It is drok op 'e dyk. Guon steane by in plysjeauto te gowen. In jonge hat bloed oan 'e kop. Wat ha 'k der mei noadich. It is alle dagen oarloch. Mar gau op hûs oan, en sliepe. Achter it stjoer fiel ik my alhast wer thús. Hy slacht rillegau oan. Dat gepiel mei dy sjook ek altyd. Stadich oplûke, útdraaie. Read stopljocht. THE END OF LAUGHTER AND SOFT LIES.... Grien. Ik sjoch it hûnekopke al foar my. Brune eagen.
As ik de foardoar iepen doch, fljocht er my al yn 'e mjitte. Earst mar efkes der út net? Hy is my al foar. Snuvend stoot er troch it strewelleguod. No en dan stiet er stil om te migen. Oan de einder klinkt musyk. Ynienen betink ik my dat der yn it lêste nûmer fan Trotwaar in stik fan Oene Spoelstra oer Apocalypse Now stiet. Ik bin benijd wat dy der fan te sizzen hat. Aanst mar efkes sjen, ik wie der noch net oan ta kaam.
Werom yn 'e hûs set ik de plaat op, gean der noflik by sitten, en begjin te lêzen. Wagner? Dêr is my neat fan bybleaun. Hat dy Oene in oare film sjoen faaks? Dat is fansels ek ûnsin. Ik ha wol in stikje driigjende musyk heard, mar ik ha der gewoan net sa by stilstien. Hy wol my ek hast leauwe litte dat ik my jûn wer ynpakke litten ha troch it greutkaptaal. Hoe krijt er it yn 'e plasse? Ik ha in poerbêste film sjoen! Dy reis wie ien wylde dream. It wie as kaam ik hieltyd in ferdjipping heger. De filmbylden waarden hieltyd minder realistysk, mar it byld yn myn ferstân hieltyd skerper: THIS IS THE END....
Ik start de platespylder oppenij. Noch mar wat lûder. En in bytsje mear bas yndraaie, kinne de buorlju meigenietsje. Elektroanika docht har wurk wol. Spitich dat de lûdkasten by dizze sterkte wat ferfoarming jouwe. Ik moat noadich sjen om nije.