Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
Willem Abma
| |
[pagina 226]
| |
Hoewol't ik it by ien litte wold hie, bestelde ik noch in ouzo. Bûten wie it begûn te snijen, tsjokke wite flokken klibben eefkes tsjin it rút, oant se yn fine strieltsjes der by del raanden troch nije hinne. It siet hjir waarm en gesellich, wat dreau my winkliken om fuort? Doe't de ober de ouzo foar my del sette, betelle ik daalk en lei der in flinke foai boppe op. Ik frege him oft er harren koe, wylst ik harren kant út wiisde. Hy skodholle freonlik en rûn al wer fuort. Ik stiek in piip oan en mimere foar my út. Op 't uterlik ôfgeand moast dit se wêze, mei sa'n frommes soe ik in fêste relaasje oandoare, sûnder daalk wer behoefte oan in oaren te hawwen. Dit wie in frommes dat mei har kreazens alle oaren yn it skaad hâlde koe. As ik sa'n ien ûntrou waard, moast it oan mysels lizze. Uterlik kaam sy nei oan it ideaalbyld dat ik fan de frou hie, der bestie gjin kreazer alternatyf. Ien ding wie wis, ik koarre der fan om noch langer fan de iene nei de oare te flinterjen, jûnen ferprutsend mei moaipraterij en drank foar in neukerijtsje fan fiif menuten. It wie krekt as ik yndertiid by Cyprianus lêzen hie, doe't er oer dekadinte tiidgenoaten skreau: ‘De befrediging fan eltse seksuële died ropt ûnmidlik de behoefte op oan in nijen’. Je reitsje yndie finzen yn in syklus fan driften dêr't je jin hast net mear út befrije kinne. Wie dy befrijing dan nedich? Om God of syn gebod hoegde ik it net te litten, dat wie passé. Mar om der no om God en syn gebod krekt wol op los te naaien, dat soe fansels ek te dwaas wêze. As ik sa trochgean soe, soe ik fysyk alteast nei de knoppen gean, der moast feroaring komme. Twa-en-tweintich jier âld, en fjouwer jier yn Grins, ik hie myn nocht fan alle bluisterigens. Mei mear lûd as nedich wie, kloppe ik in pear kear myn piip út. Hoe koe ik yn 'e fredesnamme mei dit frommes yn kontakt komme? Doe't se werris omseach, glimke ik har ta, mar se like it net te fernimmen. It deprimearre my en ik bestelde noch in ouzo, ik sonk wei yn in djip gemimer. Hie se my al earder oansjoen? Se seach dúdlik myn kant út. It wie slim te hifkjen oft ik har opfallen wie, of dat it in soarte fan ferfeling wie dy't har myn kant fan en ta útsjen liet. Al in skoftke wie de barkruk njonken har frij en wat ik earst net doarst, die ik no sûnder der oer nei te tinken, wat sy der fan tinke soe, ik rûn der mei de ouzo yn 'e hân op ta en gie sitten. Se seach op noch om. Eltse kear as se de jiske fan har sigaret yn it jiskepantsje die, die ik it fan myn sjekje. Soms rekken de knokkels fan myn hân hiel lichtjes de rêch fan harres. It moast in kear opfalle, en dan soe se reageare, itsij troch it oar jiskepantsje te | |
[pagina 227]
| |
pakken, itsij troch it spultsje mei te spyljen. Op in stuit die ik de jiske der ôf sûnder dat sy it die, de punt fan it sjekje hold ik boppe it jiskepantsje al mar tippend mei de wiisfinger. It duorre eefkes, doe die hja itselde. Wie it tafal of die se it bewust en hie se al lang de lichte oanrekkingen field? Ik herhelle it, en alle kearen die se itselde, al seach se myn kant net út, de fjurrige punten fan ús sigaretten rekken elkoar oant de reek der ôfwalme. It momint moast ryp wêze om harren in drankje oan te bieden. Nei it proasten gie se mei my yn petear, har freon, dy't se Maarten neamde, op it twadde plan littend. Se studearre frânsk, sei se, en wie mei in tentamen dwaande dêr't se wat foar hawwe moast dat se oant no ta net besefte kind hie. Ik sei har dat se it de oare jûns by my ôfhelje koe. Wy makken saaklik in ôfspraak. Maarten woe al ridlik gau opstappe, en dat liet ik graach sa. It wie oft der in spanning fan my ôf foel, doe't se de doar út wiene: ik hie it allinne mar bedjerre kind mei de iene of oare ûnhandichheid. En hoe't ik myn belofte neikomme moast, wie my foarearst folslein ûndúdlik. Ik naam my foar om har fral net daalk fersiere te wollen, al wie der de mooglikheid dat sy it krekt wol fan my ferwachte. Se soe my in sul fine kinne as ik neat yn dy rjochting ûndernaam. Doe't ik nei hûs swabbere troch de snie, giene my wer alderlei psalmfersen troch de kop. Ik besocht se fuort te bannen troch djip yn my op te nimmen wat ik seach, mar de wurden en wizen wiene net by my wei te krijen.
De oare jûns hie ik de frânske oersetting fan de Apologia fan Sokrates yn 'e hûs. Yn spanning siet ik te wachtsjen, ik wie der hillich fan oertsjûge dat se komme soe. Mar mei't de oeren ferstrieken, twong de twivel oan har komst him op. Op in godgroulike manier hie ik de smoar yn. As se tocht dat se my dit sa lappe kinne soe, hie se it mis. Letter op 'e jûn begûn ik rekken te hâlden mei de mooglikheid fan in ûngemak, of in oare foarm fan oermacht. ‘Je kunt het mij ook brengen’ hie se sein, en se hie har adres neamd, mar doe't ik yn 'e rekken krige dat se by har âlden thús wenne, hie ik alle war dien om it har helje te litten. Dat hie stom west, se hie der ommers in eigen keamer, dan hie ik wissichheid hân. Mar ja, faaks dat dy Maarten der dan siet. Ik naam it besiút om der de oare deis dochs gewoan | |
[pagina 228]
| |
hinne te gean. Se liket sprekend op har mem, tocht ik doe't in kreaze dûnkere frou op myn skiljen de doar iepen die. Nei't ik my oan har foarsteld hie, fertelde ik har mei myn meast kristlike gesicht fan ús ôfspraak. Se spuide der daalk raar guod fan dat Ethelle my sitte litten hie, en noege my der yn. It wie in himmele boppewente, der moast net folle jild sitte. It meubilair en de fierdere ynrjochting suggerearren in deeglik arbeidersbestean. De frou rattele oan ien tried wei troch. Se fertelde my dat se út 'e Krim kaam. In Russin dus, dat ferklearre Ethelle's uterlik. Har man wie snider sei se en aktyf yn it fakbûn. Se frege wat ik studearre en waard dúdlik kjel fan myn andert. Theology, sy wiene folslein atheïstysk, sei se. It gejeuzel ferfeelde my allang, it wie saak om sa gau mooglik fuort te kommen. Doe't har praatskens wat belune like, ûntskuldige ik my en gie oerein. Wy praten ôf dat Ethelle tsjin 'e jûn lâns komme soe om it boekje ôf te heljen. Doe't se har brommerke foar de ruten sette, wie ik daalk ferlern. In wyt iismûtske hie se op 'e holle, har hier krolle swart en sierlik ûnder de râne wei. Har gesicht wie read fan kjeld, sadat har dûnkere eagen noch mear sprieken. God, wat in frou. Ik wie hartstikke senuweftich doe't se foar my oer siet. Se ûntskuldige har net foar justerjûn, mar it steurde my amper. Se sil as iennich dochter wol bedoarn wêze, sokken ûntskuldigje harren net sa gau as sokken as ik, dy't omaris net oars dogge as ûntskuldigje, tocht ik. Alles oan har wie oars as ik wend wie fan hûs út: har âlden, har hiele milieu, har uterlik, har libbensskôging, gean mar troch. Sa wurke op in stuit har hâlding fan justerjûn earder yn har foardiel as yn har neidiel. Wylst ik mei har prate, wikselen djip yn my ferskillende fielings elkoarren ôf: hast ûnbetwingbere langstmen om my djip yn har te begraven, tear, dat wol, mar in neuken dat alle foarôfgeande neukerij yn ien kear as surrogaat ûntmaskerje soe, én it weromkringen fan dy fielings yn it djippe besef dat as se wolle soe, alles wer gelyk oan oars wêze soe. Dit wie serieus, dêr moast nei hannele wurde. Wy praten hûndert út oer fan alles en noch wat. Ik étalearre myn kennis oangeande de frânske literatuer en prate oer Honoré de Balzac en Baudelaire as hie ik mei se ûnder de hûnekarre rûn. Want myn stúdzje mocht dan pet wêze, lêze die ik in soad as de kop my wat helder wie. Ik krige der gjin hichte fan oft se ûnder de yndruk wie, se like net folle ynteresse te hawwen yn | |
[pagina 229]
| |
myn erudysje. Se skittereage wakker en like mear behagen te hawwen yn fysionomyske réaksjes fan myn kant op soksoarte uteringen fan har as yn spirituële. Ik naam it beslút de middenwei yn te slaan en makke it sa gesellich mooglik mei muzyk en sfearfol ljocht. De oeren fleagen om en hja waard kjel doe't se op har horloazje seach. Se moast fuort. Doe't ik har yn 'e jas holp, twivele ik, ik koe har dochs net samar in tút jaan, al wie se frij. Mei Maarten hie se gjin fêste ferkearing, hie se sein, al hie har men syn namme my te faak falle litten. Se seach my oan, har tosken blikkeren wyt doe't se lake. ‘Partir c'est un peu mourir’, sei ik stupide. ‘Partir c'est mourir un peu’, ferbettere se en lake breed. Soe se my in kloat fine as ik har no net in tút joech? Ik stiek myn hân út, ûnmerkber hast luts ik har nei my ta, myn eagen tich omt ik de spanning oangeande it effekt fan myn hanneling net ferneare koe. Doe fielde ik har hier tsjin myn ear, har waarme wangen en drukten myn lippen in tút op har mûle. Tear streake ik har gesicht, wuolle myn fingers troch har krollen en patte har eachlidden. ‘Genôch, it is genôch’, sei ik en liet har út. Ik stie foar 't rút en swaaide oant se op har blauwe brommerke út it each wie.
Sûnt ik by Ethelle thús kom, haw ik oan de theology alhiel gjin boadskip mear. Polityk bin ik sa read as in kraal en omt ik net leau yn it atheïsme as sadanich - wa't yn 't atheïsme leaut, leaut ek - neam ik my humanist, al leau ik ek net yn 'e mins. Har heit en ik diskussiearje hiel wat ôf. Hy is ferhûddûke troch alderlei sanearringsmaatregels fan it regear en ik ferdigenje foar him oer soms hast it anargisme. Har mem irritearret my tige, mar har omke, in broer fan har men, yntrigearret my nammerste mear. Hy is troud, hat twa dochters, mar blykt homofyl te wêzen. As jonkje hat er, doe't er noch yn 'e Krim wenne, oan akrobatyk dien en hy is no beropsgûchelder. Ik reitsje yn 'e tsjoen fan it aparte dat der om dizze minsken hinne waret. Op Ethelle bin ik sljocht, se hat my yn 'e macht. Har kreazens bliuw ik sjen, der is gewoan neat oan har uterlik dat my argewaasje jaan kinne soe. Mar, der moat mear wêze dêr't se my mei bynt. Inkeld haw ik noch wol ris in opstiging yn 'e rjochting fan in oar frommes, mar dan hoech ik my Ethelle mar foar de geast te heljen en njonken sa'n ien te setten, en myn ferstân seit dat ik nearne oan begjinne hoech. De meast binende | |
[pagina 230]
| |
faktor yn ús relaasje lykwols moat in emoasjonele wêze, alteast sa komt it my foar. Ik bin ûnwis fan har, se is behaachsiik, altyd wol se omtinken hawwe fan oaren, altyd moat se as wy earne sitte, nei 't húske, en dan rint se op it beskamsume ôf kontsjedraaiend troch in gelegenheid sadat alle eagen har oan 'e húskebril ta bringe. Se praat my ek ta folle oer James, in rike skevel út Arnhim dêr't se wat gedoente mei hân hat. Neffens dat ik langer mei har omgean, fertrou ik har minder, mar tagelyk hechtsje ik der mear wearde oan om har fêst te hâlden. Myn ûnwissens oer har wurdt yn in seker lykwicht brocht troch in yntellektuëel oerwicht dat ik op har haw en dêr't se my om bewûnderet. Oant no ta binne wy altiten tegearre thús kommen as wy tegearre fuort giene, en dat fernuveret my soms, as ik sjoch hoefolle bewûnderjende blikken se fan oaren krijt. Ik soargje der foar dat ik op goede foet mei har âlden stean, fral har heit, dan haw ik har foar de helte, want dy twa binne op inoar gesteld. Mar oft Ethelle de frou foar myn libben is, is in fraach dy't him stadichoan like faak oan my opkringt as dat ik it andert hieltyd mei sin út 'e wei gean. Dêroer troch te tinken makket my depressyf, haw ik murken.
Wy hawwe by myn hospita op besite west, Ethelle en ik. Se soe it aardich fine as Ethelle oan har foarsteld waard, sei se. ‘Ze zal wel vaak bij je over de vloer komen, Wibren. Ik wil wel eens zien wat voor vlees je in de kuip hebt’. Wy dronken thee en ieten koekjes en praten wat. De besite duorre in pear oeren, mar it like folle langer. De wize wêrop hja Ethelle opnaam, spriek boekdielen. Ethelle die fral yn 't begjin op har manier har bêst om yn 'e smaak te tallen. Se lake in protte en draaide mei de eagen. Ik hie har wol ynskune wold om dat net te dwaan, mar dêr wie gjin gelegenheid ta en boppedat, se koe net oars, it wie har natuer. Mefrou lykwols waard aloan stúmsker, soms hast op it noartske ôf, tsjin har. Soe har no al opfalle wêr't ik de lêste tiid in fermoeden fan krigen hie, of wat ik einliks wol wist, dat Ethelle net echt wie op sokke stuiten en ynderlik opmakke. Doe't Ethelle, no ris echt, nei 't húske moast, hoegde ik gjin fraach te stellen, as ik it al fan doel west hie. ‘Ik weet het niet Wibren’, sei se somber, ‘ik weet het niet’. Nei ôfrin binne wy mar in eintsje te riden gien mei myn Fiat 500, dy't ik fan myn | |
[pagina 231]
| |
ynkassowurk oersparre hie. Ethelle hie de pest yn. ‘Tijd verprutsen’, sei se almar, ‘wat had ik bij dat mens te zoeken’. Der klonk distânsje yn har stim. Yn Lettelbert stapten wy eefkes út by in marke. Ik besocht har op te fleurjen: ‘Sjoch ris hoe moai de mar is’, sei ik, se like it net te hearren. It smelle dykje dêr't wy lâns kuieren, kronkele by de poel lâns. ‘Hark’, sei ik, ‘hark, de wyn troch de reiden’. In machtich slissend gelispel kaam út 'e reiden op ús ôf mei't in wynfleach troch de plommen rûze. ‘Hier weg, ik wil hier weg’, rôp se ynienen en skuorde har los. Perpleks stie ik har nei te sjen. Se draafde nei de auto, die it portier iepen en stapte yn. ‘Wat is der’, frege ik ferstuivere doe't ik wer njonken har siet, ‘wat is der doch?’ Se seach my oan, har grutte eagen liken troch it sêfte moanneljocht hast ûnbegrinzge yn har gesicht te stean. Se seach ferwyldere fan eangst. ‘Ik ben bang, ik wil hier weg’. ‘Bang, hoe dan?’ Se andere net mar seach my oan mei in frjemde blik. Doe't wy nei hûs rieden waard der swijd. Hoe koe ien bang wêze fan safolle moais: lûden en weagjende reidsnilen yn it ljocht fan de moanne? Wie se dêr bang foar? Of wie der wat oars? Ik wist it net.
