| |
| |
| |
[Nummer 6]
Eppie Dam
It braakmiddel
(earste part)
‘Harrekrammele, Hein, in deade kat'? Der omhinne!’
‘Bist no hielendal bedonderd?’
Hy raasde en joech it rimpedaal in fûle reis. De teller sakke fan 120 nei 70. Hy seach ferwoast fansiden. Se siet dûknekkerich nei foaren ta, de beide hannen op it desboerd. Hy skeakele wyld werom yn trije. Gas. De moter raasde.
‘Kinst mei de poaten fan dat stjoer ôfbliuwe! Begrepen?’
Hy trape it gaspedaal oan de ein ta yn. Syn rjochterfoet trille. De motor wie al fier oer syn toeren hinne, it doarke fan it desboerdkastke rattele, mar hy skeakele net op. Hy moast raze om him fersteanber te meitsjen. ‘Of woest op 'e bealch tsjin dy fangreel oan! Hen?’
Hy joech in skuor oan it stjoer. De wein skeat nei links. Hy korrisjearre krekt op 'e tiid. Hy seach temûk har kant út, sûnder de holle te draaien. Se ferburch de holle yn beide hannen. It hier hong oer har hannen hinne. Rûngear siet se, krekt as helle ien har in swipe oer de rêch. Se beweegde net.
‘Oerskeakelje, Hein!’
It wie in bea allyk. Hy fernaam, se wie stjerrende benaud. Hy skeakele oer yn fjouwer. Hy koe wer gewoan prate. Hy raasde.
‘Ik skeakelje as ik skeakelje wol! Begrepen?’
Syn wurden rekken har net mear, wist er. It gefaer wie ommers oer. De moter joech him del yn in ientoanich gûnzeljen. Der kaam mear ljocht fan de rjochterkant. Se hie har weromfalle litten tsjin de learen bekling oan. Hy hearde hoe't se yn har taske omklaude. It kabaal fan klikkerjende poeierdoaskes makke him hyt fan argewaasje. Se snottere wat yn in papieren bûsdoekje. Hy die in finger by de boarde fan it boesgroen yn. De strik knypte him suver de strôt ôf. Har taske knapte ticht mei it lûd fan âldewivetaskes sneins yn tsjerke. Hy knope syn jaske los. Hurd ride hie no gjin doel mear. Mei oardel kilometer moast er fan de fjouwer- | |
| |
baans dyk ôf. Mei in skimp seach er op it horloazje.
‘Wy binne ommers fierstento betiid,’ sei er.
‘Jout neat, der is altyd wol wat te berêden mei stuollen en sa.’
‘Jim berêde al fierstente folle. Jim hiene dizze poppekasterij noait útfine moatten. Dêr binne wy de famylje net nei. Wy binne te nuchter foar ditsoart saken.’
‘Do wol.’
‘Ik wol, ja.’
‘Hy wie te beroerd om it petear fierder troch te setten. En wêrom soed er ek. It koe ommers dochs neat oars opsmite as harsenskrabberij oer de lullichste dinkjes. Se soe it fiskjen der byhelje. Hy soe sizze dat dát der no krekt neat mei te krijen hie. En dat sy famyljesiik wie. It is dyn famylje, soe se sizze. En hy: Jim ha de hiele saak opnaaid, of sokssawat teminsten. Hy wist it allegear net. Sa'n petear koe tûzend kanten út sûnder dat se kamen dêr't se wêze woene. It wie noch mar de fraach oft se erges wêze woene: de ûnderste stien boppe klauwe, it hurde wurd derút, de wierheid op in briefke en inoar lyk yn de eagen sjen. Hy wist it wol, se woene it net. Hy moast ophâlde fan prakkesearjen en it himsels net sa lêstich meitsje, net wer lulk wurde hjoed. It helle ommers neat út. En hy koe him wol ynbine ek, as er mar woe. As it mar net sa ferrekte hyt wie. Wêrom draaide er no gjin rútsje iepen? Hy liet it gaspedaal omheechkomme, seach yn it spegeltsje, joech rjochting oan nei links, rimme, skeakele, sortearre foar. Hy sette de wein stil tusken de dûbelde banen. It wie om te smoaren, sa hyt. Hy liet twa weinen foarbygean, loek doe op. Hy skeakele trijeris mei lytse tuskenskoften, dat de moter krige te min toeren. It pylkje fan it meterke bleau op 70 hingjen. Eins wie it in meterke fan neat, gie ek mar oan 130 ta ommers, wat woed er ek. Hy moast ris om in oare wein sjen, koed er wol betelje ommers. Miskien dat Ale noch wat wist. Hie lêsten noch in pear gebrûkte yn 'e krante hân. Wied er ek al lang wer kwyt fansels. Miskien died er al lang net mear yn auto's, Ale net. Mar dêrom koed er likegoed noch wol wat foar him witte fansels. Hy moast mar ris sjen, koe nije wike noch wol. As er der dan noch belang by hie. Dizze koe 't him oars ek noch wol dwaan. Hy soe wol ris sjen wat er die. Hy
ried kilometers mei deselde faasje fuort. Hy ried eins noait sa stadich. Dêrom die it him nij dat se no net witte woe wêrom't se net hurder giene. Miskien tocht se wol dat er tiidlangje woe om
| |
| |
der aansent net as ien fan de earsten te wêzen. Of it wie har koppigens. Dat kaam earder. Hy koe it oars wol bestjerre yn dizze soele atmosfear. En hy soe it bestjerre ek, dêr koe se donder op sizze. Hy soe mei ien lange sucht ûnderút sakje. Of nee, oer it stjûr hinne falle soed er: de earmen bongelen him by 't liif del, hy hong mei de hiele hûd oer it stjûr, wat toete dat moal! De dyk wie hjir smel. Wjerssiden stiene wylgebeammen. It barmgers wie brún, koe wol deaspuite wêze. It soe hielendal net toetsje fansels. De toeterij siet oan it knopke fan 't ljocht. Hy moast dochs om in oare wein sjen. Wiene der hjoeddedei noch wol auto's te krijen mei in toeteraasje yn it hert fan it stjûr? Soed er Ale ris freegje. Dy soe him deagnize. Koe him ek neat skille. En oars sa mar de sleat yn. Of by in beam op. It wie in ûngelok. Sliep. Sa betiid op 'e moarn? Hy soe wat opkrije fan de flier. Noait dwaan, soks. Wurdt altyd sa foar warskôge. Siet er mei Elske te frijen? Hoe krigest it yn 'e kop, safolle jier troud. Hy skeakele ynienen werom. Syn skoech klapte op it gaspedaal. It pylkje skeat nei de 100. Oplûke woed er oars noch wol aardich. Foar sa'n weintsje teminsten. Wêrom sei se no neat. Hy hie har neat misdien wol? Se koe dochs wol in bekfol sizze. Siet dêr mar as in mosk te protsjen en te prûljen. Hy koe har wol wat missein ha, sa't se dêr siet. Of wie it soms net wier wat er sein hie. Woe se dat miskien beweare. Nee dochs. Se wist it ommers likegoed as hy. Dat soe se dochs tajaan moatte. Mar te koppich fansels, hy wist wol krekt hoe't dat gie. En aansent mar moai flechtsje yn de griemmank fan oanwêzige gasten. En mar moai meiprate. Lekker swetse, lekker ûntspand. En gniisd dat we ha, jong. En wille dat we hiene. En him mar wer barste litte. Sa gie it ommers ivich en altyd.
