Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 376]
| |
BIWUNDERING SUNDER FORDJIPPING. Dat is frijhwat negatyf, en it bisprek sels is navenant: Van der Ploeg kin yn syn hiele stik mar ien positive opmerking opbringe. Nou mei dat hwat mij oanbilanget hinnebruije, as er mar mei arguminten en dúdlike biwizen kommen wie foar syn miening. Dat docht er net. As er it al dien hie, hie ik biskamme swijd. Mar ik ferhip it om op sa'n manier ôfkreake to wurden: ik swij net, en Van der Ploeg sil syn wjerwurd hawwe. Der is om to bigjinnen it feit dat Van der Ploeg myn stik allinne mar sa'n bytsje rûchwei trochsneupt hat. Dat docht drekt yn it bigjin al kleare bliken as er de titel fan myn stik (TA SKIENTE BROCHT WAT NET AS LIBBEN WIE) ‘tsjuster’ neamt. Hij snapt it dus net. Lju dy't lykswols wol ris in gedicht fan Postma lezen ha, soene witte moatte dat dy titel in wurdlik sitaet is út ien fan Biwûndering sûnder fordjipping | |
[pagina 377]
| |
dy't der even in sneintomiddei foar sitten giet en lêst foar syn geniet. Wol de biwûndering foar de âlde master, mar net de fordjipping. Mei oare wurden: Van der Meer makket net folle mear dúdlik as elke lêzer der mei ynmoed úthellet. Hy iepent gjin perspektyf op syn fragmintaryske lêstocht, forbynt gjin nije konklúzjes oan syn ûnderfinings, mar parafrasearret tofolle en to lichtfeardich. Dêrby wurd ik wolris hwat op 'e doele brocht troch de theoryën dy't Van der Meer forbynt oan bygelyks de bigripen himel en ierde. Postma hat it syn lêzers al sa fordomde slim makke, mar Van der Meer makket it noch helte slimmer, as soene ierde en himel hielendal itselde wêze (side 222). It is fansels mar in kâld kunstke om oan 'e hân fan de lêste strofe fan it fers Pinkstersnein dy ienheit to bipleitsjen, mar dêrmei wurdt gjin rjocht dien oan it fers, hwant dêr bliuwe himel en ierde twa eleminten dy't romtlik en abstrakt in folslein eigen wurking hawwe yn dit fers. It ien wurden fan ierde en himel, god en minske, is in diel fan it loksideal fan Postma en hat djipperlizzende eftergrounen as Van der Mear ús leauwe litte wol. | |
[pagina 378]
| |
Postma syn fersen, nammentlik it fers IN SJONGER FAN IT FORLINE. Us Postma-kenner Van der Ploeg hat dat fers dus noch noait lezen, en hat myn stik ek net lêzen, hwant op s. 225 fan myn artikel sitearje en bisprek ik dat seldichste fers. As er it nou noch net bigrypt, dan wit ik it net mear. Yn myn hiele stik nammers liz ik der de klam op dat dit sitaet ien fan de kearngedachten fan Postma syn poêzij werjowt. In oar foarbyld hoe rûch Van der Ploeg lêst: hij hat it hieltiten oer ‘de twadde paragraef’, ‘de tredde paragraef’ ensfh. fan myn artikel, krekt as soe dat opboud wêze út dy paragrafen. It leit al efkes oars: it artikel bistiet út SAWN mei romeinske sifers oantsjutten parten hwerfan 't guon op har bar ûnderfordield binne yn mei arabyske sifers oanjowne paragrafen. In bisprekker dy't net ienris even de muoite nimt om to sjen hoe't in artikel yninoar sit is in bisprekker fan Jan Kûnt. Omt Van der Ploeg allinne mar negative eigenskipswurden sûnder bijgeande arguminten brûkt, is syn stikje oars neat as in ordinaire skelpartij. Sa seit er dat ik jeuzelje, dat ik houterich skriuw, dat myn stik sa't skynt op in