Yn 1979 hat Yedema him ta ferfelend-wurdens ta dwaande hâlden mei de Opdrachtepot fan de Provinsje en it jild dat dêrút beskikber komme moat ta stipe fan de Fryske Literatuer. Earlik is earlik, my stie en stiet ek eat oars foar de geast as it boerelibben fan Speerstra en de klienkeunst fan Van der Molen, mar soks is noch gjin reden om dy man sels op gâns oare grûnen de hoeke yn te traapjen. Hawar, Van der Molen hat der sels al mei ôfweefd (sjoch ‘Hjir’-desimber 1979).
Hoewol't Yedema syn jeuzeltsjes net útblinke troch helderens, haw ik der al út begrepen dat wy hjir te krijen hawwe mei in man, dy't him troch fanalles-en-noch-wat op syn lul wâde fielt en dêrom elk-en-iderien yn 't krús skopt. Hiene syn bydragen no noch it raffinemint en de humor fan Heer Koot, dan koe men der teminsten noch om gnize, mar dat hawwe se net. Se tsjûgje allinne fan syn selsoerskatting (wat hy hjit syn eameltsjes ‘essays’), syn selsmeilijen (want hy wie fansels net ‘biroemd’ genôch en hâldt in lêzing oer Fryske Poëzij) en draaie inkeld mar út op ien grutte, goare befrediging fan syn lusten. En ‘Hjir’ docht willich wer de fuotten wild en teart har papieren preutsje iepen foar it folgjende nûmerke. It neukt dy jonges seker neat, dat harren tydskrift om 'e twa moannen besmoarge wurdt troch maat Yedema syn kloatepraatsjes. Men woe dy jonges dochs wizer ha en spylje altyd mar wer foar literaire souteneur. Miskien dat hja him ferplichtsje kinne yn te gean op de neifolgjende punten n.o.f. Yedema syn ‘Anti-protest’ yn ‘Hjir’-desimber 1979. Faaks dat harren dat de skellen fan de eagen falle, want wat er der dêr útkraamt, slacht werklik alles:
1) Yedema neamt my in ‘literaire droechneuker’, neat op tsjin, mar hy seit boppedat, dat ik dat sa stadichoan wol witte sil. Hoe moat ik dat witte? Yedema hat nea wat fan my besprutsen en it mei my net heuge dat wy ea erges meiinoar praten hawwe.
2) Yedema hjit it ‘genant’, dat ik yn myn Frysk-en-Frij-stik oer ‘Protest/portret’ lang dúnje sûnder klear to kommen, mar ik lit my dan ek net opnaaie troch sels oproppen fantasyen, lykas Yedema foar in moade hat. En wêrom sil ik klearkomme yn in stik dat giet oer foto's, dêr't de makker fan seit dat er der sels net mei klearkommen is. Is it Yedema ûntgien, dat ik inkeld in impressy jûn ha fan myn/ús ûnderfinings foar -, op - en nei de tentoanstelling?
3) Yedema hat him skamme foar ‘sa'n rotstik as dat rottige stik’. Dat er him net skammet sa'n bewearing te dwaan sûnder fierdere argumintaasje.
4) Yedema neamt allinne myn opsomming fan ûnderwerpen, dy't ik mei myn maat bepraten ha. Hy is dêr fan achteroer fallen. Yedema hat der net by sitten, dat hy wit net wêr't er oer eamelet. En as ik, yndie ‘tusken