Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 357]
| |
PlankenIn boekekast moat in toanbyld fan oarder wêze, fyn ik. Inkeld dêrom haw ik bytiden muoite mei it wurk fan Huub Oosterhuis. Moatte syn bondels op de boppeste planke tusken Greshoff en Bernlef? Of krije se in plakje yn it rychje théology en alles dat dêrmei anneks is? Koart sein: Is Oosterhuis literatuer of net? Lêsten woe ik in freon in fers fan Dorothee Sölle foarlêze. Ik gie nei boppen en knibbele foar de boekekast om har bondeltsje De langste adem derút te krijen. Ik koe it net fine; seker útliend. In dei letter fûn ik it by de poëzy op de boppeste planke. Doedestiids hie ik it by de literatuer rekkene. No sil ik in pear wurden sizze oer it nijste bondeltsje fan Jan Dotinga: Nou't Hy de hichte hat. De besprekker mei it boekje hâlde, dat ik fiel it al oankommen: it moat yn de boekekast. | |
PapierWie it by eardere útjeften fan Jan Dotinga syn wurk al sa gelegen, dat fierwei de measte bondeltsjes der net útkipen fanwegen in treflike oanklaaiing, it Friesch Dagblad slacht alle records troch Dotinga syn teksten ôf te printsjen op it alderyslikste papier dat te krijen is: ynwyt en snotteglêd. In miterich, kursyf letterke griist jin 47 siden lang oan. It boekje tichtslaan helpt neat, want op it omslach fleane twa modderfette dowen foar in aaklik giele sinne lâns, wylst it stukadoarwurk op de achterflap nea-bedoelde tearen yn it portret fan de skriuwer lûkt. Hoewol't ik sekuer leau, dat de uterlike fersoarging fan in boekje syn ynfloed jilde litte kin op it beoardieljen fan de ynhâld, moatte wy ús fansels net ferrifelje litte troch amateuristysk yninoar draaid papierwurk, likemin as wy ús ferrifelje litte moatte troch technysk prachtich útfierde útjeften, want dêr binne ek foarbylden fan. It wurd moat it dwaan. Of it Wurd? | |
[pagina 358]
| |
Gebeden en belidenissenNei in kear lêzen docht al rillegau bliken, dat in foech part fan de teksten yn dizze bondel ornearre of yn alle gefallen geskikt is foar gebrûk yn de tsjerklike earetsjinst. Sawat de helte fan de fjirtich teksten binne gebeden en belidenissen, faak inte op de tsjerklike feesten en besûndere liturgyen; fyftjin teksten fertsjinje it predikaat ‘fers’, wylst wat oerbliuwt fan beide wat weihat: faaks rint it fers út op in gebet of belidenis. It feit dat it grutste part fan de bondel sa sterk op it praktysk gebrûk by de liturgy rjochte is, soe oars al in oar ljocht smite kinne op de fraach oft wy dit wurk by de literatuer rekkenje meie as net. Gebeden en belidenissen hawwe trochstrings, nei har aard, net de pretinsje perfoarst poëtysk wêze te moatten. Dêrfoar is har ferkearsfunksje tusken de minsk en syn god te grut. Oars sein: Ek sûnder in beskate poëtyske ynslach bliuwe it gebeden en belidenissen. Se kinne har sels taalflaters, grammatikake ûnsinnichheden en ûnheure klisjees permitearje sûnder yn har wêzen oantaast te wurden. It wurd slacht ynhâldlik sa foar master op, dat elke mearsinnichheit, elke suggestje en elke emoasje dy't taal technysk, bûten de cleane meidieling om, teweibringe kin, feitlik oerstallich is. Oan de oare kant is it al sa dat, benammen yn de gebeden, de foargongers har literair ferlet kwyt kinne yn de tsjerke. Se meitsje dêr sneins ek tankber gebrûk fan. En no doel ik net op dy dûmny dy't yn in lyts frysk doarpke op de preekstoel stie en bea: ‘Here, wij komen tot U als schapen van Uw kudde, ook al zijn wij hier maar een heel klein kudje...’ en fierder rêstich mei de eagen ticht nei it ‘amen’ tawurke, mar op mannen as Jaap Zijlstra en Thijs Weerstra (dy't trouwens bytiden sa op literaire effekten út binne dat de wurden ynhâldlik har betsjutting ferlieze) en benammen de earder neamde Huub Oosterhuis en prof. Gerard Rothuizen. Oeral binne foargongers te finen dy't achterneirûn wurde om't se it ‘sa moai sizze kinne’, mar soks hoecht fansels noch net op literaire jeften te wizen. Der binne guon by dy't omraak raze kinne, in treflike foardracht hawwe of om it oare wurd in bak fertelle, mar dat seit ommers neat. It is allinnich spitich dat it hantsjefol werklik literair bejeftige foargongers op deselde heap smiten wurde. Der is, bûten de âlde joadske literatuer om, hjoeddeiske literatuer yn de tsjerke te beharkjen, hoe spoaradysk dan ek. Elk dy't dêr noch syn twivels oer hat, moat yn it Liedboek voor de Kerken mar ris teksten lêze fan W. Barnard (Guillaume van der Graft), Ad den Besten, Muus Jacobse, Huub Oosterhuis en Jan Wit. Jan Dotinga is warber yn it Frysk. Hy hat yn it ferline sjen litten dat er op it bibelwurd basearre teksten skriuwe wol en ek skriuwe kin. It kin fansels sa sêze dat er doedestiids frege wurden is om mei te wurkjen oan de oersetting it Liedboek en wegere hat, oars bliuwt it in ûnbegrypli- | |
[pagina 359]
| |
ke saak dat syn namme yn it rychje oersetters net foarkomt. Sûnder dy oersetters leech lizze te wollen (se hawwe nei myn betinken fakwurk levere), moat dochs sein wurde dat Dotinga op syn sa eigen manier fan skriuwen in goeie bydrage oan it Lieteboek foar de tsjerken leverje kind hie. Is Dotinga yndie frege wurden, dan fyn ik it spitich dat er it net dien hat. De gebeden en belidenissen yn dizze bondel drage de spoaren fan de dichter dy't Dotinga al jierren bewiisd hat te wêzen. It moat sein wurde, hy ûntkomt lang net altyd oan de algemienens, de maklikens en de oerflakkigens (literair besjoen dan) fan it sljochtwei gebed; hy komt bytiden ek mar krekt út boppe it nivo fan de lege wurden, dy't gauris binnen de tsjerkemuorren opklinke, mar dêr steane dan wol treflike passaazjes foaroer. Foar alle dúdlikens noch in kear, ik haw it hjir oer it poëtysk aspekt fan de teksten, fan de oprjochtens en echtens fan de gebeden bliuw ik fansels ôf. Mar yn wat ik al yn de earste tekst oantref, kin ik net de hân fan de poëet gewaar wurde. In bytsje dûmny krige soks al foarinoar en de iennichste rjochtfeardiging fan dizze LOFPRIZING is dan ek dat it in lofprizing is yn geef Frysk, nijsgjirrich om te lêzen foar de leauwige, net foar de poëzijleafhawwer; geskikt ek om troch leken yn de Fryske earetsjinst útsprutsen te wurden. Ik sitearje ien fragmint, mar der steane yn dizze bondel sokke eintsjes by it soad. Wy tankje Jo dat it ljocht
in kear nommen hat,
dat de sinne opgien is yn Jou Soan
foar alle lok en seine.
Haw tank Hear,
dat Hy ús skuld droech,
ús tokoart diek, ús hanne folle,
ús eagen iepene (5)
Wêrom seit dit my neat, wylst in fragmint út GEBET FOAR IT NIJE JIER op de oare side my al wat seit? Help ús
nou't it lân yn dize foar ús leit.
