Geart van der Meer
Bêste Piter,
Ik soe graach op dyn briif yn it koart yngean wolle om sadwaande inkelde dingen rjocht te setten.
1. | Aste mienste dat ik foar Smit opkom, hast it mis, en kinst net goed lêze (eat dat dy troch oaren ek wolris ferwiten wurdt, en net te'n ûnrjochte). Do diest yn dyn stikje in útfal nei TROTWAER, en it redaksjebelied dêrfan, en myn tichelwurkje ‘Pitertuerlik’ yn TROTWAER 1979-5 is neat oars as in ferdigening fan ús belied. |
2. | As ik ‘maten’ skriuw, dan steane dêr gjin heakjes om hinne, mar skrapkes, oanhellingstekens, of hoesto se ek mar neame wolste. |
3. | Do bist sa't skynt it slachtoffer fan in wûndere betizing asto tinkst dat mei in morele útspraak oer Labot dyselde morele útspraak ek oer de skriuwer fan it boek dien wurdt. Dyn saaklike (of ‘sakelike’ om yn dyn styl te bliuwen) argumint om dy saneamde ‘persoanlike oanfal’ te wjerlizzen ha ik noch net sjoen, en sil ik ek net sjen, omdat it net in persoanlike oanfal wie. Ik fyn it in wûndere saak dat ien dy't him oanstelt as literair kritikus dy elemintaire wiisheid noch net ferwurven hat. Mar dêr bij HJIR lizze de saken blykber oars? |
4. | Om hjir noch even op troch te gean: sûnt wannear is it ferbean om in beskaat weardeoardiel te hawwen oer romanpersoanen? Literatuer is gjin ifoaren toer, mar hat altititen op de iene of oare manier mei it libben te krijen, en it libben is net te tinken sûnder morele oardielen. Do hiest beseffe moatten, mar dat ha ik al faker sein, dat in moreel oardiel oer in romanpersoan los stiet fan it oardiel oer de literaire wearde fan it boek: ik kin mij bijgelyks bêst in goed boek foarstelle oer in figuer as Hitler. De fraaech dy't Smit yn wêzen oanroert is dizze: hoe kin in persoan as Labot it wurd ‘wanhopich’ foaroan yn 'e mûle lizze at er ûndertusken ‘prinshearlik’ troch de wrâld fytst? Smit seit dus yn wêzen dat it hâlden en dragen fan Labot funksjoneel net goed útwurke is. No, ik soe sizze, dêr hiest dyn saaklike pylken moai op ôfsjitte kinnen, want dêr is wol deeglik konkreet oer te tsieren. Ik wol hjir wol bij sizze dat ik it OP DIT STIK ek net alhiel mei Smit iens wêze kin, mar ik heakje dêr fuortdaalken oan ta dat er fan ditoangeande echt wol arguminten boppe tafel brocht hat. It probleem is fansels dat der net hieltyd bij stiet fan: ‘argumint’ - eat dat foar minne lêzers sa't skynt tenei al moat. |
5. | Jawis, Piter jong, ik soe graach ris mei dij tsiere wolle oer etyk en moraal yn 'e literatuer. Do bist begûn, dat ik soe sizze, kom mar op! |
6. | Fierders silst ek wol beseffe dat dyn útskellen fan Smit as ‘faksist’, want dat dochst, der fier bij troch is. Piter, ik fyn dij as njonkelytsen in wûndere skiter. ek yn dyn oare gesoademiter yn HJIR de lêste tiid. |