| |
| |
| |
Oene Spoelstra Goddeleaze tiid
Ik fortel hjir in part fan myn libben mei de wurden en bylden dy't my nou yn't sin komme, ryklik fyftich jier nei de perioade dy't gauris ‘de jeugd’ neamd wurdt. In inkeld fragmint mar, om't der gjin ein oan komt as men op 'e tekst rekket oer jins libben en hwat dêr yn bard is. In fragmint mar om't myn libben noch net to'n ein is en om't ik it bilibje as in trochgeande trie. In trie dy't destiids lein is by myn berte en dy't trochgean sil oan it momint dat ik oergean nei in oare wrâld. In wrâld dy't ik net ken, mar dy't fêst better is as dit einleas ierdsk bistean, dêr't men mar in biheind skoft út hoecht to nimmen en to biskriuwen om sjen to litten dat dit libben oars neat is as fortriet. In flarde is genôch. In flarde fan myn jeugd dan mar.
Ik waerd berne de 18e oktober 1918, as dochter fan Klaes Westra en Anne fan Sijen. Ik hjit fan Anna-Ynskje Blaauw, frou fan Hindrik Blaauw, mem fan Jan Blaauw en Anna Blaauw.
It moat net maklik west ha yn dy jierren om in bern as my op 'e wrâld to setten en great to bringen. Mem nat wolris forteld, letter, se hie it leaver net barren sjoen. Mar heit woe it. Der soene bern komme, by heech en by leech. Dat doe waerd ik berne, op in reinige hjerstdei yn in alkoof mei in suterich kleedtsje, as koe it net oars, lyk as men apels net keare kin om oan 'e beam to groeijen. Mar mem moat flokt ha, dat kin hast net oars. Mem moat fordomme sein ha,
| |
| |
hwerom dan dochs, wylst it ús net barre mei, wylst wy al lijen genôch ha om sels de holle boppe wetter to hâlden yn dizze tiid fan earmoed en lijen. Mar heit stie der oars tsjinoer. Heit wie gerifformearder as mem en gerifformearden hiene bern, oars wie der hwat net yn oarder. Dat doe hat mem tajown. Sa sil it wol gien wêze. Mar passe die it harren net. Doe net en tsien jier letter noch net, doe't Jan kaem.
Heit wurke by de boer, doe yn 1918. Swier wurk en net folle tankberens. Dat wit ik nou noch, wylst it hast in minskelibben lyn is. Ik moat in jier as fjouwer fiif west ha, doe't er op in middei ûnforwachts thús kaem. It wie tsjin melkerstiid, om healwei fjouweren hinne. Mem en ik sieten by de tafel. Mem sil wol oan it sokstopjen west ha en ik oan it koarkjebreidzjen of soksahwat. It wurdt al hwat skimerich, de kachel baernt op it hout dat yn bosken yn it hok leit, en dan ynienen stiet heit dêr foar ús yn 'e keamer. Mem hat him fansels net oankommen sjoen dit kear, hwant hy stiet by de tafel foardat wy der erch yn ha. ‘Hwat nou?’, seit mem. Se giet oerein nei heit ta. Ik sjoch it noch foar my, sa lyts as ik doe wie. ‘Hy kin om my deafalle’, seit heit. Dat forjit ik nea wer. Dat sloech as tonger yn, op dy stille, skimerige neimiddei. Mem roun by him wei en sei neat yn earsten. Dat fornuveret my neat, achterôf. Ik ben krektlyk as har. Ik ha fan mem. Hielendal. Se gie nei de keuken. Se moat in slok wetter nommen ha. Doe kaem se werom, like evenredich as se de keamer út gien wie en se sei oars neat as: ‘It is dyn eigen skuld Klaes’. Se moat witten ha hwat him dêr op it boerehiem ôfspile hie. Se koe de sitewaesje út 'e pinne, om't se oan har trouwen ta boerefaem west hie. Der wie gjin kar doe, net foar har, mar it ha de minste jierren fan har libben west. Ik koe it gûlen amper litte doe't heit wer bigoun. ‘Hy kin om my deafalle! Hy kin om my deafalle, dy rotsak!’ Heit wie altyd like evenredich by myn witten en nou foel er sa út. Mem sei neat werom. Segiesitten, naem har sokstopjen wer op en seach foar har del. It wie as bistie heit net foar har.