Us fuotstappen meitsje
fraechtekens,
ús wei rint dea
yn eigenwaen en blinens:
wy bismodskje de snie
fan Jou leafde. (6)
It is net maklik te sizzen wêr't it him krekt yn sit en wa't ferkeard wol, kin dit fragmint like neat-sizzend fine as it earste. Ommers, it byld fan de ‘dize’ foar wat ûnwis en ûnbekend is, is net botte nij. Oars is it lykwols mei | |
[pagina 360]
| |
de fuotten dy't fraachtekens meitsje. Dat fyn ik ynienen prachtich. Ik kin der ek in soad by prakkesearje en riddenearje. Underweis wêze, mar net witte oft it de goeie wei is. Ik sjoch drekt in snielânskip foar my mei de printen fan learzens dy't oer it tek rûnen, yndie suver fraachtekens. Ik beskôgje it snielânskip as de wrâld, it libben, de tiid en sjoch de fuotstappen fan de minsken dy't der trochhinne giene de ieuwen oer; de folsleine (tsjerke)skiednis yn in pear wurden. Ik sjoch ek de beheindens fan it minskdom dat syn eigen partikuliere wegen bewannelet. It wurd ‘eigenwaan’ jout my yn in flits it buordsje ‘EIGEN WEG’ te sjen. De lêste rigels binne net allinnich de moaiste, se binne ek moai te plak by it snielânskip dat him al even earder spontaan oppenearre. Ommers, de hiele skiednis is ien great besmodskjen fan in paradyslik, dreamwyt fjild, tink ik dan op myn manier. Sok lêzen, dêrt de harsens hurder ferbiningslinen by lizze as dat de duvel byfytse kin, is gekkewurk, mar it docht bliken dat it kin. It soe allinnich nijsgjirrich wêze om te witten wêrom't no krekt dizze kontakten yn it breinwurk makke wurde en net oare. It sil sawat de gearhing wêze fan de suggestje fan it wurd en de geastlike bagaazje fan de lêzer, op dat stuit. Faaks hat ek de lêslokaasje der eat mei te krijen, want deselde tekst soe him yn 'e stêd wolris oars lêze litte kinne as yn de polder, om mar wat te neamen. Yn it begjin fan GEBET OM GROEI sit it him benammen yn de rigels 6/7. It ferbinen fan ‘heil’ en ‘rein’ is moai fûn. No wurket de suggestje fan ‘lok’ en ‘seine’ en ‘heil’ en ‘zegen’. De ‘fûle slach’ by ‘rein’ sil dúdlik wêze, mar it wurdt earst nijsgjirrich as de wurden tagelyk op ‘heil’ slane. Der komt in oerweldigjende klap fan hegerhân, mar it is in trewinkel fan heil. Fierders is dit fragmint moai útbalansearre fanwegen syn klank. De (heal)rimen sigesaagje as de wearlich troch de rigels en ûnderstreekje nochris it majesteitlike fan de natuer. Jou namme Hear
is great yn 'e seizoenen -
wy bilide Jou majesteit
yn 'e forstive pracht
fan de winter,
yn de fûle slach
fan heil en rein,
yn de bitsjoenende fal
fan de snie. (17)
Dotinga is oars dochs op syn bêst as er skriuwt ûnder de tsjoen fan it seizoen. It is te fernimmen hoe't er dan faak siket om wurden dy't de woldiedigens fan de libjende natuer ta utering bringe kinne. ‘Taal’ komt gauris te koart. Ik haw wolris wiisd op Dotinga syn foarkar foar it wurd | |
[pagina 361]
| |
‘formannichfâldigje’ en syn ôflate foarmen, just om folsleine folheit te suggerearjen. Yn Flaggen en tûkelteammen komt it fjouwer kear foar (‘en tusken de kommissarissen / biweecht yn rêdde / formannichfâldiging / sûre sulk en bûterblom’ (40)). Yn dizze bondel stiet: wy priizgje Jou namme
yn it kwadraat fan de seizoenen (8)
Yn itselde gebed (GEBET YN DE MAITYD) stiet dizze prachtige bea: Jow ús de tiid
foar de lytse opstanning
yn 'e natuer
it forhef fan it gers
en de prûs fan titelroas. (8)
It wurd ‘forhef’ lit de weide suver optille fan oankommend grien. Moai is de assonânsje mei ‘gers’, wylst ek ‘prûs’ yn klank ‘...roas’ beneikomt (tink om it weilitten fan it lidwurd!). It wurd ‘prûs’ as haadnamme stiet net yn it Frysk Wurdboek, mar dochs seit it hjir as sadanich alles. De assosjaasjemooglikheden binne fuort foar hannen. Dalik is der in link mei ‘brûs’ en sa wurdt it bjusterbaarlik krôljen fan de blomtsjelken sichtber. Bloeiendewei ‘prûst’ er der oer. Boppedat suggerearret it wurd, inkeld de klank al, de ferheven en steatlike kroan dy't de stâl te dragen krijt. Titelroas, keninginneblom. It GEBET BY DE DOOP stiet yn it teken fan it wetter en leveret oan de ein it moaiste byld út de hiele bondel op: Wy tankje Jo
(...)
