Lieuwe Hornstra
Talmûd
Alhoewol't de foarste tritiger jierren net sa'n fleurige tiid wie, hâld ik der dochs wol aerdige oantinkens fan. Wy wiene weromkommen fan Utert nei Leiden en wennen yn it ûnderhûs en it efterhûs fan in mânsk hûs út 'e sechstjinde ieu, mei in wintertún, en in éftertúntsje dêr't neat dije woe, inkeld in brune hûd. It wie kleare earmoed, mar foar in dûbeltsje hie de frou ierpels en griente foar de húshâlding: man, frou, twa bern, in poppe en dêrmei wer ien.
It hûs lei oan in wide grêft dêr't de skippen troch fearen, op merkdagen fol âljende kij. Winterdeis lei der in frysk turfskip foar de doar, mei kreas opsette boppelêst dêr't de skippershúshâlding fan troch de tiid moast.
Frear it hurd, dan bounen wy ús foar de doar op en rieden fuort nei de greate marren.
Wurk wie net to bisetten; by einbislút kaem ik yn 'e kunde mei in man dy't in lytse winkel hie op 'e hoeke fan twa smelle stegen; hy forkoft mikroskopen, snijdoazen, chirurgysk en medysk ark, en folsleine ynrjochtingen foar in nije medyske praktyk. In stil en dimmen man, Grünbaum wie syn namme. Ja, hy koe my wol brûke, ik soe nei semi-artsen ta en bisykje it ynstrumintarium to forkeapjen foar takom jier nei it dokterseksamen; it persintaezje foar my haw ik net mear yn it ûnthâld, it barren wie ûnregelmjittich en fan de rekkens haw ik nea hwat bigrepen. Hy wie gjin Nederlanner, hwer kaem er wei? By biten en brokken fornaem ik it wichtichste. Syn berteplak hie Russysk west, nei de oarloch '14-'18 wie it Poalsk wurden; flechte foar pogrom en earmoed kaem er yn Dútsklân, arbeide yn 'e koalemyn, krige tuberkuloaze, genies, gyng nei Nederlân as fortsjintwurdiger foar hwat medyske ynstruminten, letter foar in Ingelske mikroskoop, hierde hjir in winkeltsje mei in lyts hûs derboppe; hy wie doe net troud. Mei gauwens founen de studinten har wei nei syn winkel; alles hwat er forkoft wie goed, hy wie net fan 'e djûrsten. Ut syn bernejierren wei spriek en lies er Russysk as offisiële tael, nei de oarloch waerd dat Poalsk, yn 'e hûs fansels Jiddysk, yn sjoel Hebrieusk; yn Dútsklân moast it Dútsk wêze, doe't er siik wie learde hy Frânsk: ‘si