Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] Eppie Dam (Fiif sonnetten) By it lemieren De earste kiokslach hat ús faak foar jimmer lok ûnthjitten en ús it ivich ljocht tasein. De reade hoanne trêde trinten, die optein in razend rjochte úthaal nei de simmer. In protter, út en troch, as in pianostimmer, socht wif en wifelsinnich om it refrein by al syn blierens, wylst om fierrens: ein en swartnekdûker, tûke ûnderwetterswimmer: Hoe geiend, gekjend dûkte ik dy nei, oanienwei patsjend, boartsjend, ûnder wetter, bewuolle yn it wiete lekken fan de dei haw ik dy mind om doe, om no, om letter. Hjoed stryksto de tearen út it lekken wei en kearst it kjessen dêr't ús holle op lei. [pagina 107] [p. 107] Moarnsbrea De dei is jong, mar swart en âld stiet kâlde thee yn wite koppen. Us eigen teechte leit yn lege doppen: wy freegje inoar net mear om 't sâlt. Stilte hâldt ús fêst yn syn bewâld, hoe't ik ek gûchelje mei de knoppen fan de radio, en ek it iere roppen fan de koekoek lit ús suver kâld. Tusken ús is neat mear, leave, as in tafel mei in sniewyt kleed, en kopkes dêr't wy mar yn reare om de lange dagen fan dit steed. It fee giet weidzjend oer it gea en kôget like stom it deistich brea. [pagina 108] [p. 108] Diagrammen Ik freegje dy gjin nûmers mear en nammen, mar lit it libben wyt op ‘fjouwer fertikaal’, en lês dy ek gjin fersen mear of in ferhaal - 'k betiis my yn myn eigen kryptogrammen. Do fregest my gjin nûmers mear en nammen, mar giest dyn eigen wegen oer it generaal. Gjin diagram seit ús relaasje - egaal leit ús de tiid dat wy tegearre dammen. Wy freegje inoar gjin nûmers mear en nammen, mar spylje swijend scrabble yn ús eigen taal, en hawwe elk ús stavering en oare klammen - wy binne frjemden foar inoar grammatikaal. Diametraal stean' wy inoar foar it ferstân, gjin krúswurd set ús noch yn sinsferbân. [pagina 109] [p. 109] Alles went Alles went: de skelen en de skuorren wurde mei de jierren minder fan belang - âlde skaden lizze slomjend oer 't behang, al ús skellen is ferstomme op de muorren. Wa wit noch dat de maityd ivich duorre? Wat skier en skurf is, klommet al sa lang - wy turvje dizze simmer, as yn it gefang, en dogge yn in keamer meiinoar as buorren. Alles went: de sinne skynt, it reint, it waar waait kâld mei alle winen - stilte wurdt in antwurd - myn lippen skeind en skuldich, wenne wurden ta kwatrinen. Bliksem! It fjûr slacht yn yn it sonnet! Alles went: wy dogge boete noch gebed. [pagina 110] [p. 110] Skieding In tafel tusken ús en fjouwer hannen, tyspeltinkend op it pluzen kleed, diene fjouwer jier yn lok en leed, brieken izer, brieken wetten en ferbannen. In flesse tusken ús en jiskepannen, mar in petear komt net op gleed - fjouwer lippen makken lykwols sneed, makken romte, minden, makken plannen. De leechte tusken ús, de langte fan in tafel is to folle en genôch. fjouwer eagen sjogge wat al wankte, sjogge neat en sjogge spegelblyn omdôch. Wat wy yn de mande ha, ha wy ferlern - do winst my langer net om brea en bern. Vorige Volgende