurer.
‘Dat kinne de saneamde moderne dichters net sa goed; dy miene dat hja it brede, algemiene mije moatte, en hja binne net bang foar it aparte en ûnsjogge. En nou haw ik wol ris tocht, achte Schurer, dat Jo yn Jou Tsjerne de lêste tiid soms dy moderne kant wol hwat út woene. Mar yn Jou Simson en Jou psalmen hat Jou folk him der tominsten net oan stjitte kinnen.’
Postma kómt yn syn taspraak óp nog un oar punt dot fwar Postma syn dichtersfysy net sûnder belang is: ‘Hoe komt it dat alle greate dramatyk fan de greate dichters yn it forline spilet? Sjoch nei Shakespeare, Goethe, Schiller! Soe it komme troch dat wy fierder fan it forline ôf binne en allinne it greate noch sjogge? Dat wy frijer binne yn opset en útwurkjen en mear bod jaen kinne oan dream en fantasij?’
Ik tink dot it olhiel yn Postma syn geast wie dot Fokke Sierksma him yndertiid yn syn essay Bern fan de ierde yn ferbôn brocht hat mei de fólksdichters. Fwar Postma wie der gjin strange skieding tusken ‘fólksdichter’ en ‘keunstdichter’. Dot ha wy sjen kinnen oan syn ópfetting oer it ‘fólksdichterskip’ fon Fedde Schurer. Dot blykt ek wól út syn wurdjerring fon Waling Dykstra en fon de Halbertsma's. It leit ek wól wot yn 'e reden by un mon fwar wa't de kearn fon it eigen dichterskip leit yn it besjóngen fon de ‘gewoane’ dingen en meensken en dy't ek yn syn proaza hyltyd wer os ûnbefangen ‘outsider’ óp de dingen en de meensken takómt.
Dot ferbôn tusken ‘echte’ keunst en fólkskeunst blykt ek wól út syn defynysje fon fólkskeunst yn Simboal of Skiente yn de Folkskunst
| |
| |
(Hwat filosofearjen fan in kunstleafhawwer) (Heitelân 1949, s. 272-274). Postma dógt dêr dit útstel fwar un defynysje fon fólkskeunst: ‘folkskunst ûntstiet út de kunst, dy't it folk moai fynt en ek oer in langere tiid moai finen bliuwt, sadat it dy sels ek bigjint to meitsjen.’ Der is ek wot dit ‘fólksdichterskip’ oangiet wól un ûntjouwing by Postma te fernimmen. Dochs matte wy, tinkt my, Postma syn dichterskip fon it begjin ô sjen os un saak dêr't er him mei syn hiele persoan en mei olle artistyke kapasyteiten en yntinsyteit óp útleit. (Sjóg fwar de ûntjouwing fon de dichter yn dit ópsicht fjirder ûnder Frysk en net-frysk). Yn syn ópfettingen oer it ‘fólksdichterskip’ lyket Postma wot fjirder fon de wrôd fon de tachtigers ô te stean, mar dot dógt neat ô oan de tachtiger ynfloed óp syn ópfettingen oer it dichterskip os gehiel.
| |
Fysy óp oarmons dichtwurk: de schoone schijn
Yn De Holder 1928 (s. 14-16) hat Postma un skôging skreon oer Douwe Kalma syn Dage. Persoan, olsydigens en kundigheden fon Douwe Kalma hat er grut respekt foar. Hy neamt him un ‘komplisearre persoanlikheid’, ‘gjin nayf dichter. Mar gnap om bang fen to wirden, by sa'n jonge man; hwer moat dat noch ienkear hinne?’ Postma fielt him net sa nei besibbe oan Kalma, dy lyket him ‘wolris hwet los fen 'e groun; mar sa ûntbrekt yn syn gedichten ek it platte en banale, it is alles “poëzij”,’
Ek ol dichtet Postma sels órnaris yn un wot oare toanaard, hy is gjin fijôn fon ‘it greate en forhevene’. Dot blykt ek wól út syn bewûndering b.g. fon P.C. Boutens syn Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe dy't er yn un fers út 1962 (Tsjerne 1962, s. 135) (Samle fersen s. 338-339) rekkenet ‘ta it skienste fan de hollânske dichtkunst’ en dêr't er yn 1925 de 21ste strofe fon oerset (Samle fersen s. 342). En yn De foarkar foar Slauerhoff (Tsjerne 1955, s.270-273) kómt er op it kosmyske dot er yn Boutens syn ‘Strofen’ better slagge achtet os by Slauerhoff.
Tekenjend fwar de greenzen dy't er stelt oan de dichterlike úttering is syn skôging Ta de moarn-Lunchroom-Jolm yn Tsjerne 1949 (s. 65-70). Dizze trije boekjes jouwe neffens Postma wol aardig pedagogysk materyaal fwar un ferlyking: ‘nûmer 1 as tipe fan klassike kunst, nû. 2 fan romantyske en nû. 3 as modern-sinysk; as hja dan it lêste de learlingen sels mar net yn 'e hannen jaen.’ Un fers út Jolm lykos ‘Hy leit op bêd, inert, as lead sa swier’ is by Postma ‘in wol knap en sterk gedicht, mar net moai’. Ferskate fersen fon Visser binne him ‘to útpluzerich en to folle nei 't ûnsjogge útgeande. Hwerom kinne de dichters net hwat mear ús bilibje litte hwat Ter Braak neamt “de overwinning van den schoonen schijn op de hardheid van het leven”?’ Gwón rygels binne Postma ek te ûnbehólpen. ‘Mar miskien is dy ûnbiholpenens gjin natûr, mar kunst.’ En don hellet er mei ynstimming un útlitting fon Bloem út 1948 oan: ‘In
| |
| |
onze warrelige tijd is men geneigd tot een zinneloze jacht naar oorspronkelijkheid, vormloosheid, onbegrijpelijkheid’.
Postma beslút syn skôging mei dizze ópmerking oer Visser: ‘“Gevoel, verbeelding, heldenmoed”, soe de dichter nedich hawwe. Dizze dichter hat alle trije, al falt de moed miskien it measte op. Nou noch hwat mear tuchte!’ Postma hat eag fwar de kwalyteiten fon it oeuvre fon de dichter Visser, mar hy mei dochs ljevver ‘moaie’ gedichten lije lykas Visser syn Forlerne soan mei syn easterske sfear en syn oerjefte dy't er yn de oare fersen fon Jolm mist.
Yn it petear mei Tamminga (Tsjerne 1953, s. 76) lit Postma him nog ris wer út oer de moderne dichtkeunst: ‘De fersen dy't nou yn De Gids forskine haw ik neat oan. Se binne sa.... modern en allegear gelyk. It is allinne assoasiaesje fan klanken en ik kin net sûnder logyske trie. Fersen lyk as fan Jan Wybenga lêsten yn De Tsjerne mei ik net oer. To modern. Dam syn wurk mei ik wol lije;’
Marten Sikkema syn oersettingen út it sweedsk yn Noarderljocht krije un hiel geunstige reseensje (Frysk en Frij 5-6-1953). It binne ‘moaie’ fersen en de sfear kómt Postma eigen oan, mei un soad oer it lôn en de natoer. En tige karakteristyk fwar Postma is wer it kómmentaar óp un fersrygel: ‘“In treast dyn libben lang”; in “joy for ever”, dat is ommers it bêste dat de poezij jaen kin.’
Yn de skôging oer Tamminga syn Nije gedichten (dy't er tige posytyf beoardielet) hat er beswieren tsjin it gedicht Folk: ‘It is my to rhetorysk, ek mei dat “Sjong yn my òp, folk” oan it bigjin en oan it ein.’ (Heitelân 1947, s. 89-90).
It krekte wurd en de ‘schoone schijn’ binne fwar Postma wêzentlike saken yn it dichterskip, ek, soe ik dêr óp eigen monneboet oan tajekje wólle, en benammen net minder yn de fersen oer de gewoane deistige dingen. Ik tink dot Postma ek yn dot stik fon saken net sa fier fon tachtig ôrekke is.
| |
Réaksjes fon Postma óp wot er lêst
Yn de rin fon de tiid lyket de oandacht fon de dichter wot te ferskowen fon it spesyfyk ‘fryske’ elemint nei ‘olgemienere’ stof.
Hyltyd mear fersen binne réaksje óp aktúele útteringen, fyne har oanlieding yn un stikje lyteratuer of un stikje út kronte of tydskrift, of yn de dea fon un dichter. Soms jouwt de dichter wot ynformaasje oer de oanlieding yn un oantekening. Mar oare fersen ha ek wól ris sókke oanliedingen en dot stiet der don wer net by. Dochs is it fwar un goed begryp fon sa'n fers gauwris nedig óm te witten wot sytaat is en wot fon de dichter sels.
Dot kinne wy b.g. sjen by de ynterpretaasje fon it fers Myn poëzij (Tsjerne 1951, s. 2) (Samle Fersen s. 325). De dichter set derbóppe dot it
| |
| |
skreon is nei oanlieding fon un útlitting fon Jan Melles yn Libbensleare for de Fryske nasjonalist. Dot bûk is útkómmen yn 1937. Men freget jin ô wêróm't der earst yn 1951 un réaksje yn dichtfwarm fon Postma útkomt. Of hat it fers dû ol un hiel skóft yn it laad lein?
Op syde 5 fon syn Libbensleare wól J.M.v.d. Goot deróp út dot wy ‘de oersterke, natûrlike libbensblidens’ tefólle ferlern ha. ‘Us fryske dichters - en den binne hja sa'n tritich jier - sjonge wémoedich fen forlern lok en fen smertlik geastlik lijen. Hwet ha wy den forlern? It lok fen ús jonge jierren, do't ús lichem yette sa licht en fluch wier, [...] Mar lit ús earlik wêze, yn dy tiid, dy't Obe Postma yn syn dichtwirk sa moai en suver for ús bisjongt, wieme wy lang net altiten lokkich. Ek do hiene wy ús tsjinstuiten en tobeksetten, ús fortriet en lijen en skrieme koene wy do better as nou.’
De rygel ‘Né, dy dagen wienen net altiten lokkich, mar ek wol ris mei tsjusterens en fortriet’ is un ferburgen sytaat fon, of better sein un ondert oan Jan Melles, mar dy rygel tsjinnet eins mear os kóntrost mei de beskriuwing fon de jónge jirren tróg de dichter sels. Mei't Van der Meer it fers óp himsels lêst en net os part fon de diskusje, sjógt er dy rygel os un belangryk elemint yn Postma syn eigen beskriuwing fon de jónkhyd yn dot fers (s. 234). It is sels wól mooglik dot de rygel ‘Mar it libben fan de man hat net wurde kinnen hwat it wêze moast’ sjoen wurde mat os ondert óp Van der Goot syn ópkweken ta ‘oersterke, natûrlike libbensblidens’ en os un rêstig fêststellen fon it of un meensklik tekwart fwar it ydéale meensketype fon V.d. Goot oer. De dichter komt óp fwar de libbensfwarm fon de dichter-dreamer. En yn de lêste strofe wurde tsjinoer it ‘moai en suver’ fon Jan Melles ‘de dingen fan de minske’ steld. Jir is net ‘hwat “moai en suver” hjitte’ it ydéaal, lykos Van der Meer lyket te mienen, mar ‘de dingen fan de minske’ dy't de dichter yn syn ôderdóm dêrtsjinoer stelt. Van der Meer syn beoardieling dot ‘de dingen fan de minske’ don wer sa ‘moai en suver’ sein is, giet fólslein fwarby oan wot de dichter sizze wól (s. 234). Men mat m.o.w. de oanlieding derby nimme óm ta un goede saaklike ynterpretaasje fon sa'n gedicht te kómmen.
Nijsgjirrig is it óm te sjen hû flot ot Postma bytiden réagjerret óp wot der earne yn un blêd of kronte stiet. Yn It Heitelân 1927 (s. 79) stie un stik fon J.P. Wiersma: Rainer Maria Rilke oer fersen en poëzije, dêr't de easken yn steane dy't Rilke (via Malte Brigge) oan un dichter stelde, ûnder mear: ‘Men moat neitinken habbe fen forskate nachten-fen-ljeafde’, en ‘oan it kriten fen frouljue, dy't yn berningsweaën lizze en oan ljochte, ynwite, sliepende kreamfrouljue, dy't hjar slute.’
Op syde 134 fon deselde jiergóng stiet it fers fon Postma: Hwat de dichter witte moat (Samle Fersen s. 146), dot begjint mei de rygels:
En as it wêze mocht dat er de nachten net koe, dêr't Rilke fan spriek,
En net nêst de frou wie, as hja it libben brocht, [...]
| |
| |
It stik fon Wiersma mat Postma oansprutsen en oan it tinken set hawwe. Postma syn Rilke-oersettingen begjinne yn 1928 út te kómmen.
Typjerjend is ek it ferhaal hû't er derta kómmen is óm sels kwatrynen te skriuwen. ‘Troch it wurk fan Boutens bin ik by de fjouwerrigel to lânne kommen. Ik lies in bisprekking fan Elisabeth Zernike oer Hollandsche Kwatrijnen, dat neffens har it moaiste wie dat der op ierde bistie.’ (Tsjerne 1953, s. 77). Ik nim temeensten oan dot jir bedoeld is dot it besprek fon E. Zernike de oanlieding wie dot Postma eag kryge fwar it kwatryn.
| |
Frysk en net-frysk
Postma hat óp syn ôde dei wól yn 'e rekken dot it frysk knap efterútgien is (Tsjerne 1953, s. 77). ‘Der moat mear ûnderwiis komme, dat is it bihâld. Oan 'e oare kant giet it Frysk ek wer foarút, omdat it offisieel mear brûkt wurdt as foarhinne. Dat is it wurk fan de Fryske biweging. Al bin ik gjin biwegingsman, dochs mei ik de striders graech ris mei it findel swaeijen sjen. Fansels, alles giet fuort en wurdt wei op 'en duer. Mar wy moatte de tael hâlde. Wy binne der noch net ryp foar om dy to forliezen.’
Postma stiet yn 1953 nog lyke relatyvearjend (en lyke posytyf) fwar it frysk oer os jerder wól. Dochs lyket der un aksintferskowing te wêzen yn ferlyking mei syn begjintiid os dichter: de beheining fon de gebrûkssfear fon it frysk dy't er yn syn fers It Frysk fon 1911 proklamjerret is wot út it eagweid rekke, en de mooglikheden fon it frysk, ek yn it offysjele ferkear, wurde no dúdlik sjoen en posytyf wurdjerre. Dêr sil de ûntjouwing fon de fryske beweging grif ek un rol by spyle hawwe. Ik wit wól, yn It Frysk giet it winliken óm it lyterêr brûkken fon it frysk, mar ek óp dot punt is der wól un ûntjouwing yn Postma syn eigen wurk te fernimmen. Yn it begjin, lit ús sizze yn de bóndel Fryske lân en fryske libben, leit de klam sterk óp Fryslôn en de fryske lyteratuer, der binne fersen oer de Rimen en Teltsjes, Waling Dykstra syn Utfanhûzer by de bakker, oer Salverda (To Wûns (Samle Fersen s. 53)), en mei útgóngspunt yn un stik fon Simke Kloosterman, ek ol is ek yn dy begjintiid de oanslútting mei netfryske saken en skriuwers der ol hiel dúdlik.
Yn de trytiger jirren fyne wy by Postma oan de iene kont un dúdlike oantsjutting fon syn hôding fwar it frysk en de fryske beweging oer en benammen tsjinoer de nasjonaal-soasjalistyske streaming, dy't by gwón bewegers nei foaren kaam, en oan de oare kont kómme der don ek mear oersettingen fon net-frysk wurk en fersen oer en nei oanlieding fon net-fryske, benammen hollônske dichters. Yn dot ferbôn sjóg ik ek it mear eksplysyt nei foaren kómmen fon eksplysyt-fylosofyske útteringen yn dy tiid. Postma begjint yn 'e rin fon 'e tiid dochs yn it frysk ‘fan it tinken, dat de wrâld omfet’, ‘de jimmer wider rounten’ út te lizzen, dot wól
| |
| |
sizze hyltyd mear dingen hyltyd eksplysyter út te sprekken. It frysk lyket ûnder it dichtsjen wei fwar Postma hyltyd mear mooglikheden te krijen.
Ek yn un oar ópsicht ferskoot de ynhôd wot. Yn it begjin leit de klam mear óp un seleksje fon ópteine lóksmominten olhiel neffens de lear fon 1907 en fon Toepffer, letter is it lók mear ópnómmen yn un wider en mear skôgjend ramt, yn un soarte fon besinning, siz mar. Dêryn post ek it oanwinnen fon it elemint fon de yrony.
Postma sels sjógt ek un ûntjouwing yn de rin fon syn dichtwurk. Yn syn Wurd foarôf by Eigen Kar (In blomlêzing út de Samle Fersen) (1963) seit Postma oer syn kar út syn eigen fersen: ‘Hy [ = de dichter] hat dêrta de fersen gearbrocht dy't him hagen en hwerfan hy tocht dat se de lêzers net mishaegje soenen. Hy hat dêrta mear út it twade as út it earste diel fan de Samle Fersen nomd, omdat dy út it lêste diel him oer it gemien hwat djipper fan fielen en hwat riper fan wjerfarren liken to wêzen. Dochs binne de fersen út dizze karlêzing oer it geheel wol ienfâldige poëzij.’ Op dot sytaat slútte twa fersfragminten oan, it iene út Myn poëzij (Tsjerne 1951, s. 2) (Samle Fersen s. 325):
Earst de âlderdom hat mei hwat wiisheit oerwinne kinnen,
En foar hwat ‘moai en suver’ hjitte hat hja de dingen fan de minske steld,
Sa fier as myn freonen it mei bilibje kinne.
en it oare út ‘Jo lêze fêst faek yn jou eigen gedichten?’ (Tsjerne 1961, s. 329) (Samle Fersen s. 336-337):
Al mar wer nim ik it boek yn 'e hannen en blêdzje dêr yn;
En meast yn de lêste helt; hwant ik wie al âld ear't ik djipper trochskôgje koe.
Nou wurdt ‘De hege dyk lâns’ al mei de skoalbern lêzen,
mar ‘Fuortgean’ is in fers dat tinzen oer dea en ivichheit bringt.
Ik ha noait jerd dot Postma nei 1900 hollônske fersen skreon hat. Fwar Postma is it frysk grif de gaadlikste taal bleon fwar wot hy os dichter te sizzen hie. Ek syn skôgingen oer (fryske) lyteratuer lykje ollegjer yn it frysk te wêzen, ek ol wie it frysk dêryn net un eask neffens Postma yn 1907 (sjóg ûnder Taal en fólkskrêft). De taal fon syn skiedkundig wurk (fon 1918 ô) lyket hast olhiel ô te hingjen fon tydskrift of rige dêr't er yn skriuwt. Op dot mêd is er net perfwarst bûn oan it frysk. Dot sil fwar Postma net sasear un prinsypekwesje west ha. Dochs is Postma ek wól wer partidig fwar it frysk. Yn To Oostum (Heitelân 1924, s. 339) (Samle Fersen s. 138-139) begruttet it him dot yn Greenslôn ‘d' âlde sprake’ ‘ta grienmank keard’ is, en yn Minor poets (Tsjerne 1958, s. 308) (Samle Fersen s. 333) kómt er óp tsjin de karakteristyk fon de fryske dichters os ‘minor poets’ yn Wadman syn Frieslands dichters.
| |
| |
| |
Postma en it nationale (1940-1947)
Yn syn ferslag oer de bewegingsdei fon 19 oktober 1940 (Fryslân 1940, s. 118) seit Postma dot it ‘wol in goede middei’ fwar him west hat, ek ol freget er him oan it begjin ô ot er eins wol ta de ‘biweging’ jert. ‘sMyn natûr is mear biskôgjend as aktyf en ik nim net gau de foarstap.’ Mar oan de oare kont: ‘it meifielen en meilibjen is er’. ‘By de “forklearring” oan it ein fen de middei, dy't nei't ik lies mei miene stimmen oannomd waerd, hie ik dochs wol in pear oanmerkingen. Foarearst kaem it wird nationael der nei myn sin in pear kear to faek yn foar. Mei det wird, det net sa'n fêst biskreaune bitsjutting hat, moat men dochs hwet oppasse. Sa is my net alhiel dúdlik (en den tink ik, sokke scille der wol mear wêze) hwet “de folksaerdige ûntjowing fen 'e Fryske minske en mienskip yn nationale foarm” is.’
