| |
| |
| |
Steven de Jong
In frou yn 'e Fryske literatuer
Ella Wassenaer: Yn runen ritst B.V. Friese Pers, Ljouwert 1978
In literaire krityk moat nei myn betinken gjin wittenskiplike skôging wurde, sa droech as hoppe en sa taei as hier. Dêr bin ‘It Beaken’ en ‘Tichelwurk’ en oars mar in oar tydskrift foar. Dy't in oare miening hat, moat net in dichter freegje om in fersebondel te besprekken. In kritikus hat it rjocht en kwattelje der mar wat hinne (wittenskiplik sjoen) as er him mar ynspirearje lit troch it te besprekken wurk. Dat wol fansels net sizze dat wittenskiplike skôgings sûnder wearde binne. Ut noch yn net. It wurk yn dit stik fan bg. Adri van Hijum en yn syn gefolch Bartle Laverman en noch letter Trinus Riemersma is foar de literatuerwittenskip tige wichtich. Hat men der krityk op, dan is dat bêst, mar men sil dan wittenskiplik oantoane moatte hwer't it heakket. In literaire krityk lykwols sil in bytsje in kunstwurk wêze moatte of miskien ek wol hiel artistyk. Wêr't dat artistike dan ynsit, sil wer in moai ûnderwerp foar in literatuerwittenskiplike ferhanneling wêze, de kritikus hoecht him dêr to'n earsten net om te bekroadzjen. Hy moat skriuwe, apodiktysk, sa fan ‘sa tink ik deroer’ en dat ‘ik’ is dan tagelyk syn beheindens en syn rjochtfeardiging. It wie Eppie Dam dy't it oandoarst om der mar wat hinne te skriuwen (wittenskiplik sjoen dus) earst wat rimpen en knoffelich (bg. yn syn besprek fan Bartle Laverman) mar it wurdt der de lêste tiid net minder op. It gefolch is, trotwaer wurdt wat lêsberder. It ‘neoclassicisme’ fan trotwaer liket wat foarby. It stekje dat de akademisy der omset hiene wurdt stadichoan ôfbrutsen en fan stoepe fan 'e Akademy (it nivo wie neffens Flip Breuker sa heech, dat men der dûzelich fan wurde soe) is it wer in ‘trotwaer’ wurden, dêr't elkenien, ek ik sei de gek, op rinne kin. Ik sil lykwols de lêste wêze en sprek negatyf oer de
‘analityske fase’ dêr't trotwaer trochhinne moast. Ik ha de wittenskip heech yn it findel en al soe ik dat net ha, de wittenskip, ek de literatuerwittenskip, soe der net minder om wurde. Ik sil de anty-yntellektuelen dus net ferdigenje. Dy't dat al mient, hat my ferkeard begrepen. ‘Skriuwer’, literair dus, is wat oars as wittenskip bedriuwe, sa simpel leit it. As skriuwers, dichters, net mear skriuwe meije wat se wolle, wêr bliuwe wy dan? Oarsom. De wittenskipper heart wittenskiplik beskieden te bliuwen en net syn wittenskiplik gesach te misbrûken om in fersebondel (bg. popkes tekenje) op folslein irrasionele grûnen te kreakjen. Ferwachtsje fan my dus net in suver objektyf en kontrolearber besprek fan 'e bondel 'yn runen
| |
| |
ritst’. Wol sil ik besykje sa objektyf mooglik te bliuwen d.w.s. myn bewearingen mei sitaten en ferwizingen te ûnderstreekjen. Wie it Remco Campert net, dy't sei: struktueranalyse is napalm foar de poëzij? Dy't soks beweart, hat fansels fan struktueranalyse net folle begrepen. Oan 'e oare kant ha struktueranalisten wolris fergetten dat skriuwers yn lêste ynstânsje gjin wittenskippers binne, ja faken earslings foar de wittenskip oer steane, omt de grins wittenskip/dogma net altyd like dúdlik is (ik tink hjirby oan 'e negative wurdearring fan guon analisten fan it essayistysk wurk fan Anne Wadman). Oan 'e iene kant wurdt de wrâld bedrige troch wittenskiplike burokraten, ‘dy't hiel de wrald yn fêste maten blaffe wolle’ (jelle de jong), d.w.s. de maten fan har wittenskiplike dogma's. Faken bin dizze burokraten oars net as dressearde dielspesialisten, dy't op wat knopkes drukke sûnder der aan fan te hawwen hoe't de apperatuer wurket (bg. sa't ik mei myn auto omslach). Lyk foar har oer en dêrtroch prachtich mei har gearwurkjend stean romantisy, dy't de hiele wittenskip oer board kiperje wolle, ommers de wittenskip hat oars neat oplevere as ûnhuere kearnbommen en sa. Se ferjitte dat minsken hielendal mechanisearre en dus kunstmjittige wêzens binne en dat sels de primityfste folken allinne libje kinne troch in ieuwenalde har hieltyd fernijende kultuer. Wat dizze twa groepen mienskiplik ha, is in ûnferweechlik doel oer goed en kwea. Romantyske en wittenskiplike dogma's kin elk begripe, lofts en rjochts kinne hiel maklik yn 'e kaartebak fan elke geast, dy't troch sektarysk tinken him fan 'e realiteit ofslút. Mar dy't net yn 'e kaartebak wol, dy't der bûten stiet, dy't net lokalisearre wurde wol, dy't gjin doel yn it libben sjocht en tagelyk foreale is op it libben en dêrom deabenaud foar de dea, dy't mei ûnbegryplike
runetekens nammen jowt om te beswarren, om it libben dochs mooglik te meitsjen, dy kin net yn 'e kaartebak, skriuwt gjin politike manifesten, komt net op 'e tv. En dochs dizze minsken ha it meast te sizzen, want har wurd is kreatyf. En sa komme wy by it wurk fan ella wassenaer.
