| |
| |
| |
Cees van Mourik
Besprek
Rink van der Velde
De houn sil om jim bylje
BV Friese Pers, Ljouwert 1978.
It nijste boek fan Rink van der Velde is rûnom te krijen en ik moat sizze, it is de muoite wurdich om it oan te túgjen. As men it boek lizzen sjocht, fielt men jin der suver troch oanlutsen, it yntrigearret. Ies Spreekmeester hat nammentlik fan it omslach in masterstikje makke: in soart fan bijkehûn sit byljend foar in pleatske yn in winterske wrâld, dêr't de kjeld en de iensumens fan ôfstrielje.
Hoe goed en treffend it omslach ek is, as men it boek trochblêdet falt it wat ôf. Etlike siden binne skean printe, de iene side is wat heger of leger as de oare. It boek is wol goed te lêzen mei syn moaie grutte blêdspegel en syn foarse lettertype.
En as men begjint te lêzen is men ferlern, want it pakt jin sa, dat it yn ien sike útlêzen wurde moat. Wat dan wer ôffalt, is dat der in stikmannich printflaters yn steane. Mar hawar, faaks dat dat by in nije printinge wol oerbettert.
De skriuwer is te dimmen as er seit (op it omslach): ‘Mear as in forhael is it dus net.’ It boek, dat giet oer in man dy't it mar min mei de maatskippij lykfine kin en ta in fjouwerfâldige moard dreaun wurdt, soe typeard wurde kinne as in psychologysk-histoaryske roman. Neffens Von Wilpert yn syn Sachwörterbuch der Literatur ‘betont ein psychologischer Roman weniger die äusseren Handlungsvorgänge als ihre Wirkungen und Keimzellen im Seelenleben der Personen, deren Empfindungen und innerseelische Reaktionen er im Zusammenhang beobachtet und wiedergibt’ (‘leit in psychologyske roman de klam net op it uterlike hanneljen sels, mar op hoe't dit trochwurket en ûntstiet yn it sielelibben fan de persoanen, dêr't it fielen en de ynderlike reaksje yn har gearhing fan achtslein en werjûn wurde’). Dat is hjir krekt it gefal: út Lute Woudstra syn geast, dy't net te bedjipjen is, komt syn tsjustere hanneljen fuort. Mar it is tagelyk in histoaryske roman, om't alwer neffens Von Wilpert
| |
| |
‘der historische Roman as Form der Gesellschaftsdichtung geschichtliche Ereignisse und Personen in freikünstlerischer Prosagestaltung behandelt...’ (‘de histoaryske roman as foarm fan maatskippijskriuwing histoaryske foarfallen en figueren behannelt yn in frije artistike ferhaalfoarm...’).
Dat it fermoardzjen fan de fjouwer plysjes yn it op ien nei lêste haadstik ‘ein geschichtliche Ereignis’ wie, witte guon âldere minsken noch wol. Foar dy âlderein ûnder ús liket it my wol nijsgjirrich ta, om oer dy saak, dy't doetiids gâns opskuor joech, noris in romantiseard ferslach te lêzen.
Mar wa't him foar de wierheid ynteresseart, kin it boek fan Dr. G. Overdiep De strafzaak tegen IJe Wijkstra (ferskynd by Lykele Jansma, Bûtenpost) yn 'e hûs helje. Wol tafallich, dat it krekt om deselde snuorje hinne ferskynde as it boek fan Van der Velde. It boek fan Dr. Overdiep is yn striemin Nederlânsk skreaun, mar dat komt om't er de âlde prosesstikken as grûnslach brûkt hat. Hy woe sa ticht mooglik by de skiedskriuwing bliuwe, dat sadwaande.
It skeelt net folle, dan kinne wy fan in IJe Wijkstra-boom prate, want men hat al yn 'e krante lêze kind, dat guon minsken dwaande binne, oer syn libben in film te meitsjen.
