| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Fyfte haadstik ien
Klink don en daverje
Wa soe ut de kopijskriuwer oansjen dot ur sóms de brûksbóksen bóppe de knibbels ópstrûpt, ien tûmme yn 'e mûlle stekt, un klam fingerke oer ut tûtseboed fon 'e mesyne strykt en ‘ai-tai-ai, yty-tyty’ rópt? Wa ljoot dot de eptege kopijskriuwer mei knikkets rôlet en mei houten hammerkes slagt en mei trije stwóllen efterenwar treintsjebwattet?
Dochs dógt de kopijskriuwer sókke dingen en mear. Fon hetten? Och, dur binne tiden dot de kopijskriuwer syn beróp ferflókt, en de mon ferflókt dyt him tillefoanysk ópdrachten jouwt en de kweageast mei de namme Baldgrim dêt de ûnbekinde tillefonist fon riden lyket te wêzen en dyt ek stadegoan himsels, de kopijskriuwer, yn 'e besnijing lyket te krijen. Baldgrim - mar no net fjidder oer him. De kopijskriuwer wól nog sizze dot ur un bankje fon hûndet yn un blanko slûf óp 'e góngsmotte fûn hat.
| |
| |
Mar hij bedoelt net dot ut honoraryum him oer de depresjes hinne helpt. De freugde fon ut skriuwen is ut wraak nimmen óp 'e mon dyt de ópdracht jouwt, wraak óp 'e skriuwer dyt him net fwar skriuwen weiwyne kin. De freugde fon ut ‘potferdómme os dur don skreon wudde mat, don sil dur porférdomme ek skreon wudde’.
En no fielt de kopijskriuwer him, tanksij optearde brûksbóksen, finkjesóbjen, knikkets, houten hammerkes, iepenbiere belidenissen en un dûbbeld potferdómme ree óm de skiednis te skriuwen fon de ûnbekende tillefonist yn fiifjirrege ôdens, dût ur nog net tillefonjerre, mar wól dingen die dyt lyke bót stónken en dû ol oan stjónkende saken kultúrele manyfestaasjes ferbûn.
De fiifjirrege tillefonist dyt wij Tilly neame sille, wie readjirreg, skjinsprútteg, net oermjitte greot en un skyter. Syn heit - wij ûntliene dat oan ut tillefoanyske petear - grûûf de Ferweter iisbaan, fertsjinne dêrmei f 11,86 wyks, mar mócht mar óm 'e oare wyke werke ómt dur mear mónlju oan wurk hólpen wudde mwasten, en barde de oare wyks f 6,40 steun, mar ferwekte nettsjinsteande dot yn ut ier 1937 ut bên Tilly, dot benne waad yn 'e lette maityd fon '38. Letter slagge dizze heit oan wurk yn ut Kleaster: twa pleatsen tusken Ferwet en Wônswet óp un fwar un pat ôgrûven terp dêt ienrus ut kleaster Foswet stie. Hij waad dêre fêstarbeider, dot wól sizze - wont wa hat nog heugenis oan dy tiid, wa wit joetdedei wot un fêst-arbeider is - olle dagen twarus melke, mwaans fjouwer oere fon 't bêd, middys un oere tús, jûns seis oere de put durút. Ienkear yn 'e trije wyke un frije snein. Mwaansier melke, mwaans en middys ut gewoane wurk, en swargje dot de fingers lyneg bljowen, ut oerdeiskóft wer melke.
Dizze heit naam Tilly dût ur un ier of fjouwer wie gauwrus óp 'e fyts mei nei ut Kleaster. Ut jónkje wenne yn 'e bwórren, mar hie dêre gjin bwatters, wie ek wot ienselveg, hawar, sóks is yn olle resinte bûkken beskreon.
Wólno, de kopijskriuwer libbet him yn syn rol yn, rôlet brûksbóksen óp, knikkeret, treintsjebwattet, dógt dit en dot, ferwikselet de jarjende, rikjende en tarjende piip fwar un trijekoppege bûltsjeblazerspiip en ut tabaksfetsje fwar un sjipkóp. Bellen en bûllen en bollen, grien mei read, en blau mei grien, en read mei blau. Kleureg en fleureg. Kleureg en treureg. Bollen bûlje, bollen spotte. Fleureg, treureg. Sjippe bûllet, sjippe
| |
| |
spot. De kopijskriuwer sjógt, ferienselveget him en seit:
Ik wit net wêrómt ik oltyt mei ús heit woe. Ik hie dêr neat te sykjen. Ut oare arbeidersjónkje bwatte ik net fólle mei, de bên fon 'e boer gyngen lang net oltyt mei nei ut lôn. Wienen se dur ol, arbeidersbên en boerebên, don siet ik dochs nog meast ollinne tusken fesjes, jossen, kylen sóms en termoflessen. Fwar de teenzen en gefoelswrôd fon ut fintsje ferwiist de kopijskriuwer nei olle oare bûkken.
