Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 348] [p. 348] Geart van der Meer Grand canyon hjir hat de tiid yn njoggen miljoen jier mei wetter en mei wyn, mei sinnegloed, mei kjeld, in djippe groede snijd, en 't bloed is der nei rûn, oant it bestjurre wie yn 't hurd bloedread op bergen yn 'n ravyn. 't ljocht is hjir fel, de skaden binne skerp, de steilten ûnbetinklik djip. in merk fan lijen draacht disse oarde sûnt lang lyn, want tiid, yn 'e gleonens fan syn grime tsjin al wat stiet, hat grammoedich útsnein al it weakste - wat wjerstie doe noch skeind, ta komstich ferdjer. mar wat dy flime noch ûntkaam, stiet: sjoch, bloedreade klippen, tuorren, paleizen, hege kastielen ferwarre har mei punten, hurdstielen - och, dyn waarm sêft wang. dyn weake lippen. [pagina 349] [p. 349] Mojave desert wyldens en woastens is de wrâld. fleagjend jachtet in gleone wyn oer de toarre flakten, jaget it reade sân foar him op, simmertwirjend en sigesaagjend. swart binn' de heuvels fierôf, fan kleauwen en skuorren teropt. platte binne se yn skjirjende wyn, wylst de sinne se mealde ûnder syn swiere stien fan ieuwen. swart, streekrjocht de dyk, achter ús, foar ús. lofts, rjochts, it reade sân mei pôlich gers. op 't stjoer lizze myn hannen, wis en fêst. stjoerend. mar witst wol dat der in stoarm is bûtendoar, oer toarre flakten, dy't út wat wie wyldens en woastens skept, en ús, ek ús, in leechte yn stjoert? net-wêzen is ús reisdoel, smelle kleauwen ús beslút. Vorige Volgende