sneintomiddei eventsjes bitocht is, dat it tofolle op in skripsje liket (?? tofolle - in bytsje mei dus wol?), dat ik tofolle parafrasearje (al wer tofolle), en dat ik tofolle út it losse hantsje skriuw (al wer tofolle, fordomd). Al dy útspraken wurde samar út it losse hantsje dien, sûnder biwizen, mar as Durk mei it Losse Hantsje ál ris sa goed is en bisykje hwat oan to toanen, dan set er himsels moai foar aep. Sa wol er ha dat ik oeral rigels skriuw lykas: ‘Feitliken hie er mar ien talint, it optikken fan de lytse dingen te kosmyske... hichten’ (Trotwaer 1979: s. 227). Yndie, in brike sin Sá bryk, dat ien dy't bij it lezen ek mar in bytsje syn harsens brûkt hie, drekt tinke moatten hie dat hjir wol ris printflaters yn sitte kinne. Foroarje nou ris ‘optikken’ yn ‘optillen’, en ‘te’ yn ‘ta’, dan sjocht it der al hwat better út. Troch dat ‘optikken’ mient Van der Ploeg ek noch dat ik, nei it lezen fan sa'n sechtich artikels oer Postma, sa stom bin to leauwen dat Postma mei de TYPMESINE skreau. Hwa 't soks tinkt projektearret in flink stik fan himsels op mij. Fansels, Postma skreau mei in kroantsjepinne, dat is yn de Fryske literatuer hiel wichtich om to witten. Postma hie ek in knypbriltsje, wisten jo dat al. Van der Ploeg? En hij friet kinine, wisten jo dát al, Van der Ploeg? En Harmen Sytstra hie in festje, en Gysbert Japiks hie in stienpûst op 'e kûnt, ek hiel wichtich yn de Fryske literatuer, Van der Ploeg! Dan docht myn styl Van der Ploeg noch tinken oan in lêzing foar it Burgumer Nut, omdat ik bijgelyks in slotsin skriuw as: ‘Jir woe ik it, wat dit cangiet, bij litte’ (Trotwaer 1979: s. 239). Smaken forskille fansels, mar as er biweart dat dat in SLOTSIN is, dan liicht er dat er barst, hwant der folgje nóch twa sinnen. Der stiet noch ‘Der soe noch folle mear te skriuwen weze oer kaaiwudden bij Postma. Dat soe lykwols in stúdzje op himsels fergje’. Boppedat, as we dizze toer opgeane, Van der Ploeg mei sels ek noch wol ris in taelboekje bij de Afûk keapje. Sa neamt er de eardere kritisi oer Postma, en dêr heart er sels ek bij, ‘kritikasters’, in wurd dat neffens de greate Van Dale bitsjut: ‘onbillijk of onbevoegd recensent, muggezifter, vitter’. Hwat Van der | |
[pagina 379]
| |
Ploeg sels oangiet, bin ik it der mei iens, net hwat de oare kritisi oanbilanget. En oer houterige sinnen praet, lês dizze ris: ‘De manier hwerop Van der Meer yn alle earnst bisiket de djippere en poëtyske yntinsjes fan Obe Postma bleat to lizzen BINNE och sa goed bidoeld, mar RIKKE yn wêzen net heger as ..... 'ensfh. As wij BINNE nou ris foroarje yn IS, en RIKKE yn RIKT, dan ha wij in grammatikael goede sin, hwant it inkeltal MANIER is ûnderwurp fan dizze tiidwurden. Dat ik woe mar sizze. En hwa jeuzelt hjir trouwens? As ik oan de hân fan it gedicht PINKSTERSNEIN ta de konklúzje kom dat Postma gjin skieding tusken ierde en himel sjen wol, mar dy twa as aspekten fan in hegere ienheit biskôget, neamt Van der Ploeg dat in ‘kâld kunstke’ dat net rjocht docht oan it fers, dêr't ierde en himel twa eleminten binne dy't romtlik en abstrakt in eigen wurking hawwe. Goed, bêst, dat ûntken ik ek net, mar der hie ik it net oer. Van der Ploeg ál, mar hij makket it alwer net wier, en fart dan fuort mei