Tilly hie os olle bern syn natuerleke behûften, hij mwast óp 'e tiid pisje en pûppe. Mar heit wie net oltyt bij hónk óm brûkken del te strûppen, kóntsjes te feien mei toppen gês of hea - ol nei de tiid fon ut ier - en brûkken óp te hysen, en Tilly dwast of woe net fyfteg meter, of yn Tilly syn wize fon rekkenjen: fiif greppels, rinne nei heit ta. Hij bljo sitten te óphôden, wachte salang dot ur net mear oerein koe, wont don soe de boel durút flutte, gyng mei de kónt óp 'e hakke fon 'e klómp sitten te knipen, stinde de ferkearde kont út en mwast bij einslútten de bród dochs flutte litte. Wêróm die Tilly sa? Wont letter mwast ur tiden stil sitte dot de trûp him net ta de brûksbóksen útdrippe soe en ôkwólje en kôd yn ut krús fiele. Wachtsje oant de mônlju om kylen, jossen, fesjes of termoos kamen en fregen wêrómt ur net bwatte en einleken de stank rûken. ‘Matst nei 't húske?’ ‘Ja.’
Ut heugt Tilly dot ur werrus nei san kniperij en stinderij tróch de heit redsum út ut healôn wei, tróch dammen hinne, óm tichte hikken hinne, oer batten, brêgen, ut kowepaadsje, de planke oer de sleat dyt óm 'e terp rûn, bij de terp óp en nei út kólkshúske fierd waad. Dêr die blyken dot de fleanderij oer brêgen, batten, hikken en sljetten óm 'e nócht west west hie: ut aai wie ol lein. De heit sei dur wot fon, mar waad net lilk óp Tilly. Wêróm waad de heit net lilk óp Tilly? De kopijskriuwer wit ut net. Wêróm skiet Tilly yn 'e brûk? Wêróm waad Tilly syn heit net lilk? Wa beskriuwt de gefoelens fon 'e heit? Faaks mat mun pake wêze jet mun de gefoelens fon 'e heit beskriuwe kin. Mar don soe de heit de gefoelens fon syn bên beskriuwe kinne. Kin ur dot? Nee, mar hij akseptjerret ut bên, ómt ur ienrus sels bên west hat. Flauwekul ollegjer, seit de kopijskriuwer, flauw praat fon un heit dyt un monneg bên óp 'e wrôd set hat, en dêt wij ús net mei óphôde kinne.
De heit fierde ut bên fon ut kólkshúske en tróf oldergelóks óp ut hiem de boerinne dyt ek óp 'e stank ô kaam of tafolleg bûtten wie, wa sil ut
| |
| |
sizze, en ut bên Tilly fon him oernaam. Tilly waad oer ut hiem troaid, yn 'e keuken plonte en fon brûkken ûntdien. De boerinne naam de tsjettel mei waarm wetter fon út petroaljestel en geat un tóbke heal fól en móng ut oan mei kôd pómpswetter ta un fwar jermtakken te fernearen en fwar fiifjirrege bennekóntsjes te daaien timperatuer. Tsjin waat mient dot ut wól hiel tafolleg wie dot de boerinne krekt waarm wetter ree hie en de kopijskriuwer dur fon fertinkt dot ur dot wetter fwót mar waarm wêze litten hat óm ópsjitte te kinnen, mat de kopijskriuwer ynlizze dot dur neat tafollegs oan wie, ómt meensken yn ut foarege oltyt wetter óp ut stel hienen: teewetter, of kófjewetter, of ôwoskwetter, of wetter foar de wosk, of wetter óm ut gês tusken de stjinnen te bejitten, of wetter fwar un hônsum sjipsopke óm kosten, dwarren, plinten of swilk ô te nimmen, of wetter fwar ûnfwarsjoene ómstonnegheden, wont dur wie oltyt wól wot en tsjin 'e tiid dot un tsjettelfól wetter óp ut petroaljestel oan 'e soad kómmen wie, wie ut ol wól fwar trije underskate en útienrinnende doelen brûkber. Wie ut teewetter of woskwetter of wetter fwar akútte gefollen dot yn ut tóbke getten waad en fwar Tilly út, dyt mar meikómme mwast jónkje, nei de keamer tôge en óp ut dreswaar plonte waad? Tilly wit ut net. Hij wyfele bij de doar ómt ur efter de rôk fon 'e boerinne un jóng frómmes ûntdiek dot oan 'e tafel mei teegwód siet en dêrbij de twa jónges fon 'e boerinne. Mar Tilly waad oangrepen en yn 'e tóbbe set, mei sjippe en wetter fon syn ôgong reinege, wer óp 'e grûn tild, drûgge en yn ûnderbrûk en boppebrûk
fon 'e ôdste boeresoan klaaid. Tilly wie Tilly wer. Tilly seag de boerebên en glimke selsbewust, en Tilly seag nei ut frómmes dot jóng en kreas wie. Fiifjirregen havve un tige oardiel oer skjintme, dot hûgt net yn 'e kiif te stean. En Tilly seag mear, mar Tilly dwast dur east goed nei te sjen dût ut tóbke mei smwarg wetter nei de koken tôge, lege en ómspield wie: Tilly seag lekkere kûke. Oranjekûke, tocht Tilly, hearleke oranjekûke. Jir grypt de kopijskriuwer yn en freget: oranjekûke yn 1943? Mar de kopijskriuwer lûkt oan 'e skouders en seit: wêróm ek net? Yn 'e oarlog is olles mooglek, faaks wie ut oranjekûke. En Tilly leit de wissens fon fiif ier yn syn lûûd: jawis en deole, ut wie oranjekûke. Hienen se net yn 'e gaten dot Tilly sin oan dy oranjekûke hie? O jawól. Wont wot de fiifjirrege net bestammerje en fynynklaaid ópmerke kin, dot makket ur lykegoed wól dúdlek tróch strak en ferhearleke, stóm en brútaal nei ut begearde te stwareagjen.