Altyd wer wied er oerlevere oan de diktatuer fan it keardeldom: opsnije en oars bekhâlde. Want de geiten en de bokken sieten fansels wer apart. Sa hie dat altyd wenst west. Mar wêrom sei se no neat? Wat siet se no te beprakkesearjen? Of hie it net iens wat mei him te krijen? Koe ek wol wêze fansels. Wêr bemuoide er him dan noch mei. En hy altyd mar wer tinke dat alles wêr't se mei dwaande wie yn Woorden, Werken en Gedachten eat mei him te krijen hie. Mar dat hie it dochs ek!
‘It is hjir om te smoaren, man! Ik hie dy kloatewein ek noait sjen moatten. Is my dát fintilaasje?’
Hy joech mear gas, sette beide hannen tsjin it stjûr en spande de earmen. Winlik wie it gekkewurk en ryd hjir hurder as 100. De dyk wie smel
| |
| |
en bochtich. Hy fielde de wiete plakken ûnder de earmsholten, greate ferrûne kringen soene it wêze. Se soene giel opdroegje mei brune rântsjes oan de grinzen.
‘Ik sei, it is hjir om te smoaren! Bist net dôf wol?’
‘Set in rútsje iepen.’
‘En hjirwei sige, seker.’
‘Do tinkst dy hyt.’
‘As ik sis dat it hjir om te smoaren is, dan is it hjir om te smoaren. Of hâldst my foar in idioat. Hjir!’
Hy helle de rêch fan de hân oer de foarholle hinne. Mei hearde er it bern op de achterbank oansetten foar in raaspartij. Hy wist wol krekt hoe't soks úteinsette.
‘Hjir!’
Hy treau har de hân ûnder de noas. De hierkes sieten oan it fel fêstplakt. ‘Hjir! En no moatsto noch ien kear sizze dat ik net hyt bin. Ik tink my hyt, net? Hjir, sjoch dan sels. Of bist blyn.’ Mar se hie de riemmen al los en line oer de bekling hinne. It stuoltsje bûgde nei achteren. It wiene ek mar dinkjes fansels, sokke stuoltsjes. Mar wat woed er ek. Har jurkje loek omheech. Hy seach har billen. Tu tu tu ja ja ja jawis man jawisman tu tu baba. Doe woe it jonkje wol stil. Boe ba boe ba tu tu ba ba. Bah, dêr wie se wer mei har apepedagogyk. Dan koed er wol spuie. Mar it holp suver altyd. En faaks wie it razen fan in bern noch minder om oan te hearren. Hoewol.
‘Praat gewoan tsjin dat jonkje en stel dy net sa oan,’ sei er.
‘Hâld do dyn oandacht mar by de wei,’ sei se.
Sa lei it derhinne. Wiene de taken net moai ferdield? Dat stuoltsje koe wol knappe. Tocht seker dat it spul net stikken koe. Hie oars noch djoer genôch west, dizze wein. Hy soe him net wer ferlakke litte. Wat hied er ek foar ferstân fan auto's. Hy en auto's. Koe him net safolle skille ek. As it mar ried. Mar in bytsje knap ride woe dochs elkenien. En in bytsje lúkse, as it foar itselde jild koe. Ale wie net in beroerdenien, soe him net bedonderje, wied er de man net nei. Nije wike moast er mar ris mei Ale prate. As it sa ûtkaam teminsten. Koe ek noch wol in wike wachtsje, wie gjin haast by salang as it noch ried. Hy moast syn oandacht by de wei hâlde. Aanst ûngelokken. Dat hied er der fan. Se bûgde noch fierder oer it stuoltjse hinne. Har jurkje loek fierder omheech. Se wie noch altyd like
| |
| |
moai. Hy moast him ynbine. Hy hie it al ferbruid. Hâld do dyn oandacht mar by de wei. Se wie fûl foar har dwaan. Hy seach achterom. Se bestoppe it jonkje. Hy soe har in klap foar de kont jaan kinne. Miskien wie alles dan yn ien kear út de wei. Elske, leave, hâldst noch in bytsje fan my? Mar krekt hoe't it foel. Koe ek ferkeard falle. Meastentiids foel it ferkeard. Se wrotte har wer te plak. Noch in wûnder dat se no net begûn oer de knûkers yn de nije jurk. Hy ek altyd mei syn geraas. Dêr wie dat jonkje wekker fan wurden fansels. Do raasdest sels ek, Elske. Mar sy hie sa'n hurd lûd net as hy. Dat wie ek sa, dat moast net lykje. Se sei neat. It wie goed slim dizze kear.
Hy liet it gaspedaal wat omheech komme, 80 wie ek hurd genôch hjir. En se wiene betiid, dat hiene se foar. Der koe altyd wat komme ûnderweis. Lekke bân of sa. En dan wie it altyd noflik as men in bytsje romte hie. Hy koe ek hiel foarsichtich syn hân op har knibbel dellizze. Moai lizze litte in kilometerke of wat. Dan stadichoan wat begjinne te aaien. As se him dan beet krige, wie it goed. Dan siet er aanst ek net sa allinnich op dat feest. Oars hied er dochs mar it gefoel ferhûddûke wêze te moatten. Hy hie eins allinnich himsels der mar mei. Sa wie it ommers altyd. It wie oan har aansent net mear te sjen dat se spul hân hiene. Sy prate en die wol, sy lake wol. Ut en troch even nei him sjen ek noch. Die se altyd ommers. En wat koe se fals sjen sokke mominten. Hy wist wol krekt hoe't it gie, wol faker meimakke. Hy moast it himsels net sa swier meitsje. Se sieten ommers yn de auto en wiene al oardel ûre ûnderweis. Weromgean koe net mear. Gekkewurk. En as it dan dochs oangean moast, dan it leafst mei sa min mooglik argewaasje. Hy wie de okse dy't de hakken tsjin de pjukstok sloech. It wie it ferhaal fan de âld dûmny. Want sa wiene wy ommers allegaar, as wy by ússels goed te rie giene. Dat wie de natuer fan elke minske: ferset tsjin De Greate Boer dy't ús driuwt. Mar hy krige ús wol lyts en hy sette ús wol te plak. It koe lang duorje, it koe koart duorje, mar ien kear soene wy allegaar om lyk jaan wolle. Wy moasten it plak witte dêr't wy stiene. Wie der neat te rêden. Kaam alles klear. Wie al foar ús regele. De verzenen! Dat wie noch ris taal. De man soe wol dea wêze. Wie doe al âld.