As ik dat nou sa neigean moat it hast fan it bigjin ôf mis west ha. Net dat der faek rûzje wie, alteast net dêr't ik by wie. Mar hoe't heit dêr by de tafel stie, fan god en alleman forlitten, dat is doe yn my delslein as fjûr. Hy stie dêr mei de earms by it lichem del, seach mem oan en dan wer ta it rút út. Mem sokstoppe troch, mem seach him net. Ik kin der nou wol janke, hoe't se dy man bihannele.
| |
| |
Us mem hie in yngreven haet tsjin alles hwat boerefolk wie. Dat hie se krigen doe't se faem wie op Wiersma's pleats. Dat is al lang lyn, it praet net mear wurdich eins. Dochs moat ik neigean hwat it foar har bitsjut hat en hwat se dêrfan op my oerdroegen hat. Hoe't de ellinde fan dit bistean in minske tekenje kin en hoe't it neiteam der foar ivich mei oantangele sit.
Healwei sawnen moarns moast se der wêze. De boer hie dan it melken dien en it bushimmeljen wie foar har. Trettjin jier âld en in bern noch. Op klompen in kertier rinnen út it doarp wei. By't simmer en by't winter en sykte wie der net by. Simmers wie it in geniet, dat ein rinnen. Mem hie each foar skientme, lykas ik dat ek ha. Se fielde it nije opkommen fan de dei as eat dat jin oerweldiget. Dy ûnneambere stilte mei in inkelde fûgel. Dat gefoel fan lytsens, mids de greatens fan de natûr. Dan hie se oanstriid om troch to rinnen, de pleats foarby. Alles achter har litte en út it geheugen baerne litte troch de opkommende sinne. Mar dan stie se op it hiem to wachtsjen, frou Wiersma mei de moarnsskelk foar en de swarte klompen oan. Hwerom hat sy swarte klompen oan en ik wite, tocht mem dan. Se frege der net nei, sa wie se net. Mar se hold it wol fêst. It bleau by har as in skrynderich gefoel, net pynlik, mar lêstich en altyd yn jins gedachten
By't winter moat it noch minder west ha. Ik haw har der noait oer frege, se wie net sa praetsk tsjin my. Dat giet sa tusken in dochter en in mem dy't harsels yn elkoars wêzen werom kenne. Dat wurdt nea freonskiplik, al is it noch sa goed. Dat is njonken elkoar libje as reiden dy't bang binne har oan elkoar to brekken troch de wyn, dy't altyd op 'e loer leit. Doe't Jan greater waerd, tortelde se him wol oer earder. Dêr meitsje ik út op hwat ik wit.
Mem hat lit, dy earste achttjin jier fan har libben. Net om it wurk, al wie dat faek sinleas yn har eagen. De greate machteleazens fan har sitewaesje dêr't gjin ûntkommen oan wie, dat wie it. Se moat in goed forstân hawn ha. Mar it is der net útkommen. It is altyd yn har bidobbe lizzen bleaun. En dat hat se har biwust west. Dy ûnderdrukte machteleazens is yn har hingjen bleaun, ek doe't se mei heit troude. En dat hat se op my oerdroegen, dêr bin 'k wis fan. Dat is it machteleaze fan 'e minske dêr't nea oan to ûntkommen is. It kwea wurdt oerdroegen fan 'e iene generaesje op 'e oare en ôfnimme docht it nea. De minske moat syn hiele libben fjochtsje, oars falt it lijen en fortriet oer him hinne sûnder dat er der erch yn hat. Mem hat my ek de wrakseling, de striid sjen
| |
| |
litten. Mar it is har nea slagge om to ûntkommen, likemin as my dat slagge is. Dat mei heit doe, dat ‘It is dyn eigen skuld’, dat hat kleare opstannigens west. Net tsjin him, mar tsjin 'e sitewaesje dêr't se jierren yn trochbrocht hie. Dy boeresitewaesje fan ik ha it hjir foar it sizzen en dou bist hjir foar it wurk. Ik mei se der noch net om lije, dy âldere boerefroulju. Ik wit wol, wy binne nou gernier en ik ha deselde bontjas oan as sy freeds op 'e Nijstêd,. Mar as ik se út 'e auto stappen sjoch, de holle omheech en mei in hâlding as wie de wrâld harres, dan sjoch ik ús mem, en mysels ek, yn sa'n boerekeuken stean. Foar tsien stûren it wurk dwaen, dat mochten wý. By nacht en by dei wurkje en sneins twa kear nei tsjerke. Dat wie ús libben en hwat is der foroare?
Ik moat evenredich bliuwe. Ik moat my net oerweldigje litte troch myn gefoelens. Dan kin 'k fuort wol ophâlde mei fortellen. Dan is dat ek sinleas yn myn eagen.