Om seis oere sil perfester Rabbing komme. Hy is tsjerklik heechlearaar en yn dy funksje leit er yn 'e rin fan de stúdzje ienkear in pastorale besite ôf by eltse studint. Doe't er syn besite oankundige, frege ik him oft Ethelle, myn fêste freondinne, sa't ik him ferdútste, der by wêze mocht. Dat wie bêst, hy like it sels attint te finen as tarissing op in lettere ferbining. Om presys seis oere is er der. Ik bin senuweftich omt Ethelle der noch net is, mar mear noch omt hy heechlearaar is. As in healgod stiet er foar my, it type fan de ûnthâlder, in tinker dy't eltse foarm fan geniet mijt, of it mijen sels soe him ta geniet wêze moatte. Syn gesicht strielet wilskrêft út, mar ek wat cleans. Oan fine lippen en eagen te sjen, stiet er himsels amper in emoasje ta. Syn ljocht hier sit yn in slach. ‘De edelgermaan’, neame somliken him. Hy soe alles litte wat ik doch, tink ik, as er foar my oer sit. Ik ûntskuldigje Ethelle mei ien of oar ferlechje en skink him swarte kofje. It ûntgiet my net hoe skerp er de romte en my opnimt. | |
[pagina 232]
| |
‘Hoe gaat het met u, mijnheer Hiddema’, freget er. Ik jou wiidweidich beskie, praat oer myn stúdzje sûnder in kearn te reitsjen. Hy moat my fansels troch hawwe, mar it slagget my net om authentiker oer te kommen. ‘Ja, u komt niet veel meer op de faculteit, een beetje obscuur’, hy laket. Op 'en nij stoart ik in wurdebrij oer him út. Hy heart it lykmoedich oan. Ik kin net oars sizze as dat er freonlik en geduldich is. ‘En uw relatie tot God en de kerk, als ik mag aanstippen, hoe zou u die verwoorden?’ ‘Zeer regelmatig ga ik niet naar de kerk, nee, en God......’, ik wyt sa gau net wat ik sizze sil en praat der wat yn om. ‘Ik heb indertijd uw naam gemist in het Kerkelijk Album’. No moat der in bil bleat. ‘Ik acht mezelf nog niet rijp om de kansel op te gaan, mene mene tekel upharsin’. ‘Gewogen en te licht bevonden, maar dat oordeel behoeft u zelf niet te vellen’. Mei't er dat seit, hear ik de brommer fan Ethelle oankommen. ‘Dat is Ethelle’, sis ik bliid. Hy sjocht op syn horloazje. Ferwûndere sjocht er fan har nei my, hy liket hast wat amusearre, mar ik sjoch him tinken en hifkjen. It petear is stûke, Ethelle hat de pastorale draai dy't noch komme moast, blokkearre. Nei trije kertier sitten te hawwen, stapt er op. As ik him der út lit, soe ik him wol freegje wolle wat er fan har fynt. It leit my op 'e lippen, mar ik doch it net. Op 'e râne fan it bêd sit Ethelle te gibeljen ‘Wat een knappe man en hij vond mij ook wel knap, geloof ik’. Wyld triuw ik har efteroer en frij bolbjirken, myn twivels fan niis ferkringend.
Wy hawwe ús wol earst ferlove moatten, mar doe wie it ek daalks klear by har âlden, einlings is Ethelle op keamers kommen. It wie dochs wol wat ûnfrij en oppassen yn dat keammerke by har thús. Echt frije doarsten je noait as har mem om doarren spûke. Se sit no yn in grut heare-hûs mei acht ferhierde keamers. Ien dêr fan hiert Johnny, dy't my yndertiid sa moai oan dy baan holpen en no wer foar dizze keamer soarge hat. De kostbaas is in rûge bear dy't fan oarsprong út Jobbegea komt. Ik kin mei him lêze en skriuwe. Op in sneontejûn sitte Ethelle en ik, nei't wy in slokje dronken hawwe by Johnny, op har keammerke. Se is freonli- | |
[pagina 233]
| |
ker as ik de lêste tiid fan har wend bin, se sjocht der ek treflik út en dat lit ik har merke troch lytse komplimintsjes, dy't net as sadanich opfalle, te meitsjen; dêr is se gefoelich foar. As wy in skoftke sitten hawwe te lêzen, wol se ynienen dat ik mar fuort gean. Se is wurch, seit se en wol op bêd. Eefkes fernuveret my dat, mar as se seit dat se ynienen ûngesteld wurden is, wol it my daalk oan en ferdwyn ik nei in koart ôfskie. It is ek al tsjin âlven. Ik rin de lange steech troch en slaan de hoeke om de strjitte yn, de kant fan myn keamer út. Nei in pear hûndert meter flitst in frjemd fermoeden troch my hinne. Ungesteld? Goed fjirtjin dagen ferlyn wie se noch ûngesteld. Dit doocht net en boppedat, se seach der bepaald net nei út dat se it wêze soe. Myn opwining ferbitend rin ik werom, en hâld it plak, dêr't de steech op strjitte útkomt, yn 'e gaten. Ik bin fan doel om nei boppen ta te slûpen en by har keamer wacht te hâlden, ik ferwachtsje dat se besite krije sil. Krekt as ik de steech yndûke sil, hear ik fuotstappen op de houtene treppen tusken de steech en de earste ferdjipping, dêr't har keamer is. Ik kin har stap út tûzen, hja moat it wêze. By de steech stekt se foarsichtich de holle nei foaren en kipet de strjitte yn, de kant dy't ik út rûn wêze moat nei hûs ta. As se neat sjocht, rint se de oare kant út en slacht de hoeke om yn 'e rjochting fan de Grutte Merk. Ik folgje har op in feilige ôfstân al kostet it my muoite. It leafst hie ik har daalk by de hûd pakt. Hoe't it ek komt, sa lit ik my net ferneuke, dit sil har soer opbrekke. Dy giet nei de sneontejûnssoos fan it Corps, dêr sit dy James by. Soe se dan doch noch kontakten mei him hawwe? In woeste driftigens lôget yn my op, dat soe in goare streek wêze. Eefkes haw ik oanstriid en hâld har earder tsjin, mar ik soe mysels foar de gek hâlde as ik mysels op dizze wize har bedragerij besparje soe. Op 'e Grutte Merk rint se it gebou fan de sociëteit ‘Mutua Fides’ fan it studintecorps yn. De sneontejûns mei eltse studint der fergees yn. Ik ken dy James allinne út har ferhalen. Ik moat in grutte brede fint wêze mei ljocht hier en in boksersnoas, in Jan Cremer-type, in slach mânlju dêr't se sljocht op is. As se út it sicht rekket om't de klapdoarren nei de seal ticht slein binne, wachtsje ik in pear menuten, en gean der dan yn. In plan haw ik net. It is oft ik troch de emoasje fan it momint net klear tinke kin. Binnen slacht de rook fan bier en swit my temjitte, troch in orkaan fan lûden reitsje ik eefkes yn 'e sûs. Eefkes mar. Dan krij ik wer fet op | |
[pagina 234]
| |
mysels. Oan 'e ein fan 'e seal stiet se mei twa jonges te praten. Dy iene moat him wêze, hy liket sympatiker as ik toch hie. It soe te gek wêze om agressyf tsjin him te wurden, it leit oan har, net oan him. Boppedat as it him slagget har fan my ôf te pakken, hear ik dat sportyf te akseptearjen. Ik stean harren op te nimmen, hast ferlamme fan in deadlike tsjinstridigens oan fielings: har soe ik wol deaslaan wolle, mar ik bin bang dat dy jonges my dan deaslaan sille om har te beskermjen. De rjochten dy't ik op har ha, sille se negeare, bewust of omt se der gjin weet fan hawwe. Langsum rin ik harren kant út, sá, dat ik op in ôfstân fan in meter as sân foar harren oer kom te stean. Ik fiksearje har. Gedachteleas harkje ik nei har gegibel. Ik wearzgje fan it geskitter en gedraai fan har eagen. In panikerich gefoel fan agressy wâllet yn my op: dit rotwiif is myn ferloofde, en besoademiteret my sa. It bloed lûkt út myn gesicht, ik fiel dat de wangen my kâld wurde en begjinne te prykjen, krekt oft der mei spjelden yn stutsen wurdt. Sa stean ik as in stânbyld, menuten. Se sjocht my net. Der is romte kommen om my hinne. Somliken stjitte elkoar oan en wize myn kant út. As se my sjoen hawwe, dûnsje of prate se wer fierder. De oare jonge hat my opmurken. Nei in skoftke sjocht er myn kant wer út, hieltiten faker, oant er op my ôf omt. Hy sjocht my ûndersykjend oan en freget wat, mar ik sis neat, ik bliuw stokstiif stean en hâld myn eagen net fan har ôf. Ik wyt dat it kritike momint tichterby komt, no't de jonge my sjoen hat, en reitsje noch djipper yn 'e tsjoen fan myn stimming. De oare jonge rint werom en stompt James oan. Noch hat sy it net yn 'e gaten, mar dan ynienen, sjocht se my lyk yn it gesicht. Se slacht de hân foar de mûle en wurdt bleek. Sekonden steane wy elkoarren oan te sjen. Fan har sjoch ik nei de útgong. Ik sil har mei de eagen stjoere, se sil foar skut stean. Ik twivelje der net oan dat sy myn blik net wjerstean doart. Wer lit ik myn eagen fan har nei de doar glide. De jonges sizze neat, se sjogge ôfwachtsjend nei ús. Ik sjoch hoe't se slikt, dan draait se har om, sûnder in wurd te sizzen rint se yn 'e rjochtig fan de klapdoarren. Mei in pear stappen bin ik by har en hâld, ynderlik kôkjend, de doarren mei in gracieus gebeart foar har iepen. De earste hûndert meter bûten rin ik deun efter har sûnderdat der in wurd sein wurd, mar dan ynienen seit se ‘Gatverdamme, klootzak’. It is te folle. Ik pak har beet en skodzje har troch elkoar. Se fljocht mei de holle tsjin in etalaazjerút. In passant wol tasjitte | |
[pagina 235]
| |
as er har razen heart, mar naait like hurd wer út as er fernimt dat ik op it punt stean om him by hokfoar bemuoienis dan ek foar de harsens te tegen. Mei myn rjochterhân haw ik har yn 'e kraach ûnderhansk, sadat se sawat op 'e teannen rint. Sa bring ik har nei har keamer. Dêr hear ik dat se mei him ôfpraat hie, mar dat se dêr spyt fan hat. Se sil it nea wer dwaan. Se hâldt fan my, it hat ûnfolwoeksen west, en it hie neat te betsjutten. En as se sa in skoftke op my ynpraat hat, leau ik har en frije wy sa ferwoeden dat der op 'e oare kant op de muorre tikke wurdt. Wy prate ôf dat se de oare deis yntiids by my wêze sil om in eintsje te riden en in boskkuier te meitsjen. As ik de steech út rin, haw ik oanstriid om wacht te hâlden, mar it soe de hiele nacht kostje, woe ik alhiel wis wêze. Soe se it keunstke wer úthelje fannacht noch? Fansels hellet se it net wer út, en dochs. Ik wyt net oft ik my foldien of ûngelokkich fiele moat. It siet der yn, ik haw it altiten field, mar likegoed haw ik meilijen mei mysels no't it safier is: no dogge je dan in kear je bêst foar in fêste relaasje en dan krije je dit. En hoe tichter ik by hûs kom, hoe treuriger dat ik my begjin te fielen. Is dit in frou foar it libben? Myn hospita hat gelyk, en winliken myn âlden ek: ‘do wurdst ûngelokkich mei dat fanke’. Ik haw dat noait acht slein, it die my earder goed te merken dat sy tochten dat se út in ferkeard nêst kaam. ‘Ungelokkich mei dat fanke’, mei't ik dat tink wurdt der in dwerse stegens yn my wekker. Ik sjoch har eagen foar my en ik wyt, as ik thús op bêd lis, dat it my net slagje sil my fan har los te meitsjen, dat ik tsjin alle ferstanlike oerwegings yn moarn wer mei har op stap gean sil, en dat wy fêst hjir of dêr rúzje om meitsje sille, om bar harsensskraabje en elkoarren wer oanhelje sille. Mar dan sil ik wer de gedachte net ferneare kinne, har loslitte te moatten.
