| |
| |
| |
Ella Wassenaer
‘In folk dat dichtet kin net stjerre’
Peter Blue Cloud (Aroniawenrate)
‘Skylpod, Bear en Wolf’
Hwat ik út myn jeugd oer Yndianen wit, kin gjin bisjen lije. Eins allinne mar, dat hja de forten fan blanken op it ûnforwachtst oanfoelen en skalpen sammelen. Sokke oantinkens binne lykwols to forkiezen boppe dy't de bern yn 1980 meinimme út in tv-programma ‘Pipo in West Best’ mei syn Yndianen as ûnnoazele halzen. De boeken fan Karl May binne my ûntkaem, wylst ik wol sljocht op jongesboeken wie. Dizenich kin ik my de namme Winnetou, it fredespiipsmoken, uche uche en sokssahwat earne wei to binnen bringe. Hja sieten yn elts gefal by my yn it hoekje fan de fijannen, hwant ik stie út soarte oan 'e kant fan de blanken. Letter by myn stúdzje oer it Skrift foroare myn miening oer har as wylden om it hiel aparte ideografysk skrift, dat hja yn it forline brûkten. Der wie bygelyks in op beambast tekene boadskip fan har oan de presidint fan Amearika foun: in nederich forsyk om to fiskjen yn marren by har yn 'e omkriten. Sawn stamhaden stelle har dêrop foar yn it stal fan fûgels; de foarnaemste, in kraenfûgel, rint foarop, seis oare, lytsere, folgje. Har hollen sitte mei tinne linen oan elkoar fêst, dat hja binne it tige iens, har herten binne ek mei linen oan inoar tekene, hwat leafde foar de presidint betsjut en de marren, dêr't it om giet, sitte yn in pear rountsjes mei linen yn it gehiel biflapt
| |
| |
Yn wêzen, bigriep ik doe, hiene hja om in geunst frege yn fan âlds har eigen lân en dêr kaem myn rjochtsgefoel tsjin yn forset.
Op in oar ‘dokumint’ oer de heltedieden fan in stamhead Wingemund stie yn de lofter boppehoeke in skyldpod. Wylst it forhael yn myn learboek út 'e doeken dien waerd, waerd de skyldpod deaswijd. Hy is my lokkich einlings dúdlik wurden út it wurk fan de dichter Peter Blue Cloud, yn syn eigen Yndiaenske tael Arioniawenrate, dat er publisearre hat ûnder de titel ‘Turtle, Bear & Wolf’ (Skylpod, Bear en Wolf).
Neffens de oersetter Jelle Kaspersma yn ‘Trotwaer’ 1978-4 is Amearika it skyldpodde eilan. Dat soe myn skyldpod noch net forklearje, mar Blue Cloud is in lid fan de Mohawkstamme, dy't opdield is yn trije klans: dy fan skyldpod, fan bear en fan wolf. Wingemund sil fan de skyldpodklan west ha. De titel fan de bondel is nou tagelyk dúdlik, Blue Cloud hat him neamd nei de trije klans fan syn stam. De yndieling wie om ynteelt to meijen, hwant yn in klan mocht net yninoar omtroud wurde.
De Mohawks wenje oer it lân forspraet, ek yn Kanada. Blue Cloud is yn 1933 berne yn Caughnawaga (= by de streamforsnellings) yn Quebec. Hy is in skyldpod fan memmekant, bern geane mei de mem mei. Hy, ik neam him nou even Aroniawenrate, is nasjonalist en hat sadwaende allinnich in paspoart fan de Mohawks, dêr't er it lân wol mei út komme kin, mar net wer yn, dat eins is er steateleas.
Fan de Yndiaenske nasjonalisten hoecht net to lyts tocht to wurden, hja ha oansluting by de Foriene Naesjes en dat ha wy, frysknasjonalisten oant hjoed ta net. Hja krije stipe fan oare lannen, bygelyks fan Cuba.
Der waerd my fan redaksjewegen frege om hwat oer de dichtbondel ‘Skylpod, Bear en Wolf’ yn fryske oersetting to skriuwen. Har tocht dat der in biskate oerienkomst wie mei myn fersen. Blue Cloud en Ella Wassenaer hiene ‘beide socht nei de djipste woartels fan it bistean krekt om steande to bliuwen en de foarm fan Blue Cloud syn gedichten koe wolris ticht by harres lizze om it repetearjend karakter, boppedat hiene hja it beide oer it sinlike libben, dat yn elk minske brûzet’. Dat is nochal hwat en it sprek fansels, dat myn bilangstelling geande makke waerd, al moast ik al gau konstatearje, dat Blue Cloud it nearne hie oer de erotyske leafde lykas ik. Mar de religy wie by beide wol de eftergroun.