presys deselde konklúzje to lûken as dy't ik loek. Nou ja Fansels, Postma ‘hat it syn lêzers al sa fordomde slim makke’, en ik meitsje it noch helte slimmer mei myn geskriuw. Mar dy Durk van der Ploeg, dy is noch it slimst fan 1us allegearre, hwant dat is de iennige dy't dy fordomd slimme Postma troch hat. Mar hij is wol sa slim dat nearne to biwizen, hwant der soe ris ien sa slim weze kinne om him ris kritysk to lezen. It is slim. Van der Ploeg wit ek in bulte fan myn ynderlik libben ôf. Sa seit er dat ik it grif ‘och sa goed bidoeld’ ha, en dat ik mei ‘ynmoed’ bisykje hwat bistekliks op it aljemint to bringen. Fint, hwat witte jo dêr fan ôf? Hwat hat dat mei jou bisprek (nou ja, bisprek?) to krijen? Miskien haw ik it wol hielendal net goed bidoeld, miskien wie it myn bidoeling wol om nou ris hûndert kear safolle bisteklike dingen oer Postma to skriuwen asjo oait bijinoar skreaun en biprakkesearre hawwe, mei of sûnder ynmoed. Redaksje fan de Ljouwerter Krante, it sil jim dúdlik wêze dat ik mij slim misledige fiel troch dit saneamde bisprek. It is in oanienskeakeling fan ûnbiwiisde stellings en biwiisde leagens. It jowt net de ynformaesje dêr't in krantelêzer rjocht op hat. Sa stiet der net yn dat myn artikel in protte ynformaesje bifettet, dat der in wiidweidige bibliografy bean wurdt, dat ik op forskate punten nije, ofyn alle gefallen fierdergeande, ynterpretaesjes jow, dat ik oer de FOARM de meast konkrete dingen oant nou ta sein haw. Dat ik ek dat forneamde psychysk monisme fan Postma ris ûndersocht haw, wiidweidiger as hwa dan ek foar mij, komt net goed nei foaren. Dit ‘bisprek’ seit noch it measte oer Van der Ploeg sels. Eins is it gjin bisprek, it is stront mei stientsjes. Dêrom fyn ik dat ik der rjocht op haw dat myn artikel nochris bisprutsen wurdt, mar dan echt BISPRUTSEN troch ien dy't de muoite nimt myn Trotwaerbijdrage to lêzen, mar dan ek echt to LÊZEN. Graech dus gjin bisprekker mei in los hantsje.
Geart van der Meer. Annen. | |
[pagina 380]
| |
Dit, nommele Trotwaarlêzer, wie de tekst fan in ynstjoerd stik sa't ik it op 26 septimber 1979 oan de redaksje fan de Ljouwerter Krante stjoerd hie. It wie myn alderearste ynstjoerd stik, dat jo kinne fan tinken wol ha dat ik alle moarnen mei de hân boppe de eagen de dyk út stie te dikerjen om te sjen oft de man mei de krante der hast oankaam. Mar al wat yn de Ljouwerter stie, gjin ynstjoerd stik fan mij. Dat gong sa oardel wike troch, sûnder dat ik taal of teken hearde, dat op 't lêst, op snein 7 oktober, rûn mij de galle oer en griep ik de tillefoan om bij in persoan dy't ik ken ris te fernimmen hoe't de foarke no yn 'e stâle stiek. No is dat in aardige fint, dat dy sei opslach dat er de oare dei ris sjen soe hoe 't dat siet, en dat er mij weromskilje soe. Dat hat er ek dien, en doe die bliken dat de redaksje ornearre dat oer kritiken better net diskussearre wurde koe, omdat dan de ein der fan wei wêze soe. Yn myn ûnskuld begriep ik fansels net om hokker ein it hjir gong en hoe't dy dan wei reitsje koe, dat dyselde deis hawik dan mar besocht myn ljocht bij Noordmans op te stekken. Tsjin N. sei ik doe wat ik fan dy persoan heard hie en N. sei doe dat dat net sa wie en dat it oars yninoar siet en dat it allinne mar