Soks liket my in nuodlik ûndernimmen, want ik tink net dat der in soad akteurs binne, dy't by steat binne om sa'n ynhâld oan de figuer fan IJe Wijkstra te jaan, dat it folslein dúdlik wurdt, wa't er eins west hat. Tink bygelyks mar oan de boeken fan Kafka, dy't ferfilme binne en hoefolle swierrichheden it jout om syn Entfremdung wer te jaan.
Om it allegear wat dúdlik te meitsjen folget hjir in koarte gearfetting fan it boek.
Lute Woudstra hat Feikje van der Wal yn 'e hûs helle. Feikje hat de bern yn 'e steek litten en sadwaande komt in plysje op 17 desimber 1929 de reed del mei in dachfaarding foar har, dy't betekene wurde moat. De striid mei it gesach begjint. Lute syn andert is gjin goed teken: hy sjit buorman Frâns in botsen út 'e hân. Lute syn hûntsje, dat oars sa goed as bôle is, wurdt wei mei de sturt tusken de poaten. As Lute de jûns mei Egbert van der Bos te spyljen giet, sjit Egbert op diggelfjoer, dat se ûnderweis sjogge. Yn dit haadstik wurdt dúdlik dat de skriuwer de grifformearden net sa botte heech hat. Op 'e weromreis docht in hûn in wraam op Lute, mar hy sjit it dier my trije kûgels dea. Syn eigen hûn sit te byljen as er thús komt, der is no wer in stap dien op it paad, dat ynslein waard doe't Lute op syn buorman skeat.
Op 'e twade dei wurdt de eftergrûn fan Lute dúdlik. Hy moat gâns lêzen hawwe, en al dy boeken komme foar 't ljocht: Nietsche, Flammarion, Flower en boeken oer spiritisme en sosjalisme. Nei dizze dei wit Lute dat er ek dizze nacht, lykas de foarige, net sliepe sil.
| |
| |
De tredde dei set yn mei wer in oerheid, dy't belies jaan moat. Popkema, in evangelist, wurdt hjitten op te pakken, as er, troch de plysje stjoerd, Lute oanprate wol dat Feikje mar fuortgean moat. Lute andert wer mei geweld: hy sjit op de pealtsjes by de reed as Popkema ôfstekt.
Yn in lange flash-back wurdt de ûntjouwing fan Lute dúdlik, hy nat him ôfkeard fan it kristendom en wurdt rationalist. ‘Foar him is kristlik leauwe, spiritisme en wat der fierders útfûn wurdt om de minsken yn 'e stokken te hâlden, it selde as spûkerij en foartsjirmerij. Hy gniist om al dy bangmakkerij.’ (s. 115) By syn men yn Oerterp is Lute noch it earlikst, hy praat ek mear as oars. De nachts bilet de hûn wer en Lute sliept wer net. De moarns fan de fjirde dei warskôget Frâns him, dat Lute ‘....it der net op oankomme litte moat, dan pakt it forkeard út.’ De jûns hawwe Lute en Feikje har earste petear. By eintsjebeslút sliepe hja mei-inoar en dêrnei spilet er noch op 'e harmonika. It lêste ferske is: ‘ik zie een poort wijd open staan, waardoor het licht kan stromen.’ As er him dan deljout, sliept er daliks. Om twa oere wurde hja wekker fan de hûn, dy't bilet. De hûn wol net yn 'e hûs komme, Lute kriget de buks en sjit op 'e hûn. Om it dierke dea te krijen moat er him de hals útsnije. Dan om healwei sânen komt de plysje, ien dei te betiid, mei in arrestaasjebefel foar Feikje. Se binne mei har fjouweren. Lute wurdt lilk. Hy hellet syn gewearen fan 'e bêdsplanke, docht de doar iepen en sjit.
Ut it lêste haadstik, in kranteferslach yn it Nederlânsk, wurdt dúdlik dat hy se alle fjouwer deasjit en de hals útsnijt.
Dit ferslach is dêrom nijsgjirrich, omdat net iensidich oer de moardner praat wurdt, mar mear kanten fan syn wêzen út 'e doeken dien wurde.