Hy skeakele werom. Idioat fansels om hjir al 50 te moatten. Safolle huzen stiene hjir ommers noch net. Hy soe him mar oan de regels hâlde. Wie noait ferkeard. Regels wiene der om earbiedige te wurden. Sa'n
| |
| |
boerd stie der ek net om 'e nocht. En as elk mar taried, wie de ein fansels wei.
‘Is er stil?’
‘Dat hearst dochs wol?’
‘Ferrek om myn part, wiif! Kinst om myn part smoare!’
Hy joech in straal gas, draaide strjitten yn sûnder rjochting oan de jaan. Hy hearde it jonkje razen.
‘Ja, jank mar. En do, lytse duvel, do moatst net tinke datsto sa tsjin my prate kinst. Stik fenyn! Stik potfretten! En ast no noch wat wiest...’
Hy draaide it hiem op. De wein spoarde yn it grint. Se wiene de earsten. Allinnich Doede syn Kadetsje stie yn it skaad fan de beammen. Hy stapte út. It wie soel. Wyn wie der suver net. Hy rûn om de auto hinne en krige de reiswidze fan de achterbank. Doede stie al yn de doar, wyt boesgroen oan, de mouwen opstrûpt. Baukje wie der ek al. Rûn op him ta. Dêr wiene jim al. Dêr wiene wy al. Wiene net let. Nee, wiene net let. Baukje krige it bakje mei it bern fan him oan. It wie groeid. Tiden net sjoen fansels, hoe giet dat dan. Kamen ek noait. Moasten ris wat faker komme. Wykeintsje of sa. Wie gesellich. Wie noait wei. Elske gie mei Baukje de hús yn. Doede bea him in sigaret oan. Nee, hy woe net smoke. Fierstente hyt. Soe him dochs net smeitsje.
‘Kinst dyn auto net better ûnder de beammen sette?’
Hy die it jaske út en saaide it op de achterbank. Hy stapte yn. It boesgroen plakte him oan 't fel. Hy wie dweil op 'e rêch. De hannen switten him. Alles plakte dat it wat die. Hy sette de wein njonken Doede sinent. Dy plante syn rjochterskoech op de bumper del. Koe der wol ôfsoademiterje, e bumperke. Hy smookte en sette de earmtakke op 'e knibbel. Miskien hied er der wol in dûk in yn wâde. De hufter. Mei syn grouwe pânse.
‘Foldocht er dy noch wat?’
Hy klapte mei de fûst op it dakje. Koe der wol in gat yn huffe. Wie mar in dakje. Ja, bêst. Hoegde noait better. As it mar rydt, jong. Dêr moast er om gnize, Wat woed er eins. Sels hied er ek mar in bromfyts mei in dakje. O, no moast er fansels freegje hoe't dat broadsje foldie. No, dy lol soed er net belibje. Hy rûn it grintpaad op. Doede kaam achter him oan. Oft er noch altyd yn dat hierhús wenne. Ja. Oft er noch noait ris oer in eigen húske prakkesearre hie. Mar hy híe ommers in eigen húske. Perma- | |
| |
ninte poeperaasje. Hahaha! Wat moast er dêr om laitsje, dy Doede. Koe ek oeral wol om gnize, dy fint. Moaie hintsjes hied er dêr rinnen. No, moai. Hy moast dochs wat sizze.
‘Och, sa'n aardichheidsje. En ik mei sa ferrekte graach in aaike, hen. En dizze binne lekker, hear.’
Se moasten him net prate fan grouwe hinneaaien, sei er. Siet gjin smaak oan. Wat lytser, wat better. En dizze hintsjes leine ek mar ta. Dat wie merakel. As er der belang by hie, woed er wol in pear foar him útbriede. Wie better fan net. Hie der ommers dochs gjin plak foar. Koe him ek net skille, hinneboel en sa.
‘Is de âld man der al?’ frege er.
Hy wie der noch net. Hy kaam as alderlêste as elkenien te plak siet, wie de hiting. Baukje hie it goed regele. Se hie der in soad wurk op dien, de hiele wike al. Om alles te berêden. En sa. Och hearken! Stuollen! Der moasten noch stuollen komme. Hy hie Baukje tasein dat er in pear stuollen út it herfoarmd lokaaltsje helje soe. Baukje hie der al oer belle, dat hy koe se sa ophelje. Hoe koed er ek sa stom. Oft er ek even mei woe. Wat moast er oars. It koe him neat skille ek. Hy woe wol even mei, krekt as wie dat sa slim. Hy hie dêr noch kattebak hân yn dat lokaaltsje. Woed er wol wer ris sjen. De âld dûmny griemde altyd mei jiske. Greate sigaren smookte er. En hý mocht noch net iens in sjekje piele. Smoke died er dochs wol. Hie dy âld keardel neat fan yn 'e gaten. Seach er net iens. Of hy woe it net sjen. Hy koe der ommers dochs neat oan dwaan. Sa wiene him oermânsk.
Hy soe yn de auto stappe. Mar Doede woe yn sinent. Ek bêst. Wêrom net. Koene mear stuollen yn, tocht er seker. Siet ek in greate koffer yn dy Kadetsjes, dat wie wier. Miskien wist Ale noch wol in Kadetsje foar him. Ride koed er net, Doede net. Wat koed er wol. Miskien koed er wol wat. Hy soe grif wol wat kinne. Koe it him ek skille. Hy moast him net oeral drok om meitsje. Sa bleau men oan 'e gong. Doede sette de wein op it parkearplakje. Doedestiids wie dat der net. Stiene doe beammen. Wie no moai betegele Gjin smoarge fuotten en sa. Wie wol maklik foar de froulju dy't it dêr skjin hâlde moasten. Wie doe in griemerij fan komsa. It paad wie altyd like dridzich. Mar elk rûn doe op klompen. Dat skilde in stik fansels.
‘Wie hjir doe net in houten flier?’ frege er.
| |
| |
Doede wist it net. Moast er oan Baukje freegje. Dy hie hjir fraachlearen hân. Krekt as wist hy dat net. Wie syn eigen suster ommers. Hy hoegde Baukje net te freegjsn. Doe wie hjir in houten flier. Ivich en altyd splinters yn de fuotten ommers. Soe Baukje ek noch wol witte. De stuollen wiene ek fuort. Houten stuollen wiene it, sûnder linings en de sitsjes sieten der los yn. Helle se der altyd út, fochten se wol mei. Moaie tiid wie dat. Dizze stuollen wiene beklaaid mei lear, sieten ek linings oan. Hy tôge twa fan dy dingen nei bûten ta. It foel ôf. Der koene net folle yn de koffer. foel Doede sels ek ôf. Dan mar in kear faker ride. De húskes wiene ek ferboud, stonken ek net mear. Der hong hielendal gjin rook mear, fan wat dan ek. Hy hie better net meigeand kind. It smiet dochs allegear neat op. Hied er dat ferwachte dan? Dat er mei Lamkje achter it poadiumgerdyn stie te frijen, woed er dat wer ophelje faaks? Hy wist it net. Wat koe it him ek skille. Ek noait wer wat fan heard, fan Lamkje net. Soe wol troud wêze. Se wiene ommers allegear troud, foarsafier't er wist teminsten. Hy soe har oars dochs noch wol ris moetsje wolle, Lamkje. Ach, wêrom ek, soene dochs net mear prate kinne. Alles wie oars. Soe se noch wol ris oan him tinke? Soe wol net. Wol wat oars oan 'e kop. Bern en sa. Wa net.
