[Nummer 6]
Goddeleaze tiid
It giet better mei Cambuur de lêste tiden as mei de fryske literatuer. Net elk doelpunt wurdt biselskippe fan in forhael of fers, ek al soe It in forhael wurdich wêze. It is goedkeap om to kleijen oer it nifo en de kwaliteit en to eameljen oer it tempo en de mannichte fan en yn de fryske literatuer, as men sels gjin prikken yn it wurk stelt om dêr hwat oan to dwaen. De redaksje fan Trotwaer miende in boppeslach to slaen - om mar ris hwat taeleigen to brûken út in oare sport - mei in priisfraech ‘forhalenskriuwen’ oer it téma GODDELEAZE TIID. Likernôch 45 lju waerden oansocht om mei to dwaen. Letter is noch in herinnering stjûrd. In stik twa, trije réagearren mei in forklearring hwerom't hja net meidwaen soenen. Bûten de forhaleskriuwers dy't hjirnei har kunsten fortoand sjogge hawwe noch twa man hwat ynstjûrd, dat de redaksje dochs mar leaver net pleatse woe. Alle oaren, d.w.s. mear as twa elftallen fol, hawwe ús stikke litten. Kwantitafyf is it dus in ôfdeijer wurden, dizze forhaleskriuwerij. Hoe't de kwaliteit útfallen is fan de forhalen dy't hjir nou ôfprinte binne moatte de lêzers sels mar ris bisjen.
Redaksje