Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 85]
| |
[pagina 86]
| |
dû nimst my yn dyn earmen
elk wanich ljocht stiet yn 'e wei
wy nimme inoar foar ivich mei
dyn siken stûkje yn myn hert
myn bloed rint yn dyn ieren
dyn geheimen slachst och sa hoeden
oer myn noeden
tusken twa generaasjes lizze wy
troch wide kosmos swiid omsingele
warleas wachtsjend
op de nawlestring
fan it bernjen
| |
[pagina 87]
| |
Klacht fan Eva
Adam lea hwerom dochs stjerre
hiene wy 't net moai togearre
hwer brochtst dyn hert dyn lûd
dyn biente en dyn hûd
dyn tosken en dyn mûle
dyn waermte en dyn tûle
dyn anekdoten en forhalen
dyn min yn sokke wûndere talen
hwer dyn oerbigryp en stille wille
hwer alles hwat yn dy sa ûnbirongen libbe
hwerom naemst Eva oars net mei dyn ribbe
| |
[pagina 88]
| |
Hjerst
iensum hûs
keale beammen
ûnwennich lânskip
doem fan moanneljocht
d'eleminten barne los
doarren klappe
binten kroane
groun spjalt
dea spûket om
splinterglêzen
broazelmuorren
gibbegatten
it dak falt yn
wy wennen dêr
ûnder frachten fan lok
| |
[pagina 89]
| |
foar de spegel fan de wierheit
stean ik dy yn 't ljocht
sikest om it bern fan juster
it is forlern yn 't tsjuster
fan de tiid
al dy ronfels en dy strakke mûle
gjin swym mear fan de âlde tûle
woest nei de jonge foarmen rikke
lea dû soest sa skrikke
o, de ieuwen dy't ús skiede
ús al mar fierder út inoar liede
al soe ik krite en skreauwe
dû soest de echo net iens leauwe
|
|