Doe't Doede de auto op it hiem ried, wiene der trije weinen by kommen. It begûn der op te lykjen. Neffens Doede. Hy gie achter him oan de hús yn. Hy fûstke en lake, lang net sjoen. Bisto der ek noch. Ja, hy wie der ek noch. Goed datst it seist. En wat wiene alle bern al great. De tiid hâldt gjin skoft. ‘Dêr binne Feike en Foekje ek. Giesto even hinne, Doede?’ Doede gie even hinne. Feikje en Foekje, moaier koe it net. Sa'n dujo koe sa de sjobis yn. Und jetzt we present. Hy gie sitten. Se hiene de keamer fersierd mei slingers, de healwizen. Yn de hoeke hongen netten dêr't ballonnen op leine. Bytsje doel. Dy âld man wie gjin bern mear. Hy moast wer oerein. Feike kaam deryn. Foekje fleach Elske om 'e hals. As se dat by him mar net flikte. Soe wol, koed er net foarwei. Dêr hied er it al. Se stonk nei klonjeguod. Hy fage him de mûle ôf. Fiis merakel.
Der kamen mear auto's it hiem opriden. Se moasten der hast allegear wêze. Pierke net. Pierke wie der net. Soe ek wol net sa botte happich west ha. Wie ek neat foar him, sokke feesten. Hy moast oars sjen dat er njonken Pierke kaam. Dan koe er noch wat prate miskien. Pierke wie wol geskikt. Bêste fint. Mocht er wol. Fuort al doe't er yn de famylje rekke.
| |
| |
Pierke wie ek net sa'n feestnûmer, teminsten by sokke feesten net. Miskien kaam er wol net iens. Koe fansels net, koed er net meitsje ommers. Hy soe aansent wol komme. Hy kaam wer oerein en joech hantsjes. Dy bern koed er allegear net. Koe him ek neat skille. Elk hie syn eigen bern en elk moast mar sjen dat er der mei rêde. Dêr koe hy net mei sitte. Hy koe oeral wol mei sitte. Foar dy bern wie der ek neat oan fansels. Of miskien fûnen se it wol moai ek. Wist er ek net. Koed er him ek net drok om meitsje. Jawis, dy bern fûnen it prachtich. Hoe gie dat eartiids by himsels. Foar in feestje wied er altyd wol te finen. Trouwerijkes en sa. Hy mocht noch by it skriuwboek sitte by Fetsje en Durk. Doe't dy trouden. En begraffenissen, dat wie ek feest. Doe mei beppe, dêr koed er him noch wat fan foar de geast helje. Doe krige er poeila en de oaren dronken kofje, der wiene broadsjes en de omkes smookten greate sigaren. Dat woed er sels letter ek, greate sigaren smoke. It wie hielendal net slim: Beppe sliept. Sjocht er wol? Ja, hy seach it wol. Se sliepte net, se wie dea. Se woene him bedonderje, mar hy leaude der gjin barst fan. Mar slim wie it net. Elkenien wist wêr't beppe bedarre wie. De âld dûmny wist it ek. Soe no sels ek al wol dea wêze. Wie doe al in âld man. Mar pake wie doe ek al âld. En pake libbe noch. Koe dus likegoed noch libje, dy âld dûmny. Die ek net ta de saak. Wêr makke er him eins drok om. Om neat.
‘Wêr bliuwe Pier en Aaltsje no.’
‘Pier en Aaltsje binne altyd let, dat witsto sels ek wol.’
‘Wy hoege inoar neat wiis te meitsjen, Pier kennende.’
‘Kin wol wat mei de auto ha.’
‘Wat soe 't wêze.’
‘En it wie goed ôfpraat.’
‘Sit pake te wachtsjen?’
‘Wat oars, Sipke stiet klear om fuort. Wy hoege mar te beljen.’
‘Oars begjinne wy, hear...’
‘Dêr binne se, ja hear, dêr komme se oan.’
‘Dat waard oars ek tiid, soe'k sizze. Is my dat kommen?’
‘Sil ik mar fêst belje dat Sipke ride kin?’
Pierke swaaide mei de hân. Woe net fûstkje. Kin sa ek wol net? Koe sa ek wol. Soe sa wol moatte. Hy krige Pierke njonken him. Dêr wied er net ûngelokkich mei. Hie folle minder kind. Miskien dat er wat met Pierke prate koe.
| |
| |
Doede gie stean. Hy wie it wurd ha, tikke mei de jiskepanne op de tafel. It duorre even foar't it goed en wol stil wie. Doe koe it wurde.
‘Achte oanwêzigen, sil'ik mar sizze, bêste famylje meiinoar, en oantrouden fansels, dêrt ik mysels ek ta rekkenje moat, is n't sa, mar ik bin blijd dat ik jim hjir allegear in hertlik wol-kom taroppe kin op dizze, ús eigen famyljeruïne...’
Hy lake lûdop, mar hâlde him doe fuort stil, om't er de iennige wie. Elske seach him ferwoast oan. Hy miende, it wie in grapke. Mar hy hie it witte kind, sa wie Doede net.
‘...en wy binne hjir allegear yn ferwachting fan pake dy't, mei ik wol oannimme, op dit stuit kommendewei is. Minsken, ik bin net in man fan in protte wurden en seker net by sokke gelegenheden, mar dit woe ik al sizze: tachtich wurdt men net alle dagen, lit ús earlik wêze. En ik tocht sa, as ik dat hjir even sa sizze mei, wy kinne tankber wêze foar alles wat ús jûn wurden is, is n't sa, famylje. in spesjaal wurd fan tank komt myn Baukje ta. Wat dy de lêste tiid bewrotten en út de wei set hat foar it wolslagjen fan dizze dei, dat is yn it rare. Dêr gnize jim no om, mar jim kinne der fan my fan op oan, it is fuort net klear, sa'n feest. Ik haw it no sels sjoen wat der komt te kijken en dan sis ik: petsje ôf! Ja, toe mar.’ Hy klapte net mei. foel ek net op. Elk seach nei Baukje. Dy wist net wêr't se it sykje moast. kop as in byt. Wie ek fierstento raar wat Doede dêr sei. Dochs wol leaf fan him oars. Ek noait achter him socht. Koene je wat mei, mei sa'n man. Mear as mei him.
Elske siet fier fan him ôf. Wie 't net minder om. Hjoed waard it dochs neat mear. Mar net te folle nei har sjen. Wie it alderbêste. Jûn yn de auto moast er mar ris prate. Of thús op bêd. Nee, socht se fuort wat achter. Yn de auto dan mar. Miskien hoegde der net iens praat te wurden. Dat wie wol faker sa. Dan wie it samar ynienen goed. Alles fergetten. Wie jûn miskien ek wol sa. Hy soe wol ris sjen hoe't it betearde. Hy hie der bytiden gjin sizzen fan.