Wy wennen oan 'e feartsreed. In strjitte koe men it net neame. It wie de reed bylâns de feart, sa't de namme seit. Wy wennen yn it doarp en tagelyk eins bûtenút. Hoewol't it smoarch en dridzich wie by 't hjerst en by 't winter suver net wei to kommen as der snie lei, mocht ik der graech wenje. It wie frijer as yn it doarp. Dêr stiene de huzen stiif opinoar, doar oan doar. Mar wy wennen frij, ús buorlju wennen in heal hûndert meter fan ús ôf. Dat joech frijheit en net in bytsje. In tún mei blommen en dernjonken in greate lape groun. Dy groun wie ornearre foar heit en buorman om to partsjen. Elk de helte en dan ierpels en griente forbouwe. Oan ierpels kaem heit noch wol ta, dy ieten wy it measte, mar fierders waerd de groun net brûkt. Heit wie jouns to wurch om ek noch griente to forbouwen en mem hie der gjin nocht oan. Mem forpofte it om op it lân to wurkjen, útsein it blomkjen.
Ik moat in jier as fiif west ha doe't heit op it idé kaem de groun koe wol mear opleverje as de wenstige ierpels foar de winter. Wy hiene it net rûm, en dr hie er gelyk oan, dat hy wie fan bitinken wy soene der meiinoar plat foar om koal en spinaazje to forbouwen. Wy krigen gauris griente fan de iene en de oare, mar neffens heit koe de leafde net fan ien kant komme. Dat wy moasten ek los. Hy koe yn 't foar wol witte dat mem der net foar fiele soe, mar hy weage it en stelde út wy soene der mei syn trijen oan wurkje. De iene koe de oare hwat
| |
| |
oanmoedigje en de tiid gie folle hurder om as hwannear't men in hele middei allinne oan 'e gong wie.
Mem har antwurd wie koart en krachtich: ‘Hwatstou wolste moatststou witte. Ik gean net mei’. Doe rekken se yn in petear dêr't ik de ynhâld net mear fan wit. Mar hoe't it by my oerkaem, wit ik noch as de dei fan juster. Heit bigoun tsjin mem to praten. Earst rêstich en op in toan dy't ik fan him wend wie. Yn earsten sei mem noch hwat werom, mar al gau naem se har wurk op en die as wie heit der net. Doe sei er - en dat heucht my noch - ‘Kom mei, Anna. Kom, dan geane wy togearre nei it tún. Wy kinne ús togearre ek wol rêdde’. Doe, samar, bigoun mem to razen fan: ‘Dou litst dat bern hjir! Dat bern bliuwt by my!’. It wie op in sneontomiddei en prachtich waer. Ik hie wol nocht om mei heit der út, dat ik makke oanstalten om nei de doar ta. ‘Hjir bliuwe dou!’, sei mem. Se wie wol faker koart tsjin my, ik wie fan datoangeande wol hwat wend, mar dit kear wie se heftiger en se seach my ek hiel oars oan. Ik kin dat nei al dy jierren net mear omskriuwe, mar ik tink dat it ûngefear sa wie as immen yn deadseangst. ‘Dat bern giet mei nei it tún’, sei heit. ‘Dat bern sit hjir fiersto folle by dy yn 'e hûs mei dit moaije waer’. Mem sei neat, se seach heit allinne mar oan. Doe hie er gjin wurden mear, hy wie mei de sitewaesje oan. ‘Dou hoechst doch net sa fan 't ein to setten om sa'n kleinichheit’, sei er. ‘En ek noch dêr't Anna by is’ Mem bleau stean en seach him mei grille eagen oan. Doe draeide se har om en roun de doar út. Se gyng de dyk del, op nei it doarp. Heit en ik stiene foar it rút en seagen har nei. Wy stiene deastil en seine neat. Ik hie heit by de hân beet Deastil stiene wy en seagen har gean. ‘Wy sille nei it tún’, sei heit en doe giene wy. Mar wy seine neat, hoewol 't it prachtich moai waer wie. Wy hiene elkoar by de hân beet, heit
en ik.
Doe't it tiid waerd to brea iten giene wy werom nei hûs. Heit hie túnke en ik sil wol boarte ha. Yn elk gefal, prate diene wy amper, dat wit ik noch wol. It wie in stille sneontomiddei. De sinne heech oan 'e loft. Deastil, sadat men allinne mei jinsels dwaende is. Sa lyts as ik wie, moat ik oanfield ha dat der hwat oars geande wie as dy sljochtweihinne rûzjes fan by nou en by dan. Heit naem it ark en nei hûs ta.