By dy oanmerkingen slút oan wot er tsjin ds. Kalma seit oer de fryske beweging (Nieuw Friesland 11 okt. 1947): ‘Sa't ik yn ûnderskate ferzen al sein haw: de lju binne mij faek to absolutistysk. Hja idéalisearje mij to folle. Men kin op ûnderskate wizen foar Fryslân arbeidzje. Mar mei de útspraek: As hja dêr yn Fryslân hwat keardeleftiger wienen (Dagen, s. 41) [ = It fryske fjild (Samle Fersen s. 175)] haw ik net allinne de Fryske biweging op it each. Hwerom is der b.g. net in greate útjower to Ljouwert? Prof. Casimir hat der krekt ek wer op wiisd, dat Wolters en Noordhoff to Grins wenje. Hwerom sizze de Friezen nou sels net, dat Schurers Simson mei alle goede kwaliteiten to lang wie. De bitinking fan Warns leit mij net. Mar ik wie Freed ek to wurch fan dy lange Simson-útfiering. Fryslân moat him net opslute. Fan rassuverens en soksoate dingen moat ik neat hawwe.’
| |
Postma en it nasjonaal-sosjalisme (1930-1942)
De diskusje mei it nasjonaal-sosjalisme begjint ol hiel ier. Un fwarrinder fon dy diskusje is len lân? (It Heitelân 1930, s. 143) (Samle Fersen s. 170-171). R.P. Sybesma hie yn De Holder 1929 (s. 7) un fers len lân:
Der is mar ien oard' det ik mines neam.
Postma syn len lân? begjint:
Der binne rju lânnen dy't ik mines neam,
Wylst Sybesma syn fers (twa strofen fon fjouwer rygels) útrint óp it machtige en sterke fon dot iene lôn, fettet de lêste fon de fiif fjouwerrygelige strofen by Postma it wêzen fon de sjonger, de syker en de bódder (dy't elk yn syn ‘lôn’ syn gerak kryge hat) gear yn de lêste trije rygels:
| |
| |
In klompke libben dat wringt en rikt
Yn bigearens twang forlern.
Sybesma, de ferhearliker fon it iene lôn tsjinoer Postma, de dichter fon de meenske sûnder fersiering, yn syn wêzentlik dwaande wêzen en syn elemintêre driuw.
Yn It Heitelân 1933, s. 194-195, krytysjerret Sybesma de tastôn fon de fryske lyteratuer. Shakespeare en Rilke posse net yn de fryske tradysje. Wot Rilke oangiet sytjerret Sybesma Rilke sels oer ‘der Vater’:
er ist das Blatt das, wenn wir wachsen, fällt.
Sybesma neamt os fwarbyld fon ‘hokfor kant wy útgean moatten hiene’ de fyguer fon Teatse Holtrop (dy't ek wól skrjo ûnder it pseudonym Gerben Goasses) en don benammen syn novelle De Wylde Boerinne.
Op syde 208 fon deselde jiergóng 1933 fon It Heitelân ferskynt don os réaksje benammen óp dit stik fon Sybesma Postma syn fers It fryske fjild (Samle Fersen s. 175). Dot fers beslút mei de strofe:
Shakespeare en Rilke binne blêdden dy't falle.
Ik siikje nou nei wylde boerinnen,
En ik moat Goasse Gerbens jonges hawwe as hja de kij it spantou om de poaten bine.
Mar ik bin dochs bang dat dy feinten my hjir net hâlde kinne,
Al binne hja ek nasionael en sosialistysk tagelyk.
Dan sil ik it fryske fjild wer forlitte moatte
En allinne de dream sil oerbliuwe.
1933 is it jier dot Postma os 65-jirrige mei pinsjoen giet; yn 1934 kómt er yn Ljouwert te wenjen. Ek yn dot ljocht mat syn oertinking oer it ol of net bliuwen yn it fryske fjild lêzen wurde.
Fólle letter, yn De swetten útlein (1941), kómt Sybesma weróm óp Postma syn fers út 1933. Under de tytel It Fryske fjild. I. Fen Obe Postma wurdt Postma syn fers wer ôprinte (s. 19) en dêróp fólget II. For Obe Postma mei un ondert oan Postma yn de geast fon de ‘nije wuarder’ fon dû:
Fryslân scil moedich libje hwent foaroan komt it Fryske bloed
En ek de edele groun dêr't de slachten op waechse,
Sterk as de drystmoedige figuren fen Gerben Goasses.
Shakespeare net en ek Rilke net kinne ea ta realiteit bringe
De dream fen in libbensbliid folk, det ek de dynamyk fen de tiid forstiet.
| |
| |
Un part fon deselde lyteratuerdiskusje fwarmet it fers ‘De “lyryske jammerdearlikheit” hat nou in ein nomd’ (Heitelân 1933, s. 316) (Samle Fersen s. 176-177), dot begjint mei de earste rygel fon T.E. Halbertsma syn liet In byld (Ny Frysk Lieteboek (1886), s. 139): ‘Sjuchstou det skip mei wite seilen’. It is un réaksje óp un skôging fon J.M.v.d. Goot (Fryslân 1933, s. 93-96). Van der Goot jouwt dêr un besprek fon It Anker fon R.P. Sybesma. Hy sprekt him lykos Sybesma út tsjin it lyterêre karakter fon de Jóngfryske lyteratuer en wól óp un nije, wêzentlik fryske lyteratuer oan. De ‘lyryske jammerdearlikheit’, ‘sa't ien fen 'e Jongfryske skriuwers it sels neamd hat, hat nou in ein nomd’, órnjerret V.d. Goot. Postma ferdigenet yn syn fers de funksje fon de lyryk:
It is gjin fracht fan goede dingen
Dy't eltse dei wol bringe kin;
- Dat soe de fiere reis net hoede -
Allinne 't ealste yn klien birin.
Postma is dúdlikernôg tige óp syn iepenst, en hy ferdigenet óp syn eigen wize de dingen fon de meenske tsjinoer de nije leare.
Ek os de oarlog en de Dútskers jir ol binne, seit Postma óp syn eigen wize syn betinken. Syn understatement-eftige wize fon útdrukken poste nammers goed by de útteringsmooglikheden en -ûnmooglikheden fon dû.
Yn Folksbiweging (Heitelân 1940, s. 230) (Samle Fersen s. 214) krytysjerret Postma dot klóften meensken útrinne óm wot fon de kriigsfeenzenen te sjen dy't fon de haarnzer kont kómme matte. D. Rienks-Wallinga is it dêr net mei iens, en makket un fers yn Postma-styl dêr't se yn seit dot gwón meensken óp femylje en freonen wachten en dot wie net ûnweardig, órnjerret frouw Rienks (Heitelân 1940, s. 252). Postma stimt frouw Rienks dêr wól yn mei (Heitelân 1940, s. 265) mar wól der dochs óp út dot de measten ‘dêr allinne út nijsgjirrigens kamen’. En don beslút er sa: ‘Det gefal stie ek net op himsels; ik haw my yn dy dagen wol faker oan soks ergere: as er frjemd soldatefolk kaem, wie it soms oft der in sirkus wier.’
Bóppe dot ondert fon Postma wie un fers ôprinte fon S.J.v.d. Molen: ‘Frjemd soldatefolk?’ Van der Molen sjógt yn de dútske soldaten ‘in folk, sa uzes lyk as eame in folk bistiet’. Van der Molen syn fers is skreon neffens it mol fon Postma syn Greater Fryslân. Postma kómt dêr tsjin óp yn un fûleindige réaksje (seker fwar Postma syn dwaan!) yn It Heitelân 1941, s. 8: Noch ris ‘frjemd soldatefolk’. Ik sil my jir beheine ta de diskusje oer it fers fon Van der Molen: ‘[...] ik moat der tsjin opkomme, det myn gedicht op dy manear misbrûkt wirdt’, skriuwt Postma. ‘Myn gedicht giet oer Grinzerlân dêr't ik sa'n 40 jier tahâlden haw en de Eije en Tjaerd, dy't der yn neamd wirde, binne jonge ljue dy't ik fen jonge ôf oan jonge man ta daegliks foar my hawn haw. Det wirdt nou op Dútsk- | |
| |
lân oerbrocht; hofolle dagen hat v.d. Molen dêr forkeard?
“En hab ik net ten Uwe en Klaus
't Germaenske hert forstien
do't hja de hynders boarnden foar myn doar?”
Mar det Germaenske hert det forstien wirdt by it boarnen, det is ommers in bispotting! Trouwens det hiele germaenske hert kin ik net goed foar my krije. Det moatte wy hjir yn Hollân dochs ek hawn hawwe; hwerfor wier eigentlik dy fryske biweging nedich? En yn Ingelân, is it dêr net? Lit ús dochs mar by it fryske hert bliuwe.’
Van der Molen syn Forwar ûnder Postma syn stik is yn dit ferbôn fon minder belang. Ollinne ien punt. Van der Molen achtet it ferkeard dot it dútske fólk jir ‘frjemd’ neamd wurdt. En don giet er fjirder: ‘Of men moat it mei opset sin dwaen út in politike reden, hwet ik by dr. Postma net oannimme kin.’ Wurdt ek jir - ol of net mei opsetsin - Postma os ‘ûnskuldiger’ en ‘ûngefaarliker’ sjoen en/of fwarsteld os er is? ‘Mar’, óm mei Postma te sprekken, ‘sa ûnskuldich bin ik dochs net.’ (sjóg Troch it folk hinne (Heitelân 1939, s. 3) (Samle Fersen s. 204-205).
Yn ‘Binne jo wol folksk?’ (Heitelân 1940, s. 277) (Samle Fersen s. 217) ferkljerret Postma himsels fwar fólksk neffens syn eigen defynysje, en net neffens de nasjonaalsosjalistyske betsjutting fon dot wurd. Wont, sa seit Postma yn de lêste twa strofen:
Sa haw 'k noch net yn rigels stoaid
Hoe it [ = it folk] opbrocht wurdt ta goed bistean;
Ik bin hwat skruten mei myn âlde stel,
En doar net rou oan 't tsjepjen gean.