‘...en no hiene wy sa tocht, minsken, as pake der aansent ynkomt, dan geane wy fansels allegear even stean en wy sjonge... wat sjonge wy ek al wer, Bauk... en wy sjonge lang zal hij leven. Dêrnei giet pake sitten en is der gelegenheid te fylsteren. Harm, jim hiene it kado yn de auto? Moai, en do joust it sels persoanlik? Ja, út namme fan de famylje, dat snap ik ek wol.’
| |
| |
Hy krige in earmtakke fan Pierke yn 'e side. Oft er wist watfoar kado de âld man ha soe. Nee, no't er dat sa sei, net iens by stil stien eins. Hy ek net. Soe wol goed wêze, hiene de froulju wol mei rêden. Dêr hied er gjin noed mei. O nee, hy ek net. Gjin menút. Hy seach it hear oer. Doede syn taspraak wie spontaan in ein oan kommen. Hy stie by Harm te meneuveljen. Moast der noch wat regele wurde? Of wied er no werklik lulk om't Harm dat sein hien fan út namme fan de hiele famylje? Koe ek net folle ha, dy Doede net. As er ál lulk wie teminsten.
Hy krige in sigaret út in glês dat op 'e tafel stie. Wilmyntsje stie foar it rût. Soe aansent wol begjinne te roppen fan dêr komme se oan of sokssawat. Bernich jurkje hie se oan. Se wie ek noch in bern fansels. Neat feroare. Net in ûnaardich jurkje dochs. Nuver wie dat, sa'n bernich jurkje en net iens raar. Mocht er ferdomd wol lije ynienen. Moai hier en sa. Spile ek mei fansels, jawis. Poppich wyfke, sa't se dêr stie. Hoe âld soe se wêze. Hy wie sân-en-tweintich, Jan-Piter seis-en-tweintich, Jaring, Klaas. Wat in rekkenderij. Hy krige der pineharsens fan. Koe ek neat skille. Noch gjin tweintich. Moaie leeftyd. Hy seach nei Elske. Rûn der oars ek kreas by. Hy mocht altyd graach nei har sjen. Dat wie wat wurdich. Doede gie by Wilmyntsje stean en lei syn hân by har op 't skouder. Fiis fet hantsje. Bûgde no foaroer en seach mei har troch it rút. Komme so noch net of sokssawat. Wat died er dêr mei dy hân. Koe har wol ôfbliuwe net? Hie se hielendal neat mei op. Wist er sekuer. Dêr koed er Wilmyntsje wol foar. Miskien hie se it net iens yn 'e gaten. Wis en wrachtsjes wol. It wie gjin bern mear. Dat tocht er altyd mar. Mar de tiid gie troch. Elk waard âlder. Lytse suskes ek.
Nuver sfearke hong der no. Iderkear eins al. Krekt in sinteklazefeest. Dy âlde wytkop kaam ek altyd te let. En mar wachtsje en mar sjonge. Yn it lokaaltsje wie dat. Gerdinen sieten ticht, mar hy seach der altyd stikem ûnder op. Wie in moaie tiid doe. Doe net iens sa sear. Hy wie ommers stjerrende benaud. De earste jierren dan, doe't er noch net troch de gerdinen glûpte, mar moai rjocht siet. It wie te spannend om echt moai te wêzen, letter wie der ek neat mear oan. Doe't er yn 'e gaten hie dat it in ferklaaide healwizeling wie, wie de aardichheid der wol ôf. Dochs moast it moai west ha, fan no út besjoen. Sipke wie oars poergeskikt as swarte pyt. Wie dêr net in ferske fan, de hillige en syn knecht dy't erges binnenrûgeljen kamen? Soed er aansent ek wol sjonge kinne. Sjen oft er noch
| |
| |
sa moai wie, of no foar it earst echt moai wie. Koed er net meitsje fansels. Wie ek bespotlik. Koe gjin kant út. It hiele feest nei de knoppen, in folsleine ruïne. Hoegde er hjir noait wer in poat binnen de doarren te setten. Wie him ek bêst. Wie foar pake ek net leuk fansels. As er it al troch hie. Hied er dochs net troch. Alles gie bûten dy man om hjoed. Al lang trouwens. It waard foar him regele. Hy koe it wol bestjerre as er al dy minsken seach. Koe fuort wol in hertoanfal krije as er deryn kaam. Fft, fuort feest. No jonges, wy sjogge him wol ris wer tink. Skande fan al dat wurk dat Baukje der op dien hie. Moasten oars al gau ris wer komme. Hy hie Sipke ek yn tiden net sjoen. Bêste fint wol. Soe pake moai de keamer yntriuwe, foarsichtich oer de drompel. Echte ferpleger, dy jonge. Soe pake ek wol moai yn de stoel sette kinne. Wie syn daagliks wurk ommers. Dêr woed er gjin ferkeard wurd fan sizze, sa net. Hy wie de lêste, moasten se net mei oankomme by him, koene se him net lulker krije. Mar wat koe sa'n jonge no bewege, hen. Dat frege er him ôf. Dat woed er wol ris witte. Mei alle respekt, hy koe der net by. Soe wol oan him lizze. Dat leaude er fêst. Hy moast net altyd by himsels weirekkenje. Der wiene ek oare minsken. Wat in gelok eins. Poerbêste jonge, as er der goed ynkaam. Mar hy moast der net goed ynkomme. It griisde him oan. Hied er doe net sa'n brún burd? Bytsje pluzich ommers. Miskien wie dat it wol.
Dêr wiene se al. Wilmyntsje troch alles hinne. In bern wie it noch. Se wist sels net hoe âld se al wie. Wie ek noch moai jong fansels, mar dochs âlder as dat se sels tocht. Soe mei elkenien wol sa wêze. Hy wist it ek net. Hy moast oerein. Koe net bêst sitten bliuwe. Wie sa slim ek wer net, even stean en in pear wurden sjonge. Hy wie wol slim âld, sa't er der ynkaam. Wie ek in hiele leeftyd fansels. Bytsje pluzich ja. Dat wie it. Hy song mar net al te lûd. It moast moai bliuwe. De âld man wiuwde nei alle kanten. Hy knikte en lake. Sipke skode him it gongpaad del, krekt as learde er it reedriden. Hy stie hielendal krûm. Doede pipe fan hyp hyp. Doe woe it wol raze.