Peter Blue Cloud syn portret stiet op it omslach fan ‘Trotwaer’ 1978-4. It jowt it byld fan in moai foarse Yndiaen yn great tenue mei gâns attributen. Hy hat dêr in moaije ‘kop’. Der leit in mankelike útdrukking op syn antlit, mar al hat er de hannen passyf op 'e skoat, der giet krêft fan syn hiele figuer út. Neffens Kaspersma wie er net sa wiis mei it konterfeitsel, hwant hy, noch oare Yndianen, hâlde fan foto's. Forline simmer yn Grass Valley, doe't der oandacht foar him wie fan de media, woe er
| |
| |
net op 'e film en hat er de parse ôfpoeijere. Dat strykt mei syn fers ‘Crazy Horse Monumint’ (23).
In Poalske byldhouwer, nou al oer de sechstich, hat jierren lang dwaende west fan in berch yn Súd-Dakota in enoarm monumint to meitsjen fan de legendaryske Crazy Horse, dy't by in rivierke Little Big Horn yn Montana yn 1885, in helt útmakke hat by it treffen mei in ploech fan 250 soldaten, dy't doe allegearre sneuvele binne. De Yndianen wiene net wiis mei it bisykjen fan de byldhouwer, de berch moast berch bliuwe, hja koene har helt better ûnthâlde oan syn dieden. Hwat soe Crazy Horse der sels fan tinke? freget Blue Cloud:
‘En hwat soe hy tinke fan de kâlde stielen beitel,
en fan it dynamyt dat it gesicht fan de berch forwoestget
hokfoar wearde hat de tokrûmele gloarje fan Grikenlân en Rome,
foar in folk dat kâld en hongerich makke is?
Om it wêzen fan in man yn stien fêst to lizzen,
om de leafde en it respekt fan bern en âlden wer to jaen,
meitsje ynsté dêrfan de skerpe punten fan in jachtpylk,
en lit de erosy fan de tiid oer oan de eleminten.’
De byldhouwer waerd sadwaende net oanmoedige, hat it op it lêst sitte litten en der in toeristysk sintrom fan makke. Oft hja dat moai fine?!
Yndianen hâlde der dochs net fan op ien of oare wize yn it sintsje set to wurden of om út bigreatsjen morele of jildlike stipe fan komité's yn Dútsklân, Nederlân of oare lannen to krijen, hja wolle harsels wêze en sels kedize, frijheit! Hwa't fan har folk oan de drank wol, it is syn saek, dat moat er sels witte. Sa is har libbensregel, om in grotesk foarbyld to jaen.
Yn ‘Trotwaer’ 1978-4 stiet ek in side hânskrift mei ûndertekening fan de dichter. Ik bin gjin grafolooch, dat ik wol net to djip op syn manear fan skriuwen yngean, mar allinnich oer in pear opfallende marktekens hwat sizze. Yn it foarste plak wiist de tige ûtrinnende f op ûnrêst en disharmonij, mar ek op aktiviteit, sels op in sterke oandrang om op syn rjocht to stean, mei oare wurden op striidberens tsjin gefaren en obstakels. De dúdlike distânsje tusken wurden en letters, mar it lêste kin ek om it setten dien wêze, fortelt fan iensumheitsgefoel en ek fan in kleare geast. En binammen fan distânsje biwarje wolle tusken ‘ik’ en de bûtewrâld.
Oars as syn skrift stiet syn hantekening ticht ynelkoar. Foar de primitive minske, dy't yn ús allegearre libbet, bitsjut syn namme in part fan syn persoanlikheit, dy't er leaver forburgen hâldt, hwant oars soe immen macht oer him krije kinne. De kompakte hantekening fan Blue Cloud, (soe dy fan Aroniawenrate oars wêze?), krûpt wei. Hy stiet wol goed
| |
| |
rjochts op it papier en dat wiist wer op wil om him to jaen, op soasjaal gefoel. It is in pasteuze hantekening, hwat tortelt fan formogen om to genietsjen, fan libbensfreugde, wylst de lange ôfslutingslus oan de d sprekt fan libjen yn hegere, geastlike sfearen. Hy set der gjin streek ûnder en forsiert him ek net, dat hat er net nedich om syn eigenwearde to etalearjen.