dat noch altyd
de wrâld Jou delta is. (24)
Dat binne behalven dichterlike wurden ek leauwige wurden. Mar de measte leauweigen hawwe ek har tiden fan twivel, lykas de measte dichters djiptepunten hawwe yn har skriuwerskip. By in leauwich dichter as Dotinga lykje se trouwens net gear te fallen. Ik haw yn myn besprek fan Flaggen en tûkelteammen al réferearre oan de treflike syklus FERLIT MY NET AL HIELENDAL (Hjir 6, 2/3). Yn TUSKENTIIDS GEBET (in tapaslike titel) freget de dichter him no ôf oft God nei syn himelfeart (Nou't Hy de hichte hat) noch wol gedoente hat mei dizze wrâld of dat Er Him weromlutsen hat yn in sniewyt wolkeparadiis. It binne wurden dy't sprekke | |
[pagina 362]
| |
Binne Jo fordwoun
yn in paleis fan suverheit?
Fiere Jo it feest fan de thúskomst
mei de reinen? (17)
Fuort dêrnei bekroadet er him om de lju dy't yn it skaad fan de maatskippij en fan God en alleman ferlitten lykje te wêzen. Elk dy't kristlike selsfoldienens om him hinne sjocht, moatte de beide lêste rigels wol even yn it moed heakje. Want it binne faak de minsken dy't it gesicht fan God bepale ommers en dan moat sein wurde dat er ús faker hillich as ûnhillich temjitte komt. Geane Jo noch om mei de ûnreinen,
mei de ûnhueren, mei de ûnfrijen?
Binne Jo noch ûnhillich
op 'e wrâld en yn 'e romte? (17)
Der komt dan ek krityk, bygelyks yn BILIDENIS FAN SKULD, en dy jildt it hâlden en dragen fan de hjoeddeiske, westerske mienskip en tsjerke: Us dracht is sûnde
ús hope is macht
ús leauwe is formulearre. (21)
(In stikeleffekt wurdt hjir teweibrocht troch de oergong fan de beide haadnammen ‘sûnde’ en ‘macht’ nei it mulwurd ‘formulearre’, om't men yn de tredde rigel nochris in haadnamme ferwachet). It boadskip fan dy lêste rigel: Wy komme hjir om yn dogma's, formulieren en stellings, wylst der minsken binne dy't ferlet hawwe fan iten en waarmte. Hoe drok wy it mei ússels hawwe is geweldich ûnder wurden brocht yn GEBET OM STILTE: ús lêste kubike sintimeter bloed
is bisprutsen. (26)
It is trouwens de safolleste kear dat de dichter syn taflecht siket yn rekkenkundige termen om it abslute fan syn bewearing yn taal te fetsjen. Der is faker sprake fan krityk, mar meastentiids komt it op itselde del (út BILIDENIS FAN UNMACHT): Rjochtsprekkend binne wy
eigen opreed gien.
omkromten lâns.
Wy hawwe net de earmelytse
west dy't neamd waerd
Alle waermte wie uzes.
Alle rikens wie uzes.