Runen binne aldgermaanske lettertekens. Letters út in oertiid. Ritse betsjut soksawat as fykje. In runenspreuk is in net alhiel dúdlike spreuk, in beswarringsformule. In beswarring is it besykjen datjinge ûnder de kwint te krijen dat men net oankin. Tige nijsgjirrich is yn dit ferbân de kolofoan fan 'e bondel ‘yn runen ritst’:
dizze fersen fan ella wassenaer
binne ritst yn runen fan it oer
en sublimearre yn it hânskrift
It ‘oer..... oergefoel’ past tige goed by dizze prehistoaryske beswarringsritus. Sublimearje is in wurd út 'e djiptepsychology en betsjut sokssawat as in omsetten fan dûnkere oerdriften yn bg. kunstwurken, fersen. Wat folslein irrasioneel is (it oergefoel) wurdt konkreet yn it hânskrift fan 'e dichteres sels.
| |
| |
In hânskrift is wer folslein rasioneel, men moat it oanleare. Wy ha hjir fuort it mystearje fan 'e taal te pakken. Is it eins net sa dat hiele taal in middel is om it ûnsizbere ûnder wurden te bringen, te beswarren? In proses dat noait slagje sil, al lykje gâns stellige útspraken slogans en leuzen it tsjindiel te bewearen.. Mar ek dy leuzen binne oars net as runenskriften, in besykjen ta beswarring. Wurde se al begrepen dan binne it klisjés en betsjutte se neat mear:
‘hwant wurden sizze ommers neat’ (side 7)
Minsken dy't miene in wierheit formulearje te kinnen yn taal ha fan it mystearje fan 'e taal yn 't algemien en de poëzij yn it bysûnder neat begrepen. It iennichste dat yn wurden mooglik is, is in benaderjen fan 'e wierheid, mar as de wierheid fongen wurdt yn it wurd, dan is dy wierheid dea en dat wurd ek, al lykje gâns sloganbakkers it tsjindiel te bewearen. In krityske geast (ik wyt net mear wa) sei fuort nei de oarloch: nim noait in leuze serieus, want der sit altyd wol ien achter, dy't der better fan wurde wol. It bêst wurdt de wierheid benadere yn in petear. Poëzij is in petear. Faken mei in twadde persoan ‘dû’ (side 5, 13, 15, 17, (19), 21, (23), 27, 33, 35, 43, 55, 61.) Dy twadde persoan is de leafste, de man.