| |
| |
De boerinne snie de oranjekûke oan dêt óp Tillys fwarbyld ek de boerebên nei stienen te langholzjen, skode de moaie jónge frouw un stik yn ut pontsje en stelde: ‘Jim krije ek un stikje, mar jimme matte east un feske sjónge.’ De ôdste en de jóngste soan sóngen har sankje en waden beljenne fon de mem. Tilly seag ut rút út en hie gjin ómtinken fwar ut gepreuvel neist him. Tilly stie fier bóppe dizze streupets en har ûnnoazele bennewyskes. Tilly seag oer de tafel hinne bij ut ljochte hier fon ut moaie frómmes, dot fól niget harke - ik hie jo wizer ha wóllen - lôns ut rút út yn fiere fjitten. Tilly stiigde, Tilly riisde bóppe dit beukerkloske út: Tilly seag fon ut hege en hillige stee dêt ienrus ut kleaster Foswet stie oer de lonnen en de mieden, en Tille jerde de lieten fon 'e Benediktyner nónnen en mwóntsen sêft óm him hinne wynderjen en Tilly beglimke ut effekt dot syn liet jaan soe. De bên fon 'e boerinne krygen har stik oranjekûke dût ut liet út wie, of dût se óphoden - wa koe oan ut gepreuvel en gejeuzel fon 'e fiifjirrege en de trijejirrege kop of kónt fyne? ‘No hij!’ sei de boerinne. En dêr sóng Tilly, ut jinnege liet dot ur koe, ut Frysk Fólksliet, wont beukerskwallen hie Tilly nea óp gien en sneinskwallen lykemin, dot ut wênstege repertwaar koe ur net ôdraaie, mar ut Fryske Fólksliet dot koe ur, dot hienen syn brwórren en suster him leard, dot koe er glêd út 'e hólle fon begjin oant ein: Klink don en daverje. En dot sóng ur, mids oarlog en gewelt, midden yn un boerekeamer dêt faaks ienrus ut olter stien hie, fwar oadel frouw, wont de bên telde ur net en de boerinne telde ur mar
heal, Klink don en daverje, neit ur krekt yn 'e brûk skyten hie en dur leine nog spotten óp ut dreswaar, Klink don en daverje, sûnder te jekjen, sûnder mei de eaglidden te knyperjen, sûnder te ferblikken, fêst, krêfteg, mei oertsjûging, mei monlekhyd, Klink don en daverje. Ut Frysk Fólksliet dot sóngen wudde koe, ómt ut Wilhelmus net sóngen wudde mócht, noch sóngen wudde woe, wont Tilly wie os fiifjirrege al Frysknasjonalist en ómt ut Dútsk fólksliet net beheaske waad fon Tilly en ómt ut pûûpsk wie, en Tilly ferachte en hate de pûpen os yngreven Frysknasjonalist, dyt ut ol óp fiifjirrege ôdens klinke en daverje liet en ómt pûûp tefólle lyke óp pûp, dêt Tilly fon weazge, en dêróm sóng ur, fiif ier wie ur, óm de stank kwyt te wudden, óm tóbkes mei smwarg wetter, spotten óp ut dreswaar en fize brûkken yn 'e koken kwyt te wudden, Klink don en daverje, os mwast ur net un stikje oranjekûke, mar doazen fól oranjekûken besjónge. En ut liet klónk en davere oer ut fiifjir- | |
| |
rege en trijejirrege boerebên, dyt mei de mûlle iepen oranjekûke ieten en oer de tafel mei teegwód en oranjekûke en oer de honnen fon 'e moaie jónge frouw en oer de oergeunstege eagen fon 'e boerinne, ut spróng óp en dûûnse óm 'e lampe, Klink don en daverje. Ut brûûsde en teag óp, bóppe de smetleke lieten fon nónnen en mwóntsen út, bóppe ut suchtsjen fon nónnen en ut hymjen fon mwóntsen út, wont yn nónnekleasters wud suchte en yn