Wêrom is hja net kommen, it wie doch útpraat? Haw ik har te hurd oanpakt, ik haw har net slein, allinne mar troch elkoar skodde. Wy hawwe hearlik frijd, it wie goed justerjûn, it wie perfoarst goed. As se dan fan doel west hat om har net oan de ôfspraak te hâlden, hie se it daalk sizze moatten, dat hie earlik west. Of soe se it net doard hawwe, dat kin hast net, it petear ferrûn sa reedlik. It spiet har, dan moat se ús ôfspraak ek neikomme. Har sin sloech wol as in blêd oan 'e beam om, dat wol. Wat | |
[pagina 236]
| |
in lel fan in frommes. Hie ik har mar noait sjoen. Derhinne moat ik net, ik stean foar skut as se de doar net iepen docht, of miskien is dy James der wol mei syn maat. Trouwens, hoe soene Johnny en dy oaren it opnimme? Dit moat ik oer my komme litte, hoe kloatich it ek is. Ik sit wol yn in rotsitewaasje, de stúdzje nei gychem. Ethelle nei de kloaten, nei dy fan James wierskynlik, ik fertrou har foar gjin stoer, se lit har pakke as it har sa útkomt, dêr bin ik wis fan, en sels bin ik al lang nei de kloaten. Wat miskearret der oan my, ferdomme, dat se my stikke lit. It hat yn wêzen noch noait wat foarsteld, dus wêrom soe se my stikke litte? As ik der wis fan wie dat dy ferdomde jonges der net sieten, gie ik der hinne. Soe se dy jonges op my ôfstjoere omt ik har juster by de hûd hân haw, tsjin twa, trije man kin ik net mear op. Ik hie myn hannen ek thús hâlde moatten, of hie ik se mear op 'e bealch jaan moatten? Nee, dat net, dan wie se bang fan my wurden en wie it hielendal mis. Se lit my stikke dus, en as se dat docht dan docht se dat, omt se net mear fan my hâldt. Hâlde fan, wat is dat? Ik wyt it net, hâlde fan, it binne grutte wurden, dat al. Mar wannear hâlde je fan ien, hoe fielt soks? Ik wyt net oft ik fan har hâld, ik haw altyd gek op har west, mar hâlde fan, ik soe it net witte. Ik leau der neat fan dat sy fan my holden hat, it wie wat oars, mar dan kin se my dêrom ek net stikke litten hawwe. Soe se gewoan har nocht hawwe, of soe se mei ien praat hawwe dy't my berabbe hat? Soe se.... se kin ûnmooglik witte dat ik wolris by in hoer kaam. Sokken prate net oer oaren. Nee, dat is waansin. Ik tink dat se gewoan op my útsjoen is, se wol wat oars, mear blitz, in corpsfiguer, in nearzige boeresoan is har te min. Wat is se sels trouwens, in snidersfaam. Dat soe fansels bespotlik wêze. Soene har âlden der efter sitte, tusken har mem en my bûtere it net sa bot mear. Soe se der mei har âlden oer praat hawwe? Wie Douwe der mar werris, dy kin je altiten opkikkerje. Dy ferkearing fan him, hie dy der mar noait west. Sil ik it sels útmeitsje mei Ethelle? De gedachte hat wol wat befrijënds, mar benearet ek. Wer it geswankebast, it hat syn moaie kanten fansels, frijheid. Stel je foar dat se no by dy corpspik sit te gibeljen of te frijen. Wat in ûnferdraachlik idee. As se dat docht wylst wy noch ferloofd binne, en ik kom der efter, slaan ik har dea, gewoan kroandea; dan moat ik wol de bak yn fansels en sil men tinke dat ik in psychopaat bin. Sa'n psychiatrysk ûndersyk soe my wol lokje, yn 'e krante lêze wat psychiaters oer my sizze. Ja, ja, psychopaten hawwe in grutte sels- | |
[pagina 237]
| |
kennis, se hawwe allinne in praktyske handicap: se binne net opwoeksen tsjin it libben fan aldendei. Ik sil de lêste wêze dy't my oer soks ferwûnderet. In crime passionnel soe it wurde moatte op fekânsje yn Spanje. In kâlde boerefries en in crime passionnel, dat wurdt noait akseptearre. Se sil net mear komme hjoed, se hat in stive kop, ik moat moarn ôfwachtsje, miskien dat der in brief leit. As se mar net tinkt dat se de sulveren leppeltsjes hâlde mei dy't wy fan heit en mem krigen doe't wy ferloofden, dy wol ik perfoarst werom. Se hiene it noch net sa gek besjoen mei net te kommen op ús ferlovingsfeestje, se hawwe der noait wat yn sjoen. Sokken hawwe dan ek wol wer in sûn boereferstân. It kin mem har yntuysje fansels ek west hawwe, heit hie lykwols net nei Grins flein foar in ferlovingsfeestje, dan hie it al in dochter fan in dûmny wêze moatten, en dan hie it noch dreech sitten. Ik kin fansels nei har ta gean, yn wêzen wol ik har ek wol slite, hearlik eigen baas, gjin gesijk oan 'e harsens, erflik dat gedonder mei in wiif. As ik der hinne gean, rint it op 'e non, dan wol ik útslútsel, en dan wurdt it.... dan is it út. De gedachte om nei har ta makket my noch wurger yn 'e holle as ik al bin. Ik bliuw sitten my hieltyd om en om rôljend yn in aloan djipper wurdend gefoel fan ûnfrede. Wêrom lit ik de beslissing altyd oan de omstannichheden oer? Wêrom wachtsje ik altyd oant ik in rjochting út twongen wurd, sûnder der sels wat oan te dwaan?
Sûnt in jier komt se ienkear yn de fjirtjin dagen om myn keamer skjin te meitsjen. Myn hospita hat it frege, se sei dat mefrou Duif der sels by har op oanstien hie. Se is ek al lang widdo, ik skat har om de sechtich hinne. De earste kearen dat se kaam, die se swijend har wurk. Mefrou hie my al warskôge dat se wat skou wie. Se is lyts, en as se wurket liket se noch lytser, dan bûcht se har skouders hast ta in bochel. Se moat hiel wat meimakke hawwe, neffens mefrou, ‘Mar dêr praat se allinne mei my oer’, seit se der altiten efteroan. Wêrom soe se sa stil wêze. Dat moat doch ek yn har aard sitte. It liket wol dat it lot by stille minsken altyd fûl taslacht. Dan wurde se noch stiller oant se alhiel stil binne. Sa is it mei har ek. Ik bin beroerd en lis op bêd, it ear spilet wer op. Der wie fan 'e moarn gjin | |
[pagina 238]
| |
brief fan Ethelle, mar dat hat der neat mei te krijen, ik bin gewoan beroerd. Se kloppe op 'e doar en frege oft se de keamer dwaan koe. Se seit no teminsten ris wat, al is it hast ûnfersteanber sa'n aksint. Soe se dêr no nocht oan hawwe, oan dat poetsen en oprêden. Ik bin krekt, der is hjir neat foar har te dwaan. Dochs poetst se altiten deselde dingen dy't dêrfoar en dêrnei deselde glâns hawwe. It is winliken weismiten jild dy fiif gûne. Har swiere eachbrauwen falle my altiten wer op, dy passe net by har lyts stal. It is nuver hoe ûnsjoch dat se is, se liket mei ûngelok net mismakke. Hoe hâldt sa'n ien it libben, tink ik, as ik har deselde flugge bewegingen meitsjen sjoch as altyd. Se liket ien mei har poetsen, har hannen en gesicht, har hiele lea sitte yn 'e kadâns fan har wriuwritme. Op 'e rêch liket se sels hast in poetslape, ik krij oanstriid om har beet te pakken en as stofdoek oer de muorre te heljen. Fout, it is ek in minske, faaks binne sokken de bêsten. Se sizze gjin mins in kwea wurd, se rabje net en kwetse net. Wa wyt hoe grut har ferstân is, mar hoe se it begroeven hâldt foar oaren, bang foar misbrûk. Dat soe wol fantastysk wêze as se sa is. Mar soe ien dy't net dom is dy ynstelling hâlde kinne en him bewust ôfslute, en der genôch oan ha om oaren sa oan te kommen as in plant? Se liket no noch hurder te poetsen as oars, soe it har steure dat ik op bêd liz en nei har sjoch? It kin net lang mear duorje, dan moat se klear wêze, se hat in fêste folchoarder. De fiif gûne haw ik foar har klear lein sa as altiten op 'e hoeke fan it burootsje. Swijend sil se it jild pakke en yn har taske dwaan. ‘Uw post’ seit se, as se my in brief jout. Ik sjoch it daalk oan it hânskrift, dy is fan Ethelle. Ik skuor de slúf iepen en lês: ‘Je hoeft voorlopig niet te komen. We treffen elkaar in ieder geval veertien dagen niet. Daarna zien we wel weer. Sterkte. Ethelle.’ Ik flok lûd, en smyt de brief op 'e grûn, ‘Sterkte, ferdomme’. ‘Uw verloofde?’ Se stiet ferdoarje noch yn 'e keamer, dêr hie ik gjin erch yn, mar wat hat se der mei te krijen? Ik sjoch har gremitich oan. Trouwens, wêrom hat se dy brief yn it taske holden en net daalk jûn? Ik freegje it har, goed lulk. ‘Mevrouw heeft uw brief in mijn tasje gedaan toen het open op het aanrecht stond. Ik heb het dicht gedaan zonder er in te kijken’. Dwers troch myn lilkens krij ik oanstriid om har om rie te freegjen, wa wyt hokfoar wiisheid derút komt, en se sil te min wurden brûke om echt wat ûnnoa- | |
[pagina 239]
| |
zels te sizzen. Se hat Ethelle ferskillende kearen sjoen, al hawwe se noait in wurd wiksele. Lit ik it har no ris freegje. ‘Wat vindt U van haar mevrouw Duif, van mijn verloofde?’ Se sjocht my myld oan, mar seit neat. ‘Zegt U het maar, ik vraag erom’. Mar se bliuwt mar stean te sjen, swijend, de myldens yn har eagen giet langsum oer yn meilijen. Se hat meilijen. Ik kin har swijen net ferneare: ‘Als u dan geen oordeel wilt geven met uw mond, doet u het dan met een gebaar. Wordt het wat tussen ons of, wat denkt u?’ Noait haw ik har eagen sachter stean sjoen as se skodhollet, fuortrint, en stil de doar efter har ticht docht. It liket oft se in kanon op my ôfsketten hat, dy útdrukking yn har eagen, it skodholjen. Op har swijend andert haw ik gjin ferwar. Mar dit oardiel komt hurder oan as alle oare. Soe it de primitive skerpens fan har yntuysje net misse kinne? Soe dat my sa djip reitsje?
It liket dat myn hert yn myn ear sit, sa bûnzet en kloppet it. Dat docht it faker, it is in synjaal dat ik te wurch bin, fral as ik in pear dagen te folle drank brûk. Dat ear moat hast in orgaanneuroaze wurden wêze, by de minste spanning begjint it te rinnen. Rûn it mar fuort. Mei koarten mar wer ris nei de perfester, dat gebûns is om gek fan te wurden, it is presys op it ritme fan de polsslach. Ik besykje it kwyt te reitsjen troch my te ûntspannen, troch wat ekstra sliep yn 'e middei, troch klassike muzyk, mar it bûnzet oan, dwers troch alles hinne. Hjir sit ik no op myn keamer, allinne, klear om by 't jiskefet set te wurden, mislearre yn 'e stúdzje, gjin baan, fan God en syn gebod ferstjitten en ferlitten, gjin echte freondinne, ien echte freon, Douwe, mar dy wit net hoe'n ferlet ik fan him ha. Douwe godferdomme, Douwe, wêrom bist hjir no net - oan 'e drank, mar krekt gjin alkoholist, hoererinner, mar krekt gjin syfylis, theolooch sûnder stúdzjeresultaat, sûnder ropping mei in rotanstoel ynstee fan in kânsel, in heit as Hitler en dus gjin heit, in mem dy't stil fertriet hawwe moat om har jongste, ferleme soan. Ik sil har foto wer yn 'e beurs dwaan, mem hat altyd goed foar my west, seker mei heit ferlike, yn ferliking mei oare memmen sil se noch net iens sa maklik west hawwe, en jezus wat is se from. Soe se wat godstsjinstwaansin hawwe sa as je dat oantreffe yn Seelân, by lju dy't har de ieu- | |
[pagina 240]
| |
wen troch fan it wetter bedrige field hawwe, en by wa't sa in twadde natuer ûntstien is, dy fan ôfhinklikens fan de godlike almacht, in ivich freegjen om syn help fanwegen dy eangst foar it wetter, dat it taslaan sil omt sy sûndich en skuldich binne? Alteast, dat tinke se as it wierliken taslacht, se fiele harren neatichheid foar de almacht fan it wetter oer en wikselje dy almachtigens yn foar dy fan God. De God fan de Sieuwen is in wettergod, allinne se beseffe net mear dat it in wettergod is mei al dy sterke diken, mar de eangst en frommens is bleaun, lykas de yntensiteit fan de ferearing no foar de âldtestamintyske God! Sokken springe faak yn it wetter as se net mear op kinne tsjin it gewicht fan de erflike belêsting, dy't hast archetypysk woartel yn harren sketten hat. Mar o duvel, as sokken ferhûzje nei oare streken dêr't se de driging net fiele, fan it wetter, en dêr't se der net fan 'e drompel fan 'e doar ôf yn springe kinne. Dan twinge se harren sels om harren godstsjinstfanatisme blyn om te setten yn wurkdrift, twangmjittigens en ûnferdraachsumens foar harren sels en oaren oer. De bedutsen godstsjinstwaansin fan fral de sieuske kusten hat ûnwerkenbere mar freeslike gefolgen, no en geslachten fier werom. Faaks dat mem dêr weikomt. Seelâns kusten hearden oarspronklik by einsluten by Fryslân. Och, hoe krij ik it ek yn 'e harsens dy ûnsin, mem is mem. Wat fiel ik my trouwens lullich, ik haw it gefoel dat myn gulp iepen stiet, dat der otter yn in tsjokke prachtige kleur brún út myn ear oer myn wang rint. Ik bin Wibren tusken earotter en gulp, ik bin dus neat. It is oft ik sweef, wylst ik dochs yn myn stoel sit. Ik soe sa koarje kinne, it bêste soe wêze mysels út te koarjen, sa lang koarje oant der neat mear fan my sels oer is. Se sille my net fuort spiele meie troch it rioel. Ik sil as koarre fuort rinne tusken de gerzen: ‘Uit stof zijt gij voort gekomen, tot stof zult gij wederkeren’. Myn libben is in krús, ik wol gjin spikers yn 'e hannen hawwe en gjin kroan fan toarnen op myn holle, mar fierders, wat haw ik my faak in Jezus field, allebeide nau kontakt mei God, allebeide opoffere.
Se steane yn in kring om my hinne. Pak him by de bealch, raast Feike. Ik ferset my net, tsjin safolle kin ik net op. Mei tou bine se my fêst oan in lantearnepeal op 'e tsjerkehoeke. Dan slacht er my mei de gasp fan 'e riem fûl op 'e holle, it bloed streamt der út, myn hier wurdt dûnkerread, it rint my by de holle del. ‘Here vergeef het hun, want zij weten niet wat zij | |
[pagina 241]
| |
doen’, sis ik sacht. Se fersteane it net, mar sjogge myn lippen bewegen ‘Hy bidt wer, hy bidt wer’. Snieballen sûzje op my ôf en reitsje my oeral, yn it gesicht en yn it ûnderliif. Wer bid ik, mar no sûnder myn lippen te ferwegen: ‘Here vergeef het hun, want zij weten niet wat ze doen’. De pine fan de snieballen yn it gesicht fiel ik net mear, ik haw de eagen ticht en tink oan Jezus oan it krús. It razen fan de jonges liket fan hiel fier te kommen, it liket gear te ranen ta ien lûd op fiere ôfstân, fierder en fierder fuort.