Ik frege: Hwer is mem hinne?’ ‘Ik wit net’, sei er. ‘Mem is even fuort’. Dat like my nuver ta, hwant as mem fuort wie, duorre dat gjin ûren. En nou makke heit de breatafel klear. ‘Moatte wy net wachtsje?’, frege ik. ‘Joun net. Joun ite wy togearre’. Dêr koe ik it mei dwaen en wy ieten swijend ús bôlle.
It healjoune al. As in ûnsichtber klaed skoude de nacht stadich it hûs yn en
| |
| |
makke de ôfstân tusken heit en my - elk in kant de tafel - hwat langer hwat greater. Dêr moat it bigjin lizze fan myn eangst foar it allinne wêzen. Doe is it bigoun en it is nea wer by my weigien.
‘Mei it ljocht op?’ Heit sei neat werom. ‘It wurdt hjir sa tsjuster, ik kin heit hast net mear sjen’, bisocht ik wer. ‘Ja’, sei er. ‘Aenst’. En wer wie it stil.
‘Hoe let komt mem werom?’ ‘Dat wit ik net, Anna’, sei er en gie stean. Ik soe oerein, heit helpe it itensark ôf to romjen. Mar hy: ‘Ik moat even fuort. It duorret mar krekt’. It forstuivere my, sa gau er de doar út wie. Samar, suver op itselde stuit wie er fuort. En doe de stilte. As in tekken om my hinne. Stiver en stiver waerd ik ynrôlle. Ik koe gjin kant út, nearne hinne. It gûlen stie my nei, mar ik fielde my sa allinne, sa forlitten, dat gûlen sinleas like, in slop ôfjitsel fan myn werklike gefoelens. Sa lyts as ik wie, omflapte de eangst my dat heit nea werom komme soe. Dat heit hurd efter mem oanroun wie om fan my ôf to wêzen, om my libjend to bidobjen yn in nachtlik hûs.
It duorre ûren foar myn gefoel ear't heit werom kaem. It wie hielendal tsjuster. Ik siet tsjin it bêdskut oan. Dêr hie 'k in stoel delset, yn in hoekje. Gjinien koe my sa sjen as immen foar it rút stean soe en sjoch de keamer yn. Hoelang't ik dêr sitten ha wit ik net. Bern kinne de tiid net oersjen. Mar it wie in hel. In net to bineamen fortriet kroep stadich yn my omheech. Earst gûlde ik in skoft. Mar it hie gjin doel, der wie dochs gjinien om my to treastgjen.
Op 't lêst hearde ik klompen op it tegelpaed. Ik harke skerp, ik koe heit syn stap der krekt út. Hy wie op 'e fyts fuort gien, dat wist ik noch. Nou roun er en it wie krekt as wie er net allinne. Foarsichtich wipte ik fan de stoel ôf en nei it rút. It wie tsjuster, se soene my dochs net sjen. Ik hie lijen om to sjen hoe en hwat krekt, mar der wiene mear, dat hie ik fuort foar 't forstan. Doe gie de doar iepen en heit rôp: ‘Anna, bist hjir?’ Ik siet op 'e groun, efter in stoel. Ik hold my deastil. ‘Se is op bêd gien’, sei heit. Ik hold de siken yn, as de dea sa stil wie ik. Doe hearde ik ek omke Kees syn lûd. Hy kaem net folle by ús, heit mocht net oer him. ‘Moast droege klean krije. Se moat op bêd. En doch it ljocht net oan. In oar hoecht ús hjir net to biloeren’. Hy kaem de keamer yn. Myn eagen giene wiid iepen. Hy hie mem by de earm. Mem sei neat. Se wie hielendal smoarch. Har hier lei wiet en plat op 'e holle, krekt as hie se yn it wetter lein. Hoe't it fierder gien is wit ik net mear. Mar de oare deis hoegden wy net nei tsjerke. Gjinien fan trijen. Heit net en mem net en ik ek net. Wylst it prachtich moai waer wie, sieten wy de hiele snein yn 'e hûs. Der waerd net praet. Wy sieten mei syn trijen om 'e tafel. It wie tige frjemd allegear.
| |
| |
Der is by myn witten noait wer praet oer dy sneon. Mem hoegde net wer mei nei it tún. Har part bleau biheind ta de blommen en heit die de rest: it op oarder bringen, ûnderhâlden en dollen.
Wol kaem it my foar as wie der hwat foroare sûnt dy sneon. Der wie in ilestiken tried spand tusken ús trijen. In trijehoeke dy't bigoun by heit, dan nei my ta, twa trije slaggen om my hinne, sadat ik alle kanten útlutsen wurde koe, en dan nei mem. As wy mei ús trijen thús wiene, fielde ik it amper. Mar der wiene ek mominten dat it my de kiel tichtkniep, dat it my binei smoarde. Dat wiene de mominten dat heit oerein gie en de pet fan 'e kapstôk naem. Mem har réaksje: ‘Hwer silst hinne?’ Heit sjocht om him hinne as siket er hwat. Dan falle syn eagen op my en bliuwe dêr hingjen, krekt as wol er sizze: ‘It hinget fan dy ôf. Siz dou it mar’
By't simmer, as heit nei it tún gie, wie it oars. Dan koe mem it fjild oersjen. Dat wie feilich. Heit bleau yn mem har eachweid. Mar by't winter. Ienris sei se: ‘Astou giest to jounpraten, gean ik der ek út’. Tagelyk seagen se nei my. Mar hiel forskillend, dat wol. Heit fan. ‘Giest mei? Lit har hjir mar sitte’. En mem fan: ‘Dou bist de skuld. Astou hjir net wieste, hie 'k hjir allang net mear west’.
Ik wit noch, ien kear fleach it my sa oan doe't se nei my seagen, dat ik bigoun to gûlen. Ik fielde it ilestyk stiver en stiver om my hinne, as in nije jurk dy't to krap sit krimpt en krimpt om it lichem. ‘Né!’, raesde ik. ‘Né!’ Ik siet oan de ein fan 'e tafel, heit en mem stiene wjersiden. Ik woe trochgean, mar doe't ik nei heit en mem seach, waerd ik ynienen stil. Heit en mem stiene as twa stânbylden wjersiden de tafel mei it brune kleed, rjochtop en swijend. Heit seach foardel en mem seach foardel. Se seagen my net oan, as wiene se folslein forgetten dat ik der ek noch wie. Doe seach ik ek mar nei it giele patroan yn it taffelskleed as wie dêr de oplossing fan it riedsel to finen. It like my ta as fierden wy in stik op, lyk as yn tsjerke op guon sneinen as dûmny mei oare mannen by in tafel stiet en hiel stil út in romer drinkt.
‘Ik bliuw thús’, sei heit en gyng sitten. ‘Jow ús mar hwat thé’. It spul wie forbrutsen. Mem kaem fan 't plak, roun nei de keuken en sette théwetter op. Heit sette útein en nifele in sigaret yninoar. It ilestyk siet my noch krektsa om 'e kiel. Ik koe wol spuije
Ik wie tsien jier doe't myn broerke kaem, dy't de namme krije soe fan Jan. Mar in tal jierren derfoar barde hwat oars, dat my ek nea út it ûnthâld gean sil. Der binne dingen yn it libben dy't op it stuit sels amper opmurken wurde, dy't
| |
| |
forgetten wurde as iten en drinken. Letter sjocht men it dan foar jin, samar ynienen en net wer út to wiskjen. Yn sterke bylden en sterke emoasjes. Alteast by my. Ik kin it net yn in pear wurden sizze hwat der yn in tiid fan fjouwer fiif moanne by ús om en ta gie. Ik haw allinne noch weet fan inkelde mominten, in tal flymskerpe bylden
It wie yn 'e neihjerst dat ik yn 'e rekken krige dat der mei mem hwat oars wie as oars. Ik wit dat noch sa krekt om't it dat neijier in bulte min waer wie. Ik hold fan dat waer. Mem en ik smûk togearre yn 'e hûs. De lampe net let op en beide dwaende. Soms in forhaeltsje fan mem. It hoe en hwat dêrfan wit ik net mear.
Op in neimiddei hie mem de lampe bitiid op. It wie kâld en it reinde op 'e ruten. Se wie oan 't sokstopjen doe't se sa tsjin my sei: ‘Anna, hwat tinkt dy derfan en krij der in broerke of suske by?’ Ik seach har oan en sei neat. Ik koe net foar 't forstân krije hwer't se op ta woe. ‘Bigrypst my wol?’, frege se. Ik skodholle.
‘Wy binne nou mei syn trijen: heit, mem en dou. Oer in skoftsje binne wy net mear mei syn trijen, mar mei ús fjouweren’.
‘Dat wol ik net’, sei 'k. Dat wie myn earste réaksje. Oer it hoe en hwat hie ik net neitocht, mar ik wist wol trije minsken yn in húske as úzes wie mear as genôch. ‘Dou krigest in broerke’, sei mem. ‘Of miskien wol in suske. Dat wit mem ek net’. Ik seach har oan as hearde ik it tongerjen. Ik hie gjin witten fan hwat se eins sei, mar ik fielde yn my: gefaer. Ofhâlde.
‘Liket dy dat net moai ta? Kinst ek mei ien boartsje’.
