Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 220] [p. 220] Geart van der Meer Hanklit brodzich wie 't. wij hiene fytst oer 't eilân mors. bij glyngøre wien' w' opstapt. doe oer de sallingsundbrêge' it noarden yn. 't fjoer fan 'e sinne, en letter op ôfstân tongergebolder hien' ús begelaat nei 't eindoel: hanklit, steil rizend út 'e thisted bredning. wij moasten stean litte doe ús fytsen. rinnend bij in steil paad op gong it nei de top. wat in hichte, net? (no ja...) de see! de see! dêr sietsto dan, mei wite gimkes en 't hier wat sleau om 'e holle (de wyn, no?) de lichte te besjen. ik dij. o mearmin op dyn rots, o venus anadyomene - ik seach dyn byld oerstriele en seine fan ljocht, al wie fan dizen ticht de kym. [pagina 221] [p. 221] Skûl bij Hanklit gau, gau, nei ûnd'ren! de earste drippen al! wij sykje' ús fytsen op, en flean' nei de bedelte, dêr't wat pleatsen stean. mei faasje in heaberch yn. neat skine litte ('t binn' mar lytse hûntsjes) en de deenske boer ‘goddag’ tawinskje, dy't grommeljend eat grânzget (dat deensk!). hark, hoe't trommeljend de buoi op 't platen tek kletst, ik winskje mij dyn byld foar eagen wer te krijen dêr op dy rots. mar troch it rûzjen fan 'e rein, rook fan stealich hea, 't sûzjen fan 'e wyn ferwaait it as reek. in swijen hinget om ús hinne. mar sjoch, hoe't yn ús skymrich skûl dyn antlit sêft yn 't ljocht te brânnen stiet fan muorrerútsjes - 'k socht om 't spoar fan doe, fan dij - sjoch wat ik fyn. Vorige Volgende