Dat wie wol it grouwélichste wat ik meimakke haw godferdomme. Eeli, Eeli lama sabachtani, dat soe ik der no noch efteroan raze kinne, mijn god, mijn god waarom hebt gij mij verlaten? Ja, dat hat de iennige kear west dat master him der mei bemuoid hat. Hy hat my los makke en de jonges ûnderholden. Doe't ik wer in bytsje by de tiid wie, mocht ik nei hûs om my it bloed dat my hieltyd mar fan de kop rûn, ôf te waskjen, en de rotsoai fan de stienhurde snieballen. De rotsoai dy't bleat kaam, wie like slim; ûnherkenber fan de readblauwe bûden as myn gesicht wie. Noait haw ik wat murken fan in protest fan 'e kant fan 'e âlden, fan help. It kloppe wol, myn besibbe fielen mei Jezus: beide binne wy fan 'e heit yn 'e steek litten. Sa is dat peaskeferhaal doch noch earne goed foar. Mar Jezus syn heit bestiet net, dy falt dus neat kwea ôf te nimmen. En Jozef, hoe't Jozef foar him west hat, wyt ik net, mar Jezus syn libbensrin makket net de yndruk mei in lokkige jeugd útein set te wêzen. Maria sil ek from west hawwe, krekt as mem, se sil syn tsjinstberens oan God moai fûn hawwe. Altyd as ik weromtink oan it sniebalynsidint op de legere skoalle komt der in ûndefiniëarber gearmjuksel fan emoasjes, lilkens, ellinde, agressy en depressivens yn my op. Op sa'n momint soe ik der in ein oan meitsje wolle. Dit libben hoecht foar my net mear, it hat ien brok ellinde west fan begjin ôf oan. Dan stiicht der in machteleaze ferneatigingsdrift yn my op: ik soe de wrâld yn myn fûsten stikken knipe wolle en allinne Ruben, Max en Douwe sparje wolle. Mar wat haw ik oan sokke deidreamen, de iennige op wa't ik my deadzjend wreke kin, bin ik sels, ik soe my deasûpe kinne bygelyks, it geniet soe dûbelop gean, de smaak fan drank en de lokjende dea. It rêd it net yn it libben, it bêste is om my yndie dea te sûpen, no en hjirre, allinne op myn keamer. Hiene se my mar better rekke doe mei dy snieballen en dy riem. Mar nei dy iene | |
[pagina 242]
| |
klap is er opholden, se skrokken fan it bloed en feroaren de methoade: bekûgeling kaam yn it plak fan giseling.. ‘Wolst dea?’ Ik trilje, hjir moat ik net oan tajaan, of al. As ik sa dúdlik dy stim hear, sil wer dy grille huver oer my komme. ‘Wolst dea?’ ‘Ja, ik wol dea’. ‘Doch it dan, of skrikst der foar werom? Do bist lef, altyd as it der oan ta is, giest der foar omlizzen. Wól plannen meitsje, mar noait útfiere. Wat bynt dy oan it libben sast hjir sitste, neat dochs? En wat hast te betsjutten? De iennige prestaasje dyst levere hast, is in middelskoallediploma. Wat kinst der mei? Allinne in kleurleas bestean liede op in kantoar. Mar do wolst mear, watst wolst, wytst net iens, mar ast it wist, soest it net berikke. Do bist gjin trochsetter, do hast gjin grevel wilskrêft en dat sil noait oars wurde, der rêst in doem op dy, do bist in bern fan my, dat wytst mar al te goed, in bern fan my, fan my. Ast mei my giest, hast ek in ivich libben, likegoed. Alles brekt dy ommers by de hannen om't ôf. Jou dy doch oer oan de ivige rêst fan de dea, dan bist fan alles ôf en bart alle ellinde bûten dy om. Tink net dat it ea better wurdt, do bist útferkeazen om opdonders te krijen, bûten dy sels om freget alles yn dy dêr om. It sit yn dyn aard, bist der net op boud om dy te rêden. Hearst ta dy hiele inkelingen dy't berne binne, mar dy't it noait wêze moatten hiene, dy't by wize fan fersin hjir wol as fleis en bloed omrinne, mar waans geast ûnfergelykber is mei dy fan al dy oaren. Tragysk is dyn bestean omt it dochs dyn eigen skuld bliuwt datst bestiest. Meitsje der dochs in ein oan. Do bist in type dat altyd easken stelt oan syn omjouwing dy't ûnferfolber binne, en dan oaren dêr de skuld fan jout. Dyn libben is ien grut konflikt, it flokt mei dat fan alle oaren. Sa moat it west hawwe op 'e legere skoalle, en sa is it no wer. Sykje de skuld ris by dysels ynstee fan by oaren. Mar dat kinst net, it heart by dyn leffens om dy net op dysels werom te smiten yn in krampeftich besykjen dy dochs te hanthavenjen: bryk, kwels en út it lead slein. In ruïne. By al dyn oerwinningen op froulju hast de slach ferlern. Watst dan noch goed kinste, biykt yn wêzen in swakte te wêzen, do bist tenûndergien oan dyn oerwinnings. Trouwens, se soene dy langer kenne moatte, sjoch mar nei Ethelle, se lit dy sitte, sjoch nei dyn heit, from en rjochtfeardich as er is, ûnbûchsum, hy is net iens oan dy begûn, sjoch nei dyn mem, har ynlike frommens is op dy stikken rûn. It soe foar 't earst wêze, mar doch einlings ris in kar, jou dy oer.’ | |
[pagina 243]
| |
Wa seit dat allegearre? It is oft ik spjalten bin, sa dúdlik wurdt der op my yn praat. Dit komt fan bûten en dochs fan binnen, bin ik dit sels? Ik moat wat dwaan, ik soe my bedrinke kinne as noait tefoaren. Yn in delirium sil ik wêze en op strjitte delfalle yn 'e snie, marris sjen wat der bart. It is glûpend kâld bûten, as ik deafries, hat it sa wêze moatten. Se sille my de oare deis fine, blau fan kjeld en drank. Ik moat der om tinke dat ik slim te identifisearjen bin, as in clochard in namleas grêf yn. Moat de foto fan mem dy't ik der krekt wer yn dien haw, út 'e beurs? Wa ken mem yn dizze stêd? Oan dy foto sille se neat hawwe, lit ik dy foto der mar yn sitte litte. Mem hat teminsten noch wat om my jûn. Op har manier, dat wol. Lit ik har meinimme, en mei my ûnder de snie begrave. Ruben is in broer, dat leit oars, dy hat no syn eigen bern, dy sil er fier boppe my ferkieze. Douwe is in goede maat. Dy hâldt fansels net fan my. Max is al dea, dy gean ik temjitte. Nee, der is mar ien waans foto ik yn 'e beurs hawwe moat. Wacht, lit ik der op skriuwe dat ik fan har hâld, dat wy inoarren wer sjen sille yn 'e himel: ‘leave mem, ik hâld fan jo, oant yn 'e himel’, dat sil se moai fine, oant yn 'e himel. It sil har fertriet om myn ferstjerren lichter meitsje: ‘Wibren is yn 'e himel, hoe prachtich, syn lichem is ûnder de grûn, lyk as beppes en Haring Hantsje sines, mar syn geast is yn 'e himel’. Ik sjoch de rouadfertinsje al foar my, in moaie tekst, in moaie oanrin, alles nei Gods wil. En dan al de nammen fan de femylje. Heit sines boppeoan, en faaks op fersyk fan mem in fersrigel: ‘Daar boven in des hemels troon, halleluja, daar zingt men ongemeen en schoon, halleluja, halleluja’. Wat bûnzet myn ear ferskriklik. Ek dêr sil ik hjoed foar it lêst lêst fan hawwe, halleluja. Net mear tinke, trochpakke. Ik doch myn âlde jekker oan en stap nei bûten. Dat ik de doar net op slot doch, is it twingende bewiis dat ik ôfskie nim, se meie alles meinimme, it is al slim genôch dat ik mysels, op wei nei de ein, net efterlitte kin. ‘In losse doar, bringt de duvel op it spoar’, wa sei dat ek al wer, wie it heit net? Nee, it wie mem, dy hie dy sechjes.
Hoe't ik by myn buorlju kommen bin, wyt ik net, mar ik lis op in stretcher mei in pear tekkens oer my hinne. Se hawwe in dokter skille. Der ûntgiet my neat, wylst ik de skyn ophâld dat my alles ûntgiet. As se wat tsjin my sizze, ferweech ik op syn heechst myn eachlidden wat, of ik doch alhiel | |
[pagina 244]
| |
dat ik bûten westen bin. Ik bear dat ik rydboskje en skodzje. Yndie bin ik wat dûzelich en mislik, dêrom sille se my sa bleek fine. Se sitte mei har trijen yn 'e keamer, de man, de frou en de soan dy't yn 'e saak is. De frou beart raar hoe't dit no samar kin. Hy seit net folle, it sil him wol te folle gedonder wêze dat ik hjir bedarre bin. Ik sil trouwens ek wol nei drank stjonke. Ik hâld my net oansprekber. Nei in skoftke komt harren húsdokter. Hy praat tsjin my wylst ik oan ien tried wei troch doch oft ik rydboskje, dan wiis ik mei ûnkoördinearre bewegingen op myn lofterear. Hy sjocht der yn, ‘een radikaalholte’ freget er kjel. Ik wiis nei myn nekke mei in fan pine ferlutsen gesicht. ‘Kramp’? ‘Ja’, lústerje ik swak. Ik wyt dat nekkramp in libbensgefaarlike komplikaasje wêze kin fan in trochrotte ear. ‘Hij moet onmiddellijk opgenomen worden’. De buorfrou beart wer raar, wylst de dokter skillet om in ambulânce. It duorret mar koart, dan lis ik op in brancard, alhiel ien mei myn rol fan simulant. Yn it akademysk sikehûs wurd ik ûndersocht, mar se kinne neat fine. Se binne in nacht mei my dwaande, dan wurdt beslist dat ik werom moat nei hûs en mar wat útrêste. ‘Ik zal een brief naar uw huisarts sturen’, seit ien, ‘die zal er wel op terug komen’. De sikeauto bringt my werom nei de buorlju. De buorfrou skillet nei hûs, dêr't no ek telefoan is, en der wurd ôfpraat dat dyselde deis noch in broer en in sweager my ophelje sille. Nei hûs ta, it lûkt my minder as dat it my tsjinstiet. Wat soe dy dokter yn dy brief sette foar de húsdokter? En Ethelle? Mei de buorjonge praat ik ôf dat er it har witte litte sil, dan kin se réageare as se wol.
Ik lis wer op myn âld keammerke op 'e souder tsjin 'e golle oan. It lytse dakfinster sit fêstroastke. Hjir hat gjinien mear sliept sûnt ik yn Grins sit. It lege bernestek dêr't ik myn boeken yn lizzen hie, stiet der noch. Der sitte brunige fette plakken op 'e boaiem, soe it hjir lekke? It rûkt hjir muffich en benaud. Moam moat ik it iepen meitsje, oars is it hjir net om út te hâlden. Wat is it behang skronfelich wurden. Soe it sa ek wurden wêze as ik hjir sliept hie dy fjouwer jier? Of kinne deade dingen azem en beweech fan minsken net misse, wolle se glâns en rek hâlde? Sjoch mar nei in hûs, as it te lang leech stiet wurdt it in boufal. Se wiene wol freonlik doe't ik thús kaam. Sels heit. Hy fûn myn ferklearring foar it gehiel dat ik my oer de kop wurke haw, wol yn te nimmen, | |
[pagina 245]
| |
leau ik. Nei Ethelle hawwe se net frege, dy namme komt harren net oer de lippen. Enfin, dat hinderet ek neat, as se my mar wat mei rêst litte. As it goed is moatte myn inisialen hjirre ynkrast wêze yn 'e lofterplint, of soe de tiid se útwiske hawwe? Ik lit my fan 't bêd glide en sjoch al gau WJH. Earst as dit hûs ôfbrutsen wurdt, en dit plintsje ferbaarnd, sil myn namme net mear ferbûn wêze mei dit stee. Ik sil it noait fan my ôf skodzje kinne. WJH sil hjir noch slachten lang ynkurven stean. Salang sil ek dit stee him net fan my befrije kinne. En oarsom, kin ik my losmeitsje? Ik moat dochs bedobje kinne wat ik hjir meimakke haw. Of soe it myn libben lang yn my skroeie? It is al nuver, op dit bêd lizzend haw ik in kear tefolle pillen ynnommen, sabeare mei ûngelok omdat ik kâlde fuotten hie en sliepe woe. Ik bedarre yn it sikehûs om de mage spiele te litten, en lei hjir de jûns wer. No haw ik tefolle drank ynnommen, en no lis ik hjir ek wer. En as ik dea west hie, hie ik hjir faaks ek lein oant de kiste ree wêze soe. It is winliken, no't alles tichtroastke sit, in prachtich lykkeammerke. Myn hân, dy moat hjir noch op it behang tekene stean. Ut ferfeling haw ik myn hân mei de fingers fan inoar op it behang tekene doe't ik yn 'e fjirde siet. Ris sjen, hiel feal mar dúdlik sit er der noch. Ik lis myn hân der op en spried de fingers, it past presys, neat grutter wurden, de groei is der út. Lichaamlik yn alle gefallen lis ik fêst.
‘Kom Max, kom dan’ Wispelsturtsjend komt er op my ta draven. ‘Max, bêste hûn’, ik aai him oer de kop. ‘Wat sille wy dwaan Max, sille wy eefkes goaie?’ Hy blaft. Ik pak de lichte stôk en goai him oer it hiem. Hy draaft der efteroan en bringt him werom, wy dogge it hieltyd wer. Hy jout poatsjes en kopkes, ik haw him in soad keunstkes leard. Hy kin sels op syn efterste poaten rinne. It skuorredak is heech, dêr kin ik gjin stôk oer krije. Soms skop ik der in bal oerhinne, mar dat slagget ek mar inkeld. Stientsjes, dat giet better, as je goed fier goaie, plûmpe se dwers troch it leaf fan 'e beammen hinne yn 'e grêft. Se moatte net op it dak falle, dan geane de dakpannen der oan, seit Klaas. Spitich dat ik gjin stiennen goaie kin no't heit dwaande is oan 'e oare kant. Wat soe er dwaan, wer mei de goaten oan 'e gong seker. Hy wyt net dat wy hjir binne en hy wyt ek net dat ik wyt dat hy dêr is. Wêrom soe ik net ris in stien goaie? Hy wurdt net rekke, en wurdt er al rekke, dan kin ik it net helpe. Hoe soe ik witte dat dy stien op him falle soe? Ik pak in stien en goai him fier oer it | |
[pagina 246]
| |
dak. Dy moat fier yn 'e plûmpert gien wêze. En dy ek, en dy en dy. Sil ik no ris wat sachter goaie, wat leger oer de naal, dat is it moaiste, sa as dizze en dizze. Ik pak in hânfol grouwe grintstiennen en goai. Ynienen komt er de hoeke om fleanen. Ik flean de skuorre yn mar hy nat my al beet. Woest slacht er op my yn, wer en wer. It skom komt him út 'e mûle, syn eagen binne wyt wurden. ‘Help, help’, raas ik en besykje my los te skuorren mar it slagget net. Ynienen is Bathsy der en springt tusken him en my yn. Hy is daalk bedimme. ‘Dat is keardelswurk fan dy’, seit er tsjin Bathsy, ‘datst foar dyn bruorke opkomst, dat is keardelswurk’. Hy pakt syn pet dy't op 'e grûn leit, set him op en rint de skuorre út. Gûlend en mei in skeinde kop rin ik de hûs yn. Haw ik him dan rekke, of kamen se op 'e pannen. Ik wyt it net. Hy sei allinne mar ‘mei stiennen goaie he'n, ik sil dy leare’.