meiy jinsels (7, 25, 39, 41)
mei God (yndirekt 9 o/m 11, 47, 63)
en yn alle gefallen mei de lêzer, want it is publisearre poëzij. It frouwêzen (sjoch ek kolofon) is hiel dúdlik in motyf yn suver alle gedichten. It is gjin maklike frou, dy't hjir oan 't wurd is. It is in frou mei in dúdlike agressy, in agressy dy't blykt út it wurd ritst. Net yn runen tekene mar yn runen ritst. Dy agressy is faken rjochte op de ‘dy’. Mar har leafde is ek rjochte op dy ‘dy’. Dy agressy wol se net, mar se moat wol:
datst stroffelst oer myn hert
dû giest net oer in lyk (5)
Leafde en hate lizze hiel deun neist inoar, dat is bekend, mar hoe't it presiis sit, is in mystearje dat wy hiel hoeden benaderje moatte en dat kin allinne mar yn runen, fage spreuken dy't tsjutte. It is in fertsjinste fan ella wassenaer, dat se har sa dúdlik as frou manifestearret yn 'e Fryske poëzij, dy't dochs foar fierwei it greatste part in manljussaak is. Ja fansels wy ha Rixt, mar dy neist Obe Postma, allinne wat de kwantiteit oanbelanget en se bin beide omtrint like âld waern. Ja en dan Tiny en Berber, geweldich, mar it frouwêzen is by harren net it sintrale thema. Ella wassenaer is yn 't foarste plak in frou. En se dichtet oer de leafde. Soms dichtet se ek net oer de leafde, mar dan wol it net sa best (sa noflik 31), better is dan side 49, mar dy hat wer wat mei it fergonkelikheitsmotyf te meitsjen, dat ek dominearret yn har wurk. Ella wassenaer wol winli- | |
| |
ken gjin dichteresse wêze:
Ik kin my dat foarstelle mids al dy fynsinnige, achja, tige humane, alles begripende, yn 'e poëzij trockkrûpte, mar soms ek stom spytgnyskjende manlju:
‘gewicht’ is hjir wol tige dûbelsinnich. Fryslân is wat it feminisme oanbelanget in wat efterbleaun gebiet. Gjin Fryske Anja Meulenbelt en sa, sels gjin Hester Albach of Hannes Meinkema, gjin froulju koartom om bang fan te wurden. Fize wurden sille se komselden brûke. De Fryske faam is noch altyd in soarte fan etalagepop, de Fryske frou in soarte fan rashynder, tige yn fansels, mar dochs as in satelyt fan 'e man. (ik bedoel fansels de Fryske faam/frou yn 'e literatuer). En dêr stiet ella wassenaer tusken mei it fenomeen leafde, dat har behearsket yn har hert, bloed, ieren, nieren (5, 7, 9,13,19, 33, 35, 37, 41, 43, 47, 53, 61, 63) Se kin net swije al
‘is 't net foechsum foar in frou en liz har siel sa bleat’
Dy leafde hat ferskate aspekten:
a. De leafste is de ûnderdrukker
myn leafste wol myn finsters slute (41)
roede, oardiel, founis (55)
b. (dêr fuort mei gearhingjend), sy kin net sûnder de leafste
it (hert) tynt nei dines (5)
lit my dizze iene hâlde (11)
de eangst datstû der net mear bist (17)
| |
| |
hy koe ris tinke dat ik net mear bin (41)
c. de leafde bringt har gjin freugde, mar pine, illinde, wea
alle leed / riist dan massael oerein (7)
dy't har jimmer lijen brocht
en mei groeden sierde (9)
(dat ik) yn wéën fan it bernjen stik (41)
d. de leafde giet ienkear dea en dat ella wassenaer net ferneare, de leafde lit har krekt oan 'e dea tinke
dû giest net oer in lyk (5)
mar as hy net wer kaem (7)
de eangst datstû der net mear bist (17)
fierders 21, 25, 29, 41, bimin de dei (51)
e. As lêste wrakselet ella wassenaer mei in religieus elemint. Dat past alhiel by de runen. Se wrakselet der mei as Jakob oan 'e Jabok, d.w.s. se komt der net sûnder wryt of slyt út. M.o.w. de wrakseling oertsjûget my wol, mar de resultaten net, de religieuze mominten binne foar myn gefoel hwat wjuklam, b.g. it slot fan it prachtige fers op side 9/11:
| |
| |
skriemend briek Er de lêste klúster
Sa'n slotstrofe mei de ivige glimk fan Kristus en it smertlapeëftige ‘skriemend’ docht it fansels tige by de kristlike plattelânsfroulju en sa, mar ella wassenaer is harsels net mear. Likemin foldocht my it fers op side 59
dêr't ik neaken my op weage