Pake siet te plak. Se hiene syn stuoltsje ek fersierd. Dat er dat net earder sjoen hie. Hoe hiene se dat yn 'e kop krigen. Greate drollen krêppapier om de linings hinne. Dat Baukje net snapt hie dat soks hielendal net koe. Want it koe dochs net. Hy gie yn de rige stean. Harm tilde syn bern op. Pake tútsje jaan. Hy koe de âld man de earm wol út it potsje skodzje,
| |
| |
dy Harm. Grouwe bear wie dat ek. Friet ek fierstente folle, koe net oars. Hoe kaam er oars sa grou. Sa beestachtige grou wiene je fuort net. Dêr moast hiel wat foar gebeure. Soe wol in soad frikandellen opfrette en sa. Sieten kowejaren yn. Wist er fansels net. En as er it al wist, dan koe it him neat ferroppe. Hy friet alles. Oars wied er sa grou net. Koene ek wol bollesekken yn sitte. Yn kroketten ek, dêr sieten bytiden ál fan dy kluten yn. Hy seach even nei bûten. It hie dochs net bite wollen hjoed. It woe noait bite as it sa smoarhyt wie. It wie hjir oars noch wol om út te hâlden. Aid hús hen, dûnkere keamer en sa. Waard altyd sein. Hege souder ek. Hy wie aanst oan bar. Wilmyntsje stie foar him. Moast krekt sa treffe fansels. Hoe sa, krekt sa treffe! Hy hie neat mei har, eigen suster ommers. De jongste wurdt altyd in bytsje bedoarn. Wie ek wol te sjen miskien. Dochs moaie skouderkes sa. Noch net genôch ripe, Wilmyntsje. Like wol in pipermuntsje. Noait sa by stilstien. Ek noait earder opmurken, yn in sinteklazegedicht of sa. Hie oars wol kind. Wiene ek fan dy suksesjûnen. No achterôf wol moai ek noch wol. Lang lyn dat er in sinteklazegedicht skreaun hie. Koed er miskien wol net iens mear. Hy moast dy dingen ek mear ûnderhâlde. Aanst wie alles him noch ûntleard. Lekkere skouderkes. Doede syn hân hie der op lein. Hy koe him wol wat dwaan. Ja, it siet der noch altyd sa yn: as de greate jonges har pleagen, de klompe krije en sa'n hufter foar de bek houwe. Se moasten oars net al te great wêze. Hy koe net fjochtsje ommers. Se wiene him gau te great. En de lytskes doarde er net te reitsjen. Dat wie ek skande. Mar it like dochs hiel wat, klompe yn de fûst, fûst omheech. Se soene allegaar wol witte dat er in leffert wie. Koe him ek neat skele.
Muoike Tryntsje stie by pake. Koe noch wol even duorje. Moai fylsteare aansent. Of lokwinskje. De âld man koe it ek net helpe. Hy moast gjin stomme dingen úthelje. Even goed yn him omgean litte wat er sizze soe. Pake, lokwinske mei dizze dei. Sa koe 't wol. As er teminsten hearde wat er allegear tsjin him sein waard. Wie it in wûnder dat it bûten him om gie? Wilmyntsje joech him in tút. Fanke fanke sei er. Die him dochs wol wat. Hy fielde miskien wol itselde foar Wilmyntsje as hy. Wa wit hied er wol in swak foar har. Soed er noait sizze fansels. Dêr hied er ek gelyk oan. Soks koe ommers gjin kant út. As er dêr ien kear oan begûn, koed er ophâlde pake te wêze. Hy fûstke. Pake frege him oft heit der ek wie. Hy hie heit noch net sjoen. Ja, heit wie der ek. Stie achteroan yn de rige,
| |
| |
seach er no. Hy hie krekt net iens mei heit fûstke. Hie seker even te pisjen west. Dat koe gebeure. Fral op in feest as dit. Elk rûn en die mar. Hy soe aanst noch wol even mei him prate.
Hy gie sitten en stiek in nije sigaret op. Dat it hjir net hiter wie. Hy switte oars genôch. Hy hie better in himd oandwaan kind. Mar dan hied er hielendal wol smoare moatten. Allinnich it swit loek der wat better yn. Dat hie in himd foar. No wied er as in dweil. Pierke hâlde him it glês mei sigaretten foar. O, hy smookte al. Hied er net sjoen sa gau. Moast ek net sa stikem sitten gean te smoken.
‘Hoe stiet it oars mei it libben!’
In fraach wie it net, mear in útrop. It wie oan Pierke te hearren dat dy it wol aardich nei 't sin hie. Seach der ek bêst út, Pierke. Bêst, hen. It klonk oan de sunige kant. Dat f ûn er no sels ek wol. Sa min gie it no ek wer net. Koe folle minder. Der wiene genôch dy't sa wol mei him ruilje woene.
‘Moai waar en lange dagen, seker.’
‘No, sa sawat!’ sei er.
Mar hy hie it net sa raze moatten. Hy miende der ommers dochs neat fan. It klonk te freonskiplik, dat moast er net ha no. Pierke wie Pierke net mear. Of it koe ek wol wêze dat er dêr samar even trochhinne prippe koe. Hy koe him likegoed ék wol oars foardwaan as dat er winlik wie. Mar hy wist dochs ek dat er soks by him net dwaan hoegde. Hy koe him dochs wol in bytsje. Hy moast mar ris freegje hoe't it mei him gie. Wie ek net mear as fatsoenlik.
‘Bêst, man! Poerbêst, dat hoegde noait better.’
Dat wie echt. Wie sa wol oan him te hearren. Hy koe minsken net útstean as se it sa bêst hiene, foar har eigen gefoel dan.. Dat alles sa moai en sa glêd wie. Dan koed er wol spuie. In bytsje ûnfrede moast der altyd bliuwe, wêr dan ek mei. Dit hied er net tocht fan Pierke. Kapitulaasje. Hy miende noch sa, hy koe wol in bytsje mei him. Dan wie de leafde no út. It hie Pierke miskien hielendal net yn de wei west dat er hjir hjoed hinne moast. Wa wit hied er der wol sin oan hân. Hoewol, it ûnferskillige hied er noch al oer him. Sa't er der krekt ynrûgeljen kaam. Even swaaie en wat gnize, dat wie Pierke. Sa hurd koe er ommers ek net feroare wêze. Hy hie ommers altyd wat wrantelich foar it libben oerstien. Dy namme hied er ek. Hy foel der ek net sa yn by de famylje. Mar Pierke wie Pierke, dat hied er foar. By him wie dat oars. Syn ûnfrede siet
| |
| |
mear oan de binnekant. Hy wie ek moaier foar de hân. By him soene se net sa gau wat fernimme. Gjin ien hjir dy't wist dat er hjir eins tsjin 't sin siet. No, Elske dan. Hy prate en die wol wat by sokke gelegenheden. Wist eins sels net wat er allegear byinoar lulde. It soe wol wier wêze allegear. En oars mar net.
‘Sjochst it allegear wol sitten, as ik dy sa hear,’ sei er.
It moast dan mar ris sein wurde. Ja, wêrom net. Ja, wêrom net. Wêrom seagen guon it net sitten. Dat moast hy freegje.
‘Jonge, Hein jonge, wy binne hjir mar ien kear, dat wat sille wy ús drok meitsje. Dizze wrâld is ús jûn om der fan te genietsjen. It haw dêr sa stadichoan frede mei. Kinst dy no wol in hertferlamming prakkesearje, mar dêr hast allinnich dysels mar mei, wier of net. Do moatst it mar earlik sizze as ik my misha.’
