Fan de útjower
It útjaen fan in tydskrift is foar in útjower net folle oan. Der mei dan wol subsydzje op wêze, mar dy komt meastal fierstento let (de ôfrekken oer de jierren 1976, 1977 en 1978 fan CRM moat noch komme) en is ek noch to leech om út de tokoarten to kommen. Dochs is der ek yn Fryslân forlet fan de mooglikheden dy't in tydskrift by útstek biedt foar it publisearjen fan fersen, forhalen en binammen ek kritiken en essays, nêst hwat der yn boekfoarm forskynt. Dat wy geane noch wol efkes troch.
Doe't wy ús lykwols bûgden oer de bigreating foar 1980, kaem der in tokoart út fan sa'n f 7000, wylst der ek fan de lêste jierren al hyltyd in tokoart oerbliuwt. Wy miene dat wy de lêzers freegje kinne om ús in ein hinne yn 'e mjitte to kommen by it dekken fan it tokoart, troch de abonnemintspriis dit kear mei mear as de gewoane trend to forheegjen. Mear as de helte fan it tokoart bliuwt dan noch foar ús rekken, dat de lêzers meije noch net kleije. De prizen fan forgelykbere hollânske tydskriften lizze gauris om de fyftich goune. Faeks kinne jimme jimme kunde dy't net fan literatuer hâldt en tinkt dat jo mei it Frysk net fier komme, der ris op wize dat se troch in abonnemint op Trotwaer to nimmen samar sa'n tsien oant fyftjin goune fortsjinje kinne. De lju meije ornaris wol oer sa'n ynstruiinkje.
Foar it bistjûr fan de K. u.,
S. Sybrandy, skriuwer.