It duveltsje yn my seit, dat hjir in non op it kritike momint de rôkken útstrûpt. Ella wassenaer krûpt hjir yn 'e klústers fan in sneinsskoallekristendom, dat de oplossing fan alle problemen yn 'e festjebûse hat. Wy stuitsje hjir, tocht my op in identyk forskynsel, dat Eppie Dam by Jan Dotinga fornaam hat en dêr't as ik it goed begrepen ha Geart fan der Mear by Obe Postma oer stroffele. Dy syn fersen waerden neffens Van der Meer minder te prûmkjen as men se binnen it stokramt fan syn monisme bringe woe. De dichter(es) hat sa te sizzen in sletten libbensfisy en ynsté fan de realiteit op syn gefoelige antennes ynwurkje te litten, misfoarmet er dy realiteit nei syn eigen beheinde fisy. Dochs soe ik binammen de mislearring op side 59 net graech misse wolle omt it sa'n tipyske authentike ella-wassenaer-misser is, nayf en dochs earlik (by de sneinsskoalle sille se wol rare eagen opsette by dat neaken). Sa sitte der wol mear nuvere geitesprongen (sorry foar dat wurd) yn 'e bondel. dy't ella wassenaer der net ûnsimpatiker op meitsje (bg. it frjemde gebet op side 47). Folslein slagge is it religieuze elemint op side 61:
ik bin dyn mem dyn suster
dyn leafste en God bring ik dyn hert
Hjir wurdt net ferteld wat God docht of wol, krekt oarsom, hjir stiet wat de dichteres docht of wol. |
De taal fan ella wassenaer sil de poëtyske fynpriuwer nou en dan pikefel besoargje. It tilt op fan 'e klisjés, sawol qua byldspraak ‘hert’ (15x) ‘dat faken brekt’, ‘oer liken gean’, ‘bloed’, ‘longerje nei him’ as qua stylfiguren bg. einleaze herhellingen (37, 63). Dochs wol ik dit net negatyf beoardielje. It giet úteinliken om runen, primitive tekens. De taal is ‘gewoan’ primityf. De dichteres besiket sa simpel mooglik te bliuwen troch mei klisjés, ja sels mei bombast te wurkjen. Se wurket hjir yn 'e tradysje fan 'e fyftigers, dy't har ek neat oanlutsen fan 'e poëtyske fynpriuwers. Sjocht men hwat fierder tebek dan stuitet men op 'e romantyske tradysje fan Bilderdijk en Da Costa, dy't al like
| |
| |
bombastysk mei de taal omsloegen. Yn it fers op side 51 komme yn dit ferbân de elemintaire kleuren read en swart foar, sawol as de like elemintaire wurden rappe en raze. De dichteres besiket, lykas de jazzmuzikus yn 'e muzyk, hjirtroch yn 'e taal in frijheit te feroverjen om ûnder de druk wei te kommen fan 'e stilistyske heechstantsjes yn sa'n protte manljuspoëzij. Poëtyske jazzmuzyk dus, dy't dwers troch de taal hinne raast. Dat nimt net wei, dat der út en troch juwieltsjes út har pinne rûgelje:
it crazy fan myn holle (7)
har hannen leine as blêdden (9)
earen dy't myn namme tinke
lippen dy't myn foarmen drinke
eagen dêr't myn lea yn sinke (15)
ik rop dy út dyn sturven wei (21)
dan gyngen de rotten te gast (29)
dat brânnen fan de hannen
dat stripen fan de langst
troch boarsten en skoat (35)
oan 'e boarsten fan 'e iensumheit (51)
dû komst as in wylde skouwe fûgel
oanwjukkeljen út dyn eigen nacht (61)
wy ha gjin foar- of neigeslachten
mar spylje op 't aventûr (61)
| |
| |
Dochs leit de krêft fan ella wassenaer net yn har taalskeppend fermogen, mar mear yn de agressive nonchalance, dêr't se mei mei de taal omspringt. Fansels it liket wolris mis te gean en dan kukelt der in nuver fers út bg. op side 45:
Ik moast alteast wol even wenne oan it yn it bloed jitten fan in liet, mar krekt yn dit fers, dat fierders út pure klisjés bestiet, bringt dizze skrille dissonant de spanning dy't it nedich hat. Hjir raast de tragyk fan 'e ôfbrutsen leafde troch de taal hinne. Och men kin der oars oer tinke, mar bin de harmonijen fan 'e moderne jazz net skrille dissonanten yn 'e klassike muzyk?
As men de fersen ris bylâns rint dan kypje der in mannich út: It fers ‘fan âld op nij’ haw ik ella wassenaer ris foarlêzen heard op in dichtersjoun. Alhoewol se in sêfte stim hie, kamen de wurden bikkelhurd oan. It wie deastil yn 'e seal. Yndruk meitsje hyt soks ‘dyn revolver’ út dit fers it tagelyk fallus- as selsmoardsimboal en rekket dêrmei de kearn fan 'e thematyk.
