Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Eppie Dam Mummy Pop, wie myn ferrie faaks wyt: as snie it âlde lân bestoppet en de rûp him stil ferpoppet, is it libben ommers sûnder wryt en slyt wat ik ús needlot hyt, en slút wat ik yn dy bedobbe - do deade knop en kâlde stobbe - him ôf foar skuld en selsferwyt? Nee, ik haw dyn noasters sluten foar de maityd en de rook fan hope, ik haw dyn earen stoppe foar it lûd. No docht gjin inkeld wurd fertuten: dyn nieren haw ik ea yn natron dope - ik aai dyn lea, dyn perkaminten hûd. [pagina 23] [p. 23] Swalker Leave, wêrom leine wy inoar net nei mear, oan inoar besibbe lykas juster troch de tiid as broer en suster, heukerjend om 't libben dei en wei? Wêrom dêrom doarmje hjoeddedei myn tinzen doelleas yn it tsjuster en is myn spoar de paden bjuster en wiist it faai of winkt it frij? It frij wonk, ik haw dy ferlitten om wat fertroud wie te ferjitten, om sliepstee, stoel en ûnderdak. No wiist it faai, de dagen swine om en wat ferlern is yn 't ferline, hat yn dreamen tiid noch plak. [pagina 24] [p. 24] Bûtsykje Skat, as hie ik dy foargoed begroeven, sa haw ik middenmank it wiete hout dyn swiete namme stilwei tabetroud oan 't sân, om dy net kwyt te hoeven rin ik oer it strân, hoe út 'e skroeven lykas bern ha wy oan ús kastielen boud, mar wat in minsk foar dreamen jout, ferkomt as 't wetter wâlet yn 'e slûven. It tij is kantele, de tiid is spjalte tusken dy en my is nacht en dei de oerkracht fan oerdwealske wyn. Gjin wanhoop kin tsjin weagen balte, gjin rop komt stoarm foarby - ik swij oant ik dyn namme yn in flesse fyn. [pagina 25] [p. 25] Wite jiffer Do wjukkest ivich yn myn dreamen godlik heech yn reagen wyt satyn sa't ea goadinnen fleagen op 'e wyn en jiffers spoeken boppe swarte streamen. Dyn geast stiet hommels oan de seamen fan de nacht, dyn swipe ljochtet, blyn- slein slacht dyn túchlear my wer yn: do hoffenst my en rydst my op 'e teamen. By 't moarntiid bisto nearne net te finen, ferswûn bisto by libben en lemieren, gjin finger komt dyn slippen ea benei. Mar iere wyn giet oan yn de gerdinen, sinne kommenswei set eagen yn it kier en ik sil wachtsje op dyn laits by ljochtskyndei. [pagina 26] [p. 26] Foto De sinne skittert, yn de rûge gerzen stiet de wite rime fan in iere mist: in plaatsje! en as ik net better wist, is alle ljocht yn ien momint beferzen. Do sjochst my oan troch it glêzen finster, finzen yn in stielen list; ivich seit dyn loaits datsto it bist, dyn glimk bliuwt izich lang yn wêzen. De tiid hâldt skoft op dy mominten dat laits en lok foarhannen binne, sûnder arguminten, sûnder kommentaar. Mar wa sil út de deade eleminten letter libben floeie litte, lippen minne litte op papier by maityd en teiwaar. Vorige Volgende