yn mysels al gjin trede hearske, hoe soe ik it dan earne oars forwachtsje meije?
‘The end is at hand preuvele in âld skromfelich wyfke yn blau-forsketten winterjas. Se sette har linnense tas flak foar my del op 'e groun, luts de rits iepen en helle in read-eftich boekje foar 't ljocht. Se sloech it iepen en song in liet oer God de Hear Dat God goed wie en wiis wie en foar ús allegearre soarge.
Se hie in fyn, skerp fûgelgesicht; op 'e noas in to swiere bril.
Gjin tosken yn 'e mûle. ‘O Lord, song se mei ynmoed.
‘Alleluja rôp in man, dy't njonken my stean kaem.
‘Believe in God sei de frou. ‘He is always listening to you.
‘Give me His telephonenumber rôp de man.
De frou bearde dat se him net hearde. ‘Sinfulness is leading to damnation sei hja.
‘I love it. I love it’, rôp de man.
Minsken bleaunen stilstean, gnysken.
Opnij sette de frou in liet yn. God soe ús nea forlitte, moast ik dêrút opmeitsje. ‘You are very sexy to-day Betsy’ praette de man njonken my fierder,
‘smile and you can go to Hollywood’.
It publyk formakke him ta de teannen út. It sloof rekke fan 't sjapiter. Se tearde it boekje ticht.
‘Ael.
Itwie Lútsen. ‘Hwat dochtstou by dit Gods-gedoch?
Ik lake him bliid oan. ‘Sille wy mar?
Togearre rounen wy it park út. Smiten folk kamen ús tomjitte. Opkringerich, niget-sjenderich folk. Goddeleas en ûngenedich. As it jin de gek oanstekke koe, soe it dat dwaen.
Myn muorke, myn selsbihâld.
Nea soene se it to witten komme, dat myn mûle fakentiids in oare tael spruts as myn gedachten. Se soene my yn de skjirre krije kinne, as se dat wisten. Nea.
‘Hwer tinkste oan? forbruts Lútsen it swijen.
‘Hwatte? Nearne oan.
Om de hoeke fan de strjitte kaem jankend in ambulance-wein oansetten. The end is at hand snie it troch my hinne.
Ut 'e loft foelen de earste drippen.