sa wie dat de Ljouwerter lykas alle kranten net oan ANTIKRITIKEN dwaan woe, want dat dat gjin wenst wie, en dat dêrom myn stik noch werom stjoerd wurde soe, en doe begriep ik it wer net fansels en ik woe graach witte wêrom't dat dan wenst wie, en doe sei N. dat it wenst wie dat it wenst wie en dêrom dus, feitliken, en dy ein dy't dan net of al weireitsje soe hie der ek noch wat mei te krijen, leau ik, as ik it goed begryp, mar dat sil 't wol net, en op myn fraach wêrom't it dan NET mooglik wie dat ik oer de miening fan Van der Ploeg in diskusje oangong en WOL dat oaren ynstjoerde stikken skriuwe mochten oer mieningen fan haadredakteuren yn haadartikels, andere N. dat dat fansels hiel wat oars wie, en doe begriep ik it wer net, want ik lei dêr tsjinyn dat it dochs yn beide gefallen om mieningen gong en dat in krante dochs sa graach de Wierheid jout en dat dêrom diskusje oer mieningen sa wichtich wêze kin, en dêr wie N. it doe wol mei iens, mar hij fûn dochs datantikritiken net koe, en dy ein hie der al wer wat mei te krijen, mar doe't ik ek noch sei dat dat wol tafalle soe, en dat miskien dy ein hielendal net weireitsje soe, sei N. dat dat wol sa wie en doe sei ik nochris dat dat grif net sa wie, en doe't ik him ek noch frege wat er sels tocht fan Van der Ploeg syn besprek fan myn stik oer Postma, sei N. earst,
en doe't ik doe rôp fan ‘Hallo, N., binne jo der noch’, doe sei er dat er dêr leaver net oer diskussearje woe, dat sadwaande einliks wol, en dat begriep ik doe ek wer net, want ik skille him op, dat it koste him gjin tillefoanjild, en wij libje yn in frij lân en ús tillefoan wurdt net ôfharke, en doe seine wij einlings dat it mar it ferstandichst wie om mei eameljen op te hâlden, want oars wie de ein der fan wei, en dat diene we doe dus, dat sadwaande. Doe't ik de hoarn dellein hie, tocht ik, ferhip, godskes noch ta, soe it wurd ‘antikrityk’ faaks in hiel ôfgryslik slim oeribel fiis wurd wêze, dat ik net ken? Gau de grutte Van Dale der dus bij: ... antiek ... antisemitisme ... anus ... anticonceptie antislingertank ... antipathie (Jezus, soe it dan dochs in fiis | |
[pagina 381]
| |
wurd wêze), o nee, dêr stiet it: ANTIKRITIEK ‘antwoord op kritiek, wederlegging van een kritiek door de gekritiseerde’. No, tocht ik doe, sa slim is it dus ek wer net. Wêrom is N. der dan sa bang fan? Wel, nommele lêzer, ik kom der net út. It sil wol sa sitte: de Ljouwerter docht net oan antikritiken want dan soe der oer mieningen diskussearre wurde en dat hoecht net, en is ek better fan net, omdat der dan in ein weirakket, mar der wurdt yn de Ljouwerter wol oer mieningen diskussearre dêr't gjin ein fan weirakket, dat sadwaande dus feitliken. As jo it snappe binne jo knapper as ik. Ik woe mar sizze, wat wol de Ljouwerter eins mei syn kritiken en besprekken? Yn in literair tydskrift wurde ek besprekken skreaun, en dêr it altiten de mooglikheid fan wjerwurd. Sjoch mar nei Trotwaer. De Ljouwerter mei dan wol in krante wêze, mar jout likegoed besprekken. It iene is in TYDSKRIFT, it oare in KRANTE, mar se DOGGE hjir beide itselde: besprekken jaan mei positive of negative oardielen. As de Ljouwerter dan itselde besiket te dwaan JN/AvdS | |
[pagina 382]
| |