It soe nijsgjirrich wêze om nei to gean, oft neamde eigenskippen yn syn deistich bistean útkomme. Yn syn literair wurk wol tinkt my.
De bikende Amearikaenske skriuwer Gary Snyder, dy't njonken him wennet, hat in foarwurd by de originéle bondel skreaun. Neffens him binne Blue Cloud syn fersen it libbene biwiis, dat de krêft en de skientme fan it forline net forlern gean kinne. It liket nou hast oft der nea in wrâld west hat, dat manlju en froulju, beammen, gers en bisten en de wyn lokkich wiene mei inoars lieten. ‘Broer’ bison (12) en ‘broer’ Wolf (55) wiene mar ûnwêzenlik, dy wrâld hat yn elts gefal ôfdien. It is nou hjoed, wurdt der faek sein, wy moatte folwoeksen wurde, út in bitsjoende wrâld wei réalistysk foarútsjen en de telefyzje oandwaen. Lykwols Blue Cloud is gjin tsjoender, hy libbet folslein yn it hjoed, mar is as dichter thús yn alle tiden en oeral. Syn wurden binne echo's fan de tsjinstellingen, de kompleksen, it lijen en frjemdernôch fan de optimistyske takomstfyzjes, dy't de tweintichste ieu biskiede. Allinne skynt der in hiel apart ljocht ús syn fersen, dat de minsklike natuer ien is mei ‘Mem Natuer’, dêr't er op de âlde wize (‘the Old Way’) fan tortelt.
Lykas yn it foarige de fortellers ûnder de Yndianen dat graech by nacht diene, sa arbeidet Blue Cloud ek by nacht oan syn dichterlike forhalen. Hy begjint om in ûre as twa en wurket troch oant healwei sawnen yn de moarn, as er fuort moat om de kost to fortsjinjen mei timmerjen, izerwurk yn de heechbou, grounwurk. Dat hy moat wol in goed úthâldingsformogen ha, hy rint op it lêst al nei de fyftich.
Hwat seit de dichter der sels fan?
‘Wy geane troch mei de tradysje fan it fortellen fan forhalen. Leginden wurde makke en lieten berne om foar ivich om in mar hinne yn 'e woestyn to bistean.
In gedicht is op syn eigen wize in lieten in boadskip oer de Skepping. Alle dingen steane yn wikselwurking melïnoar: de berte fan in bern, de bou fan in hûs, it biplantsjen fan in tún; dat binne hieltyd wer nije bigjinnen, fornijingen yn de omgong fan it libben. Yn de natuer komt ek nei de slimste stoarmen de stilte altyd werom. Hwat der bart moat fêstlein wurde op stien, op bonke, fel of hout, op skildersdoek of op papier as in sied om geastfisioenen to meitsjen yn in stjerrende tiid.’
Oan dizze kostlike bondel gedichten kin men ûnderskate eleminten ûntdekke, mar it opfallendst binne, tinkt my, de bining mei it foargeslacht, dy mei it folk fan hjoed en dy mei it folk fan moarn, de takomst. De
| |
| |
geastlike eftergroun is de Skepping (altyd mei haedletter skreaun), de Greate Geast, it Mystearje. Dizze aspekten kinne net los sjoen wurde fan de natuer, ‘Mem Natuer’. It is foar de Yndianen dan ek tige wichtich om yn harmonij mei dy natuer to libjen, it is diel fan har godstsjinst. Hja binne in útkard folk fan de Geast en sjogge út nei de ‘Himmeldei’, de ôfsluting, foar har de Apokalyps. Blue Cloud dichtet dêr oer. Mar ek oer de mismoedigens fan syn folk, it forlies fan de alde krêft en moed, it har deljaen ûnder it lot Lokkich is der ek altyd wer it leauwe, dat ynspirearret ta diedkrêft. It juster fan it foargeslacht hat slimmernôch west: tsientûzenen sneuvele tsjin goudsikers en blanken longerjend nei bisit fan lân, miljoenen forstoarn troch oanstekkende sykten, fan blanken skipe; har fjûrwetter de alkohol, forinnewearre har wjerstân, it bistean waerd har ûntnommen troch it massael deasjitten fan bisons en it forbarnen fan har maisfjilden Hwat der fan it folk noch oerbleaun wie, waerd yn re- servaten treaun, leave! konsintraesjekampen, dêr't noch folle mear slachtoffers foelen De felle kriich roun op it lêst bigryplikerwize út op tomûk forset, hwat yngeand biskreaun wurdt yn it fers ‘Yellowjacket’ (21).
