| |
| |
| |
Eppie Dam
Kuorbalfamke
Kertier oer ienen spanden wy de linen,
brachten mâljend peal en koer te plak -
der wie reboelje yn har trainingspak:
de ljisken stieken my fan djippe pinen.
Yn de wedstriid wie har lichem minen,
se rûn sa sierlik troch it middenfak,
har rokje waaide mei in blier gemak,
it broekje liet har skaad trochskine.
O kuorbalfjild, ik hie dy leaf om har,
ik striek dyn seadde om har stappen
en roek dyn gerzen en har hier om bar.
Dyn beamt' wie dronken fan har grappen,
dyn wâlen hoeden har mei sin en siel -
har azem azeme troch dyn strewiel.
| |
| |
| |
Winterfamke
Har jas hong prachtich oan de kapstok
yn de gong, nea perfekter te drapearen
as yn it tafal fan ynlik waarme tearen,
har wintermûtse blosseme, witer as kapok.
Har fyts stie froastich yn it fytsehok,
ûnwjersteanber suver, mei net te kearen
huver, streake ik it nuver gleone, learen
seal en fielde 't djipste hiem yn: rok.
Dy, winterfamke, haw ik stilwei skepen
út it deade guod fan stof en stiel,
út dyn besit haw ik dysels begrepen.
Ek yn 't skriuwen fan dit fers, fiel-
de ik, dat ik dy yn it wurd bekipe:
do bist yn de kwatrinen jitris ripe.
| |
| |
| |
Simmerfamke
Doe't wy tegearre wiene yn de tún
en ús bûgden oer de boekhâldsommen,
kaam it bloed omheech yn de kolommen -
se wie sa waarm, se wie sa brún.
Har lichem hie de gloaiing fan in dún,
har boarsten waarden gleone blommen,
doe't myn fingers har temûk beklommen
en wy de slachten fûnen: un et une.
Ach, rju eale hearen kommittearden,
hiene jim gjin fammen by de simmerdei
by wa't jim leaver leine as learden?
Wy wiene frjemden, ûnbekenden, x en y,
doe't jim iiskâld ús geweken namen,
sifermjittich fergen op in hereksamen.
| |
| |
| |
Famke yn de rolstoel
Unferweechlik siet se tusken hege fjillen,
har loaits ferrette skraachwurk leed -
de kâlde skaden yn de ruten plaid
joegen faach besef fan knibbels, billen.
Hannen dy't alear fan libben trillen,
hiene grymsk de beide linings beet -
har fuotten lieten op de stielen treed
de kjeld fan jierren, fan ferskillen.
Hoe faak haw ik dy yn myn winsken heind,
hoe faak haw ik dy droegen yn gedachten -
dyn delslach wie woldiedich yn my reind.
Ik haw dy by my hân yn nuete nachten,
dy dellein yn it barmgers oan de kant,
dyn wrevel weakke en dyn spieren spand.
| |
| |
| |
Troudei
Twa, ienriedich op it ljocht beret,
hawwe foar wat freonen en famylje
har eigen libbensdoel en domisylje
pinnestreekjend op deselde eker set.
Har takomst, droegen troch gebed,
sil ferwisse wêze, nea ferwylje -
de oargels dy't de wizen spylje,
transponearje 't lok nei wurd en wet.
It jawurd hat ús beide nammen
foar it libben meiinoar fersmeid,
want ik hlet dy net, as oare fammen,
fee of prysteresse fan de ivichheid,
nachtprinsesse, ingel, reingoadinne,
winternimf of flinter, mar: freondinne.
|
|