Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 367] [p. 367] Herman Heida Twiljocht wat is jinsels te koart dwaan? it is altyd in oar, dy't de swarte kape drage moat. it swurd stiet fan âlds al op spjalten fan tiid, ôfskie is it slimste net. men hat ommers skjin jins nocht, men hat jins nocht, men hat eangst. dat men it noch fernimme sil: it delkommen yn 'e koer, it jûchhei fan tûzen koppen. Vorige Volgende