Alle greatens wie uzes. (22)
| |
[pagina 363]
| |
Dit fragmint jout my moai de gelegenheid in wurdmannich te sizzen oer de foarm fan de gebeden en belidenissen. Ik haw al earder sein dat dy foarm foar gebeden en belidenissen út soarte sa wichtich net is; it gebed / de belidenis stiet of falt der net mei, lykas soks it gefal is by in fers. It is ek goed te fernimmen dat de dichter him oer de foarm net sa drok makke hat. De strofen binne hiel ûngelyk fan lingte, it ôfbrekken fan de rigels is faak frijwat willekeurich en der wurdt rûch omsprongen mei lêstekens. Fan it raffinemint dat de dichter sjen liet yn de fersen út Flaggen en tûkelteammen is net folle oer (hoewol't er ek yn dy bondel frije strofebou tapaste). In oar foarmaspekt is dat fan it parallellisme, dêr't in soad skriuwers fan kristlike poëzij gebrûk fan meitsje. Soks nei alle gedachten ûnder ynfloed fan de poëzij yn de bibel (bygelyks de psalms). It effek is trochstrings dat de meidielings, yn deselde kadâns yn it moed hammere, twingjend en suver ûnûntkomber wurde. De lêste trije rigels fan it lêste sitaat krije ek yndie dat effekt. It moaiste foarbyld fan parallellisme dat ik ken, is lykwols fan Dorothee Sölle. Benammen de oergong fan de hiel lange rigels nei de lêste koarte rigel is prachtich, miskien om't de kadâns yn de ien nei lêste rigel even ferbrutsen wurdt en dan de gearfetting komt. Dit fragmint komt út de syklys De lange tocht (nammentlik nei de frede) dy't opnommen is yn de bondel De langste adem. wij hebben veel meer vrienden nodig
om meer vrede te kunnen scheppen
vrienden van verschillende klassen al dan niet met thomas mann
vrienden van verschillende konfessies al dan niet met rozenkransen
vrienden van verschillend geslacht ook lesbiennes en homo's
vrienden met verschillende belangen ons al dan niet onsympathiek
vrienden die één visioen samen hebben
de vrede die kan worden opgericht
vrienden die geloven
Wat Dotinga syn bondel oanbelanget op dit punt, yn BELIDENIS OP GOEDFREED' hat er op in ynkringende wize gebrûk makke fan it parallellisme. Om it effekt soe ik hielendal sitearje moatte, mar dêrfoar is it te lang, ek om't ik aanst graach in oare belidenis yn syn hiele hear en fear oernimme wol. Yt it fers JONGE FRITS (Flaggen en tûkelteammen) hat wol bliken dien dat Dotinga affiniteit hat mei de puber. Yn dizze bondel stiet in BILIDENIS FAN IN JONGFEINT' en dit fers (want dat is in winlik; it is ek net geskikt foar tsjerklik gebrûk) bewiist werris dat er mei in pear rake halen de selsoerskatting, de twivel, de ferealens en de eangst fan dy leeftyd wit te typearjen. De alles-sizzende twarigel ‘Ik byn mysels / en ik by mysels net.’ leit moai sintraal yn it fers. Ik nim JONGE FRITS der by op om de gelikens én om it ferskil, benammen yn de lêste twa rigels fan beide fersen (Godsfertrouwen versus selsfertrouwen). | |
[pagina 364]
| |
Belidenis fan in jongfeintJo kenne it great jûchhei
fan it hert
as de sinne oer de lannen slacht
en de skepping tilt
fan tagedienens.
Jo sjogge it rekken
fan de jonge lea,
de spanning ûnderhûds
yn alle lidden.
Triomf en forlies
sirkelje yn it bloed.
rinne yn 'e skonken út,
meitsje fan 'e earmen
in krús
Ik bin mysels
en ik bin mysels net.
Muzyk bringt de eagen
op gong,
de earen yn kadâns:
freugde en fortriet
leafde en haet.
Har rin ik nei
om de fal fan har hier
it lûd fan 'e stim,
de faesje fan har lea.
Is der ljocht yn 'e skimer
fan wollen en net wollen,
in hân dy't rêdt
foar it ûndier?
Lichem fan leafde Jezus:
lit my net allinne.
| |
Jonge frits(Nei Figur Fritzli,
Karl Geiser, Switserlân)
Dou moatst him trettjin
fjirtjin jaen, hy hat de groei
noch yn 'e eagen.
Wit dat er skonken hat;
se binne al sa lang dat er hwat
oer de minsken hinne sjen kin.
Syn hannen hawe noch gjin les
hawn,
hy wit net hoe't er
fûstkje moat.
Okkerdeis hat er syn geslacht
ûntdutsen:
it is hwat great útfallen mar dat komt
omt er dêr mear mei ompakt.
Is hwat ûnwennich
yn syn eigen lichum,
mar dochs skimeret efter syn hûd
al in oankommend fertrouwen.