‘Ja’, sei de sergant, ‘der is wer in forflokt stik stek
stikken skuord en der is krekt sa lang mei omsleept oant
it hielendal yn tizen siet en weardeleas wurden is. Wy jowe
dy heidenen in hiele flakte om yn to wenjen, mar dat is
harren net goed genôch, wy soene se byinoar driuwe
moatte en it hiele soadtsje deasjitte, krekt sa't wy dat
eartiids diene; of tominsten de greatste skoeljes,
Yellowjacket. in heltefiguer út Californië, rydt troch it doarp yn it reservaet:
hy ried it doarp yn op in berchhynder mei wylde eagen
syn hoed hie er leech dellutsen en lang swart en griis hier
dat swaeide en wappere yn 'e wyn, hinge by syn rêch en skouders del,
en nimmen seach de eagen, mar sels de soldaten fielden
dat se bistudearre waerden, faeks like iiskâld as de wyn
dy't de rivier delwaeide,
It folk dêr is bang. Hja ha har deljown en binne wend tomûk to dwaen hwat har forbean is, oars as Yellowjacket. In genêzer, dy't de rituélen fan it better meitsjen noch út 'e wei doarst to setten (bûten it sicht fan soldaet en missionaris) seit: ‘Yellowjacket is hwat oerbleau fan in stam en wy binne de geasten.’ Eins binne hja al stoarn, fynt er.
Wol is der longerjen nei hwat ferlern gyng; hja skeppe moed nei 't foarbyld fan Yellowjacket.
| |
| |
Earst neten hja him gean allinne, mar letter
sealen ek in pear jonge minsken harren hynders
en hja lieten foar it earst sûnt skoften
harren gewearen oan alleman sjen, en in pear
âlde minsken gyngen mei har en hja
rieden nei de boppeëin fan de rivier, nei de
skjinne loft en de keale rots, en de soldaten
seagen harren toarbygean, en doarsten net
De dichter fielt him ien mei it foargeslacht.
Us heit jage op 'e greate mammoet,
en ik bin noch mar fiifhûndert jier âld,
ik kin my noch it bloed fan Montezuma en
it gûlen fan Wounded Knee to binnen bringe
En ik bin noch mar fiifhûndert jier âld,
ik waard juster noch opjage oer de Trail of Tears.
en wol hûndert Sand Creek's straame troch
de ieren dy't myn Yndiaenske hert fuorret
De bining mei syn folk fan hjoed dat er 'myn prachtich folk’ neamt, (15) wurdt like yngeand biskreaun yn ‘kamp’ (9)
myn fuotten sille my net altyd nei jim werom bringe kinne.
en de dea fan in doarp is in great fortriet (51)
en de pine fan de oerlibjenden
De bining mei syn folk fan moarn, de ‘jit net bernen’ is realiteit foar him. De Yndianen geane der fan út, dat it lân ien kear wer fan har wêze sil. Dêr geane ek foarsizzings oer. Der sil in Russyske ynvaezje út it noarden wei komme, fia Kanada. It blanke folk sil út it lân jage wurde, de negers geane werom nei Afrika. De Russen fordwine wer, de Yndianen sille as oerwinners út 'e striid komme. Nou moat de ynfloed fan de Yndianenpolityk ek net ûnderskat wurde, Yn Nicaragua wie it foar in great part in Yndiaenske biweging, dy't nei de macht griep. Sa net, ek yn Equador en der skynt yn Panama ûnder ynfloed fan Yndianen foroaring op komst to wêzen.
Oer ‘moarn‘, de takomst, giet it hiele lêste fers (60). Al stiet it net yn de orginéle bondel. it past der wol goed by.
| |
| |
moarn dounset efter de sinne as in hillich ûnthjit
fan dingen, dy't komme sille foar bern, dy't noch net berne binnek
en de skyldpod ropt:
en jit is de dea net myn mantel,
hwant yn party sintroms fan myn stammen
bounzje noch altyd de trommen.
yn ‘Aicatraz’ stiet: (15)
binne skreaun yn de libbensomgong fan in tromme
De bining mei de Skepper en de Skepping is der altyd en rounom, it is it Mystearje:
en de Skepping azeme libben yn it sie (47)
en fjouwer kear, en jitris fjouwer kear
gûlde ik fan freugde om de berte fan myn stammen
en ik song de Skepping de gloarje ta
fan al dizze wûndere dagen.
ik bin neat, ik bin alles (35)
(mei hutte wurdt swithutte bidoeld, in soarte fan sauna, dy't kathartysk wurket nei lea en siel. In swithutte-searjemoanje wurdt foar elk godstsjinstich barren hâlden.)