Mar o, dat wize mastersfolk,
Dat wit fan súvrens en fan tsjoed!
- In frjemde skildersman wol Saske ha;
Oan 'e himmel stiet in gloed...
Ik doar net fon olle rygels un ynterpretaasje te jaan, mar ik ljo (oars os Sierksma yn Bern fan de ierde (yn: Oer Obe Postma (Ljouwert 1979) s. 56)) dot de ‘haadbetsjutting’ fon dy twa strofen yn it ramt fon dit gedicht wêze mat dot er it net iens is mei it stribjen nei de ydéale meenske fon de nije wuarder, de saneamd ‘súvere’ en ‘goede’, hy is te skrútten, hy hat tefólle respekt fwar de meensken óm sóks oan te gean: un prinsypjele ôwizing sein mei un typysk Postma-eftig understatement.
Produksjeslach (Heitelân 1941, s. 181) (Samle Fersen s. 221) seit it eksplysyter:
O jimme ‘boerelieders’ en agraryske fronten, kinne jimme it reine litte?
O jimme sizzers en opsprekkers soene jimme net ris lytser man wurde?
| |
| |
Myn útsprate hannen haw ik tsjin 'e ierde drukt.
Kom nou mar op, jimme Douwe- en Rintsjemannen, dan sill' wy sjen hwa't har it neiste is!
Ik sjoch net omheech nei de fleantugen dy't oer my hinne raze.
Mar ik rûk de wylde balsem en ik priuw it swiet fan it weake reidlichem.
Soe it (net) ómheegsjen nei de fleantúgen nog un réaksje wêze óp Sybesma syn Falskermers (ópnómmen yn It Heitelân 1940 (aug.))?
It is dúdlik dot Postma ek nei syn pinsjoen hiel goed wist wot der geande wie en wêr't hy sels stie yn de polytyk fon dy dagen. Dêrfon tsjûget ek it fers Deselde bliuwe út 1942, dot earst nei de oarlog públysjerre waard yn It sil bistean (1946) (s. 59) (Samle Fersen s. 226-227), en don benammen de rygels oer ‘it âld minske fan 87 jier’:
Yn 'e keamer om har hinne fjouwer klokken, mar gjin ien hat de nije tiid.
Deselde bliuwe, deselde bliuwe, komt soks dy net binei?
O jimme tiidforsetters! O jimme ‘it folts syn wêzen kenne litte’ wollers!
| |
Homoseksúalyteit
Yn syn proaza en syn poëzij hat Postma him inkelde kearen útlitten oer homoseksúele relaasjes en gefoelens. Ik wól besykje óm ol dy útteringen jir ris gronologysk óp un rychje te setten.
It earste teken fon Postma syn dwaande wêzen mei homoseksúalyteit sjógge wy nei olle gedachten yn syn oersetting fon de 21ste strofe fon de sabeare tróg Boutens útjûnne Strofen van Andries de Hoghe yn It Heitelân fon 1925 (s. 243) (Samle Fersen s. 342). De Strofen wiene yn 1919 útjûn. Men mat don net sasear ôgean óp de 21ste strofe óp himsels, mar óp Boutens syn tekst os gehiel, dy't yn de nederlônske lyteratuer os homo-erotysk bekend stien hawwe sil.
It fers Blommejonge (Heitelân 1938, s. 105) (Samle Fersen s. 201) wiist óp himsels yn homoseksúele rjóchting, ol is dy tekst lykemin os de foarige un bewiis yn eigentlike sin. Yn de Musa puerilis fon Strato fon Sardis (± 130 n. Kr.) (bûk 12 fon de Anthologia Palatina) stiet un (gryksk) fers (nr. 8) dot súver wot un parallel fon Postma syn gedicht is. De Musa puerilis (tróg Charles Vergeer oerset ûnder de tytel Knapenliedboek (Amsterdam 19792)) is un samling ryklik dryste homo-epygrammen.
ΕΙδον ἐγώ τινα παīδα ἐπανθπλοκοῦντα κόρυμβον
ἄρτι παρερχόμενος τὰ στεφανηπλόκια̇
οὐδ᾿ ἄτρωτα παρῆλθον̇ ἐπιοτὰς δ᾿ η̄συχος αὐτῷ
φημί̇ ‘Πόσου πωλεĩς τòν σòν ἐμοì στέφανον;’
μᾶλλον τῶν καλύκων δ᾽ ἐρυθαίνετο καì κατακύψας
φηαί̇ ‘Μακρὰν χώρει, μή σε πατὴρ ἐσίδῃ.’
ὠνοῦμαι προφάσει στεφάνους καì οἴκαδ᾽ ἀπελθὼν
ἐστεφάνωα θεοὺς κεĩνον ἐπευξάμενος.
| |
| |
Yn syn artykel Strato and the Musa Puerilis (Hermes 100 (1972), p. 215-240) fettet P.G. Maxwell-Stuart de ynhôd fon it fers sa gear (mei ynliedingssin en kómmentaar): ‘[...] he himself [= Strato] was not above trying to buy someone he fancied. Once, when he was walking through the garland market and saw a pretty boy weaving roses and berries into a crown, Strato tried to piek him up by offering to buy “his garland”, but the boy was modest and sent him away. “I bought some wreaths as a pretence,” adds Strato, “and when I got home, I crowned the gods with them, and asked them to give me him in return” (8). That incident has a certain charm. Elsewhere the transactions are a little sordid.’
De oersetting fon Charles Vergeer is sa:
Over de bloemenmarkt lopend merkte ik zo even -
'n knaap, bloempjes en rozen strengelend tot 'n krans.
Wat 'n kans! dromerig kwam ik met m'n vraag:
‘Voor hoeveel is 't te krijgen, al dat moois?’
Z'n blozen was veel beter dan al die rozen, en toch;
verkeerd gekozen: ‘Loop door of ik roep mijn vader!’
Toch kocht ik wat van z'n kransen en heb ze, thuis gekomen
de Goden geboden, vragend om hem; joch van m'n dromen.
It sil wól min út te meitsjen wêze ot Postma it motyf fwar de Blommejonge yndied fon Strato (of fon un oar) hat of dot de gelykenis tafollig is.
Yn it fers Tsjinje, makke yn 1939, fwar it earst públysjerre yn it Frysk Jierboek 1941 (s. 158) (Samle Fersen s. 200), kómt de homoseksúalyteit yn un kónkrete relaasje ta úttering. It fers slagt neffens Tamminga óp Postma syn relaasje mei Tsjitse de Boer (Samle Fersen s. 20). De Boer ferstoar op 10-1-1942, un pear jier neidot it gedicht Tsjinje makke wie, en mooglik nei it útkómmen dêrfon. Mar sjoen it feit dot De Boer ‘yn de lêste libbensjierren alhiel út it stel wie’ (Van der Zee, s. 51), sil er de públykaasje fon it fers yn alle gefollen net mear ‘meimakke’ hawwe.
Yn De foarkar foar Slauerhoff (Tsjerne 1955, s. 273) seit Postma sels dot Tsjinje ‘heel yn 'e fierte miskien hwat hat fan “De Vriendinnen” fan Slauerhoff’. Dêrmei tsjut de dichter sels ol mei safólle wurden it homoseksúele karakter fon it fers oan, wont yn De Vriendinnen wurdt un lesbyske ferhôding beskreon.
Yn itselde artykel (ek óp syde 273) neamt Postma de homo-erotyske Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe dy't er tige heegset os (kosmyske) poëzij, heger os gwón fersen fon Slauerhoff. Mar hy hat der beswier tsjin dot Boutens dy fersen net os eigen makke fersen útjûn hat, en hy beslút: ‘Mar oan 'e oare kant, it soe Slauerhoff net yn it sin komd wêze in bondel fan syn moaiste gedichten ûnder in skûlnamme út to jaen en dêrfoar in forteltsje op to tinken omdat “Holland op zijn...” it faeks net earber fine soe. Of kin der noch in oare reden foar west haw- | |
| |
we?’ Postma kómt jir nei foaren os un strider fwar it goed rjócht fon de homoseksúalyteit.
Nog dúdliker kómt de striidberens ta úttering yn it fers ‘Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe’ (Tsjerne 1962, s. 135) (Samle Fersen s. 338-339):
Waerd der dan in skande yn dy strofen iepenbier makke?
‘Een kind, een knaap die voor uw oogen viel’;
Mar it wie gjin fallen yn modder en weaze.
It gong oer in leafde sûnder wettich hûs,
Oer de biminnensdrang fan in ‘leafdeleaze’.
Yn de rige fon óp homoseksúalyteit wizende fersen jert ek nog ien fon Postma syn olderlêste fersen: Tobinnenbringen fan in âld skoalmaster (Tsjerne 1962, s. 260) (Samle Fersen s. 339-340) oer de net earlik ta ûntjouwing kómmende freonskip tusken learaar en learling. Efterô besjoen soe faaks ek un fers os De Kuijer (Heitelân 1924, s. 624) (Samle Fersen s. 153) yn dit ramt set wurde kinne.
Nijsgjirrig is yn dit ferbôn it fers Op har dy't ‘Libbensbloei’ skreau ( = Simke Kloosterman), yn 1941 skreon, en nei alle gedachten fwar it earst públysjerre yn de bóndel It sil bistean (1946), s. 46 (Samle Fersen s. 218-219). De fernúvering yn de earste strofe:
Hwer man, dy't ea de skiente fan in frou
Sa koe bineame yn syn hearlikheit?