‘Hast wat sliept’, freget mem, as ik de oare moarns let de koken yn kom. ‘It giet wol’, anderje ik effen. ‘Sjoch, hjir is wat iten foar dy’. Dat is aardich fan har, dat se wat apart setten hat, der is sels noch thee yn 'e treppot. ‘Ik dream noch al ris, de lêste tiid’, sis ik heal foar my út. ‘As it dan mar moaie dreamen binne’. ‘Eangstdreamen’. ‘Eangstdreamen? Hoe sa dat?’ ‘Oer thús’. ‘Oer thús?’ ‘Ja, oer thús’. ‘Somlike minsken hawwe ek altiten wat.’ Se fûteret. ‘Mar hoe dan, oer thús?’ ‘Oer heit’. ‘Ach jonge, wurdst no noait wizer?’ ‘Kin ik it helpe dat ik dream?’ ‘Ja, do moatst der oerdei net oer tize, do bist sa'n tizer’. ‘Wa seit dat ik der oerdei oer tiis?’ ‘Oars soest der nachts net oer dreame.’ ‘Ik doch it dus der om.’ ‘Klearebare. Op 'e knibbels: dat is better as dreame.’ | |
[pagina 247]
| |
‘Godfer, godfergodferdomme,’ ik moat my ynhâlde om net alhiel oeral te wurden. ‘Wat mankeart dy, jonge?’ ‘Jimme sille it noait leare he'n, altyd in oar foarsizze wat er dwaan en wat er litte moat, hoe't er syn hier hawwe moat, hoe't er syn dei yndiele moat, wat er bidde moat. Hie leaver ris yn ferset kommen tsjin him, jo wisten wat der allegearre passeard is.’ ‘Sa fielsto it oan, ja.’ ‘Is it dan net sa?’ ‘Der sille dingen ferkeard dien wêze.’ ‘Dus dochs?’ ‘Mar do wiest ek in slim gefoelich bern.’ ‘It lei dus oan my?’ ‘Jimme lykje te folle op elkoar.’ ‘Dat wyt ik no sa njonkelytsen wol. Wêrom binne jo noait ris tsjin him yn gongen?’ ‘Dan hie it hjir oarloch wurden.’ ‘Wêrom binn' jo dan mei him troud, mei sa'n diktator, of mei ik dat net freegje?’ Se suchtet. ‘Soene jo it wer dwaan, mei him trouwe?’ ‘Soks kin men net witte, mar it is wol sa,’ har stim trillet en se wiist nei boppen, ‘as ik Him net hân hie, as Hy my net bystien hie... dan gie ik op bêd jûns en dan sei ik:’ neem Heer mijn beide handen en leid uw kind, tot ik aan de eeuwige stranden de ruste vind. Te zwaar valt mij elke.... ‘schrede, als ik u verlaat. O neem mij met u mede, daar waar Gij gaat,’ folje ik oan. Ik wearzgje fan dy fertoaningen fan frommens. It is ivich itselde. ‘Just,’ seit se, ‘sa is it: te zwaar valt mij elke schrede als ik U verlaat.’ Se sjocht my oan. ‘Ik sit gauris oer dy yn noed, komst noch yn tsjerke?’ Eefkes moat ik har fraach ferarbeidzje. ‘Net gauris’ sis ik, ‘mar dêr ha we it no net oer, wêrom binne jo noait ris tsjin him yn gongen?’ ‘Dêr ha we it al oer.’ ‘Dêr hawwe wy it net oer’. It is ûnfoarstelber hoe bazich se beide binne. Yn wêzen litte se harren ein noait sjitte, allebeide net, tink ik. Ik fiel my ynwindich wer lilk wurden, moat in bern altiten belies jaan? Dat dy oa- | |
[pagina 248]
| |
ren it dogge, is harren saak, mar dêrom hoech ik it noch net te dwaan. Dy oaren, troud of net troud, fiele net iens mear hoe't se noch altiten regeard wurde en hoe ûnfolwoeksen, ôfhinklik, se noch binne. Krom fan ûnwissens yn it libben steand, dogge se noch jimmer alle war om yn 'e geunst te fallen. ‘En dat ik net tsjin him yn gie, dat haw ik dy al sein wêrom net, it hie oarloch wurden.’ ‘Dan hawwe jo dus foar him keazen, en net foar de bern.’ Se swijt. ‘Of bin ik de iennige dy't altyd gedonder mei him hie?’ ‘Dy oaren leine har der by del.’ ‘Dat hie goochumer west tink?’ ‘Dat sis ik net, do koest net oars.’ ‘En, fine jo it ferkeard fan my?’ ‘It spyt my earder om 'e húshâlding.’ ‘Hoe om 'e húshâlding?’ ‘No wat tochtst, dat soks binnendoarren bliuwt?’ ‘Dat is wier, jim hawwe jim altyd grut hâlde wold.’ ‘En mei rjocht, ast sjochtst út hokfoar nêst wy komme, pake ried mei in tilbury mei seis hynders derfoar, boere-adel!, dat wie it.’ ‘Is der wat fan oerbleaun?’ Se suchtet. ‘De krisisjierren en dan in grutte húshâlding.’ ‘Binne oaren safolle minder? Om heit allinne al kin ik it my amper yntinke.’ ‘It is noch altyd itselde he'n, rekkest dat no noait kwyt?’ ‘Nee noait, as er it grêf yngiet sil ik der oan tinke. Noait sil ik it ferjitte, der is te folle bard. Wyt je dat ik noch noait syn hân field haw sûnder dat er sloech, dat ik noait op syn knibbeis sitten haw sa as de famkes. Noch nea haw ik heard dat er myn namme neamde. As ik yn Grins oan heit tink, tink ik oan in snor en twa koalswarte eagen dy't my stjoere, itsij om my stil te hâlden, itsij om wat te dwaan.’ Se seit neat en skodhollet. ‘Hat er der no sels neat fan yn 'e gaten, praat er der noait oer?’ ‘Noait.’ Ik fiel dat ik mismoedich wurd. Hoe is it allegearre mooglik? | |
[pagina 249]
| |
‘It hat gjin sin seker om der oer te praten?’ ‘Ast it mar kwyt rekkest, dan hat it sin.’ ‘Ik krij ommers gjin poat oan 'e grûn, jimme begripe it hielendal net.’ ‘Wy sille wol dom wêze.’ ‘Dat sis ik doch net.’ ‘Nee, dat seist ek net.’ ‘Wêrom haw ik noait mei heit prate kind sa as no mei mem?’ ‘Dêr hat er gjin nocht oan.’ ‘Hy arbeidet, rekkenet en sliept, en sneins nei tsjerke.’ ‘Dat is foar dyn rekken watst no seiste, mar ja, do wolst net dat ik der wer oer begjin, mar...’ Se wachtet eefkes en sjocht my oan oer har brilleglêzen. Ik wyt wat der komt, in frjemde senuweftigens wurdt my baas. Ik wol har net kwetse, mar ik plof fan argewaasje, altyd as se der wer oer begjint. ‘.....hoe is mei dyn leauwe, leaust noch wol yn God?’ Eefkes moat ik de fraach yn my delsakje litte om net ûnfoech te wurden. ‘Yn God leauwe? Wa leaut yn God?’ ‘Dat freegje ik dy net, ik freegje oftsto yn Him leauste.’ ‘Dat is min te sizzen, leaut mem yn God?’ ‘Ja, fan ganser harte, maranatha.’ Kristusnochanta, wer dat maranatha. ‘It giet mei my op en del, mar ik sil net sizze dat ik net yn Him leau.’ ‘Sis dan datst al yn Him leaust.’ ‘Dat sis ik net, dat is wat ik mei God regelje.’ Se sjocht my wer hifkjend oan. Dit moat ophâlde, dit gesanger oer God. Ik nim my foar om der net mear op yn te gean. ‘Sûnder Him silst ferlern gean Wibren, dan rêde wy it net. Dat is my sa gien, dat sil dy ek sa gean. Bliuw altyd by Him, altyd.’ ‘Prachtich’ sis ik en draai my nei't rút fan har ôf. It bliuwt eefkes stil. Dan freget se: ‘Hoe koe it no sa raar mei dy, by dy buorlju?’ Net in wurd oer Ethelle, tink ik, wol oer God, mar oer Ethelle swijt se. ‘Ik haw my wat oer de kop wurke.’ ‘Dat binne wy hjir oars net wend, sa gau oer de kop wurke.’ Jo soene se by de harsens gripe. ‘Dy lju wiene oars bêst net, dêrst wieste.’ ‘ja hear, dy wiene bêst, aardige lju.’ | |
[pagina 250]
| |
Do kinst hjir moai wat bliuwe, komst al noait thús. Asto no fan dyn kant in goede set dwaan wolst, dan biedst heit aansens oan om him te helpen mei it hok oprêden. Dêr hat er it fan 'e moarn al eefkes oer hân, mar hy woe it net freegje, sei er.’ Ik sjocht troch it rút nei bûten, de aprilblauwe froastloft wurdt ien dûnzen bal. Ik hoech my net iens yn te hâlden, al plof ik útinoar fan argewaasje. Ik bin wend om hjir op ploffen te stean sûnder dat der uterlik wat oan my te sjen is. Ien ding stiet fêst: hjir moat ik sa gau mooglik wer wei, de atmosfear benimt my de siken. Ik fiel my al skuldich dat ik hjir te praten sit, ik soe oan it wurk moatte winliken, in putsje hjirre en in putsje dêre. Se kinne om my frekke langer. Neat skine litte, mar gewoan sa gau as 't kin fuort, fuort, hjir wei. Allinne de gedachte al fleuret my op. It is dochs machtich dat ik no in eigen hinnekommen haw, stel je foar dat ik op harren oanwiisd wie. Hoe ferskriklik! ‘No wat tinkt dy?’ ‘It is in reuze idee mem, it moat altyd wêze!. Se is bliid. ‘Hy si! it wurdearje, dat sis ik dy.’
Under iten prate wy ôf dat ik it hok oprêde sil, dan kin hy sturtwaskje, dat moat ek nedich. De hiele middei allinne yn dat goare rothok omslaan. Enfin, it is altyd better as mei him der by. Krekt as ik by my sels besletten haw om earst noch mar wat te bliuwen, omt er yndie noch al op 't skik is, sprekt er my oan. Wy hawwe krekt it jûnsiten op. ‘Do soest dizze brief eefkes foar my op 'e bus dwaan kinne yn 'e stêd, dan is er der moarn noch.’ No wer wat. ‘It kin ek wol yn it doarp, net?’ ‘Nee, it moat yn 'e stêd.’ ‘Driuwt dat sa?’ ‘Hy moat nei Amsterdam.’ ‘Ja, mar is der haast by?’ ‘Omke is jierdei.’ ‘Oer fjouwer dagen dochs, dan is er rom op 'e tiid as ik him hjir op 'e bus doch.’ | |
[pagina 251]
| |
Hy sjocht my oan. De freonlikens is ferdwûn, syn eagen steane wer dûnker. Mient er no wier dat er my noch foar it stjoeren hat? De aardichheid is der ôf, dit is gewoan útprebearjen, noch altiten. ‘No?’ ‘Jou mar op’. Sûnder noch in wurd te sizzen, pak ik myn kofferke yn. Noch altyd baas wêze wolle, ik sil him leare. Ik bin myn eigen baas. Se sizze neat as ik myn jas pak. Swijend sitte se nêst elkoar, mem skodhollet, hy hat de punt fan 'e tonge út 'e mûle. As er no ris ien kear wat fan him sels ynlûke soe, mar ien kear sizze: Wibren jonge, gean sitten, it is ûnreedlik. Mar nee, hy giet al skûl efter de krante. Wat moat dy man grutsk wêze. Mem en ik knikke elkoarren ta, der falt gjin wurd. Sa rin ik de reed út, yn 'e iene hân it kofferke, yn 'e oare de brief.
As ik by myn garaazjekeamer kom, stiet myn Fiatsje noch kreas dêr't ik it delset hie. Ik spried myn earmen oer it skodakje en lis myn holle op it seil. It fielt kâld oan, der sit in tin laachje snie op. Wat bin ik gelokkich, dit is myn autootsje, hjir foar myn keamer. Ik haw myn eigen hinnekommen, wat in gelok! It is kâld op 'e keamer, mar it gaskacheltsje hat it gau waarm. Ik hie it dochs net lang úthâlde kind thús. It moat útpraat wurde mei Ethelle. Seker no't it thús wer op 'e non rûn is. Dat mem har no wer net neamd hat. Ik hie myn ring oan 'e finger, se moat der fan útgien wêze dat it gewoan oan is. En dat is it trouwens ek noch. Wêrom binne dy minsken sa? It is krekt oft der by harren in skeakel ûntbrekt. Oare âlden mei folle minder harsens litte de bern mear yn harren wearde. Dat is it, jo wurde hielendal net yn jo wearde litten. In bern is in natuerlik gewaaks foar harren, dat se eigenmachtich brûke kinne. Dêrom hoege se harren noait te ûntskuldigjen foar eat en noait earne om te bekroadzjen. Bern is lienguod fan God, Hy soarget der foar. Sa koe it dat myn ear troch ende troch ferrotte is, dat messen mei rattekrûd gewoan neist in stik bôle leine, ûnopsetlik fansels mar wol knap sloardich. Der sil ommers gjin ien foar syn tiid stjerre. Mar dan noch, se wolle altyd baas wêze. Hoe komt dat? As it wier is dat in mins in produkt is fan syn ferline, wat hat dan harren ferline west? Mem skynt noch bedoarn te wêzen as iennich famke. Se is idel en pronksiik. se kokettearret mei har goede dieden en mei de komplimintsjes dy't se dêr foar krijt. Se komt by heit yn sekere sin net oan har | |
[pagina 252]
| |
trekken. Mar as ik oan hár tink, is it net allinne mar negatyf. Mem haatsje ik net, en as ik it dwaan soe, soe ik my der tsjin fersette. Ik soe yndie it satansbern wêze dêr't hy my foar útskelt. In satansbern, hy diskwalifisearret yn wêzen him sels mei dy útdrukking. Ik it bern, hy de satan. Dat hie ik sizze moatten dy kears yn 'e koken. Him haatsje ik út 'e grûn fan myn hert. Sa't er my no noch leechlizze woe. Eartiids die er net oars. Dan droech er je wat op en dan seine je in kear ‘ja’ of ‘nee’, mar dan wie it daalk ‘ja heit, nee heit’ en dan moasten je dat neisizze. Soms twa kear. Ik haw my net oars as fernedere field. Wy hawwe it wol mei elkoarren troffen. Der moat fansels ek wat oan my mankeare, dy oare broers en susters hawwe dit net hân. Soe ik wier sa op him lykje as mem altyd seit? Sil ik sels oait in bern sa behannelje? Ik sil leaver myn holle op in hakblok lizze. Mar soene je soks dwaan kinne sûnder it sels yn 'e gaten te hawwen? Wat er net yn 'e gaten hat, falt him slim kwea ôf te nimmen. Hy moat thús sels ek tramtearre wêze, ik hoech my beppe mar foar de geast te heljen. Dat se my op 'e legere skoalle hawwe moasten, kin ik him slim oanwriuwe, al hiene se in hekel oan him. Der moat dus wat wêze dat oan my sels leit, hoe't hy ek wêze mei. Wierskynlik hie ik noait berne wurde moatte, en seker net as bern fan harren. Mar wat is it dat myn libben ta ien grut konflikt makket? Wêr't ik ferskyn, ûntsteane konflikten, wylst ik der totaal net oer kin. Ik longerje nei tagedienens en nei waarmte, nei fêstichheid en erkenning. Mar ik bring it tsjinoerstelde te weech. No ek wer, mei Ethelle. Ik mien dat ik sa'n ynsjoch haw yn mysels, mar it moat oars wêze, der moat in protte wêze dat bûten myn wil om bart. Ik soe ris mei in psychiater prate moatte. In psychiater, it is net neat, mar it moat. Ik docht bliken dat ik fêstrin yn myn kontakten en trouwens mei myn hiele funksjonearen. De stúdzje bygelyks, en ek in gewoane baan doar ik net oan. As it mar koart duorret, dat slane de fûnken der ôf, mar dêr kin it net mei ta. Faaks dat sa'n man my fan myn depressys ôfhelpe kin en myn selskennis wat opfizelet, en myn oardiel oer myn âlden wat rjochtbreidet. Soe Jan fan 'e buorlju Ethelle al warskôge hawwe? Ik moat no ris op 'en nij begjinne, rêstich en stabyl de saak oanpakke. En as it dan noch net slagget mei Ethelle, dan is it myn skuld net, dan moat ik der frede mei hawwe. Sa as ik der frede mei hawwe moat dat ik fan hûs gongen bin. Dêr hoech ik mysels | |
[pagina 253]
| |
gjin ferwiten oer te meitsjen.