mwóntsekleasters wud hyme, mar yn dûbbelkleasters gjit ut hymjen lykóp mei ut suchtsjen, sij ut dot ut suchtsjen nei de ein ônimt en ut hymjen ta. De hymjende hymnen fon 'e mwóntsen dyt ut hymen ferslein havve, mar dêr bóppe-út liet Tilly út klinke en daverje, ut Frysk Fólksliet, oer boerebên en boerefrôlje en suchtsjende en hymjende nónnen en mwóntsen, bóppe pûpen en papen út, Klink don en daverje. Ta dwarren en rútten út gyng ut liet, oer de terp en bij de steile konten fon 'e fergrûven terp del, wont wot mwóntsen mei kroaden en pipegalen bijenwar kroaden tsjin wetterfloeden, waad ieuwen letter mei prjemmen fwótfean nei ut lege midden óm ut minne lôn fon un laag goede grûn te fwarsjen. En oer de batte oer de terpsleat gyng ut liet, oer ut kowepaadsje ut súdden yn, tróch iepen dammen en oer tichte hikken, utselde paad dot Tilly gien wie oan 'e hôn fon syn heit, mar yn tsjinoerstelde rjóchting, Klink don en daverje, rjócht óp 'e dûbele went oan 'e feat oan, mar don krekt durfwar ôdraaiend nei lófts óp 'e fêste betónnen brêge, neamd ut Ket, oan en dêr, klinkend en daverjend oerhinne, tróch wudzen en opers, wynderjend en skwórrend, en de mônlju seine: ‘Un twirre.’ Ut súdden yn, de Bóllehólle en de Kjellestut lófts lizze littend, oer de minne miede, neamd de Kwaien, oer Wônswet, Tegreft, de le, ut súdden yn. De stim fan Tilly, Klink don en daverje, Tilly dyt fiif ier wie en krekt yn 'e brûk skyten hie, gyng oer wegen en wetterkearingen, oer gemeente-, proweensje- en ryksgreenzen, oer de NAP-lyny, oer fróntlynys en taalsyglossen. Klink don
en daverje davere ut oant yn Normanje, dêt de Amerikanen en Britten foet oan lôn setten un ier letter, Bloody Omaha, en ut liet ferklónk. Mar jitrus helle Tilly, de waarme drûgge brûkken fon ut boereswantsje óm ut got, de syken óp, wont ut refrein fon ut Frysk Fólksliet mat nogrus oerdien wudde en dus sóng Tilly bis: Klink don en daverje. En de boerinne en de moaie jónge frouw seine: ‘No, no.’ Dû kryge Tilly syn oranjekûke en hij die wot fon un fiifjirrege ferwachte wud, hij iet mei de mûlle iepen en griemde óp syn kyltsje en óp ut flierkleed.
| |
| |
| |
Tredde Haadstik Trije
Colijn, de Grutte Broer, besúnnege en besúnnege, en liet óm ton twa fretters tagelyk ô te wêzen tolve kij ôfslachtsje, dêt de meensken skonde fon sprieken, en mei rjócht en reden, wont gjin kristenmeens dógt sóks. Sels yn ut poerheidenske Frankryk litte se swiere frôlju dyt óm ien of oare reden de deastraf krygen ha east benje fwat se tróch de guillotyne yn twaen snien wudde. Mar ut hie nog slimmer kinnen, onjerre Tilly: os Colijn swiere frôlju ôslachtsje litten hie, hie hij dur net west.
Jawis, Tilly is un krizesbên, tyle út krizessied en ópfokt mei krizesmolke. Hij hat lein yn krizesruften en pûpte se fól krizespûpkes, jermhettege, bleke lwatsjes. De oarlog is Tilly sûnder skea tróchkómmen, de oarlog hat Tilly neat dien, mar de krizes sit him nog yn 'e bónken.
De oarlog wie fwar Tilly navenont net min. Tilly syn yten stie oltyt ree en Tilly hie un waarm ledikontsje, en deis hie Tilly un fyts. Wot soe Tilly mear begeare? Syn mem dearde ut oan dot dur gjin echt lytsbenne yten fwar Tilly wie, mar Tilly fûn de rjappelkûkjes dyt syn mem sneins bakte hearlik. En Tilly fûn de pankûkjes fon weet dot ut moalfebryk neist Tilly-en-dys fwar un pear dûbbeltjes ta moal mjeld hie lekker. Tilly syn mem bearde fon rys, en sei Tilly rys ta os de oarlog oer wie, don soe Tilly echte bennekost ha, ol wie ut don faaks wot let, mar don koe ur de skea ynhelje. Mar dût Tilly nei de oarlog don dy lang begearde rys mei bûtter en sûkker kryge, fûn ur ut earlek sein net te fretten. Jouw Tilly mar rjappelkûkjes en pankûkjes fon weetmoal. Rys? Tilly hat rys pos wudjerjen leard dût de Ynjegóngers túskamen mei ut resept fon nassy-goreng. Dy oarlog hat grif net óm 'e nócht west.
| |
| |
Mar de krizes? Ut sit Tilly nog yn 'e bónken. Tilly wit wól dot ur dur sels oan 'e lea net un soad fon ûnderfûn hat. Fwar póppen wie dur altyten nog wól wot ekstras te krijen, en syn mem koe út 'e klean fon ôdere brwórren klean foar him meitsje. Tilly is neat tekwat kómmen.