Dit boek slút oan by it oare wurk fan Van der Velde, en wol by trije boeken yn it bysûnder, te witten: de Fûke, Foroaring fan lucht en Pake Sytse. Yn Foroaring fan lucht en Pake Sytse wurdt ek tsjin it gesach yngien, mar mei in oare ôfrin.
Wylst yn De houn sil om jim bylje de haadpersoan Lute Woudstra yn earste ynstânsje de slach tsjin it sosjaal, tsjerklik en wetlik gesach (boargers fan it doarp, dy't in folksgerjocht hâlde wolle, Popkema en de plysje) wint troch geweld, dêr hâldt it boek ek op, of teminsten it frysktalige diel, kin Durk Snoad it allinnich noch mar oprêdde troch syn snoadens. Boppedat wurdt Durk noch holpen troch nijmoadrige ferskynsels as bygelyks it kreakjen fan syn âlde hûs. Mar Durk Snoad hoecht noch mar tsjin ien ynstânsje te fjochtsjen, te witten it wetlik gesach. Durk Snoad hat fierders neat te lijen, hy libbet wol oan 'e râne fan ús maatskippij, mar dy komt him net oan it gefoel. Syn skoansoan Gerard bygelyks, dy't hiel gewoan libbet, hat neat yn te bringen, krek as de fertsjinwurdiger fan it gesach Feike Dam, hoewol't dy striid folle fûlder útfochten wurdt; en mei alle oaren, bygelyks de boargemaster en de man fan sosjale saken, dy't dochs al in bytsje ûnsichtber bliuwe, weeft Durk Snoad linich ôf
| |
| |
Pake Sytse kin letter noch sa snoad weze, ús maatskippij hat it sa goed mei him foar, dat er gjin oare kar hat, as himsels tekoart te dwaan. Hy ferliest de slach oer alle boegen. Pake Sytse hat allinnich noch mar te striden tsjin syn eigen neiteam, wêrfan mar ien, in hippy dy't it sels ek net yn ús maatskippij bankje kin, him helpt, en twa oare Cavaliers him gewurde litte.
Mar De houn sil om jim bylje hat de measte oerienkomsten mei de Fûke. Dat is ek in psychologyske roman neffens boppesteande definysje, mar der is mear. De skriuwer hat beide boeken by inoar oanslute litten, om oan te jaan, dat hja as fan de selde soarte beskôge wurde moatte. De haadpersoan, de fisker, is ek net mijen, as it om geweld giet: ‘Dat er om de jonge dy boskwachter oer de kop sjitte moast wie net slim.’ (s. 91). Hy achtet gjin gesach (s. 19) en boppedat: ‘Hy hie in greate haet tsjin plysjes en alle oare mannen fan it gesach...’ (s. 17). De fisker hat ek yn Dútslân sitten yn syn jonge jierren en hy hat by it staken net swak byspile (s. 58).
Sawol Lute as de fisker hawwe in hekel oan finen en it opsluten wêzen. Lute en de fisker sykje net om swierrichheden of om lijen. Beide binne hja iensum, ek yn harren famylje. De fisker hat al jierren net mear by syn frou sliept en syn soan giet syn eigen gong. Lute docht fan syn jonkheid ôf syn eigen dingen, hy lêst en tinkt. Beide wenje hja yn iensumens, Lute yn in sosjaal, de fisker op syn pôle yn in geografysk isolemint. Sa, yn dit folsleine allinnich wêzen, kinne hja har eigen noarmen fêststelle. De fisker ferriedt de skoalmaster net, hoewol't er dy man eins net lije mei en Lute ferriedt Feikje net, dêr't er ek net sa sljocht op is. It is mear de hiele gong fan saken, hoe't de wetlike oerheid har mei harren bemuoit, dy't tsjinsin en réaksje opropt, en dan is der gjin paad mear werom. Har ferset giet oant de dea ta.