Jan had it boadskip oerbrocht. Se hie net ûnaardich west, sei er. Mar op myn fraach oft se ek kjel wurden wie fan myn ynstoarten, koe er gjin andert jaan. It makke my der net rêstiger op. As der noch wat sitte soe by har, hie se dochs dúdlik ûnder de yndruk wêze moatten. it is dochs net neat om mei de ambulânce helle en brocht te wurden. Mar, se liet wol faker har gefoelens net skine; dat se neat sein hie, sei faaks noch net alles. Dochs haw ik my ynhâlde moatten en gean net nei har ta. Se kin der net mear fan út gean dat ik net thús bin, nei't ik earjuster in briefke by har ûnder de doar troch skood haw: ‘Leave Ethelle, ik bin wer op myn keamer. Thús wie it net út te hâlden. Wat ús oanbelanget, Ethelle, ik sil oprjocht myn bêst dwaan. Oprjocht. Wibren.’ Der binne twa nachten oer ferrûn, mar se hat noch neat fan har hearre litten. Soe se tinke dat it wol tafalt no't ik sa gau wer werom bin? Soe se har dochs oan 'e termyn hâlde wolle? As sy hjir net komt, sil ik sels gewoan nei har ta gean moatte. Fan 'e jûn mar tusken seizen en sânen, dan sit sawat elk op syn keamer. Oerdei kin se op kolleezje wêze. De hiele dei wynt it my yn 'e hûd om, ik kin my amper ynhâlde om net nei har te te gean. Ik yt op 'e Mensa yn 'e hope har dêr te sjen, ik rin by it souterrain lâns fan ‘Le Cercle Francais’, oft har brommer der stiet. Alle plakken dêr't se wêze kin, gean ik bylâns. As ik by har âlden, dy't ik foar it lêste bewarre haw, lâns fyts, sjocht ik har brommer stean. Der giet in skok troch my hinne. By har âlden dus, soe se mei harren oerlizze? Foar gjin goud gean ik dêrhinne, spitich dat se hjir no krekt is, in tafallige konfrontaasje yn 'e stêd hie moaier west. Oan 'e ein fan 'e strjitte, út it sicht, stap ik ôf en sjoch nei de blauwe brommer. Hy stiet der ûnferweechlik, myn tinzen reprodusearje it swarte seal, de grize bannen mei in wyt rântsje, felgiele fentyldoppen, it kraske op it stjoer, oant alles fan de brommer oerfloeit yn in gedachteleazens dy't my menuten lang yn in grut gefoel fan ferlittenheid dompelet. Ferklomme stap ik op 'e fyts en ryd nei myn keamer. Jin hûndert prosint fiele, moat oars wêze. Ik kin ek slim oars fansels, al haw ik freeslik toanielspile doe't ik op dy stretcher lei. Mar it gebûns fan myn ear begjint wer yn in sacht en ûnophâldlik ritme. Ik moat der gjin acht op slaan, en in muzykje opsette. Lit my fan 'e | |
[pagina 254]
| |
jûn dochs mar nei har ta gean. Ik lit de machtige klanken fan de Peer Gynt-suites fan Grieg op my ynwurkje. Unmerkber hast mar aloan skerper profilearret de muzyk har byld dat him losmakket fan de klanken: grut sjogge har eagen my oan en har tosken blikkerje wyt as se laket. Swarte krollen dûnsje op har holle, har boarsten binne lyts, mar fol en moai fan foarm. Ik hoech net iens oan har te tinken, har byld is der gewoan, oan myn gedachten foarôfgeand, tink ik. En wer fiel ik it ynienen skerp: mei dizze frou sil ik net trouwe, ûnmooglik, al komt it faaks wer eefkes goed. Har wrâld en mines lizze te fier útinoar. Dêr sil noait in brêge tusken te slaan wêze. Mar wer ferkring ik dizze tinzen like hurd as se de kop opstekke, en meitsje mysels fan alles wiis oer in moaie takomst foar har en my as trouden sûnder troud te wêzen.
Se is thús, har brommer stiet yn 'e steech. Ik rin de treppen op en gean de lange gong del nei har keamer. Troch in kierke by de knieren komt in bytsje ljocht. Se sil oan it wurk wêze, as se no mar net sa frekte oerflakkich reagearret. Wy moatte ris wat better op elkoar ynspylje, der soe in soarte fan nije basis komme moatte. Ik sil har wol beprate kinne, mar dat moat net, ik moat har no ris echt berikke. Se kin sa'n frjemde laits oer har gesicht hawwe, dan liket it dat se my net snapt of net snappe wol. Ik klopje op 'e doar, der komt gjin reaksje, wol hear ik in stoel ferskowen. Wêrom soe se net reageare? Ik klopje wer, no lûder. ‘Ja’. ‘Hoi Ethelle’, ik stean foar har oer. Se sjocht kritysk. ‘Daach’. It petear ferrint yn 't earstoan stroef. Se is net enthousiast oer myn plannen, mar se wegeret ek net planút der oan mei te wurkjen. Se wyt it allegearre net mear sa. Ik kom der net efter wat se wol, en wierskynlik hat se der sels ek gjin hichte fan. Dat se yntusken by James west hat kin ik min hawwe, mar ik wol der no net oer seure. Se giet net wer nei him ta, sei se. Wy beslute om it fan 'e jûn net let te meitsjen en elkoarren net alle dagen te treffen, mar om 'e oare dei. It ferrin fan it petear stiet my hielendal net oan, mar ik wol net tajaan oan myn irritaasjes. Sa no en dan sjocht se my hifkjend | |
[pagina 255]
| |
en wat sarkastysk oan. Wat der yn har omgiet op sokke tiden, wyt ik net, want foar it each is har praat alhiel op myn weachlingte kommen. Foar 't ik fuort gean freegje ik har om de ring wer om te dwaan, wat se docht. Wie it sa fier by har dat se it as út beskôge? Mar wêrom dan dy termyn fan fjirtjin dagen? Se moat allike healslachtich wêze as iksels. Twa fan sokken by elkoar is net minder as in ramp. ‘By elkaar deugen ze niet, en van elkaar meugen ze niet,’ sa'n spultsje is it. En dochs, wêrom soene wy ús net ûntjaan kinne, en nei elkoar ta groeie? Sa stap ik de steech út mei dochs wat mear hope as doe't ik him yn stapte, alteast dat besykje ik. De twivel no ris gjin kâns jaan en dysels twinge yn in goeie ôfrin te leauwen, dat is it bêste, sis ik lûdop tsjin mysels.
Tusken Ethelle en my rint it de lêste moannen wol aardich. Se hat my wol in kear de kop iepenklaud en dan moatte je as man de hannen mar wer thús hâlde, mar behalven dat trelit hat it wol ris minder west. It hie trouwens moai west as se hjoed frij hân hie, it is prachtich waar. We hiene nei in mar ride en in roeiboatsje hiere kind. Ik fûn it justerjûn al ferfelend dat se net te rissen wie, mar se hie oare besognes, sei se. Doe't ik har frege fan hokker, prate se der earst wat yn om mar úteinlik draaide it der op út dat se gewoan studeare woe foar in tentamen. Mei myn stúdzje bemuoit se har noait, se freget noait earne nei. Har eigen stúdzje giet min en mines noch minder, dat wat stiller wat better. It sit my as in blok op 'e rêch dat ik neat prestear, mar hoe mear ik der oan tink, hoe minder ik der ta komme kin om ek mar wat te dwaan. Myn jild belunet al aardich. Hoe't dat straks moat? Alle kontakten mei dekanen en fakulteit haw ik ferlern. Ik sil wer in baantsje sykje moatte, der is gjin oare útwei. It radiowurk smyt te min op om fan te bestean. Dochs frjemd dat Ethelle no krekt op sneon mei sok prachtich waar foar in tentamen oan 'e gong moat, it is deasûnde om mei sok waar binnen te sitten. Enfin, dan sels mar wat fersiere hjoed. Ik soe wol ris by Douwe lâns gean kinne, wy hawwe elkoarren yn skoften net sjoen. Hy is oan it ôfstudearen, nei't it liket, en jout him sels nearne mear tiid foar. Wie ik mar sa fier. Hy sil my leaver gean as kommen sjen, bin 'k bang. Miskien dat Johnny wat wol, of soe dy by syn boat wêze? Hy is altiten dwaande mei auto's en boaten, dat is syn alles. Om allinne mar auto's en boaten yn 'e | |
[pagina 256]
| |
kop te hawwen, ik moat der net oan tinke. Ik skink mysels noch ik bakje kofje yn en tink wer oan Ehtelle. It wol der by my net yn dat dy oan 'e stúdzje is. Ik soe ris by Johnny lâns gean kinne en sjen oft har brommer yn 'e steech stiet. Alhoewol, wêrom soe se lige? As ik by it hoekhûs kom, sjoch ik gjin brommer. Ealse, har kostbaas, stiet foar hûs, syn twa grutte herders by him. Al fan fieren bolderet it my temjitte: ‘Ha, dêr ha wy Wibren, hoe is it, jonge?’ Dêr haw ik no krekt gjin ferlet fan om in praatsje mei Ealse te meitsjen, hy is lang op 'e tried en fral tsjin my om't er graach frysk praat. It baernt my no yn. ‘Moarn Ealse, hoe is it?’ Dat is wer stom fan my om dy fraach te stellen, sa meitsje ik ek dat minsken op 'e tekst reitsje. Doch no ris ien kear yn dyn libben watst sels yn 'e kop hast, en net wat oaren fan dy ferwachtsje, kloat. Mar ik kin it net ôfbrekke as er tsjin my stiet te praten mei syn bliere kop en gehuf op it skouder. It liket dat ik bang bin sneu te wêzen, of noch mear om net aardich fûn te wurden en it sûnder syn sympathy stelle te moatten. Mar wat haw ik oan syn sympathy? Ofwêzich hear ik oan wat er stiet te orearen, it kringt amper ta my troch. Mei muoite meitsje ik my fan him los, mei in smoesje. Kloat sis ik tsjin mysels, wer in smoes, hie ris earlik west, hie gewoan sein datst fuort wolst. Yn 'e hûs is it stil, der liket gjinien te wêzen. Johnny is fuort en ek fan oare keamers steane doarren yn 't tsier, sûnder dat der ien te bekennen is. Tsjin better witten yn klopje ik op 'e doar fan har keamer. Dy is der dus net. Wêr kin dy sitte? In frjemde stimming komt oer my, in gearmjuksel fan razende lilkens, selsmeilijen en ferlittenheid. Werom nei hûs, pinigje ik my de harsens wêr't se sitte kin. It wierskynlikst is by James of by har âlden. Har âlden hawwe sûnt koart in goedkeape caravan op in kamping yn Paterswolde stean. Se hat der in hekel oan om der hinne, it is har te lyts en te nearzich. It kontakt tusken har âlden en my is nihil wurden. Se skine fan alles op my tsjin krigen te hawwen, mar dêr haw ik my noait folle fan oanlutsen, omt it Ethelle en my earder neier ta elkoar brocht as oarsom. Boppedien it gejeuzel oer fakbûnen en oare frustraasjes wurde je ienkear sêd, oft jo no read binne of blau. Ik wyt net wat ik leaver haw, James of har âlden. Fan beide fiel ik in driging útgean, dy't in soarte fan panykstimming te weech bringt en dy't ik net ûnder kontrole haw. It nije adres fan James bin ik al in skoftke lyn efter komd. Ik hald it al langer yn | |
[pagina 257]
| |
'e gaten, al wol ik dat net, mar ik ha my sels der gauris op betrape der lâns te fytsen om te sjen oft har brommer der ek stie, op dy dagen dat wy elkoar net troffen. No gean ik mei de Fiat, fêst fan doel om nei de kamping te riden as se net by James is. As ik by him lâns ryd, is alles keal foar hûs: der stiet gjin fyts of brommer tsjin it stek. Se kinne fansels tegearre op 'en paad wêze. Allinne de gedachte al. Underweis nei Paterswolde besykje ik net ta te jaan oan gefoelens fan senuweftigens oer de konfrontaasje mei har heit. Ik nim my foar om te knokken as er in grutte bek hat, dan alles mar stikken. Yn 'e berm fan it dykje by de kamping parkear ik de auto en stap út. Soe se hjir no sitte, by har âlden, op sa'n nearzige rotkamping? It soe in dúdlike kar foar har âlden betsjutte. Al fan tierren sjoch ik se sitten as ik it terrein fan de kamping op rin, alle trije op in rychje foar de karavan. Yn 'e bûsen krimpe my de hannen ta fûsten, ik sil har yn 'e kar litte, mar him sil ik it fjoer nei oan de skinen lizze as er him der mei bemuoit. Se sjogge my pas as ik al flak foar harren stean. Hy sjocht soer en noartsk, har mem giet oerein en rint it trepke op de karavan yn. Ethelle docht har bêst sa gewoan mooglik te dwaan: ‘Wibren, jij hier,’ seit se. ‘Do hast my foarliigd, Ethelle, mei dyn tentamen’, úterlik bin ik kalm. ‘Dêr stiet myn auto.’ Ik wachtsje. Hy giet oerein en komt op my ôf. ‘Daar komt niks van in, Ethelle blijft hier.’ Ethelle is ûnderwilen neist my stean gien. Se liket net ûngenegen mei te gean. It makket my kalmer, al bliuwt dy razende lilkens djip yn my. Ik sjoch har oan. ‘No, wat dochste?’ ‘Ik ga met je mee.’ Triomfantelik sjoch ik him oan. ‘Godverdomme Ethelle, hij deugt niet!’ Hy rint read oan. ‘Se kiest allinnich mar foar my,’ sis ik. Hy stiet flak foar my, mar ik wyk gjin sentimeter. Ferwoeden sjocht er fan har nei my, hy liket my te meunsterjen, dan flibet er op 'e grûn, draait him om en rint de karavan yn. Op in ôfstân steane wat minsken te sjen. Se gnize wat, mar sizze neat, as Ethelle en ik it terrein ôfstappe. Wy sitte tegearre op in terras. Yn skoften haw ik him net sjoen, mar samar ynienen stie er foar de doar, wer like freonlik en gemoedlik as altiten. Ik wie sa bliid as in protter doe't ik him seach, al liet ik it sa min mooglik merke. dêrfoar hie er te lang neat fan him hearre litten. Mar no | |
[pagina 258]
| |
is it wer as fan âlds. 't Is winliken frjemd dat wy inoar sa passe, Douwe en ik. Somliken fine sels dat wy op elkoar lykje. As ik dat tsjin him sis, laket er minlik, hy liket it oprjocht moai te finen. Hy trunet my oan om myn stúdzje wer oan te pakken. Ik sis him ta dat ik dat dwaan sil en nim my oprjocht foar om moarn oan it wurk te gean. Hy freget tige nei Ethelle en jout goede rie. Hy is royaal mei de konsumpsjes en mei it jaan fan kompliminten oer myn yntellektuële kwaliteiten. Unwillekeurich ferlykje ik him mei Ruben. Ruben en hy binne wol de iennigen dy't my wat selsbetrouwen jouwe Op sa'n stuit woe ik dat ik se altiten om my hinne hie. Foar't earst freget er nei thús. Hy hat fan kunde yn Fryslân wat opfongen oer de húshâlding, en wol wite oft it wier is dat de strange opfieding fan ús heit yn fiere omkriten sprekwurdlik wurden is. ‘Lytse bern dy't net om lyk wolle wurde drige mei jim heit,’ seit er, ‘tink der om dan stjoer ik dy nei Jacob Hiddema,’ mar dat liket my sterk ta dat soks wier is.’ Sels bin ik der ek wat oer ferwûndere om't ik soks noch noait heard haw, mar ik kin it my skoan yntinke. ‘Lit my dy dan ien foarfoal fertelle,’ sis ik tsjin him, ‘ik wol mei dit moaie waar it lid net fan de jarkolk helje, it soe de stimming wer bedjerre kinne. As ik dy alles fertel, sitte wy hjir moarn noch, mar ik sil dy ien foarbyld jaan.’
