Piter Yedema
Bêste Geart,
Yn dyn tichelwurkje ‘Pitertuerlik’ yn TROTWAER 79-5, side 314, stelst dou dat as ik ‘echt hwat wollen hie’, dan hie ik de keutel net yn ús Hjirlatrine falle litte moatten. Ik hie Smit mei sakelike arguminten bistride moatten.
Dyn stikje makket it noadich om in pear misbigripen dystou út forsin of willemoeds, dêr bliuw ik ôf, makkest, to bistriden. Dit moat liket my mooglik wêze. Dou komst op foar Smit, hoewolst dy sels hiel goed by steat achtest om syn eigen saek to bipleitsjen, ik kom op foar in maet - alhoefolle heakjes ast dou der omhinne sette wolst -, dy't rjocht hat op in earlik en fundearre bisprek. Omt wy beide foar in oar opkomme, moat it mooglik wêze eat to reitsjen dat bûten de persoanlike sfear leit.
It docht út dyn stikje bliken datstou myn sakelik argumint net waernommen hast. Dou neamst trije mooglikheden op dy't troch my net as in sakelik argumint brûkt binne. Faeks kinst dêrmei de Trotwaer-lêzer stront yn 'e eagen wriuwe, - mar sa soene wy net.
It haedbiswier tsjin Smit syn bisprek kin ik it bêste formulearje oan 'e hân fan it earder brûkte sitaet en omt ik dy (yn 'e latrine HJIR juny '79, s.39) net dúdlikernôch is, dêrom sil ik it hjir fierder útlizze. Ik wol wier wol hwat.
De auteur om misforstân foar to kommen, is Labot.... Mar dêrefter, efter Labot bidoel ik, sit fansels Piter Boersma: in earsten egotist, in forfelend potiten, in nuvere kloatsek. In Fries fan it minne soarte... It sakelik argumint hjirtsjin is yn haedsaek dat in bisprekker hjir morele wearde-oardielen útsprekt oer in haedpersoan fan in roman. Fansels, dat hastou goed sjoen, sit achter dizze foroardieling wer Piter Boersma, en dat is dan it persoanlike argumint. Ik lit dat fierder mei rêst, it gyng oer dat earste. My tinkt dat in tekstûndersyk gean moat oer de konstruksje, de patroanen, de tydsynfulling, de styl, mar dat in bisprekker net tastien wurde mei net-fundearre foaroardielen oer syn objekt út to sprekken. Hwat dat oangiet is de útspraek dat in skriuwer it him al of net ‘maklik’ meitsje kin mei in haedpersoan, relevant. Hjir priuw ik in cliché-foarstelling fan hwat in roman wêze moat. Dêr hearre faeks ûnderhâldende figueren thús, en allinne it ‘bêste soarte’ Friezen. De kar fan jou haedpersoan is dus biskiedend oft jo ‘in wier slagge roman’ skriuwe sille. Sa'n útspraek stiet tige ticht by de diktatuer fan it sosiaelrealisme. De ‘helden’ yn dizze wurken moatten pûr fan de ‘bêste soarte’ wêze. De rest wurdt net printe. Wy, yn it frije westen, binne safier al hinne, wy meije grif ek de underdog, de oebele naneurs ta haedpersoan kieze. De roman, de konstruksje, hoecht der net minder om to wêzen. Mar dan bistriid ik al datstou de bisprekker it rjocht jaen wolste morele