oan te merken wie, haw ik nea net begrepen.
Ik fyn nammers dat Jant Visser-Bakker yn har ‘antwurd’ dêr frij maklik oer praat, krekt as is it ferskinen fan boekjes dy't it besprekken net wurdich binne, de gewoanste saak fan de wrâld. Dat sok lêsfoer gjin goed, mar ek gjin kwea docht, lykas hja hawwe wol, liket my likegoed in frijbliuwende riddenaasje. Ik bin der net wis fan, mar it soe wolris sa wêze kinne, dat de bern dy't hjoed oerfuorre wurde mei dit neat-sizzende lêsfoer, moarn de folwoeksenen binne dy't longerje op de brouten rotsoai dy't fan de parsen komt, om mar gjin nammen te neamen.
Ik haw ‘Moarke’ foar in twadde kear lêzen. Mei wat minder argewaasje, dat wol, mar dat koe ek net oars: ik hie myn galle al spuid. Myn oardiel bliuwt gelyk. As lêsboek bliuwt it in ‘ûnmooglik’ boek (sjoch de arguminten yn it besprek, dy't noch hieltyd jilde). De kwalifikaasje ‘ûnmooglik boek’ wie en is nammers gjin skellerij, mar clean-kritysk; ik mien(de) it letterlik: in boek dat net kin. As foarlêsboek (lykas Jant Visser-Bakker it kwalifisearje wol) fyn ik it net in bêst boek. It is te lang en te dreech: de skriuwster kin har net beheine; hja kin better fertelle as skriuwe. Boppedat is it te folwoeksen nei de taal, faak te grutminskerich nei it taalgebrûk en gauris te âldwivich nei de psychology. Dat de bern foar wa't it boek ornearre is, dêr gâns oars oer tinke, kin oan dat oardiel neat feroarje. As de bern mei wa't ik dei út, dei yn omslaan, hieltyd dy boeken út de kast krije dy't ik eins wol op de souder ha woe, dan kin dat feit oan myn oardiel oer dy boeken ek neat feroarje. En as dy bern ‘De man van zes miljoen’ en ‘De Hulk’ gâns better achtsje as ‘De film van Ome Willem’ en ‘J.J. de Born’, dan seit my dat noch neat oer de kwaliteit fan dy tillevyzjeprogramma's.
Ik ha begrepen dat der plannen binne om ‘Moarke’ op 'en nij út te jaan. Ik bin dêr net foar. It boek hat syn tiid hân. En as it wier is dat it ferslinen fan bernelêsfoer bepalend is foar de lêsfoarkarren fan dat bern yn letter jierren, dan bin ik der op tsjin. Ik doar nammentlik elkenien (mysels derby) rjocht yn de eagen te sjen as ik ‘Moarke’ rubrisearje yn de kategory (foar)lêsfoer. En wurdt dat mei in nije útjefte op 'en nij produsearre, dan sis ik, sûnder argewaasje, sûnder frustraasje, krekt sa't ik it sis: mei it ús wol bekomme, of sa't wy thús altyd seine. dat it mar sakje mei. Ensafuorthinne.