Men kin dit letterlik sjen, mar ek oars. Fierders kin men dit hiele tafriel ek los fan 'e wolkens sjen, dan krijt men in romantyske doarpsidylle. Disse polyinterpretabiliteit makket dat men ûren mei it wurk fan Bylsma sitte kin. Yn it distânsje nimmen fan 'e mythe troch dy te kyk te setten yn deistige dingen as wolken is Bylsma in master.
It fers lauwerseach (15) hat as stramyn de illúzje en de desillúzje
foar myn gefoel is dit fers dochs wat in wurdboarterij.
Dat is it folgjende fers jachthaven skiermuontseach (17) nou wer krekt net. De dichter sjocht allegear romances yn skipsnammen
de noardwester gûlt troch de touwen
der sit in dikke floed yn 't wetter
Seababy dûnset deun tsjin Friso oan
Stânfries krûpt Miss Blanche op 'e lije side
De Twee Gezusters lizze it oan mei De Twee Gebroeders
Dit fers is gâns mear as in oerflakkich wurdgrapke en dat komt troch de tipyske Bylsma-eftige relativearring fan dy romances en de dochs wol earnstige toan oan it slot:
as de floed op syn heechst is
It jowt my in assosiaasje mei it lêste fers hichtepunt (43) dêr't de ik de stoarm útride moat.
Yn it fers Leafdestaal (19), dêr't de dichter inselde prosédé tapasse wol, mis ik it ferhaal achter de byinoar op rym fandele produkten. Dêrom bongelje foar my de lêste twa rigels der net sa funksioneel ûnder.
pier fan holwert (21) is in dialooch mei in klimaks en in antiklimaks, suver ympressionistysk.
doarp oan see (22/23) is in knappe skets, mar somlike strofen, b.g. de tredde, komme gefaarlik tich by in taalleske út in skoalboekje. Dêrfoaroer bin der ek hiele knappe strofen bg. dy, dêr't yn fjouwer rigels de hiele problematyk fan 'e westerske ekonomy stal jown wurdt: