Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 314]
| |
Tichelwurk
| |
[pagina 315]
| |
Dit is dan dy ‘persoanlike oanfal... op myn maet Piter Boersma’ dêr't ús oare Piter it oer hat. De ‘sakelike’ arguminten dy't disse rigels wjerlizze moatte binne de folgjende: 1) Smit is ‘út it museum fan âldheitkunde weihelle’ troch de Trotwaerredaksje - mei oare wudden: Smit is in âdman dy't der mar wat op los eamelt inkeld fanwegen it feit dat it jongste der ô is; 2) de skriuwer fan De Reis fan Labot is in maat fan Piter Yedema: ‘de auteur, myn maet Piter Boersma’; 3) neffens Yedema is de haadpersoan inkeld it ‘ûnskuldich produkt fan de forbyldingskrêft’ fan de skriuwer, Piter Boersma. By Trotwaer binne dat gjin arguminten, mar bij HJIR sa te sjen ál. De easte twa punten binne mij fierder de muoite fan it praat net wuddich, fan it tredde kin ik allinne sizze dat it in miening is oer Labot, dy't net beargumintearre is. It is spitich dat Yedema dus net fierder komt as syn miening tsjin dy fan Smit oer te setten. Dat wie dan de wjerlizzing fan in persoanlike oanfal, mar wie it wol in persoanlike oanfal? Ik persoanlik lês út de boppe oanhelle rigels allinne dat Smit in miening hat oer de persoan Labot, dat is alles. Yedema hat in oare miening oer Labot. Dat kin fansels. Mar hy skynt boppedat noch te tinken dat in negative miening oer in haadpersoan en dy syn karakter ek automatysk in negative miening ynhâdt oer de skriuwer Piter Boersma. Teminsten, oars kin ik mij Yedema syn brimstigens net begripe. Hij liket lykwols nette beseffen dat oer in kloat fan in fint noch bêst in goed boek skreaun wudde kin. At er it besprek fan Smit goed lêzen hie, hie er sjen moatten dat bij einsluten de krityk de útwurking fan de persoan Labot yn it boek gouw, en net it karakter fan Labot op himsels - al hâdt in besprekker fansels altyd it rjocht in hekel oan beskate karakters te hawwen. Smit seit ommes mei safolle wudden dat it him net slagge is ‘ûnderlizzende bitsjuttingen’ op it spoar te kommen, ‘hegere, symboalyske bitsjuttingen’ wolle har net priis jaan (s. 53), en foar dy konklúzjes jouwt er op s. 54 noch in stikmannich arguminten ek. Sjoch, at Piter Yedema echt wat wollen hie, dan hie er net disse keutel yn 'e latrine falle litten, mar dan hie er mei wier saaklike arguminten Smit syn besprek bestride moatten. En dat docht er net. Dat docht er ek net at er seit dat it deftige ‘onanearjen’ en it wat minder deftige ‘neuken’ troch de skriuwer mei sin brûkt wudde om ferskillen yn ‘weardeskael’ fan de haadpersoanen oan te tsjutten. Smit hat de funksjonaliteit fan de ûnderskate graden fan deftigens net fine kinnen (s. 53). Yedema al, seit er, mar hij ferjit wol even dat wier te meitsjen, en sa binne wij noch like fier. At dit de rjochting is dêr't de rubryk Inelatrine him yn ûntjaan sil, dan mei ik alle kearen dat HJIR bij mij troch de brievebus rûgelt de ruten wol sa fier mooglik iepensmite Arguminten komme net op tafel, oare, ûnsmaakliker dingen wol. No, lêzers fan HJIR, yt der mar lekker fan. Piter en syn ‘maten’ soargje om 'e twa moanne foar nije hapkes. |
|