‘Wy sitte yn 'e ûngetiid, de alve stiet yn reaken. Slepen ride ôf en oan. Sels moat ik fuort út skoalle wei weidleegje by de transporteur. Hy stiet op 'e golle te heasetten, de kanten fan de golle wol er steil en kant hawwe, en dat kin er by einsluten sels it bêste, mient er. Ik besykje op elke trime fan 'e transporteur safolle hea te dwaan dat alles goed rinnen bliuwt; net te folle om't de transporteur dan stûket, en net te min om't it oars net genôch avensearret. Alles rint goed en ik krij der wrychtich aardichheid oan om't it ûngetiderswurk my altiten goed handiget. Sa no en dan sjoch ik syn holle oer de râne fan de golle ferskinen, en hifkje ik syn stimming, mar hy sjocht op noch om en wurket steech troch. De iene sleep mei hea is noch net leech of de oare is der al wer. Dan ynienen komt Kees, dy't simmers by ús is te wurkjen, de skuorre yn draven. Mei in druk op 'e knop set er de transporteur stil: ‘Boer, boerdy kij dy moasten dochs yn 'e finne?’ ‘Ja,’ seit er, ‘fansels.’ Hy stiet oan 'e râne fan 'e golle, ûnder it stof. | |
[pagina 259]
| |
‘Se rinne no yn 'e five, yn it nijgers, de saak ûnder te skiten, ik tocht dat dat hea wurde moast.’ ‘Watte, yn 'e five?’ ‘Ja, dy hikke moat net goed ticht sitten hawwe, wa soe foar it lêst by dy hikke west hawwe,’ nytget Kees fierder. Hy moat al hast gek west hawwe fan it gedinder fan 'e transporteur en fan it stof en it swit op syn gesicht, mar as er dit heart, is er it hielendal. Hy sjocht my oan, it is in aaklik gesicht, safolle wyt er yn syn eagen hat. Noch wyt ik net wêrom't er my der foar oanseach. ‘Hasto dy hikke iepen makke,’ raast er heas, ‘dy hikke siet goed ticht, do hast him iepen makke.’ Mei smyt er in stik hea nei ûnderen dat op my delploft. ‘Ik haw him net iepen makke, hoe komt heit der by? Ik haw der net iens west.’ Ik bin te perpleks. ‘Ik leau net dat dy jonge der wat mei te krijen hat boer,’ seit Kees, dy't dizze draai net foarsjoen hawwe moat. Kees en ik koene altyd goed. ‘Hâld do dy der bûten, dy jonge de hân boppe de holle te hâlden, dy bliksem.’ As ik dat hear wurd ik ynienen wanhopich. As er flokt is er gek fan lilkens. It komt selden foar dat er flokt. Dan hat er der dagen letter noch spyt fan, en bidt er dagen dêrnei noch langer as oars foar iten. Yn in refleks goai ik de heafoarke dy't ik yn myn hannen haw omheech, net iens nei him ta, mar gewoan omheech. De tinen flitse by syn gesicht lâns en stekke harren fêst yn it dakreid. Noch sjoch ik de stôk neitriljen. Ik spring fan 'e sleep en draaf it lân yn. Yn in sleatswâl gean ik lizzen, fan doel om my yn it wetter rôlje te litten, mar as ik it kâlde wetter fiel kin ik der net ta komme Dan soe er syn sin hawwe, tink ik, ik wreek my it bêste op him troch yn libben te bliuwen.’ Douwe hat my net ûnderbrutsen, ‘So, so,’ seit er allinne mar. ‘Hoe is it mooglik, oerdriuwst net?’ ‘Ik tocht fan net.’ ‘Ja, mar it is dochs mooglik datst lytse foarfallen opblaast, dêr hast fantasije genôch foar. ‘Ja, dat seit Bathsy ek altiten.’ ‘Do hast it sa belibbe. mar dat er wierlik sa réagearre hawwe soe, it wol der by my hast net yn ju’ | |
[pagina 260]
| |
‘Do bist de iennige net, der is net ien dy't it leaut as ik it fertelle soe, it is ek net te leauwen, en dochs is it sa, en wat noch minder is, sa soe ik dy wol tsien dingen fertelle kinne.’ ‘Hoe ûndergiene dy oaren dat dan?’ ‘Allinne Ruben hie ik echt wat oan, dy begriep der wat fan. Trouwens de measten wiene al út 'e hûs. Moatst net ferjitte, ik bin de jongste en dan noch wat neikommen ek.’ ‘Soe it in fersin west hawwe?’ ‘Dat tink ik sels ek faak, mar ik wyt it net, sokke lju pearje sûnder der by nei te tinken, se wachtsje gewoan ôf wat de Heare der fan makket. It binne krekt primitiven, dy't gjin ferbân lizze tusken de seksuële died en swier reitsjen fan in frou. Op 't lêste momint is der in godheid dy't it bern yn it memmeliif triuwt nei't er it út in holle beam wei helle hat of sa, wytst wol. Mar as Ruben der net west hie, dan wyt ik it net. Ruben hat my ferskillende kearen letterlik it libben rêden, lenkear doe't ik yn 'e feart waaide fan in barte, doe hat hy my der út fiske. Hy hat my ek ris yn in greppel treaun, doe't der sketten waard yn 'e oarloch. Der wiene fleantugen dy't op 'e grutte dyk, in Dútske kolonne beskeaten. Wy wiene yn it lân dat sawat tsjin 'e rykswei oanleit, de kûgels fleagen ús om 'e earen. Hy treau my yn in greppel en gie op my lizzen. Sjoch, dat is Ruben. Wy stiene neist elkoar foar heit oer. Elk op syn eigen wize. Nee, dat sil ik noait ferjitte, hoe't er letter ek wurde sil. Ruben kin op my rekkenje.’ ‘En dyn susters?’ ‘Allinne Hiltsje, dy is der ek wat ûndertroch gien. De oaren ferklearje my ynwindich foar gek. Lea, de âldste wie heit gek mei, tochtste dat dy in kwea wurd fan him hearre wol? Sjerkje, ik wyt it net. En Bathsy, of Bathseba sast wolste, beskermet harsels troch har dôf te hâlden foar alle kwea, tsjin better witten yn, want se hat genôch fan tichteby meimakke. Mar as ik der oer begjin wiuwt se it fuort en bin ik in fantast. Se is der in kear tusken sprongen doe't er my op 'e hûd joech, mar doe't ik dêr ris in kear tsjin har oer begjinne woe, seach se my oan en sei: ‘jonge, do kinst der wol foar straft wurde.’ ‘Wêrfoar,’ frege ik. ‘Om dêr oer te begjinnen,’ sei se. Ferjit net dat dy famkes der folle better by him ôfkamen as de jonges. Dêr moat er in bedutsen erotyske bining mei hân hawwe.’ ‘It moat al in apart spultsje by him west hawwe, tsjonge jonge. En it | |
[pagina 261]
| |
leauwe, wie dat gjin faktor, makke him dat der net mylder op?’ ‘Earder it tsjinoerstelde, tink ik. Sjoch ris, dat kinsto miskien net folgje omst fan 'e bibel like folle ôf wytst, ja sorry, as in feare ko, mar de bibel kinst foar elke karre spanne. Dat is it kranksinnige krekt. Sjoch wat Jezus sein hat en woe dat is yn wêzen fantastysk. Mar it slagget net om it yn praktyk te bringen, en it gefolch is in ûndraachlik skuldgefoel en in ûnferdraachsume agressy. Jezus hat in grut mins west, miskien wol homofyl, in grut mins.’ ‘Jezus homofyl?’ ‘Ja, mar der woe ik no leaver net oer útwreidzje, mar by sa'n grutte geast as dy fan Jezus past hast net wat oars as in biseksuële oanlis. Trouwens, wat de famkes oanbelanget, Hiltsje is in goed fanke, dêr kin ik goed mei prate al hâldt se him ek de hân boppe de holle. Se kinne it mar net tajaan, dy famkes, of miskien dat se it net doare. En boppedien, ik wie seis, doe't Hiltsje troude.’ ‘Dan witte se der ek neat fan fansels, mar dan bûkelest der, sjoen dyn ferline, noch wol aardich trochhinne. It moat ek hast oerlibjen wêze ynstee fan libjen. Do hiest winliken in krimineel wêze moatten of in psychopaat.’ Hy laket in bytsje en jout my in knypeach. ‘As ik in frommes west hie, hie ik as hoer troch it libben gien, ien mei in kontinu lustgefoel. Ik hie skatryk west, want ik hie in hoer mei harsens west.’ ‘Dat hiest net, want do hiest ien fan syn famkes west en in befoarrjocht plak hân,’ laket er ‘Dy slach is dines.’ ‘Do bist no, Wibren, do moatst de kop der by hâlde, do moatst oan it wurk. Do silst dochs fierder moatte.’ ‘Wy soene elkoar wer wat faker sjen moatte, Douwe. Dan kinst it wat yn 'e gaten hâlde. Ferdomd, it liket miskien dat ik der de gek mei haw, mar ik kin dyn help net alhiel misse.’ Hy sjocht my riedseleftich oan, liket te tinken. Dan jout er my in klapke op it skouder. ‘Kop op keardel, do rêdst it wol, mei of sûnder my, mar it is wier, wy moatte elkoar wer wat faker sjen. Dy frekte froulju ek.’ ‘Ja, dat binne hânbiners.’ ‘En erflik oergeunstich.’ ‘Dêr hat mines net folle lêst fan.’ | |
[pagina 262]
| |
‘Wat sil men derfan size, it kin in goed en in ferkeard teken wêze.’ Wy drinke noch in pilske en jeuzelje wat troch, en wize elkoar moaie froulju oan. Dit binne winliken de moaiste mominten, tink ik, as ik nei hûs rin, Douwe en ik by elkoar. Gjin spanning, gjin rúzjes. As je sa lang sa mei elkoar omgeane, dan moat der fan echte freonskip sitte. Dit mei noait stikken gean tusken Douwe en my, hoe hat er my net op 'e gleed holpen doe't ik om in keamer socht. Hy is winkliken de Ruben fan Grins, Douwe, Ruben en ik, dat moat sa bliuwe.