Oangripend is it. sa't de dichter klaget oer it forfal en de forliezen fan syn folk;
de ribbe fan in stamme is in broazelich part fan in beamkano (51)
of hwat der oerbleau fan in stellen hûspost
En dei nei dei meitsje de rousangen (51)
en de treurjende stimmen alles stil
de deaden nei hillige eilannen fiere
| |
| |
Peter Blue Cloud of Aroniawenrate hat ek meidien oan de bisetting fan de Alcatraz finzenis op it Alcatraz eilân. De finzenis waerd net mear brûkt en neffens in âld kontrakt is hwat syn funksje forlern hat, eigendom fan de Yndianen en dy ha dat wiermeitsje wollen mei in bisetting. Har doel wie der in Yndiaenske universiteit yn op to rjochtsjen.
Hja waerden net mei rest litten.
Boaten fan de kustwacht farre om it eilân hinne, (16)
helikopters fan it leger sweevje der boppe as gieren,
en dat neamt men nou de Amearikaenske ‘Meltingpot’
mei syn Frijdom en syn Rjocht.
It is fan tinken to hawwen, dat de dichter neat fan dy ‘Meltingpot’ ha moat, dy't alle biwenners fan it lân ta ien folk lykskeakelje soe. Neffens de Yndianen is it noch altyd oarloch en dêr ha hja reden ta. Kaspersma tortelde my, dat fan ien húshâlding in dochter formoarde, in soan deasketten is en in oare soan in twivelich autoûngelok krige. De rassehaet is great yn Amearika en biheint him net ta de negers, der binne genôch blanken, dy't der gjin bien yn sjogge om in ‘Redneck’ krepeare to litten.
Party Yndianen wenje sûnder rjochten yn de bergen, bygelyks yn de Nevada. Hja geane der fan út, dat it lân fan âlds harres is en brûke it dêrom ek. Dêr wurdt fan hegerhân neat fan sein, hja litte har gewurde. Allinne mei in folkstelling komme hja, mar de Yndianen wolle net teld wurde. Binammen de manlju fordwine yn de bosken en de froulju binne allegearre widdouwen. By de lêste telling kamen hja op in tal fan fiifhûndert, wylst der normaliter wol tsientûzen fan har wenje.
Hoe iens de stammen it binne komt út yn it koupiet:
Der komt in skip fol minsken oan:
Navaho, Sioux, Hoopa, Porno,
harren geast, herte, eagen en fuotten
kinne útrêste op dizze mienskiplike groun.
Ien fan de moaiste fersen út 'e bondel is To-ta Ti-om (foar in tante) (25). It is spitich, dat by de oersetting ‘tante’ en ‘muoike’ trochinoar brûkt binne.
ús muoike wie in krûdedokter, hja hie ien each en krûme giele tosken
har hûs fan skuorrehout line op 'e wyn as soe it omfalle
by't winter waerd it dûbeld fan 'e snie
en heldere fûnken út 'e houtkachel
sisteren de snieflokken ta steam
oerdutsen it dak mei iis,
Syn muoike holp altyd by de tabak:
| |
| |
as de titd oankaem om de tabak to droegjen wie hja der by
fielend en rûkend en priuwend
en elke jiertiid foun hja it goed
letter siet hja dan by de houtkachel
as myn lichem stjert sil it by it winter wêze, krekt op tiid om de
dat tortelde hja wyls hja blêdden
ta poeier rôlle tusken har meagere hannen
Prachtich wurdt de forbounens fan de dichter mei syn muoike tekene:
as ik dêr by de houtkachel siet seach ik tomûk
nei har wurge gesicht fol ronfels
en ik soe wol lûd skreauwe wolle
ik fielde in binearing yn myn kiel
Op in iere maitiid heart er fan har dea:
hja siet oan har tafel mei in skael op 'e skurte
en it waerd krekt maitiid
syn réaksje:
en ik gie earne hinne om allinnich to wêzen
mar it libben giet fierder:
it is wer tiid om to plantsjen en alles klear bihalven de tabak
en sjocht nei it hús fan ús muoike
dan glimket er en ik glimkje werom
Yn dit fers lizze alle trije biningen fan de dichter mei foargeslacht, folk fan hjoed en takomst. De Skepping, de Greate Geast, al wurdt er net neamd, is der suver taestber by.