‘Né’. sei ik. ‘Dat wol ik net. Ik wol by mem bliuwe’.
‘Mar dat bliuwst ek, fanke. Dou bliuwst myn famke likegoed, al krigen wy tsien broerkes en suskes’. Mem praette as stie se har hannel to forkeapjen. It oertsjûge my net
‘Fynt mem it wol moai’, sei ik. It wie krekt as gyng der in skok troch har hannen, doe't ik dat frege. Se lei de hannen stil op 'e sok en seach in telmannich swijend foardel, foar't se my andere. ‘Heit woe it graech’, sei se. ‘En nou prate wy der net mear oer.’ Ik lei it boartersguod del. ‘Heit?’, frege ik. ‘Nimt heit in broerke mei?’. Mem hat doe slim foar it blok sitten mei my. ‘Wy krije oer in moanne as hwat in broerke of suske’. Dat wie alles.
| |
| |
Dat oare moat in wike as letter west ha. It wie joun en ik lei op bêd. Ik sliepte op 'e keale souder boppe, heit en mem ûnder yn it bedsté. Ik moat in hwat eangstich bern west ha, hwant ik wit noch wol as ik de sliep net krije koe, dan rôp ik fan: ‘Mem! Is mem dêr?’ As se dan werom rôp, wie it signael feilich en joech ik my del. Op in joune koe ik mar net yn 'e sliep komme. Ik hearde heit en mem ûnder praten, sûnder to forstean hwat se seine. Ik hearde harren lûd, dat alles wie feilich. Ik hoegde net to roppen. Om't ik myn nocht hie fan op bêd, klaude ik der ôf. Tige foarsichtich, sûnder dat der hwat kreake. It wie roettsjuster op 'e brúnhouten souder, spoekeftich foar myn gefoel. Dat sil kommen ha om't ik mei eat dwaende wie dêr't ik neat mei to krijen hie. Myn plak om dizze tiid wie op bêd en hwat him fierder yn 'e hûs ôfspile, dat wie foar heit en mem. Dochs lûk my hwat nei ûnderen ta, as in sûger.
Ik hie in lange nachtpon oan. Mei de lofterhân hie 'k him op knibbelhichte fêst, mei de rjochterhân hold ik my oan 'e ljedder fêst. It rûzige waer hie ik op 'e hân: heit en mem hearden neat.
Under oan 'e trep stie ik yn twastriid: foarsichtich de keamer yn en my yn it hol fan 'e liuw bijaen, of in hoedener methoade: oan 'e doar harkje. It lêste waerd him. Ik tripke op bleate fuotten nei de doar ta, gyng op 'e knibbels lizzen en draeide my in healslach om. Dat wie in idéale hâlding om ûngemurken op 'e hichte to bliuwen fan hwat him oare kant de doar ôfspile.
It frjemde is - safolle jier letter - dat ik eins net wit hwat der fierder krekt bard is. En dochs is it my yn 'e holle hingjen bleaun. Der hat hwat west dat net to bineamen is en dat dêrtroch krekt yn my beitele is as in stien yn in muorre: men kriget him der net wer út.
Dat is it frjemde mei tiid. It is net to gripen, mar it lit tekens yn jin efter dy't net wer wei to baernen binne. It is krekt oft de moaije mominten to flechtich binne om foar de ivichheit fêstlein to wurden. Sa giet it ek mei dy oantinkens oan ús mem. Ik haw it gefoel dat ik noch skoften troch gean kin en helje allerlei oantinkens oan. Mar it is allegear like fortrietlik hwat ik noch wit. Ien oantinken moat ik noch kwyt Om dúdlik to meitsjen hoe fan god forlitten wy wol west ha mei syn trijen, ús heit, mem en ik. En in ivich riedsel bliuwt it foar my hwer't wy soks oan to tankjen ha
Wy hiene om boadskippen west, mem en ik. It wie kâldich waer en ik wie bliid dat wy wer thús wiene. De minsken yn it doarp seagen mem sa oan en as se nei mem seagen, seagen se ek nei my. De minsken wiene myn fijannen net,
| |
| |
mar freonen koe 'k ek net yn harren sjen.
Mem seach meast foar har del. Se sei út harsels noait dach en dêr allinne al om moat se wol op in minne namme lein ha.
Wy kamen de doar yn, mem brocht de boadskippen nei de keuken en roun mei mantel en al de keamer yn. Dat wie har gewoante net. Earst de mantel út en dan yn 'e hûs. Se gie op in stoel sitten en lei de holle op 'e tafel. Ik wie forstuivere. It like wol as siet heit dêr, sa't er middeis syn slûchje hie, mei de holle op 'e hannen.
‘Wol mem de mantel net út ha?’, sei ik. Ik krige gjin antwurd. Even seach ik it hear oer, doe sei ik: ‘Mei 'k wol in suertsje út it trompke krije?’
It wie krekt as waerd se wekker. De holle kaem in bytsje omheech en as in kat dy't op in mûs loert, sa seach se nei my dêr efter de tafel wei. Ik hie it der net op. Har eagen stiene sa swart as de nacht. Earst soe 'k my stilhâlde, mar ik hie har frege, ik siet yn it skip. ‘Mei 'k wol in suertsje út it trompke krije?’
Doe wie it as tongere it, as briek in helsk fjûr yn har los.
‘Moast godfordomme nochris janke! Dan smoar ik dy! Dan smoar ik dy dêr't jim heit bystiet! Bin 'k fan dy ôf. En dy oare wol 'k ek net ha!’ Ik bigoun to gûlen. Ik wie sa forbjustere, dat ik earst net iens yn 'e rekken hie hwat der barde. Mem hong mei beide earmen op 'e tafel, yn har tsjûke winterjas en spuide op 'e tafel. Se spuide mar troch en ik stie mei greate eagen yn 'e gongsdoar. Fan alteraesje wie ik stil. Ik seach hoe't de galle oer it kleed roun, op 'e flier. It wie sa'n tsjustere neimiddei, sa'n middei dat wy oars al it great ljocht op hiene. Nou net. Mem lei noch mei de earmen op 'e tafel en seach foar har út as wie se allinne. Ik stie nei har to sjen, mûsstil.
Doe rjochte se har holle op en seach mei in lome biweging de hiele keamer oer as woe se gjin détail oerslaen. Doe bigoun se to razen. De holle efteroer, de mûle wiidiepen. Doe raesde se har need út yn dy fan god forlitten stilte en tsjusternis. Se sizze dat bisten yn need gjalpe kinne fan eangst. Mar ús mem waerd útinoar skuord, mei in alles trochkringend lûd. Us mem wie neat minsliks mear oan op dat stuit. Ik wie fan doel fuort to rinnen, hiel hurd nei bûten ta nei heit of nei immen oars. Doe gyng de doar lykwols iepen. Mem draeide de eagen nei it doarsgat, sûnder har holle om to draeijen. Der stie in frjemde man samar by ús yn 'e keamer. Hy sei neat. Hy seach allinne nei mem. Se waerd stil, op slach. It wie krekt as stie god dêr yn 'e doar. De man bleau stean dêr't er stie en men bûgde de holle as waerd se slein. Ik seach nei de man en fielde my as biferzen. Oan 'e iene kant wie ik bliid mei dy man. Nou wie mem ommers stil,
| |
| |
samar ynienen, as wie der in knopke yn har omdraeid sa't men it ljocht út en oan docht. Oan 'e oare kant krige ik nou yn 'e rekken - foar it earst eins en lang net sa biwust doe as ik it hjir delskriuw - dat ik mem wol ôfskriuwe koe. Op mem tidigje hie gjin doel mear, op mem werom falle wie folsein sinleas. Sa jong as ik wie, fielde ik dat der in streek ûnder de rekken set waerd, in tsjûke definitive streek. Ik moast earder noed foar har stean as dat ik op eat hoegde to rekkenjen.
‘Frou Blaauw’ sei de man.
Ik skrille op en tagelyk like it my ta as hie ik de man wolris earder sjoen. Hy wie my net bikend lyk as de bern op skoalle my bikend wiene of sels net lyk as de omkes en muoikes dy't allinne op 'e moaiste simmersneintomiddeis fan it jier ris delkomme as in plichtpleging nei de famylje dy't der op 't lêst ek noch is. Sokken kin men daelk werom as se in twadde kear komme. Mar dizze man net. Dizze man hie hwat deftichs oer him, sa't omkes dat folle minder ha. Doe seach ik dat er skuon oan hie, platte brune skuon ûnder in nije broek wei. ‘Dit is hwat oars’, skeat it troch my hinne en doe wist ik it: dokter.
‘Hoe is it mei jo?’, sei er ‘Ik soe ris sjen hoe't it mei jo liket, hwant jo koene my wol forgetten wêze’
Rjocht tsjin mem oer gyng er by de tafel sitten. Hy hie in soarte fan taske by him, seach ik en in hoed dy't er foar him op 'e tafel lei. Mem seach rjocht foar har del, krekt as hie se in stive nekke en koe de holle net heger as healwei it boarst. Se hie de hannen ûnder de tafel. It koe wol feest wêze, tocht ik, krekt as hat se in presintsje ûnder it kleed.
