Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 194]
| |
[pagina 195]
| |
Dûnseres
út it tsjuster fan de seal wei
seach ik har nei, oer syn skouder.
ik woe har fêsthâlde, mei beide
eagen, mar it wie syn marionet,
se dûnse syn spoar. ien kear noch
bûgde se foaroer, sûnder brekken;
foar wa? ik tocht allinne mar oan
hoe't it wêze soe, hoe't it wie
achter it doek, doe't se har
skuontsjes út hie.
|
|