Mar Tilly seit: ik waad benne yn '38 dût de krizes oer syn djiptepunt hinne wie, mar yn '37 waad ik ol oanset. En fwartyt drûg ús heit mij yn syn bollen mei en ik wie durbij en ik stie oltyt foarenoan. Ik haf ut sjoen en belibbe, ik haf ut meimakke en ik wit ut. Ferneuk Tilly mar net: hij hat durbij west, hij hat dur oltyten west. En, seit Tilly, wot myn heit ópfrette mwast dot rekke mij ek. Jimme - en jir sprekt Tilly net de deaden oan, wont de deaden libje ûnder ús, en dyt tyle binne út ut sied fon 'e pómmeronten út 'e krizesjirren en dyt nei de geast út har djerre bret binne, dy sprekt Tilly oan - jimme havve de arbeider yn ut lean bekwatte, jimme havve him leard óm de hôn óp te hôden ynstee fon him wurk te jaan, jimme havve fon 'e arbeider un bidler makke, en him ynskúnd dot ur tankber wêze mwast fwar jild dêt ur net fwar arbeide hie, en jimme havve him troaid mei in kyle fon 'e bedieling, en waat óm syn húshôding en óm syn need jimme net neffens de ynjouwing fon syn het fwar de bek slaan koe mar him ynhôde mwast, dy havve jimme nogrus mûldea makke mei in grates fytsplaatsje. En jimme fynen, lykos yn 'e tachteger jirren ha jim ut Bûk tróch de strónt helle, en jimme havve fon 'e arbeider un dief yn eigen hûûs makke, wont dyt fon 'e dyakonij kryge, dêr hoden jim tafersjóch óp en dy rieden jimme nei, en móchten jimme ûntdekke dot ien un pear sinten útsparre hie fwar un ûûns kûkjes óm de dei des Heare wot feestleks te jaan, don hoden jimme de ûndersteuning yn. En fwarsafiert jim ien fon dizze dingen oan myn heit dien havve, havve jimme dot godferdómme oan mij dien, seit Tilly.
Mar jir lit Tilly ut bij, wont hij wit wól dot ur mei lilkens neat berikt, lyterêr nog poletyk hellet dot wot út. Nim do ut mar oer, seit ur tsjin de kopijskriuwer, en meitsje dur mar un highbrowereg ferhaaltsje fon mei wot fize wudsjes, dot frette se, en don fiele se har ek nog fwarútstribjend, de klwatsekken.
En de kopijskriuwer nimt de pinne óp en makket un nij begjin: Yn ut lêst fon 'e tweinteger jirren wenne de nog net oansette Tilly mei syn nog net oansette brwórren, syn suske dot yn 'e widze lei, en mei syn ôden oan 'e Ferweter seedyk. En de winter fon '29 belibben ja dêre, dût de
| |
| |
mônlju mei stikken ôde sek óm 'e klómpen en de frôlju mei sokken oer de skwón oer de strjitte gyngen. Se rieden óp redens de dyk del fon Ferwet nei Blije, en de seedyk wie un iisheuvel dêt mun un trep bij óp houwe mwast óm de krún te berikken.
Mar rillegauw ferfoer de húshôding nei de bwórren, ómt Tilly syn heit mei de boer brutsen hie en sadwande út 'e went mwast. Tilly syn heit foel yn los wurk: hû los, dêr sil Tilly letter wólrus un bûkje oer óp dwaan. Hij wie un set slykwurker en un set grûnwurker bij de IWGL. Ut lêste wie yn 'e tiid dot Tilly benne waad, mar dur binne ek oare oantinkens fon bewarre, swatte rubberen ringen dyt tusken de buizen set waden en dêt Tilly syn heit de skonsjerren fon mei nei hûûs naam. Tilly en syn ôdere brwórren draaiden se ynenwar en lieten se fwótspringe. Yn Tilly syn ôdershûûs matte nog sókke ringen ómtwarkje. Mar fon ut slykwurkjen wit Tilly inkeld mar ferhalen, en dy sil ur net fertelle, fon ûngeregelde oeren en útreinen en heukereg yn 'e keet sitte óm 'e ôd potkachel, wont waar of gjin waar, se móchten net jedder nei hûûs os woneat ut tij ópkaam, en don kwatten se de tiid mei kaatspyljen. Mócht Tilly syn heit dyt ómmes letter dyaken waad oan dot kaatspylen meidwaan? Jawól, wont ot se un nij spul katen kocht hienen, don ferbaanden se east de dúvel - sat se de joker neamden - yn 'e ôd kachel en don koe ut gjin kwea mear.
East los wurk, dû gjin wurk. Tilly syn heit waad putsjemon, stimpelmon en wurkferskaffingsmon. Tilly syn heit mwast hinne en wer, wech ende waar fytse óm wurk te fynen, mwast yn 't braakhok óm de lóngen fól túch en plús te krijen en dot naks wer út te wuasjen, sa hood mun junsels olteast dwaande, mwast stimpelje en de hôn óphôde, en mwast yn 'e wurkferskaffing ómt mun un arbeider ut yten net fwar neat fwar de bek smyte kin en ómt ómhingjen net goed is fwar ut moreel.
