Ynventarisaesje undersyk literatuer
Yn 1978 is in bigjin makke mei in ynventarisaesje fan hwat op it heden dien wurdt oan ûndersyk op it mêd fan de fryske literatuer. It doel fan disse ynventarisaesje is dûbeld wurk tsjin to gean, forskillende ûndersiken wat mear to koördinearjen, inoar to helpen mei ynformaesje. It seit himsels, dat sa'n ynventarisaesje it measte opsmyt as eltsenien dy't hwat op priemmen hat dat ek to witten docht oan de ynventarisaesje-kommisje. De earste delslach fan de YNVENTARISAESJE UNDERSYK LITERATUER is oardere neffens it systeem fan de BFTL (Bibliografie van de Friese Taal- en Literatuurwetenschap, opnommen yn de BNTL), sadat elk moai gau sjen kin op hokker gebieten oft noch mar in bytsje ûndersyk dien wurdt.
Elk dy't sels hwat ûnder hannen hat wurdt minlik forsocht him/har to opponearjen by Drs. Ph.H. Breuker, Fryske Akademy, Doelestrjitte 8 yn Ljouwert. Dêr binne ek eksimplaren to krijen fan de ynventarisaesje.