Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 368] [p. 368] Oene Spoelstra Hjerst De hjerst falt oer my as in stil fortriet skildert himsels ôf yn forgiene gloarje fan beam en blêd en al it sied forberget him, omstrings dy snuorje nim ik mysels geweken oer hwat'k achterliet en nou forburgen ha om't ik it inkeld bisiet út machteleazens, om't it neat as in gedachte wie, in ûnsichtbere sinnetried hwant hwat ik hoopje langet net nei my en hwat ik dellei al dy simmerdagen inkeld om kjeld en al dy oare fragen fan dit wreed tiidrek to kearen, it giet foarby it hâldt gjin ho it rekket nearne mei hwa't hjerst net ôfslút mei in nij bigjin fynt ek gjin hûs by lange winterdagen hy jowt him del ûnder it âld bistean as woe er lykme-allinne yn eigen ôfgroun gean Vorige Volgende