Ek yn opbou lykje beide boeken op inoar. Yn De Fûke spilet alles him op ien dei ôf, by De houn sil om jim bylje nimt de hanneling fjouwer dagen yn beslach, dus by beide boeken sjogge wy in hiel koart tiidrek. Yn beide boeken wurdt mei oergongsleaze flash-backs arbeide, sadat hiel suver de assosjaasjes werjûn wurde, dy't nedich binne yn dizze romansoarte. Boppedat binne beide boeken spannend, hawwe âlve haadstikken en stiet it hichtepunt yn it foarlêste haadstik.
As men begjint te lêzen, falt it fuort op dat Lute gjin ‘gewoane’ arbeider is, mar in minske, dy't yn syn eigen wrâld libbet en syn eigen noarmen fêststeld hat. En dat witte alle oare minsken ek. ‘...dat it dy yn 'e plasse slein is, dat wit elk wol...’ (s. 22) en ‘Dieren en minsken meitsje him net kjel.’ (s. 55). Tige dúdlik is: ‘Hwat kin en hwat net kin, dat sille wysels wol útfine.’ (s. 8/9) De skriuwer set Lute fan syn jonkheid ôf yn it fermidden, dat eins gjin fermidden is, om't hy troch syn oanlis allinnich bliuwe moat. Fierder bekrêftigje de boeken, dy't hy lêst him yn syn wêzen. Mar
| |
| |
net inkeld syn lêzen foarmet syn ûntjouwing, Lute hat ek in hiel komplisearre geast en syn tinken is, hoe moat ik it sizze, yn 'e tiis. Dêrmei is fansels ek anneks, dat er sûnt syn jongesjierren mar in bytsje sliept hat. Yn Dútslân kaam it der ek mar it bytsje fan (s. 116) en boppedat hat er omtrint altiten pineholle, om krekt te wêzen: hy is der gjin oere frij fan. Mar it is net maklik om hjir oarsaak en gefolch útinoar te tizen. Lute is fierder in matich man, hy mei (kin?) net oer drank, smoke docht er mar in bytsje, Feikje hat wol ris in wyldere man belibbe en hy yt ek it measte net. Wy soene him hjoeddedei slim yntrovert neame en dy gewelddiedige ûntploffing is ek te ferklearjen, om't er him nea uteret, mar alles opkroppet.
De twade haadpersoan nei Lute is syn eigen hûn. Yn dit boek komme twa hûnen foar, ien by in boer, dêr't Lute de jûns foarbyfytst, en syn eigen. Om it fuort mar te sizzen, syn eigen hûn is Lute syn gewisse. Dat sil ik aanst bewize. De hûn fan de jirpelboer is allinnich mar de definitive ‘Auslöser’, buorman Frâns wie de foarlopige, doe't Lute him in botsen út 'e hân skeat. De hûn fan de jirpelboer stjert nei trije skotten, dy't ôffjurre wurde fan in koarte ôfstân; Frâns stie tweintich trêd fier en hoewol't it doel lyts wie, hie Lyte mar ien skot nedich.
As Lute dan nei it deasjitten fan de hûn thúskomt, gûlt syn eigen hûn de earste kear. Lyte syn gewisse seit him, dat der no gjin paad werom is. Fan it begjin ôf hat de hûn Feikje net lije kind. Hy wie al goed tsjin de plysje, mar om Feikje makket er in bôge, nei de sjitterij op in minske wurdt er wei. Dêrnei is Lute syn hûn yn 'e war, en sa Lute syn gewisse. De hûn spûkgûlt dy nacht, Lute sliept ek net. As Lute mei Feikje sliepe sil, komt de hûn yn opstân, omdat it eins net kin. Lute en Feikje komme hieltiten tichter ta inoar. As Lute de doekspjelde oan Feikje jout, dy't er foar har yn Drachten kocht hat, begjint de hûn wer te byljen. Syn gewisse giet der tsjin yn.
It rint der op út, dat Lute syn gewisse it swijen oplizze moat om de moard oan de plysjes barre te litten. Dat slagget op 't lêst al, en it is in hiel prachtich beskreaun, ôfgryslik toaniel. Lute, de tûke skutter, moat acht kear sjitte om syn gewisse stil te krijen en dan moat it dierke de hals noch útsnijd wurde.