Dus klauwden se har de kop, skean bóppe ut ear krekt ûnder de pet, en namen de pet ô en waden stil en bûûgden de hóllen en seagen efter de pet en snúúfden tagelyk en setten de pet wer óp en seinen, de hearen fon 'e wurkferskaffing dyt dûdestiids petten drûgen seinen dot: mei Gods help en dy fon ut wurkleaze wurkfólk sille wij un iisbaan oanlizze.
Dû keazen se ut plak dêt de lisbaan kómme mwast en rôpen dêroer grif ek Gods help yn. oas hie ut noait sa ûngelokkeg beteare kinnen, of faaks ha se tocht: wij matte net tefólle fólk óp 'e iisbaan ha, dot wij lizze him oan san rottereg paad dot de helte fon 'e iisleafhavvers ûnderweis
| |
| |
de bónken brekt, of meskjin ha se ut plak keazen ómt dot stik lôn ut gwódkeapst wie. Hû don ek, se stelden dot de iisbaan soe un heale kylometer westlek fon Ferwet, en súdlek fon 'e spoarwei kómme te lizzen. Ut kwatste paad nei de baan wie fonsels bij de spoarlijn lôns en dot wie un beroed paad, je koene enwar fytsend net fwarbij, en os dur krekt wer nije stjinnen óp brocht wjinnen, koenen je dur hielendol net fytse, mar de monnen fon 'e wurkferskaffing dyt it plon útbretten en ut terrein keazen havve ek noait bedoeld dot ur paad bij de spoarwei lôns ut normale paad wêze soe, wont paden bij de spoarlijn lôns binne dur ollinne fwar NS-personeel dot de lijnen bijstelt en raljes rjóchtbûgt en fwar ûngeve dwaslizzers nije yn 't plak leit, en net fwar jon en ollemon dyt ut fûûg net hat óm óp rykstereinen óm te sneupen en dyt dur neat te meitsjen hat en him dur hielendol net óphôde of befyne mei, ek ol steane dur gjin bwódsjes mei ‘Tagóng ferbean’, wont elke Nederlonner wud achte de wet te kinnen al soenen dur hûndet iisbanen oan 'e spoarwei lizze. En wisten de plonnemakkers en plakbeskieder fwarút wól dot hiele stagen fon iisleafhavvers inkeld en olinne dit paad lôns knóffelje soenen, en dur har technyske fytsfeadeghyd óp tenutte meitsje, of dur útgliidzje en deldónderje oant óp 'e dei fon joet, ut paad dot ol fiifentryteg ier paad west hat, is noait os paad bedoeld, mar os paad is bedoeld de ómmelônske of Amelônske wei, of mei de pleatsleke útdrukking, de reis bij Dokkum óm nei Ljouwert, te sizzen: de Kleasterdyk un ein út oan 'e Lambuet ta - de kopijskriuwer onjerret dot sil un ferbastering wêze fon Landbuurt, wont ut wól him net oan dot dot
dûbbele streekje húzzen syn namme te tankjen hat oan lammen of lamstralen - don dwesoer un módderreed del mei twa hikken - de fyts matte jo eane delnukke - en don kómme jo oan 'e efterkont fon 'e iisbaan út, ol sille de plonnemakkers fon fjitteg ier lyn faaks steeg úthôde dot dy efterkont winleken de fwarkont is.
Op un iisbaan wól mun graag wot nóflek ride, en ekrus stean te dónderjaaien mei de frôlju of nei ut hudriden sjen, dot dêróm mat ut dur noadeg wot smûk en smout wêze. Dot hienen de plonnemakkers ek wól fwar 't ferstôn dot se onjerren dur mwast oan 'e kwatte nwadeastkont en de lange súdeastkont fon 'e baan un wynkearing kómme dyt no rus net bestean soe út strûkken en bjemmen, mar út un ieden wól, un fûge seedyk. Hienen se dy iisbaan no nwadlek fon 'e spoarlijn lein, don hie dur bûtten ut fwardiel fon makleke berikberens, wont dur hie bêst un paad- | |
| |
sje oan te lizzen west fon 'e Maremerdyk ô, ut fwardiel west fon un kont en kleare wynkearing. En wie de spoarwei os sadaneg net heeg genôch, don hie mun him oltyt nog ferbreedzje kinnen en mei strûkken beplôntsje. (Hienen wij ek nog un Ferwerterbósk hôn, seit Tilly).
