Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 316]
| |
Tichelwurk
| |
[pagina 317]
| |
Ik ha my wolris biklage oer de narcistyske hâlding fan de Fryske dichters foar de hjoeddeiske bouwerij oer (Trotwaer 1979/5 en L.C. 2-1-1980). No't it boppesteande fers fan Eppie Dam my âldergeloks ûnder eagen kaem moat ik dêr wol wer hwat fan werom nimme. Hy jowt yn syn nijboufers yn inkelde halen tige krekt de sfear oan fan sa'n nijbouwyk dy't sa hiel oars is as de sfear fan it âlde doarp. Fan it eigene, de foarname ienfâld fan sawol de arbeiderswenten as fan de boere- en rinteniershúzen en alles hwat der fierders omhinne leit, is yn 'e nijbouwyk neat mear wêrom to finen. Dat sil ek net kinne, mar der is dan faken neat betters foar yn it plak kommen. Dy ‘malaise’ is wol to forklearjen mar it bringt ús yn it bistek fan dit stikje to fier om datek noch ut de doeken to dwaen. In feit is yn elts gefal dat party minsken sa fêst leauwe yn de foarútgong dy't harren diel waerd troch de bouwerij om harren âlde doarpen hinne dat dêrtroch it eigene alhiel forsteurd waerd. Dat soks net in spesifyk Frysk probleem is dat wit ik wol mar yn Fryslân komt der dan noch in oar facet by n.l. dat der dan yn sa'n nijbouwyk sa'n griemmank fan minsken komt to wenjen, krekt as yn de doarpen fan de Iselmarpolders, datit brûken fan de Fryske sprake alhiel op 'e eftergroun komt. Dr. P.H. v.d. Plank hat wol gelyk as hy stelt dat romtlik bilied en yndustrialisaesje mei taelbilied to meitsjen hat.Ga naar eind1) It kleiliet om it forlies fan it doarpseigene fan Eppie Dam is yn alle gefallen dúdlik genôch. Foarhinne ryksboumaster Quist jowt as definysje fan sa'n âld doarp mei syn âlde omkriten ‘natuerlikhyt’ peare mei distinksje' bygel. Skiermûntseach. Hy fynt dat wy dat ek wol as noarm by eigentiidsk wurk stelle kinne. Hy seit ek dat as wy ús biwust mei ûntwerpen ophâlde wolle dat wy der dan ek net oan ûntkomme om ús mei taelkundige saken op to hâlden hoewol der dan fansels net automatysk architektuer QntstietGa naar eind2) Lyk as in taelkundige of in skôger dêrom noch gjin dichter is. Dat yn studzjes en yn skôgings eigentiidske saken oanljochte wurde is fansels wol wichtich, mar as in dichter dat ek docht dan sjocht it der foar de takomst fan it Fryske noch net sa min út. Dan is ús tael noch lang gjin museumtael; ja, ik doar hast wol to stellen dat it der net sûnder kin. Sa'n nijboufers is fansels mar in lyts foarbyld mar it jowt to tinken. Yn 'e lêste strofe hat Eppie Dam it oer in nije stiltme. Dat is neffens my noch hwat oars as in deadske stiltme. Hy lit dêrmei de lêsder de kans om sels to ynterpretearjen. Dat ha ik dan mei dit stikje bisocht om to dwaen. |