Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 222]
| |
[pagina 223]
| |
2.
har ferhalen:
hieltyd even oars
hieltyd hat de mûs wer hope
en tinkt dat er libje kin
oant de folgjende tik
ûnder triennen
seit se dat se net oars kin
har fielen kin se net tekoart dwaan
dû hast ferantwurdilkheld
foar har oer, gûit se
en hieltyd trapest der wer yn
tinkst datst fan har hâldst
| |
[pagina 224]
| |
3.
moatst sterk wêze
lústert se
ûnder it ferklaaien wei
dû glimkest
as de doar ticht slacht
witst datst it net bist
|
|