Eppie Dam
Sunder semint op 'e steigers
De Hear Jarich Boersma út Súdhorn heart regelmjittich by de ynstjûrders fan kopij foar ‘Trotwaer’. Op himsels soe de redaksje fan ús literair tydskrift dêr wiis mei wêze moatte. Mar it is suver sa fier dat wy der healwiis fan wurde. De stientsjes dy't Boersma bydraecht oan de opbou fan ús blêd, hawwe trochstrings in arketektonysk karakter. Nou binne wy der alhiel net fiis fan. Binammen as Boersma as útgongspunt nimt de relaesje tusken boukunsten literaire kunst bisprekke to wollen, dan sizze wy fuort ja. It is allinne spitich dat Boersma, giet er hjir ienkear (sic) mei to set, it wurk by de hannen om 'en ôfbrekt.
Wie it Boersma slagge en siz in pear konkrete dingen oer in mooglike dwersbalke tusken de pylders arketektuer en literatuer, dan hie de lêzer nou grif syn bydragen al ûnder eagen hawwe kind. It wurk fan Boersma is lykwols babeltuorkebouwerij: de ein is der fan wei en it smyt neat op. It tsjûget fan in lange, lege, drege spraekbitizing, konsintrearre yn ien persoan.
Nou't wy dan lang om let dit stikje as tichelwurk opnommen hawwe, woene wy dit al even kwyt.
Sawol konstruktive - as destruktive bydragen op dit mêd bliuwe fansels tige wolkom. Boud en brutsen moat der wurde. Hwat dat oanbilanget stiet earderneamde relaesje as in peal!