Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 90] [p. 90] Geart van der Meer Reaklif wij hiene fytst. wij sieten op 't reaklif. it waar wie skier en near, de kimen sieten ticht. faaks gong it op in reinen. wij ieten mei de rêch tsjin rûge stien. o hoe wif wie 't ljocht ús gund yn dizze inge wrâld, dêr't warns mar amper sichtber wie. en dêr't loft, lân, see, gjin grinzen hiene, har net steurden oan de wet fan al 't bestean. - hâld ik fan har, wit ik har lok? - wiene fragen dy't twongen, op in antwurd fergen. wie der hoop op ea te lêzen dat wat stie beskûle yn dyn hert (myn hert?) - sill' dagen fan heldre loften, ljurkesang, mij dit riedsel noch ferklearje? - doe is in wûnder bard. myn eagen seagen. lang. en ik fûn dêr dat loft lân see soms gjin begrinzing wit. [pagina 91] [p. 91] Grenen wij hiene rûn. fiif oeren lang. bolderjend hie de see ús besâlte en ferdôve fan râbjerg mile ôf, dêr't we swier tôgje moasten troch 't giseljend sân dat, wyt skolprjend fan heechste helmgerstoppen, ús ferbline hie mei kleur en kerrel, nei grenen ta, dêr't twa streamen nimmer net frede ha, mar yn ivige botsing inoar fine yn skombrûzjende stegering. yn 't lij wiene, wurch en ferwaaid, wij einlings kommen en fûnen doe it wyngerûs ferstomme, en it weachgebolder fier - ik seach dij oan, en winske dat der dochs ferlossing wie en dat ús lange swalk dochs lijte bracht - mar 'k wist ek, al hoe lang't ik dij ek socht, dat moetsjen nea, nea net oars as botsing wie. Vorige Volgende