Teije Brattinga, jo bittere konklúzje, dat it bern oeral en altyd de ûnderlizzende partij is, kin ik hielendal yn meigean. It is de ûnfolwoechsenens fan de minske dêr't it eins út weikomt.
Dat elk dy't foar bern skriuwt de dingen út syn eigen wrâld fan great minske wei skôget en seit, dat is foar't measte ek wier. Dogge Jo sels ek. Ik ha in bult mei bern omgien, ik ha sels ek bern west. Lêste winter haw ik myn famkestiid biskreaun om myn bernejierren yn't âlde doarp mei syn eigen sfear, de skoalle, ús húshâlding, foar myn eigen bern en bernsbern fêst to lizzen. Uttekenjen hie miskien noch direkter west, mar ik kin allinne mar tekenje mei de pinne. De opset wie lykwols, om ris wys to wurden hwa't nou dochs dat bern wie, dat famke fan doe. Hoe libbe, fielde, réagearre ik? Hwat wiene myn eigenskippen, hoe seach ik de minsken? It hat my wol hwat wizer makke en ik siet der wer hielendal yn, ik krige ek guon yndrukken en fielings helder troch. Mar dochs bleau se my frjemd, se hannele en die bûten my om, der wie in distânsje. Ik seach har mei de eagen fan de folwoechsene en as folwoechsene biöardiele ik har dwaen en litten.
Ik leau daelks dat berne-psychologen, minsken dy't alle dagen bern biskôgje en biharkje, dat hja de iene of oare fieling hawwe foar hwat bern tinke en ûndergeane. Erfaring kin in soad dwaen, mar.... bern wurdt men nea wer. Men kin fan bern hâlde, bern mei ynmoed bistudearje en folwoechsen genôch wêze om it bern sa goed mooglik syn gerak to jaen, yn 't geastlike dan, mar mear kin men net.
It bern is ûnfrij, wurdt manipulearre en ôfhinkelik as it is, moat it bern it altyd forlieze. Ik bin bliid mei ‘J.J. de Born, voorheen de Kindervriend’ en syn foargonger de Stratenmaker-op-zee-show. Hjir wurdt hwat iepenbrutsen, like goed as yn it Ikon-programma op woansdei to joun. De frije skoalle (Steiner) fiedt de bern ek hiel oars op as de tradysjonele. De ‘griene biweging’, sa as dy him manifestearret yn de striidbere Ecologische Beweging, sjocht op't ein fan har stribjen ek in nije minske. Hwant dy moat earst komme ear't in bern frij opgroeije kin. It hechte bousel fan de ekonomy fielt dy skopkes net iens, noch net tominsten.
Dat der net in bulte skreaun is oer it bern dat yn in hoeke trape wurdt, rounom op 'e wrâld, is net sa. Kasten en kasten fol. Tink mar oan Dickens, Mark Twain, Kästner, oan al de nijere boeken oer fordrukte minderheden, tink mar oan Kosinski mei syn Ferve Fûgel. Ek: to uzes: Boefje, Sprotje, Ciska de Rat, Merijntje, Bartje, Koentje van Kattenburg, Jaapje.... folle mear noch. Yn guon fan dizze boeken sit ek wol maetskippijkrityk. Mar krityk en konstatearjen reitsje de maetskippij net. Oer en om ús ha se in kouwe flechte, dêr't wy allegear yn finzen sitte. De kouwe fan de greatmachten. Mocht dy ienkear iepenbrutsen wurde en litte wy ús hope net forlieze, dan sil Trotwaer al lang net mear bistean, mar miskien is der noch in lyts kânske, dat de minske frij wurde sil, frij en folwoechsen.