Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 352]
| |
[pagina 353]
| |
Omgonggearstald
út tûzen libbens
nat elk minske
syn weromsjen
yn
des
oxy
ribo
nu
cleïne
soer
as riedling fêstlein
nâle oan nâle
rize wy op út 'e ierde
en bestjurje wer
ta iere wynpatroanen
| |
[pagina 354]
| |
[pagina 355]
| |
Mimeom it ferrinnewearre hûs
ferwurde tinzen stadich
wolkens op 'e wyn
as in pantograaf
stjoer ik beweging
boppe dyn gewicht
smelle wurden
en handige meneuvels
groeden lizzen iepen
in djippe wûne
is myn mûle
holte sûnder swietrook
dan romje ik it glês
púnfal fan in leafde
bring korreksies oan
| |
[pagina 356]
| |
Embolyit hert feit lang en tsjuster
rudich sedimint
fan leafde lyts en smel
it hat gjin heimnis mear
neat om út te struien
yn ús besletten wêzen
dochs bin ik wyt en rêstich
ynkapsele, sel ta sel
hûl sûnder gefoel
en do, yn dyn metalen lizzen
biste gjin hearsker mear
oer myn linich liif.
|
|