Dokter - sa't ik him foar mysels neamde - bleau rêstich sitten en seach nei mem mei in pear oanhâldende eagen. En mem bleau sitten sa't se siet, hwat rounrêgich, mei in kleur as in lyk.
‘It liket my ta dat jo net al to goed binne’, sei er.
Mar hy hie it ek wol tsjin 'e mosken sizze kind, hwant mem swei yn alle talen, in libben stânbyld fan forset.
Ik skrille op doe't er my frege hoe't ik hiet. Soks hie 'k net forwachte. Dat fan forstuivering sei ik neat
‘Hast gjin namme?’
‘Anna-Ynskje.’ It wie der út foar't ik der erch yn hie.
‘Hwat in moaije namme’, sei er, ‘Anna-Ynskje Blaauw’.
Ik seach mem har eagen biwegen, foar 't earst sûnt dy man tsjinoer har siet. It wie krekt in kat dy't om har hinne loert. Se forskeuvele hwat en ik skrok
| |
| |
suver, sa wie 'k al oan har wend as stânbyld.
‘Se is nei my neamd’, sei mem mei in leech lûd as soe se bromme. Ik waerd even kâld fan dat lûd en dokter forskeukte ek.
‘Nei jo?’
‘Ik hyt Anna Westra’
De konstatearring kaem har ut 'e mûle sa't men hwat seit sûnder acht to slaen op hwat men eins, seit as in fuotbal dy't men yn 'e sleat skopt om't er lek is.
‘In moaije namme sei er nochris. ‘Mar hwat oars: kin ik ek hwat foar jo dwaen?’
Wer waerd it stil, nachtlik stil hast. En mei ús trijen sa't wy dêr yn 'e keamer sieten, ik op it gat op 'e groun by de doar en mem en dy man by de tafel, tocht ik oan 'e sneinsskoalle en al dy forhalen oer Jezus. Ien en al rêst, ien en al frede. Mar dit wie Jezus net. Dit wie dokter en aenst soe er my wer mei mem allinne litte.
‘lk wol it by my wei ha’
Doe bigoun mem súntsjes to gûlen, mei de holle op 'e tafel. Hielendal net heftich en mâl lyk as earst, mar fredich suver as in sacht foarjiersreintsje. Dat se ek sa koe, sa tofreden en sûnder forheftich gegjalp. Dokter liet har útgûle en lei syn hannen op har earms.
Ik kaem oerein hwant fan 'e groun ôf koe ik it net rjocht sjen. Syn beide hannen hie er breedut op har earms lein, hast om 'e earmtakken hinne. Mem skokte net en skodde net, mar siet tofreden hwat tc gûlen en ik stie njonken har by de tafel
‘Hwer is jim heit?’
‘By de boer’
‘Hokker boer?’
In riedseleftige fraech. De boer wie de boer, dat wie dúdlik. De pleats koe ik sa foar my krije, mei de hege blabberige reed by 't hjerst, dêr't ik altyd by de kant lâns roun om gjin smoarge klompen to krijen. By 't simmer, as de sinne heech boppe it tek stie, stie ik yn 'e skuorre mei de holle yn 'e nekke omheech to sjen. Dan kipe de sinne mei spinreach-fine triedden troch in hoeke en fierder seach ik neat. Mar wol hearde ik dy ûnbistimde lûden, dat krassen en kreakjen, dat piipjen en gounzjen.
‘Hoe hjit dy man dêr't jim heit by wurket?’
‘Feilstra’. sei mem.
| |
| |
‘De âlde of de jonge?’
‘De jonge’, sei se. ‘Dy rotsak kim om my deafalle!’
‘Ja?’
‘Ja’.
‘Hoesa?’, frege er, ûnnoazelwei.
‘Dat kin jo neat skele, dêr ha jo gjin grevel mei to krijen!’
Nou moat er ophâlde, tocht ik, asjobleaft gean net fierder mei freegjen, dit rint wer op min waer út, wy ha it hjir nou krekt wer hwat fredich.
‘Ik sil ris sjen hwer't er is’, sei er en gyng oerein. ‘lk kom moarn wer even del’.
Sa liet er ús allinne. Mar my fral. Om der allinne mei to rêdden.
Sa ha 'k my der oan't nou ta troch slein, troch dit libben. En hwat my bybliuwt binne al dy ienlike mominten dat immen fuort gie, lyk as mem en heit en dokter destiids. Dat ik fan god en alleman forlitten waerd. Sûnder hope. Sûnder treast.
|
|