In each, dat him net sêd seach oan it skien,
In hert, dat frij ‘ik ha dy leaf hawn’ seit.
mat yn de kóntekst fon Postma syn wurk hast wól lêzen wurde os un hulde oan frijmoedige leafde tusken meensken fon deselde sekse.
| |
Van der Meer oer Postma syn homoseksúalyteit
It fers Winterjoun (Heitelân 1927, s. 41) (Samle Fersen s. 158-159) dot Geart van der Meer os un soarte fon earste nog wot tsjustere úttering fon Postma syn homoseksúalyteit sjógt (s. 227-228), ha ik mei sin útsletten. Postma neamt Winterjoun mei Gjalp (skreon yn 1925) (Samle Fersen s. 154-155) en Wyldsang (Forjit my net 1914, s. 13) (Samle Fersen s. 74) (en Tsjinje?) os fersen dy't yn har ûnrêst wól wot fon Slauerhoff syn wurk hawwe (Tsjerne 1955, s. 273), mar it is net wis dot dy ûnrêst taskreon of olhiel taskreon wurde mat oan syn homoseksúalyteit. It stiet der net, tinkt my, en Van der Meer hat der ek gjin bewiis fwar bybringe kinnen. Kinne ‘frjemde bigearten’ inkeld homoseksúeel (of seis inkeld seksúeel) wêze? Is it maatskiplike tabû óp homoseksúalyteit inkeld ferontwurdlik fwar de frjemdens fon dy begearten? Binne hetero's wier sa
| |
| |
maatskiplik oanpost dot it nijs ol fontefoaren fon har ol of net seksúele begearten ô is?
Yn it fers Strjitliet (1914) (Swanneblommen 1916, s. 103) (Samle Fersen s. 76-77) kómme ‘frjemde langsten’ foar. De betsjutting fon dy ‘frjemde langsten’ yn dy kóntekst stypet myn rûmmere ynterpretaasje fon ‘frjemde bigearten’ yn Winterjoun. Yn Strjitliet lêze wy:
Dan komt de jeugd yn myn âlde hert,
De krêft en de wille; o 't sedich bistean
Fordreau alle frjemde langsten net!
It swakke punt by Van der Meer is dot er olle ‘problemen’ fon Postma werómbringt ta syn homoseksúalyteit. Syn langst nei ienhyd mei Fryslôn, mei de wrôd, syn dichtsjen oer freonen, dot soe neffens Van der Meer ‘de hûnderten kearen herhelle rop fan ek in “leafdeleaze”’ wêze ‘om der bij te jerren, fan in man dy't hieltyd wer oer syn freonen prate moast omdat er se net hie’ (s. 229, 235). Dot lêste is fonsels gewoan net wier. Postma hie un tige goede freon Tsjitse de Boer. Dy freonskip hat dwórre oan de dea fon De Boer ta (sjóg ek Fan in forstoarne freon (Frysk Jierboek 1943, s. 241) (Samle Fersen s. 224-225)), en oan it fers Tsjinje te sjen, hat it de beide monnen hû don ek dúdlik west dot yn dy ferhôding ek de erotyk un rol spyle. Postma syn ôkarring fon de ‘stykemens’ fon Boutens mei de homo-erotyske Strofen fon Andries de Hoghe makket it bóppedot wierskynlik dot er ol frii ier syn homoseksúalyteit fwar himsels wêze wóllen hat.
Dot lêste wurdt namste wierskynliker os men betinkt dot yn hollônske lyterêre rûnten fon tachtig en dêrnei de homoseksúalyteit gjin ûnbekind ferskynsel wie. Knuvelder helpt my jir net sa nóflik oan ynformaasje os by de monistyske strekking fon dichtwurk út dy tiid, mar b.g. de ferhôding tusken Kloos en Verwey (1885-1888) (sjóg Peter van Eeten yn Handelingen 27ste Ned. Filologencongres (Groningen 1962), p. 107-109) en de homoseksúalyteit fon Boutens binne bekind genôg en dy ha ek har lyterêre delslag fûn.
(Boutens hat nammers ris un fûleinige ferdigening fon de homofyly jûn yn syn ynlieding ta Sappho yn W.E.J. Kuiper, Grieksche lyriek in Nederlandsche verzen overgebracht door P.C. Boutens, Willem Kloos, e.a. (Amsterdam 1923): ‘Wie den zegen heeft gekend Sapfo in haar zuiverheid te beluisteren, voor hem worden alle smalende en vergoelijkende oordeelen in hun dwaasheid duidelijk en waardeloos’, seit Boutens, en hy rjóchtet him tsjin ûnder mear ‘de commentaren der vroegchristelijke zedepredikers, de benepen moderne beschuldigingen van onfatsoenlijkheid, de niet minder benepen aantijging van fatsoenlijkheid door de ridders van de filistijnsche figuur, die haar hartstochtlaaiende gedichten pogen te verlagen tot een soort muffe kostschoolpoëzie.’ Yn ‘Overzicht en verdeeling van den inhoud’ foaryn it bûk wurdt de ferontwurding fon
| |
| |
dy ynlieding olhiel oan Boutens oerlitten: ‘De hoofdstukken “Sapfo” en “Aischylos” zijn van de hand van P.C. Boutens; zij gaan geheel buiten den samensteller om.’ Lykemôg deselde ynlieding fon Boutens fyne wy os Ten geleide efteryn it bûk Oden en fragmenten van Sapfo vertaald door P.C. Boutens waaraan is toegevoegd zijn Ode aan Sapfo. [Maastricht] 1928.).
Der soe mear neamd wurde kinne: Jacob Israël de Haan syn Pijpelijntjes (1904) dêr't yntyme freoneferhôdingen yn it Amsterdam fon óm 1900 hinne yn beskreon waarden, jûg oanstjit, en ek syn Pathologieën (1908), en de skriuwer Aäron Aletrino (†1916) dy't krymyneel antropoloog wie, frege begryp fwar moderne tinkbylden oer homoseksúalyteit (Untliend oan: Encyclopedie der wereldliteratuur).
Sókke dingen binne Postma fonsels net fwarbygien. Postma stie m.o.w. yn un nederlônske lyterêre tradysje dy't de homoseksúalyteit os it nypte, dochs wól úttere. Postma sil gjin skamte field ha oer syn homoseksúelens, it wie fwar him gjin ‘sûnde’. Dot it leit net sa yn 'e reden dot begearten inkeld óp grûn fon de maatskiplike diskrymynaasje fon homoseksúalyteit ‘frjemd’ hyte soene by Postma.
De langst nei ienhyd en nei freonen is ollykemin it monopoaly fon homo's. Men kin lykegoed bybringe dot un boeresoan dy't oan 'e stúdzje rekket, dêrmei ollinne ol un iensum meitsjende distônsje skept tusken him en syn ôdershûûs en it fermidden fon syn jónkhyd. Postma neamt dot elemint sels mei safólle wurden yn syn fers De bûthúsbank (Heitelân 1941, s. 78) (Samle Fersen s. 219-220):
Piebenga seit wol dat de grounen goed binne, mar ik wit net, ik wit net..
En dat hawwe net de artyste-kroechjes dien, mar intellektuele formiddens bin ik net alhiel frij fan bleaun.
En men kin ek úthôde dot de meenske os er ôder wurdt ûnkearber fjirder fon de wrôd fon syn bernejirren ôrekket. Elk meenske sil óp un stuit sa'n soarte fon ûnderfyning ha. Ek os er syn hûûs of syn hert fól hat mei goede freonen. Dot is m.o.w. un olgemien meensklike ûnderfyning. Hat Postma dy, lykefólle óp hókker grûnnen, faaks yngeander tróglibbe os gwón oaren?
Ik kin net rjócht begrype dot Van der Meer Postma un mon fon beheinde ûnderfyning achtet (s. 229-230). Ik wól jir net óp myn bar oan it kwontyfysearjen slaan - hûfólle witte wy eins fon Postma ô? - mar un mon dy't sa'n oeuvre skept os Postma, mat yn syn ynderlik dochs wól it ien en oar ‘meimakke’ ha. Van der Meer hat him jir sa't lyket ferryfelje litten fon de dimmene toan yn de fersen. En Postma mei him don net sasear os ienling field ha yn syn homoseksúalyteit, óm dêr yn dy generaasje en yn dy tiid mei te libjen sûnder sichtber frustrjerre te reitsjen, dot sil dochs ek wól un behoarlik stik ‘ûnderfyning’ ópsmyten ha. Van der Meer brûkt jir it wurd ‘tragyk’ (s. 234), mar dot stiet net yn it wurk fon Postma te lêzen,
| |
| |
ek net tusken de rygels tróg. Postma is gjin slachtoffer mar un begenedige dichter. Hy ‘wit’ mear os wy, it is net fair óm don os wraak begrutsjen mei him te hawwen.
Ik sil net óp olle slakken yn Van der Meer syn stik oer Postma syn ‘kaaigedichten’ (s. 222-235) sôt lizze. Hy hat tefólle nei himsels en te min nei de dichter harke; it stik seit yn gwón ópsichten mear oer Van der Meer os oer Postma. Nog inkelde punten.
Van der Meer is fon betinken dot de rygel ‘Ek hwat ik nou net neame doar’ yn In hûs (Heitelân 1930, s. 380) (Samle Fersen s. 172) en de rygel ‘Mar it libben fan de man hat net wurde kinnen hwat it wêze moast’ yn Myn poëzij (Tsjerne 1951, s. 2) (Samle Fersen s. 325) óp Postma syn homoseksúalyteit tebekgeane. Dot is óp himsels net ûnmooglik, mar olwer: elk meenske hat wól dingen dy't er net neame doar (en it net neame doaren fon de homoseksúalyteit soe yn it ramt fon Postma syn wurk un soarte fon ‘ópportúnistysk’ ferswijen wêze, it soe net fwórtkómme út ynerlike skamte). Bóppedot, yn it fers Nimmen en jaen (Heitelân 1940, s. 277) (Samle Fersen s. 218) seit Postma wot soartgelykens: ‘Net alles, freon, hast neamd; faeks wie er ek / Hwat better bleau forswijd. [...]’. Dot fers is yn 1940 makke, os Tsjinje ol skreon is, en ek Blommejonge. It is tinkt my, olles goed besjoen, net sa wierskynlik dot dot ferswijen don, yn 1940, spesjaal óp syn homoseksúalyteit slagt. Of it mwast wêze dot Postma jir un lyterêre topos brûkte à la Boutens syn
[...] donkren schijn van liefdeloozen,
die nimmer zich verraden mag.
(Strofen van Andries de Hoghe, Tweede strofe, p. 21)
Mar ik wit net ot dot no wól sa yn 'e reden leit by Postma.