Moat ik ta in einoardiel oer Dotinga syn gebeden en belidenissen komme, dan moat ik sizze dat se my as leauwige bytiden oansprekke, dat se my as poëzijleafhawwer en besprekker foar in literair tydskrift bytiden wat te sizzen hawwe, mar dat se oer it generaal, hoewol't se ornaris boppe it nivo fan de trochsneed liturgyske tekst útkomme, dochs net sa foldogge dat ik alhiel optein bin. Dêrfoar steane de oanhelle fragminten te folle op harsels en is it omskot om dy útsjitters hinne te min beslipe. Dotinga as dichter hie koarter om 'e hoeke kind. Dêrom misse teksten eat dat de fersen yn bygelyks Flaggen en tûkelteammen wol hawwe. It wurd is al earder fallen: raffinemint. | |
[pagina 365]
| |
FersenFoar tsien fan de likernôch fyftjin fersen yn dizze bondel soe ik itselde einoardiel jilde litte kinne as dat ik al jilde liet foar de gebeden en belidenissen. Der sitte aardige dingen yn, mar der binne te folle lege en drege mominten dy't de boel bedjerre. Ek docht no bliken, dat it earderneamde parallellisme net altyd like funksjoneel wurket yn de rjochting fan in hieltyd mear benearjende beswarring, mar, krekt oarsom, folle earder de dregens in aksint jout. Fan de fersen oer Jezus falt HEAR JEZUS GIET ALLINNE fral op fanwegen syn strang oanhâlden foarm: seis parallellistyske strofen fan elk trije rigels mei in wurdliddetal fan 7-3-7- en in rymskema fan a a b/c c b. Hear Jezus giet allinne
Hwerhinne?
De bosk fan tsjusternis yn.
Hear Jezus lit him falle.
De galle
is bitter, minske fenyn. (9)
It is in fers dat him hieltyd wer opnij lêze lit en der suver om freget lûdop lêzen te wurden. Ik fyn it spitich dat Dotinga him net faker beheine litten hat troch stringintere fersfoarmen. Benammen dizze bondel hie in searje deechlik behoffene teksten (al as net op rym) net misstien. Faaks hie soks ek al te maklik skriuwen tefoaren komme kind. Oan de oare kant moat lykwols likegoed sein wurde, dat Dotinga-op-syn-bêst gjin ferlet hat fan literaire twangmiddels om himsels mei syn kréativiteit yn de stringen te hâlden. Flaggen en tûkelteammen hat oantoand dat er dichter genôch is en wit wat lije kin en wat net. Dochs is fan dat potinsjele fakmanskip yn Nou't Hy de hichte hat net altyd like folle werom te finen. En it is him dêrby faak yn lytse dinkjes: in rigel te folle, in wurd ferkeard, in komma te min. Miskien hie men der oars net iens sa'n punt fan makke, mar men hat Dotinga, benammen yn de foargeande bondel, kennen leard as de dichter dy't gjin tittel as jota oer de kop sjocht. Nea faker as yn dy bondel haw ik it suver perfekte fers ûnder eagen hân. Hjir krij ik dêr winklik inkeld op side 11 in priuwke fan yn de trije middelste strofen fan KANTATE FOAR PEASKE: Dreamen komme yn it ljocht:
de minsken drage it hert op hannen;
forwachting spant de ieren,
núnderet de wegen lâns.
It is to hearren
yn 'e slach fan 'e fûgels;
in keal komt it hosanna
op healwei.
| |
[pagina 366]
| |
It wurd sichtber:
in fioel strykt oer de beammen
en yn 'e lytse knoppen
barste psalmen iepen. (11)
No kin ik noch wol wat sizze oer it moaie fan it fers HERSKEPPING, de omraak rake typearrings yn de fersen FERWUNDERING 2 en FORBJUSTERING 2 of it humoristyske begjin fan GEDACHTEN MEI KRYSTTIID, mar myn konklúzje feroaret der net mear fan. It giet my krekt as it keal út de kantate. Ik kom, wat dizze bondel oanbelanget, it hosanna fan Flaggen en tûkelteammen op healwei. Ik sil it boekje yn de kast sette. Op de boppeste planke? Nee, dochs mar net. Dan soe it neist Flaggen en tûkelteammen moatte en, earlik, soks liket wol fleanen. Ik set it twa planken leger, dat, wol ik immen der eat út foarlêze, dan moat ik earst op 'e knibbels. En dat sil ek wol de bedoeling fan it Friesch Dagblad west ha. Ik moat trouwens de fersebondel noch sjen dy't neist Flaggen en tûkelteammen stean kin en oerein bliuwt. Faaks Dotinga syn stapstienbondel, dy't moai útjûn wurde kin as er de Gysbert Japikspriis krigen hat, op prachtich papier. Ut Nou't Hy de hichte hat hoecht er, om myn part, net mear as fiif fersen te plôkjen. Dat is dan in einoardiel oer de hiele bondel.
De Pomp, 18 july 1980. |
|