yn de mjitte te fytsen- sat un goed soasjalist eens posse soe. Kûkhenne litte Jo gauw efter Jo, vont dêr yn Kûkhenne hat Vópke wenne, de dúvelbonder, en sa vier os Vópke libbet (± 1894), dy nostolgy nee byljowege tiden mat no mar rus dien vêze (dy teksten fwar Irolt bin meast óp fersyk). Mar don bin Jo der noch net ô, vont de slinger oer ut spoar bringt Jo óp de Goddeleas Singel, dyt by de Skylege Piip lôns nee ut Goddeleas Tolhús rint. Frachten grizoergraujende spûûkstoarjes binne oan disse reed ferbûn: de jûnleke reezger dyt iensem ut paad nee Dokkem del trape (óp un oare wize os Jo no traapje, vy ha 't oer ûnferljochte tiden dût de fyts, ut summem ton junselsfwótbeveegjende technyk - ot mun ut rus ealek besjucht -, noch net útfûn vie) kôm óm ut watsje ver un oar spûûk tsjin, olteast, dur binne gôns oerleveringen oer ferskillende spûken. Jaja, ut vieden godfruchtege tiden, dût de lju sa sterk ljoden spûken en sa, dot se de plakken dêrt sóks fwarkôm ‘goddeleas’ neamden. Nee, don joeddedee: ut jinnegste ópstakel dot Jo jir tusken de bjemvoltsjes tsjinkómme, noch fwart Jo by de Skylege Piip binne, dyt nammentlek yn de ôde vee fon Feanvôden nee Dokkem en de Vestereen leit, is un neeë autovee, dyt dwes - see ut net mee hûkken fon 90° - tróch de Goddeleas Singel hinne sneet. En ut dwórret ek un knap skóft jet Jo dur oerhinne kómme - letterlek, jer, geastlek mee ut noch bêst even langer óp Jo ynvurkje - en Jo tinke by Josels: O tempo, o mortes (olteast, dot hie ik Jo tinke litte vóllen, mar dot ‘mortes’ sil vól ‘mortui’ vêze matte, tink ik no by ut delskrjowen: ut gie my
óm de ferskillende deade meensken, net óm de ferskillende menearen fon stjêren - ol soe dot net ûntaposlek vêze). Omt Jo de moraal ollang begrepen ha (en ómt ik eens net krekt vyt hût de ôde rûtte nee Dokkem fjidder gjit - mar ry nee ut oerstekken east noch mar un fiks een rjuchtút, ut gjit yn olle gefollen ut nwadden yn), kómt dur óp de rest fon ut pepier noch un ferhaaltsje tusken jekjes:
(ut vie tsjin de jûntyd, óp un saterdy yn de iere of lette simmer - ‘ja pake, en dû pake?’ - dot Trynes en ik ûndervees vieden fon ut KU-bestjoersgearkómste yn Grau nee hûûs ta, oer de Tonyrûtte - fon Jeensum ô ut vesten yn, don de easte dyk rjuchtsô en rjuchtút oan Frjentsjer ta - en dot dur by Velsryp un espeltsje bên óp ut krúspunts tie en ús oan kóm men sêg: un kwatte brûk mee vaaihier en un lange brûk mee read vaaibud, en dúdlek tocht: dy matte nee Frjentsjer ta. Dû hóng de kwatbrûk ynienen savot nee foaren oer ut stjoer en rôp freegjend, mee de hôn rjuchtút vizend ut vesten yn: ‘Eêmsterdêêm? Eêmsterdêêm?’ En óp slag de hiele keppel út de skrûven: ‘Yes! Yes!’, vizend de kont fon Frjentsjer oer. Ut koe net misse).