Un soartgelykense útwreiding soe ek sûnder beswier jûn wurde kinne oan de rygel út Myn poëzij. Fonsels: it kin wêze dot Postma jir sizze wól, lykos Rixt ek wól dien hat, dot er ljevver ‘gewoan’ un húshôding hôn hie. Mar dêrtsjin sprekke dochs wól wer wot rygels lykos yn Lok (Fryslân 1916, s. 118) (Samle Fersen s. 81):
- Astou weitsjochst, sill' net bliuwe
Treastlik, leaven fan dyn bloed.
As dit eigen libben bloeide
Nei syn aerd, dan is it goed.
It is net sa wis dot it meensklik tekwart by de dichter neffens himsels sit yn it maatskiplik ‘ûngewoane’.
It soe wêze kinne dot fwar Postma un oare klacht - en jir is feitlik jerder sprake fon selsferwyt - belangryker wie. De tredde strofe fon By de dea fan de dichter Slauerhoff (Heitelân 1936, s. 253) (Samle Fersen s. 189) is sa:
| |
| |
In fryske feint; mar mei formogens mear
As Fryslân. Sûnder maetskip; frij
Ta frjemde gongen bûten séde en pliich.
O, as ik it doarst... sa, somstoun', wy.
De dichter lyket jir, yn syn ferlyking mei Slauerhoff, himsels un tekwart oan moed yn it seedlike (yn rómme sin nim ik oan) te ferwyten. En yn ferbôn dêrmei soe men de rygel út Myn poëzij ek sa lêze kinne: ‘ik doar net genôg oan en dot hie oars matten’. Der binne nog wól mear rygels dy't yn dyselde rjóchting wize.
Om de ‘iensumens’ fon de dichter yn de goede proporsjes te sjen, is it faaks goed om it fers Allinne? (Frysk Jierboek 1946, s. 274) (Samle Fersen s. 233) ris te lêzen, skreon yn 1944 nei oanlieding fon it fers fon Boutens (†1944): Alleen (P.C. Boutens, Verzamelde Werken III, (1951), p. 22):
Ik was een stil en eenzaam kind,
Gij zongt voorbij als een stem in den wind:
Nu ben ik alleen, alleen.
Postma:
Ik wie gjin stil en ienlik bern,
My wie wol ljochte freugd biskern
Sjoch ik myn jonges-byltnis oan,
It sprekt sa klear my ta.
Foar alles iepen; sokken soan
en de lêste strofe:
Net ienlik doe, net iensum nou,
Mei eat noch fan in bern;
Sa is 't dat ik dizz' rimen riuw,
Yn bouwers dream forlern.
| |
Van der Meer syn skôging oer Postma
Van der Meer hat deróp wiisd dot mear bûnne fersen mei ópfollende lûdingsferskynsels inkeld yn it begjin fwarkómme (s. 250). Yn Postma syn lettere peryoade oerhearsket it frije fers (mar dêrneist nimme ek de kwatrynen un belangryk plak yn). It soe wól ris wêze kinne dot ek de sintaktyske ferskynsels yn Postma syn wurk dy't Wadman behonnelet yn syn ópstel Dichterlik geheimskrift (Tsjerne 1953, s. 87-88, ek yn: Oer Obe Postma (1979), s. 77-78) (lykos ómkearde ynfersy, elliptyske sinnen ensfh.) yn de lettere frije fersen ek navenont swakker wurde. Dot soe
| |
| |
don gearhingje matte mei de hyltyd sterker ‘praat-styl’ en de ferskowing fon de ynhôd nei de ‘besinning’ ta (sjóg ûnder Frysk en net-frysk). Mar ot myn ûnderstelling wier is, soe fonsels earst ûndersocht wurde matte. Nog ris wer: dit binne aksintferskowingen. Postma bliuwt yn wêzen deselde. It stik oer de fwarmferskynsels is it bêste part fon Van der Meer syn skôging. Ek ol soe óp un doer blyken dwaan dot net olles yn dot stik hôdber is, dêr kin fwar de diskusje óp fjirder bouwd wurde.
Oer it gehiel besjoen hat Van der Meer it him yn syn skôging oer Postma lykwóls te maklik makke. Hy hat te min eag hôn fwar it neistenwar fwarkómmen fon skynber of echt tsjinstridige dingen yn un meenske of yn un dichtersoeuvre. It soe bêst ris wêze kinne dot Postma - ek os dichter - net sa'n ienfôdige siel west hat os Van der Meer lyket te mienen.
Van der Meer begjint syn útliz fon it psygysk monisme fon Heymans net by it begjin; neffens him ‘tsjoent’ Heymans it psygyske en it fysyske ta ien (s. 241), mar hy jouwt nearne Heymans syn argúmintaasje dêrfoar. It hat my don ek ol wot nij dien dot Van der Meer yn syn réaksje óp Durk van der Ploeg grutsk ferkljerret dot hy ‘dat forneamde psychysk monisme fan Postma ris ûndersocht’ hat, ‘wiidweidiger as hwa dan ek foar mij’ (Trotwaer 11 (1979), s. 379). Van der Meer hat him fjirder olhiel net ôfrege hû en wonnear't Postma by it psygysk monisme kaam, mar giet der gewoan fon út dot er earst letter ûnder ynfloed kómd is fon fylosofyske streamingen (s. 233). En dot hat wer syn minder aardige gefólgen fwar de analise fon it wurk.
De skriuwer is yn un pear gefollen net ol te sekeur mei de feiten: De Boer is nammentlik begjin 1942 ferstoarn (s. 231), Breuker syn artykel stiet yn Ut 'e Smidte, en it sytjerre artykel fon Heymans Het Ik en 't psychisch monisme stiet óp syde 328-342.
Ik wól net sizze dot ik neat oan Van der Meer syn stik hôn ha, mar os gehiel is it un wot te wiidweidige praterij. Os ik oan it lêzen bin mei gwón fon syn parafrases en ynterpretaasjes, don tink ik mei Postma: ‘Lês de gedichten mar, it stiet dêryn!’ Mar don fonsels wól óp betingst dot men iepen stiet fwar de ferskillende mooglikheden dy't un ferstekst hat yn de kóntekst fon it hiele oeuvre en fon de trends of útteringen dêr't óp réagjerre wurdt.
Sjoen it autobyografyske karakter fon it wurk fon Postma is de ferlieding grut óm út dot wurk un soarte fon psygologyske analise óp te meitsjen, sa't Van der Meer dot besocht hat. Dot is ljo ik net de wei fwar un lyterêre analise. Postma mei himsels don un ‘iepen’ dichter neame, en syn wurk mei sterk autobyografysk wêze, it wurk kin, út de aard fon de saak, mar un part fon de persoan jaan, en bóppedot: it wól os dichtwurk lêzen wurde en net os psygologyske beskriuwing.
| |
| |
| |
Beslút
It fwargeande is net un nije analise fon Postma syn wurk. Dy mat der nog kómme. Ik ha besocht óm un oar byld te jaan fon de dichter Postma os it yn Fryslôn wênstige byld fon de wrôdfrjemde ôdfeint. It wênstige byld liedt ol te maklik ta ferkearde ynterpretaasjes. Postma hat tige meilibbe mei syn tiid, yn syn jónge jirren mar ek letter, en dû't er óm 1900 hinne mei syn frysk dichtwurk úteinsette, wie er ol ‘hielendol fwarme’ óp it stik fon lyteratuer en wittenskip (en fylosofy).
De dichter hinget tige oan de bernejirren, it ferlyne, it eigen fermidden, it boerelibben, Fryslôn, mar ol dy dingen wurde lyke hurd wer yn un wider ferbôn fon tiid en rómte set, en sadwande binne de aktúele ûntjouwing, de grutte wrôd, de stêd, Grut Fryslôn, it hiele ierdske libben en de kosmos gjin ferfrjemdzjende eleminten dy't mei dot jerdere en dot lytsere yn striid binne mar rjóchtoarsóm it gruttere gehiel dêr't se yn tús jerre. Olle lytse dingen binne part fon un grutter gehiel yn Postma syn libbensfielen. Ek de meenske is part fon mienskip en fólk, mar dot fólk wurdt net ferabsolútjerre en apart set, wont meenske en fólk jerre ómmers ek wer yn un grutter gehiel fon wrôd en skiednis en libben. Sa besjoen folle syn fylosofysk en dichterlik stramyn èn syn ydeeën oer fólksdichterskip moai te plak, wont it giet hyltyd wer óm un meenske dy't ópnómmen is yn un grutter gehiel, middenyn it libben fon oldendei en fon de ieuwen. Postma bliuwt dêryn it bern, de outsider dy't de wûnders fon de wrôd hyltyd óp 'e nij ûndergiet. En hy hat ek un bysûndere oandacht fwar oare outsiders, dy't it net óprêde yn 'e maatskippij of dy't bûtten de bewende of tastiene paden geane.
Dot de dichter gjin flotte jónge is dy't him os betûft insider rûnóm wól even mei rêde sil, is net un reden óm te kónkiúdearjen dot dizze dichter ‘it grutte’ net oan kin, wot dot grutte don fjirder ek wêze mei, rjóchtoarsóm, soe ik jerder sizze.
Postma dichtet net ‘in eigen wrâld bijinoar’ sa't Van der Meer ús wysmeitsje wól (Trotwaer 1980, s. 186), dy wrôd is útgóngspunt en ûnderwerp fon syn dichtsjen; dizze njóggentjinde-ieuwer, dizze tachtiger, dichtet sa oer de wrôd dot wy no nog oltyd nei him harkje. Postma is net oilinne un bern fon de ierde, hy is ek un bern fon syn tiid. Mar der binne net sa'n hiel soad fon dy't nei him kómmen binne dy't no nog lyke ‘modern’ oandógge os Obe Postma.
Fwar dit artykel ha ik profytjerje kind fon ópmerkingen en fiinsten fon Freark Dam, Gertjan Postma, Alex Riemersma en Tineke Steenmeijer-Wielenga. It stik tanket syn ûntstean yn earste ópslag oan it lyteratuerkolleezje dot ik óp 'e VU jûn ha yn 'e kursus 1979-80 en dot fwar it grutste part wijd wie oan Obe Postma.