Harm kaam deryn mei in doaze. Dit boven stie krek njonken syn grouwe reade kop. Hy hâlde him moai oan de regels. Wie ek gjin gesicht fansels, sa'n harsens op 'e kop. Wie no al sa read. Koe wol barste as er op 'e kop stie. Hy stie fansels noait op 'e kop. As soed er it bestjerre moatte, mei sa'n pânse noait. Wie oars net raar op sa'n feestje. Wat keunstjes fan de promininten hjir. Joech wat ferdivedaasje. Omke Jolle jonglearje litte mei in kop-en-pantsje. Harm op 'e kop mei de fuotten tsjin de muorre. Baukje yn de spagaat. Der wie foar elk wol wat te betinken. Pake pakte út. Knoffelige hantsjes hie dy man. Koed er letter sels ek wol krije. Hy ferbeelde him bytiden no al dat er wat trille. Koe ek wol wer oergean fansels. it wie suver stil no. Hy wist net wat deryn siet. Hied er Elske ek wol even freegje kind. Hie wol moai foar har west, in bytsje mear belangstelling. Dan hied er hjir miskien ek hiel oars sitten hjoed. De doaze siet mei tou fêst. Hiene se dat no net wat oars dwaan kind. Plakbantsje hie ommers genôch west. No siet dy man mar de griemen. Baukje krige in skjirre.
‘En dan kinst oeral wol op 'e harsens ynf leane, lykas iksels ek wol dien ha, skelle en raze en dit en dat, mar dan bist ek dea foardatst it witst, of net.’
Pierke flústere. Hy siet foaroer mei de earmtakken op 'e knibbels. Hy kroep him suver oan. Hy koe him wol skuldich fiele. Hy hie der ommers net wer oer begjinne hoegd. En ja, dan wiene der ek altyd noch oaren dêr't men rekken mei hâlde moast. De bern waarden greater en dan woe
| |
| |
men it op it lêst wol litte en gean as in noartske baarch troch it libben. Seid er allegear. Woe him skjin prate, wie sa klear as in klûntsje ommers. Hy hoegde him oars om him net skuldich te fielen. Elk seach mar wat er die. Wat prate er ek heazich. Soe wol komme om't it sa stil wie. Yn de doaze siet noch in doaze. De âld man wie der skjin mei ferlegen.
‘Haw ik el wol dien, jonge. Ach, do witst it sels wol. Sokke famyljefeesten, jierdeis en sa, dat wie ek neat foar my, dêr koarre ik fan. Mar it moat dochs. En dan sis ik, dan bin ik sa fier dat ik sis...’
Der waard ynienen hantsjeklapt. De manlju jûchheiden. Pake hâlde it presint omheech. Fiktoarje, in koekoeksklok! Hy hie oars hielendal net praat oer feesten, jierdeis en sa. Dêr wie Pierke samar út himsels oer begûn. Och, wat moast dy jonge syn hâlding rjochtfeardigje. Mar miskien hied er wol gelyk. Miskien wie it yndie wol de iennichste kâns om it hjir noch wat langer út te sjongen: meidwaan, eagen ticht, sûnder kommintaar. Mei him kaam it ek noch wol ris sa fier. Kwestje fan tiid. Pear jier miskien, langer net. Feroardiele ta tefredenheid. Wat woed er noch mear, sa.
‘Der is mar ien wicht! Harm, hasto dat oare wicht sjoen?’
‘Der moatte twa wichten yn sitte...’
‘Sjoch dy doaze ris nei, jonges, jim kinne net sykje.’
‘Sjoch dan sels, ien gewicht. Sjochsto mear gewichten?’
‘Leit it net yn de auto, Harm? No nee, it koe der útrûgele wêze...’
‘Sit der wol in koekoek yn, Harm? Oars kinst dy in reis besparje.’
Wilmyntsje kaam lâns mei in opskriuwboekje. Wat er drinke woe, Bier, hy smoarde suver fan toarst. Miskien wiene dy pipermuntsjes der net iens mear. Soed er Elske jûn ris freegje. Krige er altyd by beppe ommers. Moat er ek in willemyntsje ha, jonge? Wat wie dat in ûnhuerich skoft lyn. It stie him noch goed foar it ferstân, mar it wie hast net te beprakkesearjen, sa djip siet it. Al dy dingen út syn bernejierren wiene suver net mear te bedjipjen. As beppe noch libbe hie, hie it faaks even makliker west. Wie miskien ek mar better fan net. Wêrom wist er ek net. Hie ek net safolle om hakken. Hy moast him net sa drok meitsje oeral om.
‘Wolle se noch wat bite, jonge?’
Hy krige in klap op it skouder fan heit. Sloech him oars noait op 't skouder. Hy kaam aansent noch wol even te praten, sei er. De dei wie noch lang. Seach der wol goed út. heit wol. Waard dochs ek in dei âlder. Wie
| |
| |
oan mem ek sa bot te sjen. Hied er niis noch tocht doe't er mei pake fûstke. Hy woe oars wol even fuort. Eintsje yn de auto ride of sa. Koe no net bêst fansels. Hy hie krekt bier besteld. Krige er gedonder mei ek. Elske fernaam sok fuort. Wist wol krekt hoe faak as er sa'n dei te pisjen west hie. Koe se him op in briefke jaan jûn. It wie ek bespotlik fansels. ‘Wist ik ek wol. Hoe kin sa'n wicht no los yn de auto lizze. Dy doaze siet goed ticht.’
‘Dan geane wy der mar wer mei hinne, hear. Pake sil in goeie klok ha, wat jo, pake.’
‘Koekoek, koekoek!’
‘Mient ek ien dat er leuk is. Stel dy net sa oan, jonkje.’
Se wist sels net hoe moai as se wie. Wie miskien mar goed ek. Hy geat it bier yn it glês. Wie lekker kâld, sa te fielen. Moast ek. Lij bier wie om fan te koarjen. Se wist net iens dat der sokke pipermuntsjes wiene, willemyntsjes. Hoe se noch noait praat fan heard. Beppe wie seker ek al wei doe't sy berne waard. Of miskien wie se in jier. Op 'en heechsten twa, âlder net. Wie mar goed ek faaks. Wa wit hiene se har wol útskeld foar pipermuntsje. Wie ek noait leuk fansels. Hy woe wol ris witte hoe fier as se wie. Wat se allegear tocht en sa. Se like noch sa bernich. Mar miskien gie der wol hiel wat yn dat moaie kopke om. Hy prate ek suver noait mei har. Koed er ek net. It ferskil wie te great. No net mear miskien. Mar doe al. En dat wurke troch. Alles wurke troch. Hoe waard in pessimist in pessimist. Dêr moast in ferklearring foar te finen wêze. Alles hie syn woartels. As er mar djip genôch dolde. As er de ûnderste stien mar boppe ha woe. It wie net tafallich dat er hjir no siet sa't er der siet. It wie allegear wol te begripen. Yn alle gefallen wie it begryplik te meitsjen. Moast sa wêze.