Ien nacht en ien dei yn it sikehûs, it is my net ôffallen. It slokken docht sear, mar dat sil der by hearre. De mangels haw ik fan him op sterk wetter mei krigen. Ik haw it potsje dêr't se yn sitte, op in hingkastke te pronk set. It is in apart gesicht, dêr sille noch in protte mei fernuvering nei stean te sjen. It lykje krekt testikels, se binne it winkliken ek, allinne út in oare nis losskuord. ‘En nu maar een weekje fijn naar je ouders,’ seit er. Wy kenne elkoarren sa njonkenlytsen út 'e pinne, de perfester en ik. Mar alles wyt er fansels net, de petearen beheine harren ornaris ta it ear en ta ljipaaisykjen, dêr is er sljocht op. Ethelle hat net eefkes west juster, mar dat hiene wy sa ôfpraat. Lykwols falt it my wat ôf. Ik haw har sein dat ik in skoftke de stêd út wêze sil. Mei Hiltsje haw ik ôfpraat der in dei of wat te útfanhûzjen. Der binne twa nachten om en ik fiel my suver wer de âlde. Hiltsje en ik sitte tegearre yn 'e foarkeamer. Dy seldsume kearen dat wy by elkoar binne, ferfele wy ús net, it is oft wy pratendewei mekoars djipste geheimen losweakje, trochdat wy ús besibbe fiele sûnder it út te sprekken. Der moat gjinien by wêze as wy prate, dan stûket it petear en fiele wy ús beide ûngelokkich mei de ynkringer. Hiltsje ynformearret nei Ethelle en nei de stúdzje. Tsjin har doar ik beneistenby earlik te wêzen, al stel ik it allegearre wat moaier foar as it is. As ik har sa sitten sjoch mei har kreas rûn gesicht, docht se my oan mem tinken, al liket se úterlik net op har. As mem der net mear is, sil Hiltsje har rol oernimme foar de oare broers en susters, dat leau ik fêst. Se is allike ûnwis as ik, mar se wyt it keunstich te kamouflearen mei in kalm oardiel oer dingen. Se hat harsens, al hat se de kâns net hân om te | |
[pagina 263]
| |
learen. Nei de legere skoalle de húshâldskoalle, sa gie dat mei boerebern yn 'e tritiger jierren. ‘Giest ek noch eefkes thús oan,’ freget se, nei 't se wer in hearlik stribjen selsmakke cake foar my del set hat. ‘Dat is lekker sêft foar dyn kiel.’ ‘Hoe sa,’ freegje ik, ik haw der net folle sin oan om oer thús te praten. ‘Samar.’ Se sjocht my oan en glimket. Oan har gesicht sjocht ik wol dat se noch wat sizze wol. ‘Sis it mar ju, wy kinne alles tsjin elkoar sizze.’ ‘Soest se oars al eefkes dach sizze moatte.’ ‘Se sizze my ek net dach, en ik bin pasjint,’ gniis ik wat. Se glimket. ‘Hast gjin meilijen mei dysels wol?’ ‘Fansels haw ik meilijen mei mysels, wêrom soe ik it net hawwe?’ ‘Dat mienst net.’ ‘Nee, dat mien ik einliks ek net.’ ‘Se fleane hjir fansels beide net hinne, dat wytst ek wol.’ ‘Soe it net by se opkomme?’ ‘Nee, mar dat kinst se ek net kwea ôf nimme, se komme gewoan net op it idee, 't is in oare generaasje. En boppedien, se kinne tinke, wêrom is er net thús kommen.’ ‘Altyd gedonder ju. En as ik thús kom om dach te sizzen, stean ik yn 'e koken al mei in stikelstekker yn 'e hân treaun.’ ‘Moatst net oerdriuwe.’ ‘Och, wêrom soe ik net ris oerdriuwe?’ Myn toan is wol sa sarkastysk dat it har opfalle moat. ‘Fynst dan datst net oerdriuwst?’ ‘'t Hat altyd gedonder west ju, dat wytst doch ek wol?’ ‘Altyd gedonder?’ ‘Ja, wy hawwe it der wol ris oer hân, mar hat mem dy noait ris wat ferteld?’ ‘Se hingje de smoarge wask net bûten, dat hawwe se noch noait dien, mar dat it no altyd gedonder west hat, it wol my hast net oan.’ ‘Nee, dat leau ik daalk. Do wiest ek al út 'e hûs wei doe't it echt losbaarnde. Ik wie seis doesto troudest?’ ‘Seis ja, ik sjoch dy noch stean op it poadium. Wat koest moai sjonge.’ ‘Dat bin 'k dan no wol ferleard.’ | |
[pagina 264]
| |
‘Mei dyn kiel?’ Se hâldt har foar de domme, ek al. ‘Ja, mei myn kiel, lit ús hoopje dat it better wurdt.’ ‘Dat fêst, noch eefkes en dan sjongst wer as in klyster.’ ‘Heech yn 'e beam sitte en dan sjonge as in klyster, wat is der moaier? Wytst trouwens dat ik se op sterk wetter haw?’ Ik hie it har al ferteld, mar wat sy kin, kin ik ek. ‘Dyn mangels ja.’ ‘Nee, de âldelju.’ ‘Och kom ju, net sa healwiis. Gean der no moarn mar eefkes hinne.’ ‘Om dy te geriven soe ik it hast dwaan.’ ‘Dat hoecht no ek wer net, mar no ris serieus, wat is der dan allegearre?’ ‘Dat wytst bêst, dêr wol ik net altyd wer oer begjinne, jimme leauwe it dochs net. Ik haw my der mei fermoedsoene dat it gjin broer of suster dúdlik te meitsjen is, se hawwe der net by west, it net mei eigen eagen sjoen en dus binne se net te oertsjûgjen. It liket wol oft jimme in oare ûnderfining fan heit hawwe. No, lit it yn 'e godsnamme sa bliuwe.’ ‘Heit wie altyd goed foar de famkes. En jongens, dy binne no ienkear wat dreger, dat wytst sels ek wol.’ ‘Ja, sa wier as wat, jonges binne dreger as famkes.’ ‘Ik sil dy wat oars sizze, no moatst net lilk wurde, do....’ ‘Ik lykje op him ja, ik bin him letterlik ta de bek útstapt. Lit it sa wêze, dat ûnskuldiget in heit net foar syn bern oer.’ ‘It ferklearret yn elk gefal in protte, mar soesto it der skielk sa folle better ôfbringe ast bern hast, ik moat it noch sjen.’ ‘Ferdomme Hiltsje, as ik dy net sa graach lije mocht....’ ‘Dan rûnst no fuort,’ se glimket my freonlik ta. ‘Der is gjin ien fan uzes dy't it troch nat fan dy en heit, dat is dan ek wol wat nuver.’ ‘Hast Bathsy der ek noait oer heard tink, dy wie yn 'e hûs.’ ‘Bathsy, dy is sa wiis mei heit, se skillet alle dagen nei hûs. Dêr silst gjin kwea wurd fan hearre.’ ‘En Ruben, dy hat ek wol ris wat meimakke.’ ‘Ruben en do binne spitsen, dat witte wy allegearre wol.’ ‘Ja, mar hat hy dan noait ris wat sein, of, hast it him ek noait frege tink?’ ‘Nee, it moat te praat komme.’ | |
[pagina 265]
| |
‘En dat docht it net fansels?’ ‘It libbet foar dy mear as foar ús, dat moatst net ferjitte.’ ‘Dat haw ik al lang yn 'e gaten. Mar wês no ris earlik: leaust my wol, of tinkst krekt as Bathsy dat ik fantasear.’ ‘Ik wyt it net Wibren, ik wyt it net, wat moat ik dêr fan sizze.’ ‘Sis datst my leaust, ferdomme Hiltsje, dó tinkst doch net dat ik alles már út 'e tomme sûch?’ ‘Dat dochst net, do mienst it wol watst seist, mar is it dêrom allegearre wier, it is allegearre krekt sa bard asto seiste, dat is fers twa.’ ‘Soe 't mooglik wêze, dat ik de dingen in nije diminsje jou? Al wyt ik se mij sa skerp tebinnen te bringen, dat ik se sa te sizzen úttekenje kin, soe der yn werklikheid hiel wat oars bard wêze? Read is dochs read, blau dochs blau? As dat sa is, dan haw ik fan myn hiele ferline in hallusinaasje makke, in nachtmerje, sûnder dat der oanlieding ta wie. Dan bin ik, leau ik, werklik gek. Ast my dat oantoane kinst, gean ik moarn nei in gesticht en lit my opslute, wat soe ik dy minsken in freeslik ûnrjocht oandien hawwe. Jierren haw ik se te'n ûnrjochte feroardiele. En 'e jonges fan de legere skoalle, ik moat se daalk myn ekskús oanbiede. Ik haw ien grut waanidee makke fan myn bernejierren. Ferdomd ien grut waanidee. Dy riem op myn harsens, it is allegearre ynbylding. Ik mien wat ik sis, akkoart, mar it is net wier, it is net wier, en it sil noait wier wurde, halleluja, de Heer, zijn naam zij geprezen.’ ‘Net sa raar ju, sa bedoel ik it no ek wer net, sasto it no opfettest.’ ‘Nee, sa bedoelst it ek net, dat wyt ik fan dy, mar it is my dúdlik dat ik, as it om him giet, allinne stean. Dêr sil ik frede mei hawwe moatte en dêr moat ik no einlings ris fan út gean. Ik begjin der ek net wer oer, mei gjin ien fan 'e broers en susters. En as sy der oer begjinne, dan hâld ik myn kiezzen op elkoar, ik ferdom it langer om altyd myn harsens te stjitten. Ik bin yn wêzen fiersten te nayf. Trouwens, hoe kamen wy der op?’ ‘Dat wie myn skuld, ik sei datst eefkes nei hûs gean moast.’ ‘Just ja, hie dat no ris net sein.’ Ik laitsje har wat soer ta. ‘Wy moatte tenei mar net mear oer thús prate.’ ‘Nee.’
De oare jûns krij ik ynienen frjemde foargefoelens. Der driuwt my wat werom nei Grins. nei Ethelle. Der is wat slims mei har. Wy sitte mei ús | |
[pagina 266]
| |
allen oan 'e tafel, de lytste bern moatte sa daalk op bêd. Joast sit wat yn in krante te blêdzjen. In kunde fan my hat it Fiatsje bracht, sadat ik hjoed al mei Hiltsje te boadskipjen west haw yn 'e stêd. De stimming is poerbêst. Joast is in fleurige, warbere fint dy't net al te djip dolt, mar hy wyt it teminsten fan him sels. Hoe kom ik hjir yn 'e goedichheid op in fatsoenlike manier wei? It bêste is miskien noch om mar rjocht foar de raap te wêzen, seker by in type as Joast. ‘Minsken, der is wat, ik fiel dat der wat is.’ Se sjogge my allegearre ferheard en ûnbegripend oan. ‘Ik moat werom nei Grins, der is wat mei Ethelle.’ ‘Is der wat mei Ethelle jonge,’ laket Joast, ‘wel, dan moast der hinne, doe soe ik ek dwaan. Dêr bin 'k maklik yn, as der wat mei Hiltsje wêze soe, dan soe ik der ek by wêze; nee, dat jout neat dan wie ik der fuortdaalk, Hiltsje, wier of net?’ ‘Ja hear, leave,’ se laket in bytsje gekoanstekkerich. ‘Nee, no moatst net....,’ wol Joast der daalk tsjin yn. ‘Ja, leave Joast, 't is wier, do soest der daalk wêze.’ Se ploait wat fan earnst op har gesicht. ‘Dan sil it my net kwea ôf nommen wurde dat ik him no smear’ ‘Ho eefkes, no al, it kin moarn ek wol net, se rint net fuort wol?’ grapket Joast. ‘Ik wyt net wat der is, mar it wynt my yn 'e bealch om. Ik moat fuort. Daalk.’ ‘Komst ek werom,’ freget Hiltsje, ‘bist wolkom, hjir.’ ‘Mei ik dat frij hâlde?’ ‘Do sjochst mar, 't is altyd goed,’ seit se. ‘Ja hear, de doar stiet foar dy iepen dat wytst wol.’ 't Is oantroud, mar dy Joast is in goede fint, tink ik as ik mei him ôffûstkje. Underweis nei Grins kin ik ûnmooglik betinke wat der wêze kin. Soms twivelje ik oan mysels. Is it net te gek om bod te jaan oan fan dy opkomsten? Mar dy frjemde senuweftigens moat syn oarsaak hawwe. Ik haw it faker hân dat it útkaam. As se mar net dea is, der moat wat ferskrikliks mei har wêze. De auto parkear ik op it Suderdjip. Hjir hat Ethelle in pear wike ferlyn in oare keamer krigen yn in hûs boppe in kapperssaak. De doar sit ticht. It komt net yn my op oan te skiljen. Troch de skreef fan | |
[pagina 267]
| |
de brievebus sjoch ik har brommer stean njonken oare fytsen. It is noch mar tsjin njoggenen, mar it liket wol nacht sa stil is it om my hinne. Har keamer is op 'e heechste ferdjipping oan 'e efterkant, ik kin hjirwei ûnmooglik sjen oft der ljocht troch har ruten komt. Oan 'e foarkant binne de ruten fan Sandra Verstek har keamer, dêr baarnt ljocht. As ik twa kear skilje, soe sy iepen dwaan. Ik doch it net, ik haw der gjin sin oan útlizze te moatten wat ik net útlizze kin. Gedachteleas hast stek ik it kontaktkaaike fan 'e Fiat yn it slot en wrik foarsichtich nei rjochts, nei lofts, 't is ûnfoarstelber mar it slagget, ik bin deryn. Hoeden doch ik de doar efter my ticht en slûp de beide treppens op nei de twadde ferdjipping. Yn ien skuor doch ik de doar iepen. Se sit op in stuoltsje, fel yn 'e klean. In ljochtgiele maillot om 'e skonken. Ik woe it noait lije dat se dy oanhie. Ik haw in glûpende hekel oan felle klean. Op 'e râne fan it bêd sit in jonge mei in Aegir-jaske, in korpsfiguer, mar James net. It is oft de kiel my tichtknypt wurdt. Der flimet in pine troch myn mage. Dit wie se dus. By my koe se net komme, yn it sikehûs net, op myn keamer net, by Hiltsje net. Mar wol ferlechjes betinke om my te ferrifeljen. En ûnderwilens mei oare jonges fan it korps op stap. Dit is gemien. Dy frou boartet mei my. Ik moat kalm bliuwe, gjin emoasjes, it soe útlein wurde as swak, ik soe my fergoed bespotlik meitsje. Iiskâld bliuwe, yn 'e beroerdste sitewaasjes iiskâld bliuwe, dat kin ik. Ethelle, earst ferstive fan 'e skrik, trochbrekt de stilte. ‘Ik dacht dat jij thuis was.’ Ik jou gjin andert en sjoch nei de jonge op 'e râne fan it bêd. Hy sjocht skruten foar him del. Hy liket der mei oan te wêzen. ‘Hier begrijp ik niets van,’ mompelet er. Ik haw al sjoen dat Ethelle har ring net om hat, en trochsjoch har yn in flits: se besoademiteret ús beide. ‘Do wist net dat sy ferloofd is, seker.’ ‘Verloofd?’ ‘Ja, oant op dit momint wie se ferloofd.’ ‘Dan hoeft het voor mij niet meer.’ ‘We zouden alleen maar naar een bal, daar is toch niks op tegen?’ Se seit it senuweftich. Ik soe har mei ien fûstslach de harsens spjalte wolle, mar lit neat skine. ‘Do fierst dyn feestjes, en my, wat dochs mei my?’ | |
[pagina 268]
| |
‘Zal ik weggaan,’ seit de jonge. Hy sjocht my freegjend oan. It is ferdomd noch in aardige jonge ek. Of soe er bang wêze? ‘Bliuw mar sitten, fiere jimme jim feestje mar. Do kinst har oernimme. Hooplik wurdst der lokkich mei.’ ‘Ach jongen, doe niet zo lullig. Hoe kom jij trouwens binnen?’ ‘Dat soest wol ris witte wolle, he'n. Wêr binne de sulveren leppeltsjes?’ ‘Ben je gek, die hebben we samen gekregen, die krijg je niet terug.’ Ik sjoch har oan. In djippe fersleinens komt foar myn lulkens yn 't plak. It sil foar 't lêst wêze dat ik sa tich by har bin. Se moat it ek fiele, se is senuweftich. Wat is har gesicht moai: har krollen foarmje in krânse fan swart dûns om har gesicht, har eagen spegelje it lampke op 'e tafel. Wat is se oars as alle oaren, sa eksoatysk. Ik draai my om, der baarne triennen efter myn eagen, mar ik ferset in byldsje op in kastke, en sjoch de sulveren leppeltsjes yn in potsje glinsterjen. Ik sil oan dy freeslike felle klean tinke moatte tenei om har te ferjitten, oan har jubelteannen en oan har hurde venusheuvel dêr't ik my altyd sear op raamde as ik har ferheftich naaide, en fral oan har ûnechtens, har ûnferdraachlike behaachsikens. Ik soe har noch ienkear tsjin my oan drukke moatten en patsje en yn har eagen weisinke. It moat net, it soe in Judastútsjen wêze, inkeld in flits, dy't groeden slacht. Frjemd dat se sa stil binne beide. As ik neat sis, sizze sy ek neat. Soe se noch op my rekkenje, soe se wer tinke dat ek dit noch kin. Hoe kin je ien sa stikke litte? Ik hoech it har net te freegjen, se sil myn fragen ûntwike. Se sil har geneare foar dy jonge dy't net wyt wat er moat, sitten bliuwe of fuort gean. Lit se mar feestfiere tegearre. Wat hat it foar sin om my hjir te tjirgjen as in wyld? Ik sil it fergoedzje en oprêde moatte, en foar gek stean. It is foarby tusken Ethelle en my, ik moat hjirwei, no moat ik fuort, op dit momint. Ik haw gjin oare kar mear. Mei in uterste ynspanning draai ik my om en sjoch har oan. It is oft de wurden út myn liif komme: ‘Dach Ethelle, leafste, hoer.’ Mei haw ik de leppeltsjes fan it kastke grist en stean op 'e gong, de doar al efter my tichtlutsen. ‘Geef die lepeltjes terug.’ Se hat in heechreade kleur en raast. Se pakt my by de earm. Ynienen lôget alles yn my op, mei myn fûst slaan ik har yn 'e hals sadat se efteroer strompelet. Se krimpt yn elkoar en kokhalzet. ‘Ethelle’, sis ik en wol har omearmje. ‘Ga weg, gemene klootzak, ga weg.’ Se strompelet troch de doar en lit | |
[pagina 269]
| |
him mei in klap ticht falle. Yn 'e auto kin ik neat. Myn hannen trilje sa bot dat ik it kaaike net yn it kontakt krije kin. It wurdt my dizich foar de eagen, ik knyp de hannen om it stjoer en skuor der út alle macht oan, de holle slacht op it stjoer. Ik jank. It liket oft ik bûten mysels stean. Gûld haw ik yn Grins noch noait, mar no jank ik lûdop. Op de keamer fan Sandra wurde de gerdinen foar de ruten skood. Langsum wurdt it ljocht smelter oant it alhiel tsjuster is, de swarte massa fan it hûs rint gear mei it tsjuster fan de nacht. It is foarby mei Ethelle. Ik wol dat it foarby bliuwt. Op myn keamer set ik de leppeltsjes njonken de mangels yn in kopke. |
|