It fers ‘mea culpa’ op side 17 fertsjinnet it om hielendal sitearre te wurden. It is in magistraal fers en lit prachtich sjen wat der omgiet yn 'e siele fan in ‘kivende húsfrou’ en is sadanich foar manlju tige learsum. It seit mear as hûndert emansipaasjemanifesten. de ‘hurde wurden’ (de u-klank komt faken by ella wassenaer foar; tsjuster bjuster bilutsen) wolle krekt it tsjinoerstelde fan hwat se faken dogge:
lea myn hurde wurden wolle
dy ek streakje myn stive holle
wachtet op goeds en leafs fan dy
om te ûntteijen bigryp my
dochs as myn lûd fortsjusteret
forwitend wurd forbjusteret
myn swart skaed foar dyn sinne lûkt
en al myn waermte ûnderdûkt
dan is myn libben swier fan langst
in leger is om my de angst
net mear fan ús leafde witst
It probleem fan it fers ‘generaesjes’ op side 19 is, hwa is de ik-figuer, de dichteresse sels of ien fan har bern. De titel en it feit dat dat net alhiel dúdlik is, litte my kieze foar beide tagelyk, mar hielendal ella wassenaer is:
lit my rimpen gean ik haetsje wetten
op dit rank boat kaptein wit
dat ik myn frijdom oer dyn grinzen lit
| |
| |
Ek it sitearjen wurdich is side 27:
In frou is in minske mei eargefoel en de man sil dat eargefoel noch mei syn swipe noch mei syn lears ûnder de kwint krije kinne. In prachtich fers is dat op side 29
‘Unheimisch’ (sorry) is dat wat der oerbliuwt. Dit fers hat de toan fan in folksballade.
‘sa noflik’ (31) achtsje ik mislearre. Der moat sanedich wer ris in boadskip oerbrocht wurde:
dat flokt mei de hiele bondel.
It thema fan ‘ik ween om bloemen in de knop gebroken’ of fan ‘jonge sla in september’ fan Kopland fynt men yn ‘Jefta's dochter’ (37). Opfalt dat de fersen op side 39 en op side 43 ek yn ‘reade runen’, ella wassenaer har earste bondel, foarkomme. It fers op side 43 is wat logysker oardere as yn ‘reade runen’. De eleminten fan it lânskip binne byinoar set, en dy fan it lichem.
‘reade runen’: mounen herten lannen ikkers tinzen lea eagen nieren
‘yn runen ritst/: mounen ikkers lannen herten eagen lea nieren
It fers ‘chaos’ (63) mei it tsien kear herhelle stramyn:
dit is der wol mar dat is der net
hwerby't dit en dat wat mei inoar te meitsjen ha foldocht my net sa bot; der bliuwt neat oer fan 'e ynhald bg.
it liet is der wol mar de wiis is der net
| |
| |
Ik soe dat yn dit gefal omkeare wolle ntl. de wiis (boppeneamd stramyn) is der wol mar it liet is der net. Ella wassenaer moat dichtsje oer dat wat der wol is.’ Dus dochs wat oerstallige fersen. Gelokkich mar, in folmakke ella wassenaer soe net te daeijen wêze. Dat docht wol bliken út it lêste fers fan 'e bondel, in fers dat sa yntryst it stjerren biskriuwt, mar ek sa ynkringend, dat it sûnder mis ta it bêste heart fan 'e hiele Fryske literatuer. Dit fers bin ik al tsjinkaem yn ien fan 'e earste jiergongen fan Quatrebas (2 nû 6-7). De dichteres hat der hwat oan feroare dêr't it net minder fan waem is:
‘it donker’ waerd ‘'t donker’
‘klonken oan har eigen keninkryk’ waerd ‘klonken yn..’
‘yn rige bleke clochards’ waerd ‘yn bleke rige clochards...’
Noch in fariant fynt men yn ‘Skande skande sûnde sûnde’. Dêr stiet ‘de rige bleke clochards’ en bilutsen ynsté fan bilusten, mar dat kin oan in printflater te witen wêze. De dichteres hat wraksele mei har fersen, in wrakseling dy't hiel dúdlik oan it ljocht komt as men har 14 fersen út ‘Skande skande sûnde sûnde’ neist dy fan dizze bondel leit. Dan sjocht men hoefolle túch ella wassenaer út har túntsje wjudde hat. Tink ek mar oan de smelle produksje oer safolle jier. Mar nou it fers:
yn dizze lêste pine dûkt hja as yn dea
en skeint de hannen dy't har rêdde wolle
fordronken yn 't donker fan de seine
klonken yn har eigen keninkryk
skikt hja mei yn bleke rige
as foar in tel har lea noch boppe driuwe
sinkt yn 't grêf fan har brutsen eagen
bilusten de kime fan parys
Allinne al troch dat fers hat ella wassenaer har namme as dichteres mei har unike fortolking fan it oergefoel fan in frou yn de Fryske literatuer folslein wier makke.
|
|