Yn Obe Postma syn fersen steane gôns mear réaksjes óp of wjerlûden
| |
| |
fon oarmons wurk of útteringen os wy jir neamd ha. Der is nog wól mear bekind os yn myn stik ferwurke is, mar fierwei it grutste part is gewoan nog net tús brocht. Op it FLMD is óp dit mêd ol hiel wot registrjerre, mar it soe un goed ding wêze os meensken dy't fondotoangeande fiinsten dógge of dien hawwe, dot bwórkundig makken, itsij trog públykaasje yn un tydskrift itsij tróg ópstjoeren fon har fiinst(en) nei it FLMD. Op sa'n manier soe it fylologysk apparaat fon Postma syn wurk sa kómpleet mooglik wurde kinne, en dot is wer moai basismateryaal fwar fjirdere analises fon it wurk sels.
| |
Tajekke
Inkelde iere fersen fon Postma
Twa fersen fon O. yn it Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1887. Eerste jaargang:
p. 4-5:
| |
Lente - Liefde.
Komt na den doodschen winter
Dan brengt ze 't jonge leven,
ontkluistert beek en bron;
haar kopjes boven d' aard,
en vullen bosch en gaard.
van liefde, schoon en waar,
Zij zingen voor hun liefje
en spreken slechts tot haar.
De vinken keuvlen vroolijk
Straks bouwt zich ieder paartje
Zoo schijnt de zon der liefde
Gij doet de schoonste rozen
Laat reine tonen ruischen,
p. 9-10:
| |
In frysk liet.
Ik bin ten 't frije, Fryske bloed,
In soan fen Fryske groun,
Bin oan det lân, yn lok, yn noed,
Troch troue ljeafde boun.
In 'k min syn tael mei hiel myn hert,
De tael fen pake in heit,
Om t'úterjen yn wille in smert
'k Hab ljeaf dy greiden, Fryslâns rom,
Sa moai yn foarjierstiid;
Dêr socht ik d' earste pinksterblom,
Dêr boârte ik, bern, sa bliid.
'k Hab ljeaf dy famkes, gol in blier,
Mei rozewangen, gouden hier:
Sa bin' s'er nearne mear.
Ik hâld fen d' âlde, eable sin
Fen foarfârs, dreech in stoer,
Ik hab ek nog hjar frijdomsmin,
Ik bin fen 't frije, Fryske bloed
Oan al myn lânsljuwe rop ik lûd:
Bliuw Fries yn wird in died
| |
| |
Twa fersen fon Memini yn it Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1888. Tweede jaargang:
p. 5-6:
| |
Stille boden.
Langzaam drijven witte wolken
Langs de blauwe hemelbaan,
Door de winden voortgedragen
‘Waarheen zou de reis wel gaan?’
‘Komt gij, wolkjes, op uw tochten
In het verre land misschien,
Waar de zwaluwen vertoeven,
Wilt haar onzen groet dan biên!’
‘Zegt haar, dat de groene lente
Hier reeds lang haar intreê deed,
Zegt haar, dat de zonnestralen
Lang reeds smolten 't sneeuwen kleed!’
‘Spreekt haar van de bonte weide,
Van de bloesems, wit en rood,
Spreekt haar van het oude nestje,
Dat haar steeds een schuilplaats bood.’
En de zwaluw in het zuiden,
Van de wolk ontvangt z' een groet,
En in 't ruischen van het windje
Hoort z' een stem, zoo zacht en zoet.
't Is, als laat een vreemd verlangen
Haar geen oogenblik meer rust;
Door dat zoete lied betooverd
Droomt ze straks van weelde en lust.
En straks zweeft er aan den hemel
Weer een wolkje, zwart en klein;
Boven 't dorpje daalt het neder....
‘Ziet, daar zal de zwaluw zijn!’
| |
| |
| |
Hwetikwoe.
Ik woe wol, det it foarjier wie,
It lân tol pinksterblommen stie,
In det nou mei de bûterblommen
De koekútsblom al wie op 't kommen;
Det aan de heldre, blaue himmel
De wârme foarjierssinne stie,
In yn natûr nou brocht it libben,
Hwer 't alles deadsk in treurich wie.
Ik woe wol, det heech yn de loft
It ljuerkje song ten wille in noft,
Det oer it lân de leepen fleagen,
Nou tichte bij, den fier út 'e eagen;
Det oan 'e wei in yn 'e hoâven,
De haegdoarn bloeide, ljeaflik swiet,
Wylst fleurich yn 'e griene takken
De fûgels songen 't brilloftsliet.
Ik woe wol, det it foarjier wie,
It lân fol pinksterblommen stie,
Wylst oer 'e bou in d'âlde finne
Striek seaft it súdewyntsje hinne.
Den scoe ik mei de fûgels sjonge
In fleurich, sinnich maitiidsliet,
In yn it lân de blommen ploaitsje,
Saas ik die yn bernetiid.
Ien fers fon O. yn it Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1889. Derde jaargang:
p.3:
| |
De dichter.
Wat door een dichter werd geleden en genoten,
Wat door een hart gevoeld werd, door een hoofd gedacht,
Heeft, door een zoete stem in tonen uitgegoten,
Soms duizenden geboeid met wondre tooverkracht.
De woorden, door zijn' geest op 't blank papier geschreven,
Zacht klagend nu, dan juichend, jubiend stout en vrij,
Ze zullen met hem ons doen voelen, denken, leven,
Dat leven hatend of aanbiddend zooals hij.
| |
| |
Bóppesteande fersen ha ik óp rekken skreon fon Obe Postma. De ûndertekening O. en it feit dot dyselde O. un frysk fers skreon hat, is un sterke oanwizing. De toan yn In Frysk liet is ‘eksplysyt-nasjonaler’ os wy dot wend binne fon Postma, mar it fermidden yn Fryslân hat dot sa't lyket ek wot oer him hôn. Bóppedot: de dichter is nog gjin 19 jier os er it fers makket, en it oantinken oan de bernetiid, de greiden mei blómmen, it sykjen fon blómmen, de famkes os part fon it ‘stillibben’ fon it ferlyne, it kómt letter ollegjer wer yn de fersen fon Postma. Ek de leafde fwar Fryslôn is letter wer un hiel sintraal tema by Postma, ol is syn frysksinnigens don ynbouwd yn un minder jeuchlik, meensklik fólsleiner útteringsfwarm en wrôdbyld. Ek fjouwerrygelige strofen mei rymskema abab en mei rygels fon 8, 6, 8 en 6 wurdlidden fyne wy letter wól wer by Postma, b.g. yn Allinne? (Samle Fersen s. 233) of, mei it rym abcb, yn Giest mei? en Op de terp (Samle Fersen s. 110-111).
Hwet ik woe fon Memini wiist hast nog dúdliker fwarút nei Postma syn letter wurk: it lók fon it fwarjier, it fwarjier mei de greiden fól mei blómmen, it ploaitsjen fon de blómmen ‘sa as ik die yn bernetiid’, it ‘stryken’ fon de wyn oer ‘'e bou en d'âlde finne’, ensfh. Ferlykje b.g. fersen os Om Maeije hinne (Samle Fersen s. 29) en oare fwarjiersfersen. Ek fwarmen os ‘himmel’ en ‘leepen’ wize óp Postma. Yn Hwet ik woe spylje fûggels, greide en bernetiid wól un grutte rol, mar de pleatsen en it fee, it ‘boerske’ elemint yn Postma syn lettere fersen mist jir nog hast olhiel.
De hollônske fersen fon O. en Memini binne minder maklik tús te bringen, mar de beide hollônske fwarjiersfersen kómme yn toan en tematyk net yn striid mei Postma syn dichterlike kosmos. Ek de medytaasjes fon De dichter kinne hiel wól ynpost wurde yn Postma syn ydeeën oer funksje en wearde fon de dichter.
Yn itselde olmenak (fwar 1889) stiet ek un frysk fers fon Thialf: Winter, dot wól net fon Postma wêze sil. Itselde jildt fwar un fers fon P. (nei Longfellow): Schemering yn itselde olmenak. Dot lyket net dalik un fers yn Postma syn geast. Nog dúdliker is dot yn de fersen fon P. yn it olmenak fwar 1890: Sonnetten I en II en Dichten. De allegory fon de (stjerrende) leafde en de klacht oer de dwaashyd fon it dichtsjen binne, lyket my ta, neat fwar Postma, en ik woe dy fersen dus yn jersten mar net oan him taskriuwe.
It is net ûnmooglik dot der nog mear fon Postma yn de olmenakken fon de ASB stiet (eventúeel ek proaza). Mar dêrfwar soe un yngeander ûndersyk nedig wêze. It soe nammers un goed ding wêze os de skiednis fon it stúdinteselskip Fryslân ris neigien waard. Dot soe ús faaks nog wer wot mear leare kinne oer Postma syn fermidden yn syn stúdintetiid, en it soe ek nijsgjirrig wêze os un stikje bewegingsskiednis. Yn de olmenakken fon de ASB en yn it ASB-blêd Alma Mater (of wot dêr nog fon bewarre is) is ek it ien en oar te fynen oer de ferneamde Jac. Kalma (1870- | |
| |
1943). Ek óm dy reden soene de bwarnen út 'e iere ASB-skiednis nogris better bestúdjerre wurde matte.
| |
Beoardielingen fon iere fersen fon Postma
Yn Alma Mater jg. 1 (1888), nr. 2 (Woensdag 15 Februari), yn it besprek fon De Almanak van den Amsterdamschen Studenten-Bond voor 1888, stiet óp p. 2 ûnder mear:
Memini schonk ons twee gedichtjes: ‘Stille boden’ en een liedje in Friesch dialect: ‘Hwet ik woe.’
In ‘Stille boden’ heeft hij het, evenals Homosim, over wolken. De idee van het stukje, de wolkjes die de zwaluwen de tijding overbrengen dat het lente is geworden, is wel aardig. ‘Hwet ik woe’ is een naïef, frisch stukje, een zucht naar den intocht der lente, die den dichter blijkbaar uit het hart is geweld. Wij aarzelen niet, het om den eenvoud en het gevoel die er uitspreken, onder de beste voortbrengselen te rangschikken.
Yn Alma Mater jg. 2 (1889), nr. 2 (Vrijdag 15 Februari), yn it besprek fon Jodocus oer De derde Almanak van den A.S.B. (Februari 1889) stiet ûnder mear:
Allereerst een woord van waardeering voor de dichters, die met hunne poëtische gaven dit mengelwerk hebben opgeluisterd. Ze worden ingeleid door ‘O’ met een gedichtje van twee strophen, dat in wel wat moeilijke verzen den hoogen en edelen invloed des dichters tracht aan te geven. 't Is een fanfarestoot, die de aandacht voor het volgende trekken moet.
| |
| |
Bwarnen oer de Amsterdamsche Studenten Bond yn Postma syn tiid.
