Jarich Boersma
Arketektuer en literatuer
De redaksje skreau my okkerjiers dat hja alhiel gjin biswier hat tsjin it meimekoar oparbeidzjen fan arketekten en skriuwers. Dat is tige moai fansels mar ik freegje my ôf oft sa'n hâlding net to passyf is. Boppedat lies ik yn de L.C. fan 19-5-'79 in stikje oer Trotwaer. Dêryn stie û.m. dat de âldere generaesje fan skriuwers him yndertiid weromlutsen hat omdat de sfear harren net mear lei. De krityk liicht der net om: ‘geen visie op wat nodig is voor een Friese literaire identiteit’, ‘weinig epische productie voor een bredere lezerskring’.
As âldere lêsder fan Trotwaer soe ik no dochs noch wolris bisykje wolle om in inkelde opmerking to pleatsen oer it ien en it oar: Dat de âldere generaesje fan skriuwers net mear meidwaen wol is spitich. Men hat it faek oer in generaesje-kleau. Mar dy wurdt troch sok stúmjen net lytser. De âlderen hoege miskien net mear foar master op to slaen, mar wêrom hja nou sa de noas oplûke, dat kin ik net folgje.
Ik bin gjin skriuwer fan professy. As der yn it forline sa nou en dan ris in stikje fan my opnommen waerd, dan wie ik tige op 't skik. Der is ek wolris in stikje wegere, mar soks oerlibje ik wol. Bygel. mei myn fan âlds bikende idé dat arketektuer en literatuer meimekoar to krijen ha kin ik oan 't nou ta mar min foet oan de groun krije. Mar ik bisykje it dochs noch mar in kear.
De ynhâld fan Trotwaer sprekt my as âldere lêsder ek lang net altyd oan. Hwat de jonge bazen op 't heden yn de literaire blêdden delskriuwe kin ik net allegearre folgje. Mar hja jowe eat fan harren sels en dat yntrigearret my. Boppedat sprekt it my oan omdat it bûten de bilangensfear omgiet en dat is tige wichtich. Dat kin fan de arketekten net altyd sein wurde..... Jawis, der komme foar in Frysk boek, in fersebondel of in forhael in pear sinten op it kleed mar dat mei gjin namme ha. Der is net ien dy't der fan bistean kin. Dêrom hâld ik tol en bliuw lêsder. Hwant de twaspraek tusken de âlderen en de jongeren moat nei myn bitinken op gong bliuwe, binammen yn de forskate kreative sektoaren.
Ik traepje fansels in iepen doar yn as ik siz dat it skriuwen yn it Frysk mear is as in leafhabberij. mar it mei dochs noch wolris sein wurde. In fiersten-togreat oantal minsken sjocht it útjaen fan Trotwaer as in leafhabberij fan ik stik of hwat eigenwize studinten dy't der sa mar hwat hinne bekje. En dat wierret it oantal lêsders net yn 'e kaert. As arketekt soe ik ek wol sizze kinne: ‘Hwat ha ik oan dat elitaire literaire Trotwaer?’ De kearen dat ik eat fan in relaesje mei myn eigen tinzenwrâld merkbite kin is net folle. Mar as ik al ris in kear in relaesje mei bygel. de arketektuer bispeure koe dan ha ik nea neilitten om der op yn to spyljen. It wurk fan arketekten en skriuwers spilet him yn de kreative sektor ôf. It soe bygel. nijsgjirrig wêze om nei to gean op hokfor punten literatuertheory en arketektuertheory mekoar reitsje. Dy punten binne der fêst. Yn myn studytiid ha ik sels nochris in kear in foarbyld fan dramatyske arketektuer opsykje moatten en neffens it bitinken fan de dosint hie ik dy ek