De foamaemste gedichten binne dy oer Skyldpod, Bear en Wolf.
Hja sitte wer fol mei symbolyk oer it forline, it hjoed en de takomst fan de stammen en fan de Skepping, dêr't hja sa oan forboun binne. Dy fynynleine symbolyk sil in bûtensteander nea alhiel bigripe of bidjipje kinne.
Skyldpod (47) is drager fan de Skepping, alteast fan in great part:
| |
| |
Syn ‘greate swimpoaten skouwe syn lichem troch de rûmte’, de oséanen fan de ieuwen: syn swimmen is stadich en net moedsum:
hwant great is de lêst dy't my jown waerd
it foarrjocht fan myn ivichheit
rest op myn rêch as in inkeld sied
dêr't ik de hoeder en de jower fan bin
Hy regelt de natuer
en ik draei myn liif stadich nei de jiertiden
togearre mei myn pakesizzer Earn
dy't tongerslaggen yn syn fierken wuolle hat
Hy hat fortriet om syn folk, dat it âlde net mear is:
dit liet dat myn stammen leard waerd
wurdt op it heden troch party klans
fan in inkelde stam deaswijd
Hy wachtet mei geduld op herstel:
en ik wachtsje op it gearkommen fan myn stammen
It fers ‘Bear’ (50) tortelt oer de totemdouns fan de bear om de biskermpeal hinne: ‘De swarte bear dounset in frjemde en skouwende douns’ om de peal hinne, dy't ‘tusken himel en ierde hinget.’
Ynearsten liket it in swiere lynjende stamme
it lûd fan kreakjende fallen
tusken de groun en de leechhingjende loft,
dan jowt in mistflarde in ûnhuere
dy't boppe yn 'e peal fan sulvergriis sederhout útkapt is.
Ek hjir wer juster, hjoed en moarn; hwat der bard is, hwat der bart, de bear dounset troch nei hwat der barre sil:
op de tromme en syn stim is leech
dat yn de âlde dagen fan moarn
| |
| |
As de bear ophâlde sil om't er honger krijt, bigjint er dochs wer:
as yn in dream fan festen
stadich set er de iene foet foar de oare
Yn ‘Wolf’ (53) al wer itselde leauwe yn de takomst, hoe't er ek yn it libben oantaest is.
De Wolf dolt it grêf yn de ierde
in grymjen fan de wolf giet oer yn in sêft gûlen om in einleaze pine
De jongen binne dea, it wyfke
foarsichtich foar harren del
as in offer, hoewol't hja wit dat se dea binne
Deselde situaesje as by de minsken, dy't fan de wolven wysheit leare:
de wolven sitte yn in sirkel en freegje de moanne om rie
it lege gûlen fan 'e wolven is foar de minskeëaren
de earste wiisdom. dy't fan in oar krigen waerd
byinoar boun troch harren mienskiplike krêft
Hy bringt syn douns om to oerlibjen op de minske oer:
ik tognjidzje dyn skrinkels en sûgje it murch
bisneuvelje dyn ôfkapte kop mei foar my it paed
skuor dyn fleis oan stripen en weevje in net fan de flarden
kôgje dyn hier en fingerneils oan smots
slaen dyn minsklike liem del mei myn otterjende poatstompe
Jelle Kaspersma wol ha de Friezen sille har oan de Yndianen spegelje, dy't oant hjoed ta harren tael en kultuer suver biwarre ha. In forliking Friezen-Yndianen kin eins net makke wurde fanwegen de hiel oare sitewaesje. It gefoel fan eigenwearde fan de Yndianen mocht om my graech
| |
| |
like sterk yn ús folk libje, it biheint him nou ta in boppelaech. De fordrukking fan de Yndianen soe as hynstemiddel hjir ek net wei wêze, wy ha yn de lêste oarloch sjoen, dat der dan slomjende krêften wekker, klear wekker wurde. Of soene wy nueter middel, yn it ingelsk skriuwe moatte lykas de Yndianen: hollânsk rikt mar in hoannestap fierder as it frysk. Dat wy ús eigen tael brûke ta de literatuer ha wy foar op 'e Yndianen.