1. |
Almanak van den Amsterdamschen Studentenbond voor het jaar 1887. Eerste jaargang. Amsterdam Brinkman & Van der Meulen. en de jiergóngen 2-6 (1888-1892) fon itselde olmenak. (U.B. Amsterdam, Y 5516; en Hist. Verz. UvA). |
|
2. |
Alma Mater. Orgaan van den Amsterdamschen Studentenbond. |
|
a. |
3de jaargang (1890): |
|
no. 8 (Vrijdag 16 Mei) |
|
no. 11 (Dinsdag 1 Juli) |
|
no. 13 (Woensdag 1 October) |
|
no. 14 (Donderdag 16 October) |
|
no. 18 (Dinsdag 16 December) |
|
en: Feestnummer bij gelegenheid van de eerste lustrumviering van den ASB (Maandag 2 Februari 1891). |
|
(bóppesteande nûmmers binne yn de Postma-samling fon it FLMD) |
|
b. |
1e jaargang (1888): |
|
no. 2 (Woensdag 15 Februari) |
|
no. 3 (Donderdag 15 Maart) |
|
no. 4 (Zondag 15 April) |
|
no. 5 (Dinsdag 15 Mei) |
|
September 1888 Extra-Nummer vanwege de A.S. La Renaissance |
|
no. 6 (Maandag 1 October) + bijblad |
|
no. 7 (Donderdag 1 November) + bijblad |
|
|
2e jaargang (1889): |
|
no. 1 (Vrijdag 1 Februari) |
|
no. 2 (Vrijdag 15 Februari) |
|
no. 3 (Vrijdag 1 Maart) |
|
no. 4 (Zaterdag 16 Maart) |
|
no. 5 (Maandag 1 April) + bijvoegsel |
|
no. 6 (Maandag 15 April) |
|
no. 7 (Woensdag 15 Mei) |
|
no. 8 (Zaterdag 1 Juni) |
|
no. 10 (Dinsdag 6 Augustus) |
|
no. 11 (Dinsdag 1 October) |
|
no. 12 (Dinsdag 15 October) |
|
no. 13 (Vrijdag 1 November) |
|
no. 14 (Vrijdag 15 November) |
|
no. 15 (Zondag 1 December) |
|
no. 16 (Zondag 15 December) |
|
no. 17 (Vrijdag 17 Januari 1890) |
|
|
3e jaargang (1890): |
|
no. 1 (Zaterdag 1 Februari) |
|
no. 2 (Zaterdag 15 Februari) |
|
no. 3 (Zaterdag 1 Maart) + bijvoegsel |
|
no. 4 (Zondag 16 Maart) |
|
no. 5 (Dinsdag 1 April) |
|
no. 6 (Woensdag 16 April) |
| |
| |
|
no. 7 (Donderdag 1 Mei) |
|
no. 8 (Vrijdag 16 Mei) |
|
no. 9 (Zondag 1 Juni) + bijvoegsel |
|
no. 10 (Maandag 16 Juni) |
|
no. 11 (Dinsdag 1 Juli) |
|
no. 12 (Woensdag 27 Augustus) |
(bóppesteande nûmmers binne yn de Historische Verzameling ton de Unyversysteit ton Amsterdam (Agnietenkapel)).
| |
Bylage (sjóg syde 35)
Ut: Rudolphe Toepffer, La bibliothèque de mon oncle (yn: Nouvelles Génevoises par M. Topffer, Paris 1848).
p. 75-77:
Ainsi, c'est en prison que je devais connaître pour la première fois tout le charme de la liberté.
Charme bien grand! Pouvoir légitimement dormir, ne hen faire, rêver... et cela à cet âge où notre propre compagnie est si douce, notre coeur si riche en entretiens charmants, notre esprit si peu difficile en jouissances; où l'air, le ciel, la campagne, les murs, ont tous quelque chose qui parle, qui émeut; où un acacia est un univers, un hanneton un trésor! Ah! que ne puis-je remonter vers ces heures fortunées, retrouver ces loisirs enchanteurs! Que le soleil est pâle aujourd'hui! que les heures sont lentes, les loisirs ingrats!
Je retrouve sans cesse cette idée sous ma plume. Chaque fois que j'écris, elle me presse de lui donner le jour; je l'al falt mille fois, je le fais encore. En vain le bonheur m'accompagne, en vain les années m'ont apporté chacune un tribu de biens, en vain les jours se lèvent purs et sereins; hen n'efface de mon coeur ces souvenirs d'alors; plus je vieillis, plus ils semblent rajeunir, plus j'y trouve un sujet d'attendrissante mélancolie. Je possède plus que je ne désirerais, mais je regrette l'âge du désir; les biens positifs me paraissent moins savoureux que ce nuage vide, mais brillant, qui, m'enveloppant alors, m'entretenait dans une constante ivresse.
| |
| |
Fraîches matinées de mai, ciel bleu, lac aimable, vous voici encore; mais... qu'est devenu votre éclat? qu'est devenue votre pureté? où est votre charme indéfinissable de joie, de mystère, d'espérance? Vous plaisez à mes yeux, mais vous ne remplissezplus mon âme; je suis froid à vos riantes avances; pour que je vous chérisse encore, il faut que je remonte les années, que je rebrousse vers ce passé qui ne reviendra plus! Chose triste, sentiment amer!
Ce sentiment, on le retrouve au fond de toute poésie, si encore il n'en est pas la source principale. Nul poëte ne s'alimente du présent, tous rebroussent; ils font plus: refoulés vers ces souvenirs par les déceptions de la vie, ils en deviennent amoureux; déjà ils leur prêtent des grâces que la réalité n'avait pas, ils transforment leurs regrets en beautés dont ils les parent, et, se créant à l'envi un brillant fantôme, ils pleurent d'avoir perdu ce qu'ils ne possédaient pas.
En ce sens, la jeunesse est l'âge de la poésie, celui où elle amasse ses trésors, mais non, comme quelques-uns le croient, celui où elle peut en faire usage.
De eet or pur et entassé autour d'elle, elle ne sait rien tirer. Vienne le temps qui le lui arrache pièce à pièce; alors en lui disputant sa proie, elle commence à connaître ce qu'elle avait; par ses pertes, elle apprend ses richesses; par ses regrets, ses joies taries. Alors le coeur se gonfle, alors l'imagination s'allume, alors la pensée se détache et s'élève vers la nue... Alors Virgile chante!
Mais que dire de ces poëtes imberbes qui chantent à eet âge où, s'ils étaient vraiment poëtes, ils n'auraient pas trop de tout leur être pour sentir, pour s'enivrer en silence de ces parfums que plus tard seulement ils sauront répandre dans leurs vers!
Il y a des mathématiciens précoces, témoin Pascal; des poëtes, non. Homère sexagénaire est plus croyable que la Fontaine enfant. Avant vingt ans, quelques lueurs peuvent apparaître; avant ce terme, et plus loin encore, aucun génie de poëte n'a atteint à sa hauteur. Beaucoup pourtant étendent leurs ailes bien plus tôt: faible essor, chute prochaine; pour avoir pris leur vol prématurément, ils gisent bientôt sur le sol. Gazettes, coteries, c'est votre ouvrage; relevez-les.
La Fontaine s'ignora bien tard, toute sa vie peut-être: n'est-ce point là son secret? Lisez ses préfaces, je vous prie. Se doute-t-il qu'il soit autre que tout le monde? Et ce n'est pas modestie, il n'a pas seulement assez de vanité pour être modeste; c'est nature simple et naïve, c'est bonhomie pure. Il chante, c'est son plaisir, non la mission qu'il se donne, non le but qu'il se propose; il chante, et la poésie coule à flots de ses lèvres.
Il était bête, vous savez. Il se persuadait que Phèdre était son maître; il oubliait de louer Louis le Grand; sans y songer, il offensait les marquis, et manquait les pensions. Bien niais, en effet, en comparaison de tant de poëtes d'esprit!
| |
| |
p. 55-57:
‘[...] je me doute qu'à aucune époque les poëtes n'ont été heureux. En savez-vous un, parmi les plus favorisés, qui ait jamais pu étancher sa soif de gloire et d'hommages? [...] Et encore, ceci n'en est que la surface; je m'imagine qu'elle recouvre des troubles plus grands, des dégoûts plus amers. Ces têtes-là se forgent une félicité surhumaine que chaque jour déçoit ou renverse; ils voient par delà les cieux, et ils sont cloués à la terre; ils aiment des déesses, et ne rencontrent que des mortelles, Tasse, Pétrarque, Racine, âmes tendres et malades, coeurs jamais paisibles, toujours saignants ou plaintifs, dites un peu ce qu'il en coûte pour être immortels!
Ceci est l'effet et la cause. C'est parce qu'ils sons poëtes qu'ils éprouvent ces tourments; c'est parce qu'ils éprouvent ces tourments qu'ils sont poëtes. De cette lutte qui se falt en eux jaillit, comme l'éclair de la nue, cette lumière qui nous frappe dans leurs vers; la souffrance leur révèle les joies, les joies leur apprennent la souffrance, leurs désirs vivent à côté de leurs déceptions; de ce riche chaos, de ces fécondes douleurs naissent leurs sublimes pages. [...]
Au reste, quand je parle de fécondes douleurs, je n'entends point dire par là que tout grand poëte gémit et pleure nécessairement dans ses vers, mais au contraire, que ses plus riantes extases recouvrent d'amers déplaisirs. Alors même qu'il nous entra^ine dans un aimable Élysée, alors même qu'il peint la beauté sous ses plus célestes traits, c'est le vide de la terre qui le falt déployer son essor vers ces hauteurs fortunées: il est peintre de la santé, parce qu'il est malade; de l'été, parce qu'il erre sur les glaces; des eaux fraîches, parce que tout est aride alentour. Le malheureux goûte quelques instants d'ivresse, et il nous falt boire à sa coupe. Pour nous, le nectar, pour lui la lie.
|
|