in spronkje koe er in oare bal fan in tûke plôkje. hja rôp nee nee dy net dy is net ryp dy is as in balflint sa hurd. hy hearde it net lei de bal njonken de priem skeat hurd. hja soe krekt op him ta om him it ding ôf te krijen mar de sûzjende bal batste har lyk yn it gesicht, hja klapte efteroer tsjin it net oan keatseballe doe likehurd werom en bleau foaroer langút yn it gers lizzen. doe't er by har del knibbele en har de hân op de holle lei skeat hja as de wearlich oerein. hja krige him by it nekfel en skopte him ta it hôf út wylst hja him noch neiraasde ik hie it goed sein net dy net dy is net ryp wachtsje mar jonkje do silst dyn master thúsfine. doe smiet hja it túnhek ticht en postearre har by de yngong fan it hôf. har breipriemmen blikkeren yn it ljocht fan de sinne. Hy rûn it fjild wer op. De minsken jûchheiden noch om it doelpunt. De bal lei klear op de stip. In heale menút sawat wie er yn de sûs, hy frege him ôf wêr't er wie. Doe, it wie tsien sekonden foar tiid, rûgele him de bal foar de fuotten. Yn de fierte hong it net, it grimele him foar de eagen. Mei behindige bewegings passearde er syn maten en sette rjocht op eigen doel ôf. Hy skeat. De doelman ferroerde him net en de bal sylde sierlik yn de touwen. In prachtich doelpunt. De doelman fleach op him ta en ferkocht him in trewinkel. Hy rekke ûnder fuotten. Syn maten sloegen him mei de fûsten tsjin de holle, op it boarst, skopten him yn it krús. Doe, tsienresom, gyngen hja op him stean te dûnsjen. De bal kaam net wer op de stip. De ploegen gyngen it fjild ôf. Hy bleau lizzen, dea yn it strafskopgebiet. Fan it moartsjende publyk krige er in stien fan sitkjessens en bierblikjes. Op it elektroanysk scoreboerd gyngen de lampkes fan 1-2 út. Mar de duvel yn de dug-out lake ûnder dúmkes wei.