Tichelwurk
Meidielings fan de redaksje
1. Mei yngong fan nû 1980-1 sil de redaksje fan Trotwaer yn de redaksjonele stikken de steatestavering-1980 brûke. Fansels hâldt eltse skriuw(st)er it frij om yn Trotwaer in oare stavering as de steatestavering to brûken, likefolle oft dat de stavering-1945 of in eigen oanrette stavering is. Staveringstwang kin ommers allinnich mar jilde foar amtners en yn it ûnderwiis. De stavering fan de namme TROTWAER sil net oanpast wurde, omt it om in namme giet.
2. Mei yngong fan 1.1.1980 is Goaitsen van der Vliet redaksjeskriuwer. Syn adres is: Rembrandtlaan 312 yn Enschede.
It lêste nûmer fan Trotwaer (1979-5) hawwe inkelde réaksjes op west yn forbân mei it bisprek troch Eppie Dam oer MOARKE fan frou A. Meester-De Vries. Sa forwyt Tiny Mulder yn it Frysk Deiblêd ús ûnminsklikheit, omt yn itselde nûmer in freonlik fraechpetear mei de skriuwster fan MOARKE stiet. Hja wol der op út, dat wy frou Meester de groun ynwâdzje wolle, nei har earst blier taglimke to hawwen.
Soks hat fansels nea ús bidoeling west.
Doe't wy fan Pieter Breuker dit fraechpetear krigen (bigjin 1979) foel it ús hwat ôf: wy misten binammen in hwat djipper dollen yn rol, funksje en karakter fan it goede berneboek. Wy hawwe it doe dochs oannommen op bitingst dat it biselskippe wurde soe fan bygelyks in bisprek fan MOARKE sels troch in bisprekker anno 1979. Dat is dus Eppie Dam wurden, en it is in frijhwat negatyf bisprek wurden. Dêr wurde arguminten foar jown en der kin derom oer diskusearre wurde Sa ienfâldich leit dat. De redaksje hie sadwaende foar om in oanfolling to jaen op it ûnderwurp dat ek yn it fraechpetear sels oansnijd wie: it berneboek. It stik fan Teije Brattinga stie hjir alhiel los fan, omt dat is ús letter op eigen manneboet tastjûrd. Dat is dus de achtergroun fan Trotwaer 1979-5.
Lykwols, soks wisten de lêzers net. Oft frou Meester sels fan de gong fan saken op 'e hichte wie, witte wy net; wy ha wol alles sa mei Pieter Breuker trochpraet
Wy, as redaksje, moatte no tajaen dat wy, doe't wy, nei it útkommen fan Trotwaer, sels LÊZERS wurden wiene, biseften dat ien en oar minder aerdich foar de hearen kommen wie en binammen minder aerdich foar frou Meester, dy't - hoe kin it hast ek oars - dit Trotwaernûmer as in foech earbitoan oan harsels sjoen hawwe sil