as Trotwaer, wêrom is dy dan ek net sa earlik en jou de mooglikheid fan wjerwurd? Of tinke se bij de Ljouwerter faaks dat se wat oars oan it dwaan binne? De redaksje fan Trotwaer hat in jiermannich tebek ris besocht út te fiskjen wat Tiny Mulder fan it Frysk Deiblêd en Tineke Steenmeijer fan de Ljouwerter no tochten wat it doel wie fan in KRANTEbesprek, en se woe dat dan graach swart op wyt yn Trotwaer ha. De froulju wiene lykswols bang om har oan kâld wetter te brânen, en woene neat opskriuwe. Se woene wolris gesellich prate, dat wol. Dat besykjen rûn dus op neat út. Dêrnei hat de redaksje nochris besocht yn in widere rûnte de diskusje op gong te bringen oer it doel en de metoade fan in besprek, sjoch û.o. Trotwaer 1978, nr. 2. Fan de troch de redaksje oanskreaune besprekkers hawwe mar in pear reagearre, en dêr wiene de dames T en T net bij fansels. Mei oare wurden: de kranten tinke leaver net nei oer wat se mei in besprek dogge en oanrjochtsje, alteast se prate der leaver net oer. Se besprekke, en hoe! Yn myn grutte ûnferstannigens soe ik tinke dat it as it lân der sa hinne leit en as wjerwurd op in ôfkreakjende krityk net mei, earliker wêze soe om yn in krante allinne YNFORMAASJE te jaan oer krekt-ferskynde boeken, en mar gjin oardielen mear ut te sprekken. Sa yn 'e trant fan: Japke Boekjebreider hat no al har tolfde roman, mei de titel DE EIN IS DER FAN WEI, yn it ljocht jûn. It tsjokke boek, 437 siden, hannelet oer it mislearre houlik fan in kritikus bij in krante, dy't syn frou fertutearzet omdat er alle jûnen besteld is mei it beantwurdzjen fan antikritiken op syn kritiken. It is ferskynd yn de stavering fan 1984 en befettet mar ien printflater: ‘boarje’ op side 236 moat fansels wêze ‘koarje’. Priis: f 13,31. Utjouwerij ‘De Lamme Ein’. Sjoch, dát soe earlik weze! Achte N. fan de Ljouwerter Krante, sa soe it moatte as jim jim einen behâlde wolle, en jim moatte gjin besprekken mear pleatse fan Van der Ploeg as er dit skriuwt: ‘Fansels, der komme wol inkelde kearngedachten nei foaren, mar Van der Meer leit aksinten op plakken dêr't ik se net sykje soe en slacht dingen oer dêr't myn each op falt’. Ja, echt wier, sá stiet it der! In wierheid as in ko, watsei, as Us Mem. Van der Ploeg is Van der Ploeg, en Van der Meer is Van der Meer, en de iene leit hjir syn aksinten, en de oare lit dêr ris in each falle. De iene is de oare net, mar omdat dy oare de iene net is, fynt dy iene dat dy oare in jeuzelich en houterich stikje oer Postma skreaun hat. In heech nivo fan kritykjaan, sa likernôch yn de styl fan in beuker dy't sitten bleaun is, fine jo ek net? En N., fine jo ek net dat it feit dat kritykskriuwers yn de Ljouwerter witte dat se gjin wjerwurd hoege te freezjen, har der ta ferliede kin om yn in lêbige, lekskoaierige rite der mar wat hinne te skriuwen? Soe de mooglikheid fan antikrityk yn har eigen krante, de mooglikheid om foar eigen publyk te kyk en te kak set te wurden, harren net wat hoedener en dêrtroch earliker meitsje kinne? Want al giet in besprek oer in BOEK, achter dat boek stiet in skriuwer, in MINSKE, en in minske hat rjocht op in faire behandeling. Mar fansels, as jo it hjir net mei lykfine kinne, kinne jo altiten noch jo wjerwurd yn Trotwaer kwyt. Sa binne WIJ yn alle gefallen wól. |
|