De oersetting fan Jelle Kaspersma kin allinne mar priizge wurde. Hwat moat it in heikerwei west ha om him yn to libjen en de goede wurden to finen. My tinkt, dat hy tige slagge is, de fersen komme hast frysk ta ús oer, sa geef is de tael, dy't er brûkt hat. De bondel is in forriking fan ús literatuer en net inkeld om 't er unyk en apart is. In pear opmerkings oer details: de interpunksje is net krekt en net konsekwint, der steane komma's foar in bynwurd ‘en’ en soms net foar ‘dy't’, guon fersen begjinne mei in haedletter, oare net, ek by de titels is it ûngelyk.
By de wurdkar komme ûngelikense foarmen foar: sie njonken sied en rakke njonken rekke. En hwerom wyls brûke foar wylst; ‘litte wy’ is in hollânske foarm, yn it frysk sizze wy ‘lit ûs’. Foar ‘geur’ hie ik leaver ‘rook’ hawn, mar dat is persoanlik; oer ‘tante’ en ‘muoike’ haw ik it al hawn. Sa is der noch wol hwat mear to neamen, mar it docht neat ôf oan de blydskip om dit wurk.
By in twadde printinge soene in pear forklearjende noaten it de lêzer makliker meitsje kinne, ik tink oan ‘Milkweed’ (8), in stikelplant mei molkeëftich focht, dat as it der út komt yn 'e lucht gommich wurdt. In koart forhaeltsje by heltefigueren as ‘Yellowjacket’ en ‘Crazy Horse’, by nammen as ‘Alcatraz’, ‘Little Big Horse’ en oare soe net oerboadich wêze. Yn it origineel stiet in ynhâldsopjefte, hwat tige noflik is by it opsykjen, yn de oersetting net.
Forlike mei it origineel mis ik ‘Ochre Iron’, ‘Dawn’ en ‘Untitled’, wylst ‘Stien’ en ‘Moarn’ tafoege binne. De folchoarder is ek oars. Peter Blue Cloud hat dit wurk skreaun tusken 1969 en 1975 en op ûnderskate plakken, dêrt er doe wie of wenne: ‘Swithutte Neitiid’ bygelyks yn ‘Mohawk Territory’, mar dat einiget dan ek mei ‘Pake, ik bin thús’ (36).
De gelikenis mei myn fersen, dy't de redaksje suggerearre, lit ik graech foar har rekken. De fersen fan Blue Cloud ha my wol alhiel meinommen. It is wier, dat er socht hat om de alderdjipste woartels fan it bistean fan syn folk om steande to bliuwen by hwat der fan har wurden is. Dan soe dat by my wêze kinne út it oergefoel fan in frou wei.
It repetearjend karakter om to biklamtoanjen is makliker nei to gean. Blue Cloud docht it mei in oar byld yn ‘kamp’ (9):
fjûr, ik sjong de stjerren ta,
fjûr, ik asemje obsidiaen
| |
| |
mei inselde rigel bygelyks yn ‘Hwannear giet de lêste boat nei Alcatraz?’ (18), hwer't er mei sizze wol, dat der net folle tiid mear is. En yn ‘Skyldpod’ (47), der't hieltyd wer de Skyldpod him opppenearret mei ‘Ik bin skyldpod’ om syn wearde en bitsjutting as drager fan Skepping en folk oan to jaen.
Yn ‘Bear’ (50) wurdt it ritme fan de douns oanjown mei:
stadich set er de iene foet foar de oare
Yn ‘Crazy Horse Monument’ (16) wurdt mei it trije kear herheljen fan in hiel koupiet biklamtoane, dat it monumint, hoe goed bidoeld, net nedich is, om't de helt sûnder mear wol libjen bliuwt yn de herten fan syn folk:
Crazy Horse rydt troch de sirkel fan de sliep fan syn folk
fan de Little Big Hom oan Wounded Knee ta,
de skaden fan de Black Hills binne syn iennichste mantel
donkere boarstfearren fan in stoarm, dy't komt
It repetearjen mei ien wurd brûkt de dichter yn it kostlike koarte fers ‘Stien’.
Mei dat forhael yn dichtfoarm, dêr't yn inkelde rigels safolle sein wurdt, wol ik bislute:
|
|