De glêzen giene omheech. Sipke hie druvesop. Wie in echte ferpleger. In bytsje rûnrêgich. Dat hie der fansels neat mei te krijen. Mar syn wite jaske soe der sa moai omhinne falle, achter wat heger as foar. Siet dochs moaier as oan alle kanten gelyk. Nuver wie dat. Dat it net-perfekte mear die as it folslein suvere. Hy seach him al rinnen achter in brankaar. Of in karke mei iten. Soed er ek wol dwaan moatte. Teare jonge. Moast dochs wol kriich ha. Wie net sa maklik, de ferpleging, seine se altyd. Hy siet dêr ek mar wat, hie noch net ien tel by pake wei west. Pluze ek net yn syn burd. Burg hong dêr mar wat sikkich, krekt in geitesturt dêr yn miigd
| |
| |
wie. Wie oars net in minne fint. Dat er sa'n burd ha mocht yn dat sikehús. Koene ommers samar luzen yn tahâlde. Miskien woed er wol mei Wilmyntsje! Dat soe net gebeure. It woe noch in bern ommers. Wie ek neat foar har, Sipke. Pûrbêste fint wie it, dêr gie it net om, mar hy koe fan Wilmyntsje ôfbliuwe. Elk syn eigen, dêrom. It bier smakke him goed. Hy krige in nije sigaret. Koe noch wol gesellich wurde. As se him hjir mar wat sitte lieten. Net te folle oan de kop seure. Pierke petearde mei Doede. Hy wist net wêr't se it oer hiene. Koe him gjin barst skille ek. De omkes en muoikes foelen der eins wat bûten. Sieten ek wat apart. Wie ek wer in hiel oar slach, minne leeftyd ek. Praten dochs wol drok meiinoar oars. Mar minder ferheftich, laken ek minder. Hy koe it him ek wol ferbeeldzje. Krekt as hiene se it allegear wol besjoen en leauden se it wol. Dat waard fansels neat mei omke Jolle. Wie net sa'n jongleur. Koe syn bokje mar krekt fêsthâlde. Oaljefanten, dat wie wol wat foar him. Wie neat wurdich hjir yn 'e hûs fansels. Koene se der allegear wol útgean. Mei sa'n swypke foar Foekje en Baukje, koe ek wol. Wiene dochs oaljefanten, dy twa. Dy modderfette froulju hiene dochs wol wat. Elske soe wol net sa wurde. Dat wie ek mar in gelok. It jonkje soe him letter deaskamje. En pleage wurde op skoalle fansels.
Heit en mem hearden der ek by, by de omkes en muoikes. Hiene wol har bêst dien, heit en mem. Wie ek wol goed slagge allegear. Alle bern troud en te plak, op Wilmyntsje nei. Boppedat hiene se pake- en beppesizzers. Moaier koe it net. Wat woene se noch mear. Koene noch in bytsje goedmeitsje. Mar net bedjerre, hear! It siet allegear sa treflik yninoar. Der wie winlik gjin spjelde tusken te prakkesearjen. It rûn allegear sa't it rinne moast. Hy soe ek noch wol ris pakesizzers krije, oft er it woe of net. Wie ek net folle oan, sa'n bokkich âld man as hy dan wêze soe. Hy soe him dochs feroarje moatte, sa koe it net langer. Hy mocht bliid wêze as er al in koekoeksklokje krige, mocht it safier ris komme. Hoe soe sa'n âld man him fiele, dat woed er wol ris witte. Hy hoegde him der oars ek net drok om te meitsjen. Seach er dan fansels ek wol as it safier wie. Hy moast earst mar ris ôfwachtsje oft er it safier bringe koe. Wie miskien ek better fan net. Faaks koed er oaren in protte lijen besparje. Wilmyntsje brocht him noch in pilske. Sy wie noch net troud, nee. Heit en mem wiene der noch net. Koene se noch wat mei belibje, mei Wilmyntsje. Siet wol in kopke op. Gie mear yn om as dat se tochten. Se wisten it net.
| |
| |
Fammen prakkesearren net, moasten gjin problemen meitsje en hiene neat te wollen. Sa wie it gelegen by heit-en-dy. Sterk oerdreaun fansels, mar dochs. Wie doe ek al sa. It gie by de jonges út. De froulju wiene der by yn. Wisten se sels ek wol. Fûnen se ek wol goed, sa't it like. Hiene har ommers suver noait oppennearre. Moasten se by heit ek net weagje. It hie har wol bêst west seker. Se wisten har plak. Alles wie ek noch oars yn dy tiid. Soks soe no net mear kinne, hjoeddedei net. It hie ek altyd ferkeard west fansels. Mar doe waard dat oars oanfield. Wie frij gewoan doe. Mar it wurke wol troch. Dochs wer oars by Baukje as by Wilmyntsje. Baukje wie no baas oer Doede. Dat wie wol te begripen ek. Altyd lyts hâlden. En net meiprate meie fansels. Lei der doe allegear sa hinne. Wie net oars. En wat krije je dan? Krekt. Doede wie der de man ek nei, hen. Hie syn eigen achtergrûnen fansels. Noait net botte selsstannich wurden. Altyd noch ferlet fan in memke. En dêr gie it hinne. Sa soe it wol sawat lizze. Wiene ek noch wol oare mooglikheden fansels. Hy koe Doede fierder ek net, sa net. Mar sa soe it wol sawat yninoar sitte.
Hy hie toarst. Dizze sigaretten smakken him bêst. Hy moast oars hjoed al even yn it kafee sjen. Miskien woe Plerke wol even mei. Hy hie altyd goed mei Pierke kind. Dat koe samar net oer wêze. Hy soe Pierke aansent even oansjitte. Dy siet no noch drok mei Doede te swetsen. Koene inoar oars net folle te fertellen ha, Pierke en Doede net. Se leine inoar ommers net. Pierke wie hielendal net sa Doede-achtich. Hie altyd al sa west. Soe ek wol sa bliuwe. It wie ek net slim, dêr wie Doede net minder om. Doede wie fierstente goed. Liet him alles mar oansmarre altyd. Hy wist it sels ek wol, woed er wol leauwe. Koed er neat oan dwaen. Wie ek net sa slim. Doede hie der frede mei en dêr gie it om. Ja, gie it dêr net om?
‘Noch altyd itselde weintsje, ha 'k wol sjoen?’
‘Kin it my noch wol dwaan, Felke,’ sei er.
‘No, ik sis krekt tsjin Harm, Hein rydt ek noch altyd yn itselde weintsje, sei ik.’
‘Sa lang ha 'k him noch net,’ sei er.
‘Altyd wol sa'n twa jier, as ik myn sin siz. Of bin ik no mis?’
‘Oardel jier,’ sei er.
‘Foldocht noch altyd goed, dus. Mei dy oars ek wol barre, tocht ik sa. Alles goed mei Elske en it jonkje?’
It wie goed mei Elske en it jonkje. Felke wie net in minne fint.
|
|