Mar jir redenjerret de kopijskriuwer fonsels net goed, olteast net neffens de útgóngspunten fon 'e wurkferskaffers. Wont ut gie net óm un smûkke, maklek berikbere en sa goedkeap moogleke iisbaan, mar ut gie de plonnemakkers fon 'e wurkferskaffing óm un projekt dêt safólle mooglek wurk ynsiet en dot óm ut moreel yn 'e trûp óp peil te hôden óp ut easte gesicht ek nog nutteg lykje soe. Dêróm ek gjin bjemmen os wynkearing, mar ieden wôlen fon fiif meter heeg en sa breed dot dur un meanmesyne mei twa hynders óp lôns koe, hienen de stimpelders temeansten wot te dwaan, koenen se mar kroadzje. En, dot folt de kopijskriuwer ynienen yn, faaks hat ur de hearen dochs tekwat dien dût ur óp dot ómmelônske paad smeulde, ut is grif sa dot dot paad ek un gefólg is fon 'e wurkferskaffende tinktront fon 'e hearen, grif ha se dur rekken mei hoden dot dur meidertiid wól werrus un peryoade fon wurkleazens kómme koe, en se matte tocht hawwe; kóm, wij lizze de iisbaan óp un ôhondeg plak en meitsje ut paad durhinne sa ûngelokkeg mooglek, rinne dur don skielk wer mónlju un hiele winter wurkleas óm, don kinne se rus un útstapke meitsje nei de iisbaan, kófje en boltsjes mei, don binne se un hiele dei ûnder de ponnen en dangelje se net óp 'e dyk óm of sitte har tús te ferfelen en te ferbyten, sa dógge wij, wij skaffe net olinne de wurkleazen fon no wurk mei dizze iisbaan, mar dizze iisbaan sil ek de kómmende generaasje wurk skaffe.
Sa waden de lotten yn 'e grûn slein en ut terein ôbeakene. En dur waad un skóftkeet slein en planken, batten en kroaden oanriden. De wurkleazen dyt fwar wurk, of ljevver fwar un heger fertsjinst os de steun yn oanmerking kamen, de kostwinners, waden opkómmendjerre en yn twa plûggen yndield, wont óm de hiele grûp fon stimpelders oan ut wurk te setten en wyke óp wyke ut skoandere bedrag fon f 11,86 óp 'e hôn út te tellen, dot koe de brúnne net lûkke. De iene helte de iene wyks, de oare helte de oare wyks, sa wie ut steld, óm en óm, earlik ferdield, de iene wyks f 11,86, de oare wyks f 7, - steun plus trije kwatsjes fwar elk ynwenjend en net fertsjinjend bên. Dot wie wól un skondaleg lyts bytsje, mar dêr hienen se don ek net fwar arbeide. En de f 11,86 dêt se wól fwar
| |
| |
arbeide hiene, koenen se dur lykemin fon kómme, wont de arbeidzjende mônlju mwasten wól un stik bôle mear ha, mar ja, se wjinnen nog goed ô bij de stimpelders dyt mar f 7, - jinnen, dot se móchten net klaaie.
En dû ha se sljetten grûven mei de bots en de módder yn kroaden smyten en binne oer de planken hinne fwótkroade nei ut stee dêt de ieden wôlen lizze soenen neffens de tekeningen. En mei de lege kroade binne se weróm gien en havve de fólle wer ópnómmen en sa havve se oeren tróch kroade en don wer wiksele mei de maat dyt oan 't graven wie, don dizze rus kroadzje en don dy wer, en dût de sljetten djipper waden mwast dur haakt wudde, en waat net wit wot haken is syket ut mar óp yn 't wudboek wont ik stean jir net fwar klwatsekken te skriuwen, mar ik skriuw olinne fwar grûnwurkers dyt de jelt fon 'e fiem ûnderskiede kinne, en dus mwasten de plûggen oas yndield en un kroader graver wudde. Se havve kyle en fesje útsmyten en de pet óp 'e efterhólle skood en de kliemske grûn óp 'e bots fon 'e maat slein en se binne de planken oerkroade en havve un oanrin nómmen en binne bij de ieden wôl ópjage en havve de kroaden leegkypt. En se havve de grûn oanwôde en un kreaze folling oan 'e wôl jûn. En se hawe yn 'e hûkke krekt óp ut easten un got iepenlitten fwar ut offysjele paad, en faaks ek óm de eastewyn dochs noch frij spul te jaan oer de hiele flakte. En se havve de westleke kont fyfteg sintymeter djipper makke os de eastleke, net dot ut nedeg wie wont ut wetter woe maityds wól fwót tróch de sljetten, mar se mwasten dochs wot te dwaan ha en teffens mwasten se grûn brûkke fwar dy ieden wôlen, dot os no jestmes de baan ûnder wetter set wud stekt óp 'e hegerein ut gês ut wetter út, mar óp 'e oare ein stjit un jellen wetter, dot golvet en baret en net maklek en don nog hultereg en bultereg befriest. Mar dot kin ollegjerre gjin klap skele wont tsjin 'e tiid dot de Ferweter iisbaan sterk is,
binne olle fjetten ek sterk en kin mun wól oer Tegrêft nei Odtsjerk en oer ut Geastmer Bûttenfjild nei de Geast en wer weróm oer Bedaad ride. Os ut krekt un pear nachten fêzen hat en elk ut reedriden yn 'e kop krijt en ut ark út 'e kronten hellet, en de smid de slypstien ynwuadder makket, mar de fjetten nog lang net betrouwd binne en mun dus oanwiisd is óp un iisbaan en rûnóm yn Fryslôn de iisbanen iepen geane, don leit dot kring te Ferwet nog iepen meit dur krekt óp 'e eastleke hûkke un brede tróchgóng tusken de wôlen iepenlitten is, dêt de wyn tróchhinne passe en sûûgd wud en meit dur óp 'e fjiste ein tefólle wetter
| |
| |
stjit. En de Ferweters dyt sa gau mooglek ride wólle, fytse un ein de Kleasterdyk út en geane nei de ûnderstrûpte greiden en slagge dêr de skónken út.
Mar neffens Tilly syn heit is dur nog un oare reden wêrómt de iisbaan net sterk wudde wól. Dot is: dur binne tefólle switdruppen fôlen fon 'e gravers en kroaders en sadwaande is de grûn sôteg wudden. Ut is un mopke fon fiifentryteg ier lyn, dût ien ut tsjin un oaren sei en ut fon plûg nei plûg tróchferteld waad en de moed duryn hood, te sizzen: wot mear't wij beolegje, wot minder fwar jim, jim sille dur skielk de sôte fruchten fon plukke. En hat ut sôt syn sôtens ferlen? Ut sôt hat syn sôtens net ferlen, seit Tilly. Tilly hat de smaak fon swit nog yn 'e mûle en Tilly rûkt nog de switlucht. Wont Tilly wie durbij, en Tilly stie foarenoan, yn de bollen fon syn heit. Sljóchtsje neat oer en slag neat yn 'e jamkste fôde! Ferneuk mij mar net, ik wie dur bij en it wit ut, seit Tilly.
Mar de mwaiste bak is nog oltyt dy twa wellen óp 'e fwarein fon 'e iisbaan, dêt ut wetter simmers en winters út wei ómheeg sypert, ja winters ek, os de baan ticht leit, don bliuwe bóppe de wellen gotten sa greot os un teepontsje iepen, en kómt dur tefólle fólk óp 'e fwarein fon 'e baan en wud ut iis swier belêstege, don brûûst ut wetter út 'e beide gotten wei en spielt oer de baan hinne. Ut fólk, ut steande fólk, wont Ferweters steane mear óp 'e baan os dot se dur óp ride, stapt of streket wot fjidder, mar ut wetter fólget óp 'e hakken. En naks befriest ut wetter wer mei ut skrapsel dot dur leit ta ûnnimbere richels dêt beukers oerhinne stróffelje en knóffelje. De monnen fon ut iisklupbestjoer trjowe un dracht prikken yn 'e gotten, don kin elk mar sjen dot ut bestjoer aktyf is. Helpe dógt ut net, ut wetter stjurret net óm 'e prikken hinne, mar sypert en brûûst tróch.
Gods finger, seit Tilly, net oas. God hat net fólle fwar de arbeiders dwaan kinnen, de steun ferheegje, of un put wurk yn un fikse deihier útfiere litte - hie oas bêst kinnen, soe mun sizze, un knap paad oanlizze nei de hel mei parkearstroken en betegele tereinen fwar wuast- en fisktinten en skûlketen fwar reinig waar, san put hie grif wól yn har lijn lein en se hienen dur sels ek nog profyt fon ha kinnen wont arbeiders matte ut ómmes oltyt fwar de helsdwarren weiskwórre, mar óp dot ydee is God grif net kómmen, mar hij hat yn olle gefollen fwar neiwille swarge mei dy twa wellen. Gwódden havve letter onjerre ut soe dúvelswurk west havve, mar Tilly seit: ut is mar krekt fon hókker kont mun ut besjógt. Jo God is
| |
| |
myn dúvel, en jo dúvel is myn God. Sa sit dot, en dêr hûgt fjidders gjin misferstôn oer te wêzen, dur hûgge ek gjin fragen oer steld te wudden. En os ut jo net nwasket don skriuwe jo sels mar un bûk wêrynt jo jo eigen goaden óp 'e troan sette. Tilly sil jo neat yn 'e wei lizze, Tilly sil jo ek net lêze, Tilly hat gjin belang bij jo. Fol Tilly don ek net lesteg mei jo gesijk. Os dur ôdehoerd, kankere, kryten of eamele wudde mat, don hat Tilly dêr wól un montsje fwar.
Lykwols, dit wie net polemysk bedoeld, mar os meidieling. Mei un oare meidieling slút de kopijskriuwer út namme fon Tilly de tillefonist dit haadstlk ô, te witten: Tillys heit grûûf yn 'e iere tryteger jirren de Ferweter iisbaan. Tróch ut saneamde rûljerringssysteem barde ur de iene wyks f 8,50 steun, f 7, - fwar mon en wiif en de beide bên elkmes fyftjen stoeren, en de oare wyks koe ur lykernôch f 11,86 beskreppe, en stie te gûlen bij de keet ómt ur dur net fon kómme koe.
|
|