Lute wit dat it barre moat, mar hy is der goed mei oan. Hy gûlt en mient dat er spuie moat.
Lute is in bistefreon, hy steurde him ôfgryslik oan syn heit, dy't grouwe hûnen ophong en lytse fersûpte. Lute is wol in streuper mar mear út needsaak as út wille. It sketten wyld mei net lije, mar wurdt fuort deadien. Mar nei't er syn gewisse stilkrigen hat is der fierder gjin hâlden mear oan. De plysjes wolle wat fan Lute, wat neffens himsels net kin.
Hy leit syn eigen mjitstêven oan, mient dat er gelyk hat en sjit.
Nei dizze koarte ynterpretaasje wol ik it noch oer twa motiven út dit
| |
| |
boek hawwe. Earst de religy. It is gjin nijs as ik sis, dat Van der Velde him oer de grifformearden net sa bêst útlit. Dêr binnen gâns redenen foar, mar dêr giet it hjir net om. Van der Velde lit de finen in dûbbelde boaiem hawwe.
Yn De Fûke bygelyks hat de skoalmaster Braaksma in oranje strikje, mar ûnder de kraach. Nee, dan de fisker, dy hat gjin strikje, mar jout syn libben foar in stikmannich ûnderdûkers. Braaksma mei by de fisker dan ek net mear op 't hiem komme.
Popkema wordt ek de doar wiisd, mar it is mei him al wat oars. Dizze helpt de wurkleazen, al it is noch sa'n bytsje en is in frijwat nochteren figuer. De echte fine boeren hat Frâns mâle ferhalen oer en Lute syn mem, dy't o sa tsjerks en from is, seit it ek moai op as hja fan fine dûmny's praat. ‘De dominé op 'e 'pein kaem eartiids allinne by de boeren, de arbeidersminsken moasten by him komme. Mar dizze (Popkema-C.v.M.) komt by elkenien en sa heart it ek. Dizze man is ek gjin dominé fansels. Hy is der neat minder om, hear. Yn ús tiid dan wie in dominé in man dêr't jo by op seagen, mar menear Popkema is hiel gewoan. Hy praet lyk as wy, gewoan yn it Friesk en hy docht in soad foar de minsken’ (s. 128). De foarm Friesk, dy't guon minsken faaks ûngewoan fine, komt fuort út it feit dat Van der Velde dialektferskillen oanjout yn de sprektaal. It slagget Popkema net om noch wat te berikken, wy hearre alteast neat mear fan him.
Twad de seksualiteit. It is de grutte krêft fan Van der Velde, dat er ús Fryske taal sa hoeden hantearje kin, as it om seksuele dingen giet. Der wurdt hiel wat oeral helle: abortus provokatus, nymfomany, ympotinsje, sodomy, masturbaasje, pedofily, prostitúsje, de wurking fan de Bartholinyske klieren en frjemdgean.
Nearne yn 't boek steurt it, dat dizze dingen te praat komme. It is tige funksjoniel yn 'e tekst, it ferklearret in soad fan Lute syn wêzen. De geilheid dy't fan oaren ôfstrielet, makket him beskamsum. Ek hjir docht syn yntroverte aard bliken, hy kin net yntym mei ien wêze, om't er him hjiryn ek net uterje kin.
By it beskriuwen fan de seksuele toanielen soe in al te realistyske oanpak ôfbrek dien ha oan de toan fan it boek. As de skriuwer boppesteande saken planút en yngeand beskriuwe soe, soe de reade tried fan Lutes hanneljen ferlern gean, om't seksualiteit net by him past.
Ofslutend moat ik sizze, dat dit boek oanslút bu de skriuwtradysje dy't Van der Velde yn 'e rin fan de jierren opboud hat. Syn lêste boeken wurde hieltiten riper.
It is de skriuwer ta te winskjen, dat mear fan syn boeken fertaald wurde sille, net omdat je dán krekt in goed skriuwer binne, mar om oare taalgebieten better yn 'e kunde mei Van der Velde komme kinne te liften.
|
|