net tige great.
‘Sprechen Sie kein Deutsch?’ frege er, ‘verstehen Sie mich nicht?’ ‘O ja,’ sei ik, ‘ik forstean jo wol en mei it praten kin ik my sa'n bytsje rêdde.’
‘Fabelhaft, dan kin ik hjoed ite yn it selskip fan in schöne Frau.’ Dat wie my hwat to moai, mar doe't ik him oanseach glimke er sa freonlik dat ik ek net oars koe. Sa sieten wy dêr hwat potsierlik.
Ik naem dus mar in stikje bôlle mei skinke. Tusken de happen troch prate.
Oft ik nei Hollân gong. - Né, nei Nederlân, Niederlande.
- Ach ja - Hie er noch noait west mar hy soe nou nei Amsterdam.
- O -
Hie ik fakânsje hawn? Ja, by in freondinne west.
‘Ach wie schön, der giet neat boppe freonen.’
Ik knikte.
‘Utsein in goede frou fansels’ sei er. ‘Of in goede man’, folle ik oan.
Wy laken beide.
‘Haben Sie noch keinen Mann? O, as ik tweintich jier jonger wie soe ik om jo frije. Witte jo, ik bin al sa lang widner.’
It klonk trouhertich en hwat tragysk. Ik wist net hwat ik sizze soe. As men tweintich is wit men noch net sa folle fan treast.
‘Myn frou, dat wie im Krieg,’ sei er, ‘yn it bigjin.’ Hy sloech de hân oan it wang. ‘Nou haw ik my forpraet. In dútser moat noait oer de Krieg prate mei in bûtenlanner. It wie in goddeleaze tiid. Mar wy moasten wol. Wy waerden dochs ek delsketten as wy net opkamen. Nou wolle jo wite hwêr't ik west haw, hwat ik dien haw.’ Hy seach ynienen sniewyt om 'e noas. ‘Né,’ rôp ik, ‘né!’ (hwant myn moaije wike mocht net bidoarn wurde), ‘wy prate der net oer. It hoecht om my net. Ik haw it net meimakke, der gjin weet fan hawn, ik wie der noch mar kwalik.’
Hy seach nei bûten en suchte swier.
Der krûpte in great sear stik bigreatsjen yn myn kiel. Ik praette it der wei. Oer Heidelberg, dy prachtige âlde stêd, dêr't elk krekt as yn Parys dochs wol in bytsje thús is. Oer de oankeapen yn de boekestaltsjes ûnder de Heilige Geist Kirche en oer dy man dy't moedersiel allinne stie to sjongen yn it slot. Ik waerd hwat langer hwat redenriker (en dat yn it dútsk). Ik hie dochs sa'n moaije wike hawn, ik hie neat as goeds ûnderfoun, de kostelike théologenklub!
Ik woe dat de man net wer sa suchtsje soe, ik woe it waerme dinderjende gefoel fêsthâlde.